CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.3 - Fragen FNP - Regiodeal Holwerd oan see

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 28 november 2024, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)208 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 28 novimber 2024 Underwerp: Regiodeal Holwerd oan see Achte kolleezje, Hjir en dêr fernimme wy fanút de Media dat de stekker út it projekt ‘Holwerd oan see’ lutsen is. Juster 27 novimber hawwe de Provinsjale Steaten it beslút nommen om te stopjen mei dit projekt. Hjirmei is neffens ús it ferhaal ‘Howerd oan see’ út. De FNP hat hjiroer in tal fragen: 1. Bestiet it plan ‘Holwerd oan See’ noch foar it kolleezje? 2. 11 desimber is der in oerlis mei de ANNO partners, de stifting Holwerd oan see, de profinsje en it ryk. Fynt ús koleezje ek dat de stifting gjin posysje mear hat binnen dat oerlis sjoen it unanime beslút om te stopjen mei Holwerd oan See yn de stjoergroep fan 12 juni 2024, mei ek de ynstemming fan de stifting? 3. Juster hat de Provinsjale Steaten ek it beslút nommen dat de Stifting Holwerd oan See gjin preferente posysje mear hawwe mei in mooglik ferfolch. Stipet us koleezje dizze koers? 4. Wat betsjut it beslút fan de Steaten (27-11-2024) om te stopjen mei it projekt Holwerd oan See foar de ferdieling fan de budzjetten binnen de ANNO regio?

Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Alex Nijboer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=1b54a107-89f5-4e75-9ec4-067d94126709