Document · PDF
3.3 - Fragen FNP - Evenemintekalinder
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 12 oktober 2023 Underwerp: Evenemintekalinder Achte kolleezje, Yn it Iepen Poadium fan 14 septimber 2023 hat de FNP in tal fan fragen steld oangeande it nije evenemintebelied 2023-2027. De antwurden wiene helder en we krigen in goed byld fan it nije belied. De FNP hat doe ek fragen steld oer de evenemintekalinder. Benammen omdat we der in grutte mearwearde ynsjogge. It nije belied jout oan op side 10: “De evenementenkalender wordt als dynamisch document op de website van de gemeente geplaatst.” Fraach: Wannear kinne wy dit dynamyske dokumint ferwachtsje op ‘e webstek fan de gemeente? Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Frou Soepboer