CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.3 - Fragen FNP - Brêge Skûlenboarch

RAAD IT BESLUT 3 september 2026, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend) - 19:40184 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum: 3 septimber 2026 Underwerp: Brêge Skûlenboarch Achte kolleezje, Ynlieding De brêge fan Skûlenboarch hat de lêste tiid in soad yn it nijs west. De brêge is goed 75 jier âld en is oan ferfanging ta. Tagelikertiid moat Rykswettersteat besunigje. De FNP makket him soargen oer it feit dat de brêge net yn it mearjierrenprogram foar ynfrastruktuer (MIRT) fan Rykswettersteat opnaam is. Foar it ein fan dit jier moat der in beslút oer de brêge falle. Boarne: Afsprakenlijst MIRT – Bestuurlijke Overleggen MIRT januari 2026, side 61 It fernuveret de FNP dat de opsje fan it net ferfangen fan de brêge noch altiten op tafel leit. Fragen Underskriuwt it kolleezje de wichtige rol dy ‘t de brêge spilet foar de lokale mienskip en de bredere regio en it belang fan it behâld fan de brêge? Kin it kolleezje oanjaan hokker ynspanningen it op dit stuit ferrjochtet om it Ministearje / Rykswettersteat op oare gedachten te bringen? Kin it kolleezje oanjaan wat de stân fan saken fan de lobby op dit stuit no is? Út namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Tjerk Buma

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://tytsjerksteradiel.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/f6abec38-6dd2-432b-9425-636461ce3031?agendaItemId=c20cdaef-7558-444e-9924-c13c2477bfd4