CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.3 - Fragen CDA - Brêge Eastermar

RAAD IT BESLUT 9 oktober 2025, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)215 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 9 oktober 2025 Underwerp: Brêge Eastermar Achte kolleezje, Juster wie ik foar in oar ûnderwerp efkes oanwêzich by de bestjoersgearkomste fan Doarpsbelang Eastermar. Yn it kader fan “no’t we der dochs binne” dielde it bestjoer in tal soarchpunten, ûnder oaren oer de brêgen fan sawol Eastermar as Skûlenboarch. Foaral oangeande de brêge fan Eastermar binne der soarchen: • De ôfrûne simmer hawwe der in soad storingen west, wat de berikberheid fan Eastermar yn it gedrang brocht hat. • Der binne al jierren soarchen oer de ferkearsfeiligens by de brêge, benammen foar skoalbern en fytsers. • No’t de ferantwurdlike wethâlder foar dit dossier de boat nei Amelân nommen hat, freeget doarpsbelang har ôf oft dit dossier noch wol de oandacht en prioriteit krijt dy’t it fertsjinnet. (Us fraksje kin sich fansels ek goed foarstelle dat der earst in nije wethâlder komme moat en dernei de portefeuilles nog ferdield wurde moatte) Fraach: Kin it kolleezje foar de begruttingsbehanneling in koarte statusupdate jaan oer: 1. de steat fan ûnderhâld en de planning fan wurksumheden oan de brêge; 2. de betrouberheid en ferkearsfeiligens by de brêge, benammen foar fytsers en skoalbern; en dizze yn de foarm fan in memo oan de ried stjoere?

Ut namme fan de CDA-fraksje Tytsjerksteradiel, Jan Willem Sietsma

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=8212cb43-fa53-499d-b238-1ad08602e4dc