3.3 - Fraach CDA - Fytspaad Swarte Wei Eastermar
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 18-12-2025 Underwerp: Fytspaad Swarte Wei Eastermar Achte kolleezje, No mear as in jier is in ynwenner fan Eastermar yn petear mei de gemeente oangeande de feiligens fan it fytspaad lâns de Swarte Wei oer û.o. ferljochting, ôfwettering en it ûntbrekken fan wyte strepen. Dizze ynwenner is in tiid lyn ûnderút gien mei de fyts en hat derby holleletsel oprûn. Lokkich is dat goed ôfrûn mar de skrik sit der fansels nog yn. In pear wiken lyn binne der yn oerlis mei de ambtner wyte strepen set op it fytspaad dus dat is moai! Mar seker yn dizze hjerstperioade mei in soad wetter en blêden bliuwt dit in gefaarlik en donker fytspaad. Wat de ôfwettering oanbelanget wie der fanút de gemeente de reaksje yn de fixi-app sa as te lêzen en te sjen op it skerm. It is dus al langer in weromkommend probleem. Fragen: - Is dit weromkommend probleem bekend by it kolleezje? - Kin der in oplossing fûn wurde foar it probleem mei de ôfwettering? - Is it mooglik dat der in oantal lantearnpeallen pleatst wurde, bygelyks op plakken wer no ek peallen steane by de njonkenlizzende dyk? Ut namme fan de CDA-fraksje Tytsjerksteradiel, Jan Willem Sietsma