3.2 - Fragen FNP - Klimaatbestindigens
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 29 febrewaris 2024 Underwerp: Klimaatbestindigens Achte kolleezje, De gemeente hat yn it ferline stappen ûndernaam, yn de ynfrastruktuer, om klimaatbestindich te wurden en dêrmei de ympakt fan klimaatferoaring te ferminderjen. De FNP fraksje sjocht in grutte mearwearde fan it ymplementearjen fan sa 'n ynfrastruktuer by it kreëarjen fan in duorsume maatskippij. Wy hawwe koartlyn ekstreem lang en in soad rein hân. De FNP fraksje hat konstatearje kinnen dat der op in oantal punten yn de gemeente in dúdlik waarnimbere ferbettering is. Dan tinke wy oan it rioel mar ek oan minder skea oan diken en berms. 1. Kin it kolleezje oanjaan oft dizze konstatearring reëel is? Faaks binne der noch punten fan omtinken. 2. Kin it kolleezje oanjaan dat der noch tûkelteammen binne?
Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Frou Soepboer