3.2 - Fragen FNP - Fersekering foar fersierde weinen, optochten
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 23 febrewaris 2023 Underwerp: Fersekering foar fersierde weinen, optochten Achte kolleezje, Dizze wike kaam yn it nijs dat ferskate doapren yn Fryslân ophâlde mei de optochten, omdat der hieltiid mear soarch is oer in tanimmend tal regels. Foar de FNP is ús kultuer in wichtige en libbene saak dy 't makke wurdt troch minsken en mienskippen dy 't mei-inoar gearwurkje, dy 't mei-inoar yn ferbining steane. Wy sjogge kultuer yn ús deistich libben sûnder dat wy dat altyd troch hawwe. Us kultuer beynfloedet ús sport, ús erfgoed, ús ekonomy en ús wize fan libjen. It bringt minsken byinoar en yn petear. Op it mêd fan kultuer sil der in kar makke wurde moatte u.o. foar wat de fersierde weinen / optochten oangiet. Foar wa is u.o. de WA-fersekering foar fersierde weinen/optochten? * Jo binne eigener fan in trekker of (fracht-)wein dy ’t as versierde wein of as trekker fan in versierde wein brûkt wurdt. * Jo bouwe sels in versierde wein. * Jo bouwe tegearre mei jo freonen in versierde wein * Jo organisearje as karnavalsferiening in optocht fan fersierde weinen. en dan is der noch in rezjimint regels en betingsten. Fragen: 1. Is it mooglik om fia de gemeente in kollektive fersekering ôf te sluten? 2. Help te bieden troch bygelyks in ienfâldiger administrative oanfraach yn te tsjinjen fia of troch de gemeente? 3.
En oars op te arbeidzjen mei de Provinsje en/of oare gemeenten yn Fryslân? (net elkenien hoecht it tsjil opnij út te finen)
Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel,
Tjikke Krijgsman