CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.2 - Fragen FNP - Archyf

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 18 april 2024, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)168 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 18 april 2024 Underwerp: Archyf Achte kolleezje, Moandei 8 april 2024 hat, yn Snits, de sechsde BFTK (Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer) west. 18 miljoen is der beskikber steld, foar ferskate saken op it mêd fan taal en kultuer. Tresoar falt bûten de boat. Fan 2026 ôf is harren finansiering ûnwis. It Ryk wol it Fryske argyf Tresoar noch hieltyd ôfstjitte. Yntusken giet de pilot fan de gemeente, oangeande it Argyf, syn lêste moanne yn en hawwe der ek al in tal fan evaluaasjemominten west. Alles byinoar bringt my de folgjende fragen: 1. Is it kolleezje op de hichte fan de ûnwisse takomst fan Tresoar? 2. Nimt it kolleezje alle opsjes mei yn harren evaluaasje? (En by opsje tinke wy oan: it bliuwen fan Tresoar mei wierskynlik finansjele konsekwinsjes, of it opgean fan Tresoar yn in gruttere organisaasje) 3. Kin it kolleezje ús ek oanjaan wannear ’t wy de ein-evaluaasje krije sille?

Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Frou Soepboer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=005a3fff-19aa-45cc-be17-ffd188c65171