3.2 - Fragen CDA - Kultuersubsydzje Het Achterland
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 9 oktober 2025 Underwerp: Kultuersubsydzje Het Achterland Achte kolleezje, Foarige wike ha we as ried mei in oantal riedsleden op wurkbesite west by Het Achterland yn Burgum. Het Achterland is in wichtige kulturele en maatskiplike organisaasje foar bern en jongerein yn ús regio. Sy biede in kreatief brûsplak dêr’t jongeren harren ûntwikkelje kinne – fan film en muzyk oant technyk en ûntwerp. Kultuer wurd hjir ferbûn oan jeugdsoarch, previnsje en ferbyning. Prachtig foarbyld fan Bloeizone Tytsjerksteradiel wat ús fraksje oanbelanget. Mar der wienen ek soarchen. Mei it each op de nije kultuernota fan de provinsje en it fuortfallen fan de strukturele subsydzje per 2026, stiet it bestean fan Het Achterland ûnder druk. Fraach: Dielt it kolleezje de miening dat in ynstelling as Het Achterland in wichtige bydrage leveret oan de kultuerele ferbyning fan ús Jeugd, en de byfangst fan previnsje fan jeugdsorg yn ús gemeente, en is it kolleezje ree om dit sinjaal ek aktyf oer te bringen oan de provinsje? Fraach en oprop oan de ried: Wolle jimme de steatenfraksjes fan mei namme FNP, BBB, VVD en it CDA oproppe om de kultuersubsydzje foar Het Achterland alsnog ta te kennen foar 2026? (Ik wol der nammens de ried wol in foarset foar jaan)
Ut namme fan de CDA-fraksje Tytsjerksteradiel, Jan Willem Sietsma