CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.2 - Fraach mefr. L. Westerdijk (CDA) oer ûndersyk skoaladvys eintoets learlingen groep 8

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 22 april 2021, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Vragenhalfuurtje (informerend)345 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Van: Lamina Westerdijk CDA Verzonden: donderdag 15 april 2021 18:03 Aan: Griffie Tytsjerksteradiel <griffie@t-diel.nl> Onderwerp: Foar it fragenhealoerke Der stie in stik yn de Volkskrante oer in ûndersyk nei de gegevens fan omtrint alle Nederlânske learlingen dy’t tusken it jier 2015 en 2019 de eintoets yn groep 8 makke hawwe. (It is te besjen op www.kansenkaart.nl) Fierders hawwe de ûndersikers it definitive advys dat dizze learlingen krigen hawwe, fergelike mei it skoaladvys. As de eintoets fan in bern heger is dan it skoaladvys, kin it skoaladvys bysteld wurde dat liedend is foar de tagong nei it fuortset ûnderwiis. Hjir komt by dat it ek befêstige wurdt troch de ynspeksje fan ûnderwiis yn it rapport staat van het onderwijs 2021 dat der yn it jier 2020 gjin eintoets plakfûn hat yn groep 8, en dêrom is it skoaladvys ek net bysteld wurden. It fergruttet noch mear de kânsenûngelikens foar bern. In eintoets moat as twadde objektive ynstrumint alle learlingen gelike kânsen biede by it skoaladvys. Dêr komt noch by dat op it plattelân hast ien op de trije bern fan relatyf earme âlders in leger skoaladvys kriget dan dat de eintoets oanjout. Ús fraksje hat ris besjoen op de side www.scholenopdekaart.nl wat it bygelyks ynhâldt foar de skoallen yn ús gemeente.

Sitte de âld-learlingen fan de basisskoallen fan t-diel yn it fuortset ûnderwiis boppe, ûnder it niveau fan it skoaladvys of wie it skoaladvys fan de basisskoalle presys goed? It docht bliken dat der grutte ferskillen binne tusken de skoallen ek yn ús gemeente. It kin grutte gefolgen hawwe foar de takomst foar bern. Fraach oan it kolleezje: Is it kolleezje op de hichte fan betiden de grutte ferskillen tusken de skoallen yn ús gemeente as it giet om boppe- en ûnder advisearing fan de skoallen as it giet om de tagong nei it fuortset ûnderwiis? Wat kin ús gemeente dwaan oan de gelikense kânsen foar de bern yn ús gemeente ? Lêzen op: www.kansenkaart.nl www.scholenopdekaart.nl De staat van het onderwijs 2021

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=61f2acc4-693a-497f-bed4-020b7f97d5cb