CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.2 - Fraach FNP - Kompinsaasje enerzjyrekken

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 21 april 2022, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Vragenhalfuurtje (informerend)216 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere fan 21 april 2022

Underwerp: kompinsaasje enerzjyrekken Maatregel: it beskikber stellen fan €150 miljoen foar gemeenten om enerzjy-earmoede oan te pakken Boppe op de fermindering enerzy-belêsting, is der foar húshâldens mei in ynkommen opof lykas krekt boppe it sosjaal minimum fanút de gemeente in ienmalige temjittekomming beskikber ta stipe fan it beteljen fan de enerzjyrekken. In ienmalige temjittekomming fan €800 foar húshâldens dy’t op-of krekt boppe it sosjaal minimum sitte kwa ynkommen. Gemeente Tytsjerksteradiel hat op harren hiemside wat stean oer de ienmalige temjittekomming fan €800,- foar húshâldens op- of krekt boppe it sosjaal minimum. De gemeente Tytsjerksteradiel is op dit momint yn ôfwachting fan mear dúdlikens fan it Ryk oer de betelling fan dizze taslach. De ienmalige enerzjytaslag kin dêrom noch net oanfrege wurde. (Steatssekretaris Carola Schouten hat út namme fan it Ryk hjir hiel helder oer west, gemeenten kinne útkeare en by te min jild past it Ryk by.) Vraag 1. Yn oare gemeenten ûntfange minima ein maart al €800 kompinsaasje om't hja de enerzjyrekken net betelje kinne. Dit klinkt de FNP as in goed plan. Wat belet ús gemeente om dit foarbyld te folgjen? Want better foarkomme dan genezen efterôf, want skulden rinne samar op. Ut namme fan de FNP Tytsjerksteradiel, Freddy de Haan

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=c6699407-e3b0-421d-b28d-c664f6d14c29