CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.2 - Fraach CDA - Agricycling

RAAD IT BESLUT 18 december 2025, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)193 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 18-12-2025 Underwerp: Agricycling Achte kolleezje, In pear moanne lyn hat ús fraksje yn petear west mei de Noardlike Fryske Wâlden yn it ramt fan de tarieding op ús ferkiezingsprogramma. Ien fan de ûnderwerpen dy’t dêrby oan ‘e oarder kaam is de saneamde Agricycling. Koartlyn hie ik ek in petear mei in agrarysk ûndernimmer út Ryptsjerk, dy’t nijsgjirrige ideeën hie oer in mooglike gearwurking tusken boeren en de gemeente op dit terrein, mar ek de fraach hie hoe dit hannen en fuotten te jaan. Ut de mienskip komt dus de fraach fan boeren dy’t graach gearwurkje wolle mei de gemeente oangeande Agricycling: it sluten fan lokale grienkringlopen troch bygelyks bokashi of kompost út grienôffal (bygelyks bermgrien, snoeisel of blêdmateriaal) Fraach Sjocht it kolleezje kânsen om yn Tytsjerksteradiel – lykas dat bygelyks yn de gemeente Dantumadiel al bart – te starten mei in (pilot) projekt op it mêd fan Agricycling, sadat wy as gemeente de kombinaasje fan duorsum grienbehear en kringlooplânbou stimulearje? En sa ja, wat soe neffens it kolleezje in logyske earste stap wêze kinne? Ut namme fan de CDA-fraksje Tytsjerksteradiel, Jan Willem Sietsma

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=073a8074-5b5f-42ae-846a-5e61b09c9118