3 - 1b - Profylskets - Noflik eigenwize boargemaster socht
Tekst van het document
Noflik eigenwize boargemaster socht profylskets
Us DNA ‘Smûk skaadzjend beamtegrien, wetterweagen, âlde grandeur en minsken dy’t wat wolle en kinne.’ Dat komt jin yn ‘t sin as jo tinke oan Tytsjerksteradiel. In namme dy’t yn bestjoerlik Fryslân al iuwenlang bekend stiet as gritenij. Mei mear as 32.000 ynwenners, dy’t yn 17 doarpen en buorskippen wenje. It gebiet rint fan de Dokkumer Ie oant De Leien en fan nasjonaal park De Alde Feanen oant Kûkherne. De grûn bestiet út klaai, (leech)fean en sân. Mei Dokkum, Ljouwert, Drachten en Grins yn ‘e buert. Us gemeente is alsidich, ferrassend en ferbûn, al iuwen. Hoe âld de gemeente as ienheid ek is, sy hat net stilstien. Alde ferbiningen binne feroare, fernijd, soms ferdwûn of opnij makke. Wy binne in Fryske plattelânsgemeente mei stedske skaaimerken en doarpse gemoedlikens. De âlde ferbiningen wurde ferrike mei forinzen, nije Nederlanners en ynfloeden dy’t de wrâld feroarje. Yn ús gemeente wenje en wurkje in protte ûndernimmers en boeren en wy hawwe in aktyf bedriuwsklimaat. Lykas hiel Fryslân hat de gemeente sterke maatskiplike struktueren dy’t nettsjinsteande maatskiplike feroarings oerein bliuwe. De buertapps, de doarpskwissen, dêr’t elkenien wolkom is, binne fan wearde en wurde ek sa belibbe. In gemeente dêr’t ynwenners tradysjes fan grut belang achtsje.
De Fryske taal en identiteit meitsje dêr diel fan út. Wy hawwe in ryk kultureel en sportyf libben. De omjouwing nûget dêr ek ta út mei in oanbod oan fytspaden, romte en oantreklike hoareka en rekreaasje. Dat makket Tytsjerksteradiel en omkriten ta in oantreklik ferbliuwplak. De trochsnee ynwenner fan Tytsjerksteradiel bestiet net. Dochs is der by ynwenners en ûndernimmers mear of minder in drang om net passyf op feroarings en ûntjouwings te wachtsjen, mar sels de laaie yn’e hannen te nimmen. Yn de doarpen dogge wy de dingen graach mei-inoar. De mienskip soarget foar inoar, seit wolkom tsjin nije minsken en bout oan har eigen foarsjennings. De ferskate enerzjykoöperaasjes yn de gemeente binne dêr in foarbyld fan. Ek set de mienskip multyfunksjonele sintra, itensbosken, folkstunen en dielauto-projekten mei-inoar op. Om de feroaring sa foarm te jaan dat dy past by wat de mienskip foar eagen hat. Noflik eigenwiis!
As ik tink oan de nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel sjoch ik ien dy’t…
“Iepen is, sichtber foar de minsken, in goeie bestjoerder en ferbiner.”
in ynwenner
2
In betûfte bestjoerder mei ambysje en fyzje We sykje yn Tytsjerksteradiel in kundich bestjoerder dy’t ferbynt en ynspirearret. Hasto fyzje, in skerp ôfstelde antenne foar dyn omjouwing en in waarm klopjend hert foar ynwenners? Dan hawwe wy fjouwer opjeften foar dy.
1
Fyzje op ’e takomst
2
Boargemaster foar de mienskip
Wy binne grutsk op it foarútstribjende en ynklusive karakter fan ús gemeente. As boargemaster hast do in fyzje op de takomst fan Tytsjerksteradiel. Do ynspirearrest it kolleezje en de ried om de linen út te setten, de stip op de hoarizon te pleatsen en hast each foar it mienskiplike proses. Do oersjochst de lange termyn en stimulearrest fernijing. As boargemaster giest hjirfoar op paad, nimst minsken mei yn de fyzje en de plannen en stimulearrest dat elkenien meidocht. Mei it each op de takomst is it belangryk om te sykjen nei mooglikheden foar strategyske gearwurkingsferbannen.
As boargemaster bisto der foar alle ynwenners, se sjogge dy as dé boargemaster. Do litst dyn minsklike kant sjen en tagelyk bewarrest ek de ôfstân dy’t by it amt heart. De doar stiet foar elkenien iepen, do bist tagonklik, benaderber en oanwêzich by moaie en fertrietlike mominten. Do helpst de mienskip yn ús doarpen en buorskippen by it finen fan mooglikheden om projekten dy’t sy fan ûnderen ôf opbouwe foarinoar te krijen. Do ynvestearrest yn kontakten mei it ferieningslibben en maatskiplike organisaasjes. Do bist oanwêzich by eveneminten lykas it iepenloftspul en it fierljeppen en do boust in bân op mei ûndernimmers en bringst se mei-inoar yn’e kunde.
3
3
Foarlûker yn regionale gearwurking
4
Spulferdieler fan ried en kolleezje
Mei oare gemeenten yn de regio Noardeast-Fryslân, de provinsje en it Wetterskip is de Regio Deal sletten. Yn dy gearwurking wurkje wy oan brede wolfeart. Op dit stuit spilet ek de opset fan in nij programma: it Nationaal Programma Vitale Regio’s, dêr’t ús gemeente oan meidocht. As middelgrutte gemeente yn Fryslân wolle wy ús yn dit soarte fan gearwurkingen dúdlik posisjonearje. As boargemaster bist ús boechbyld en kreëarrest romte foar nije ûntwikkelingen. Nei de Provinsje, it Ryk en Europa bist in aktyf en oertsjûgjend netwurker foar ús gemeente.
As ried binne wy selsbewust en noflik eigenwiis, wy wolle wat te sizzen hawwe. Wy geane op ynhâld en yn goede harmony it debat mei-inoar oan. It riedsprogramma dat wy oer de perioade 2022 -2026 oerienkommen binne, helpt dêrby. Us boargemaster is der yn’e rol fan riedsfoarsitter ek echt foar de ried. Do liedst linich, mei fearkrêft en fleksibel it debat en bist dêrby de fleurige kant it neist. Der is romte foar in grap of in bespegeljende útweiding. Do fielst goed oan ast de rezjy wer pakke moatst, en dochst dat dan ek mei flair. Yn it kolleezje past do op de tiid en op de gearhing. Do joust romte oan de wethâlders, befoarderest de sfear en soargest derfoar dat jimme mei-inoar goed oerlis hawwe. It kolleezje spart graach oer de ynhâld en de foarsitter soarget foar in deugdlike beslútfoarming. Do soargest derfoar datst de dossiers ynhâldlik kenst. Do fielst goed oan wat eltse wethâlder nedich hat en stipest wêr’t dat winsklik is. As foarsitter fan ried én kolleezje bist op dyn iepenst wannear’st watfoar pet op hast. Do tinkst goed om de kwaliteit fan it demokratysk proses tegearre mei gemeentesekretaris en griffier. Foar de organisaasjeûntwikkeling bist in belutsen ynspirator. Yntegriteit hat hieltyd dyn oandacht.
As ik tink oan de nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel sjoch ik ien dy’t…
“Oprecht geeft om de inwoners en dit weet te vertalen naar beleid dat passend en betaalbaar is en waarin ruimte is voor alle signalen uit alle lagen van de bevolking.” in ynwenner
4
Iepenbiere oarder en feiligens Yn Tytsjerksteradiel geane we noflik meiinoar om. Dat ferwachtsje wy ek fan dy as boargemaster. Dochs hawwe wy ek te krijen mei tanimmende ferhurding fan de omgongsfoarmen rjochting it iepenbier bestjoer. Boppedat makket it grutte bûtengebiet ús gemeente gefoelich foar ûndermining en drugskriminaliteit. Dat freget opmerksumheid en stevichheid om te foarkommen dat ûndermining in plak krijt yn de mienskip. By ynsidinten bist trochtaastend en witst handich te balansearjen tusken previntyf en repressyf hanneljen. Nei wa’t him net oan’e spulregels hâldt, bist helder en dúdlik.
As ik tink oan de nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel sjoch ik ien dy’t…
“Belutsen is by de mienskip mar wol lieding jout en yngrypt wer it nedich is.”
in ynwenner
5
Yn it Frysk It Frysk is wichtich yn Tytsjerksteradiel, foar in protte ynwenners is it de memmetaal dêr’t se har it bêste yn uterje kinne. Yn winkels, op strjitte en faak ek yn gearkomsten kinst yn it Frysk oansprutsen wurde. Om dy yn ús gemeente maklik bewege te kinnen is behearsking fan de taal belangryk. Bisto gjin Fries? Dan ferwachstje wy datsto dy de Fryske taal op koarte termyn eigen makkest. En dan soe it in boppeslach wêze ast binnen twa jier it Frysk ek prate kinst. Wy helpe dy dêr by!
As ik tink oan de nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel sjoch ik ien dy’t…
“De gemeente op koers hâldt en soarget foar in goed bestjoer, mar wol mei de blik op de takomst.” in ynwenner
6
Dyn feardigens Fansels beskikst oer de basisfeardichheden foar it boargemastersamt: do bist ynteger, werkenber, ûnôfhinklik, stressbestindich en in brêgebouwer. Dêrneist bist yn alle gefallen: Belutsen en empatysk – Yn it kontakt mei ynwenners toanst oprjochte ynteresse foar wat harren dwaande hâld. Goed harkje en trochfreegje is dyn natuerlike wize fan hanneljen. Kommunikatyf – Do kommunisearrest maklik yn wikseljende omjouwings, mei hiel ferskillende minsken. Do kinst oer ferskate boegen sile sûnder dysels te ferliezen. Bestjoerlik sensityf en omjouwingsbewust – Do hast in sterke yntuysje foar wat der spilet, wat der by minsken libbet en foar wat nét sein wurdt. Yn it politike spul en yn de regio hast goed yn ’e gaten hoe’t de hazzen rinne. In ekstern ûntwikkelassessment kin ûnderdiel wêze fan de seleksjeproseduere.
7
Ynwenners oer de nije boargemaster Hokker type boargemaster hat de foarkar?
As ik tink oan de nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel sjoch ik ien dy’t …
19% Effisjinte Probleemoplosser
sichtber is
25% Trouwe Beskêrmer 34% Opteine Oanfierder 21% Krityske Coach
belutsen is
Opteine oanfierders skaaimerke harren troch it opsykjen fan’e grinzen. Sterker noch, ûnderweis sykje se dy grinzen rêstich op is dat nedich is. Se sjogge nei de takomst, binne net benaud foar feroaring en belûke oaren graach by harren plannen.
krêftdiedich is
Hokker eigenskippen fine ynwenners wichtich oan in nije boargemaster?
45%
21%
útdagingen fan de takomst
16%
neutraal
34% útdagingen fan hjoed
17%
67%
bliuwt saaklik neutraal
toant gefoelens
29%
18%
bestjoerder
neutraal
53% boargerheit/-mem
12%
18%
70%
formeel
neutraal
net formeel
It folseine ûndersyksrapport fan de ynwennerskonsultaasje is yn te sjen op: www.t-diel.nl/burgemeestergezocht
8