CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.1 - Fragen FNP - Glêsfezel

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 23 november 2023, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Vragenhalfuurtje (informerend)222 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 23 novimber 2023 Underwerp: Glêsfezel Achte kolleezje,

De ôfrûne moannen is yn Tytsjerksteradiel in glêsfezel oansluting oanlein. No hawwe wy lêze kinnen dat der in 2de kabel oanbieder in glêsfezel kabel oanlizze sil. Wer de strjitte iepen, by guon wer de tún iepen. By neifreegjen docht bliken dat elke glêsfezel kabeloanbieder in oansluting oanbiede mei. En dat elke glêsfezel kabeloanbieder opnij de strjitte en stoepe iepen lûke mei om syn kabel der del te lizzen. De fraksje fan de FNP hat hjiroer in oantal fragen: 1. Kin de gemeente ynventarisearje hokker glêsfezel kabeloanbieders allegearre yn Tytsjerksteradiel harren kabel oanbiede wolle? 2. Is it ek moglik dat dizze glêsfezel kabeloanbieders gearwurkje? Dit is sa wol in hiel soad ûnnedich wurk mei alle mooglike gefolgen fan fersakking ensa. Derneist is it foar de mienskip ek, faker dan nedich, in soad oerles. 3. En wa is der yn de takomst ferantwurdlik foar de oprûne skea? Glêsfezel kabeloanbieder 1, 2, of 3? Miskien wol 4. 4. Dêr wêr der gjin kontakt west hat tusken de oannimmer en hûs eigener, mei de glêsfezel kabeloanbieder dêr dochs net samar yn 'e tún in kabel lizze, mei dy 't er foar dat hûs yn gedachten hat? Koartsein kin dit net oars gemeente Tytsjerksteradiel.

Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Freddy de Haan

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=cade22cb-6ff3-4c2a-88da-84a36f61aa64