CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.1 - Fragen FNP - Ferfanging plaknammebuorden Tytsjerksteradiel

RAAD IT BESLUT 26 november 2026, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend) - 19:40268 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 26 novimber 2026 Underwerp: Ferfanging plaknammebuorden Tytsjerksteradiel Achte kolleezje, Op 23 oktober 1986 is troch de Ried fan ús gemeente besletten dat fan dat momint ôf de gemeentenamme, de plaknammen en de ferskate útbuorren yn de gemeente Tytsjerksteradiel offisjeel yn it Frysk fêststeld waarden. Der waard foarsjoen yn in oergongsperiode fan fiif jier oant 1 jannewaris 1992 weryn de Fryske en de Nederlânske namme noch neist inoar brûkt wurde koene. No, fjirtich jier (!) letter, sjogge wy in wikseljend en net ienriedich byld wat ús plaknambuorden oanbelanget. In soad buorden binne noch (of op ‘e nij?) twatalich. Sommige buorden binne wol ientalich Frysk, lykas Eastermar, Feanwâldsterwâl en Skûlenboarch. Oare buorden binne noch twatalich mar ynwenners hawwe de Nederlânsktalige namme yn mear of minder fiergeande mate trochhelle of weimakke. En litte wy earlik wêze: wa hat der ek wat mei nammen as Suameer, Molenend, Rijperkerk en Eestrum? Dat moat fansels Sumar, Mûnein, Ryptsjerk en Jistrum wêze. Yn it deistich libben, yn navigaasje software en online binne de offisjele plaknammen al lang Frysk ynfierd en ynburgere. Dit bringt ús op de folgjende fragen: 1. Wêrom is it noch altiten net sa dat ús plaknammebuorden ientalich Frysk binne sa as earder troch de Ried útsprutsen en oannaam? 2.

Is it kolleezje it mei de FNP iens dat it net kin dat it trochfieren fan earderneamd riedsbeslút sa lang duorje moat? 3. Hokker belied hantearret de gemeente by de ferfanging fan de buorden? 4. Wol it kolleezje it ferfangen fan plaknammebuorden troch ientalich Fryske eksimplaren mei faasje oppakke? Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Tjerk Buma

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://tytsjerksteradiel.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/a13c5f90-b5db-460f-bcc7-fc6d06e2e50a?agendaItemId=2099c0c0-38c6-4c66-bf58-1c36628839b6