CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.1 - Fragen dhr. A. Nijboer (FNP) - Ferkearsfeiligens yn Burgum

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 15 september 2022, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Vragenhalfuurtje (informerend)317 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 15 september 2022 Underwerp: Ferkearsfeiligens yn Burgum Achte kolleezje, De FNP-fraksje makket har grutte soargen oer de fekearsfeiligens yn Burgum. Op tal fan plakken is de situaasje soarchlik. Dêrom hawwe wy de folgjende fragen: 1. Van Sminiaplein: Hjir is it in wirwar fan buorden. Fanút it súden wurdt de snelheid oanjûn mei 30 km buorden. In stel giele buorden soargje der foar dat it boerd ‘WOONERF’ amper te sjen is. De gefolgen binne dat it ferkear en kuierders net witte wat se moatte. Fraach: Wat is hjir oan te dwaan? 2. Hornstrasingel\ Kwekerstrjitte: Troch it wurk oan de Raadhuisweg is it ferkear op beide wegen swier tanommen. Op de mei brigadiers besette oerstekplakken is it somtiiden link om oer te stekken. De blauwe buordsjes dy’t disse plakken oanjouwe binne troch it wirwar fan giele omliedingsbuorden hast net te sjen. Fraach: Kin hjir maatregelen troffen wurde om de bern en brigadiers better te beskermjen? 3. Markt: De Markt is foar it ferkear in wengebied en jilde de derfoar jildende ferkearsregels. Op dit stuit hat it mear fan in racecircuit. Benammen jûns wurde de rigels oan alle kanten skeint. Oan de JUMBO kant wurd fanôf de autoboksen mei in sa grut mooglike faasje rjochting de JUMBO gien en dan dêr yn ‘e ankers. Moterlawaai en piipjende bannen ta gefolch.

Bewennners fan wenten en bewenners fan de Talant wenten doare jûns de doar net mear út. Oan de Plusmarkt kant fleane de skooters en elektryske fytsen mei grutte faasje de pasaazje troch. Minsken dy’t yn de pasaazje op it terras sitte, wurde benei de fiters út de skuon riden. Op it grutte parkearterrein wurde racewedstriiden hâlden mei de nedige oerlêst. Foar bewenners fan de Markt is de oerlêst net út te stean. Fraach: Kin hjir mei faasje in oplossing foar socht wurde? Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Alex Nijboer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=a0e44134-f133-4a64-b7da-8992c8dff1a8