3.1 - Fraach FNP - Feiligens oan de Merk yn Burgum
Tekst van het document
Fragen foar it fragehealoere Datum riedsgearkomste: 22 jannewaris 2026 Underwerp: Feiligens oan de Merk yn Burgum Achte kolleezje, Op 22 jannewaris 2026 makke Omrop Fryslân bekend dat der hûnderten plakken yn Fryslân binne dêr’t froulju har net feilich fiele. Yn ús gemeente giet dat om Ryptsjerk, Noardburgum, Simmerdyk tusken Burgum en Hurdegaryp, Burgum (3x) en by Garyp. Dit ûndersyk is in ûnderdiel fan in grutter lanlik ûndersyk. Tûzenen froulju, mar ek manlju en minsken mei in oare genderidentiteit, ha reagearre. Yn Fryslân is 95% frou en yn Tytsjerksteradiel is dat 100%. Wy wolle ús rjochtsje op 1 punt yn Burgum en dat is de Markt. Dermei wolle we de oare meldingen net tekoart dwaan, dizzen kin ek meinom wurde yn ús tredde fraach. Neist dizze melding op Omrop Fryslân krige ús fraksje ek fragen fan de omwenners. Sy jouwe oan dat se har soargen meitsje oer de feiligens yn harren omjouwing. Fragen: 1. Hoe sjocht it kolleezje oan stjin de hjoeddeistige feiligenssituaasje oan de Markt? 2. Hokker stappen wurde op dit stuit set om it gefoel fan feiligens te ferbetterjen? Yn de gemeente Ljouwert is der sûnt 2024 in meldpunt strjityntimidaasje. 1. Hoe bringt de gemeente Tytsjerksteradiel op dit stuit ynsidinten yn kaart? 2. Hokker aksjes ûndernimt de gemeente om dizze sa neamde ‘hotspots’ feiliger te meitsjen?
Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Emmie Soepboer