CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

3.1 - Fraach FNP - Datalek by Omrin

RAAD IT BESLUT 27 november 2025, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Fragehealoerke (ynformearjend)195 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoere Datum riedsgearkomste: 27-11-2025 Underwerp: Datalek by Omrin Achte kolleezje, In pear wiken lyn is Omrin troffen troch in cyber oanfal wêrby gegevens yn ferkearde hannen kommen binne. Dizze oanfal is direkt fernommen en der binne maatregels troffen om fierdere escalatie foar te kommen. Gegevens fan ynwenners fan Skiermuontseach, eilander bedriuwen en eigeners rekreaasje wenningen binne ûnderdiel fan de oanfal. Op de webstee fan RTV Noard lêzen wy op 1-11-2025: “der rint in ûndersyk nei it data lek”. Gemeenten kinne yn ôfwachting fan de ûndersyksresultaten noch net sizze hokker gegevens eventueel lekt binne en wat hjirfan de oarsaak is. Fraach: 1. Is der al kontakt oer opnommen mei de Omrin, wêrom wol en wêrom net? 2. Wat is der op dit stuit bekend oer de útkomst fan it ûndersyk, en hokker belangrike ynsjoggen of konklúzjes kinne dêrút lutsen wurde? 3. Hoe wurdt de feilichheid en de beskerming fan ús persoans- en bedriuwsgegevens by Omrin garandearre, hokker technyske en organisaasjonele maatregels nimt it bedriuw om datalekken foar te kommen, en hoe foldocht Omrin oan jildende privacywetjouwing lykas de AVG? Ut namme fan de FNP-fraksje Tytsjerksteradiel, Freddy de Haan

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=db0bf2c7-0949-41ee-8899-05de1c3d1565