CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

22-421-B - Brief ynwenner - Fersyk om wurklistpunt bp Mûnein, Dr. Kijlstraweg 2 te ferskowen

RAAD IEPEN POADIUM (RAADZAAL) 17 november 2022, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Ongewijzigd vaststellen bestemmingsplan Mûnein, Dr. Kijlstraweg 2 (verplaatsen bouwvlak) (inhoudelijk)314 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Gemeenterie Tytsjerksteradiel B&W Tytsjerksteradiel Gemeentesiktaris Tytsjerksteradiel Dit brief giet oer: fersyk I.P. bestimmingsplan Mûnein Kw2 nei folgjende gearkomste te ferskowen Oentsjerk, 11 novimber 2022 Achte riedsleden, kolleezjeleden en gemeentesiktaris, Ut ‘e krante moat ik fernimme dat it punt “bestimmingsplan Mûnein Kylstrawei 2” op it Iepen Poadium fan 17 novimber 2022 oan ‘e oarder komt. Dêroer haw ik yn maaie in “zienswijze” yntsjinne, dy’t yn de stikken, haw ik fan gemeenteriedsleden begrepen, allinne gearfette wurdt. Mei de gearfetting bin ik net sa tefreden, want ik bin fan betinken, dat de praktyk wêze sil, dat der mear feroarje sil as allinne ferskowing: der sil mear gebrûk fan de nije bebouwing makke wurde. Dat is my ek befestige troch de behanneljend amtner. De myljeusitewaasje feroaret dus. De kearn fan de saak is, dat de gemeente ûnderwylst in stranger myljeubelied fiert en dat, nei myn betinken, dizze “ferpleatsing” dus yn it ramt fan in yntegraal myljeubelied besjoen wurde moat troch de rie. In soarchynstelling, mei foar de foarbygongers te rûken ôffalwetter (medisyngebrûk), dy’t net op it rioel oansletten is, is foar in gemeente yn dizze tiid net akseptabel, dêr moat de gemeente yn goed oerlis dúdlike maatregels nimme. Ynhâldlik haw ik neat fan de gemeente heard noch lêzen, foar’t ik yn de krante de wurklist fan it Iepen Poadium seach.

Om derfoar te pleitsjen dat der in yntegrale diskusje komt op basis fan aktuele myljeupolityk en reëel foarnommen gebrûksferoaring, soe ik wol graach de gelegenheid hawwe om foar de rie ta te ljochtsjen wêrom’t in prinsipiële diskusje nedich is by sokke besluten as dit. Ik kin spitigernôch net op de 17e novimber, en bin ek net yn ‘e gelegenheid om yn ‘e hite hei in wiidweidiger stik te skriuwen. Dêrom fersykje ik jimme om it punt te ferskowen nei de wurklist fan in folgjend Iepen Poadium. Mei freonlike groetnis, Bewenner dokter kylstrawei

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=b73f49d6-4936-47c5-b797-011e1c8cf154