21-136-A - Brief kolleezje oer aginderingsfersyk FNP - Gebruk Yndividiuele Behanneling ôffalwetter
Tekst van het document
Burgum, 24 novimber 2021
ons kenmerk : dossier : behandeld door : telefoonnummer : uw brief van : uw kenmerk : onderwerp :
Yke Visser 14 0511 Reaksje kolleezje
Achte FNP-fraksje, achte riedsleden, De FNP-fraksje hat in e-mail van Buurtvereniging Earnewald en Garyp agindearre foar de riedsgearkomst fan 25 novimber 2021 en in twatal technyske fragen stelt. It kolleezje beandert yn dizze brief de fragen en wol de ried derby ek ynformearje oer de reaksje, dy ’t de buertferiening krigen hat op harren fragen. It kolleezje hat hjiroer op 16 novimber 2021 in beslút naam. Dat hat de fragen fanút de ried krekt krúst. Fraach 1 Op hokker wize jout de gemeente Tytsjerksteradiel fan 1 july 2022 ôf (yngong Omjouwingswet), yn gearwurking mei de provinsje en it Wetterskip, ynfolling oan har soarchplicht oangeande de ferwurking fan smoarch wetter (spesifyk oangeande dy adressen sûnder oanslúting op it rioel)? Antwurd De ynfolling fan de gemeentlike soarchplicht stiet oanjûn yn it troch de ried fêststelde vGRP ‘Wettersoarch’. Op dit stuit jildt der in ûntheffing (fan provinsje) foar net beriolearde perselen yn it bûtegebiet. Dizze perselen hawwe in eigen foarsjenning yn de foarm fan in IBA of in beerput, ien en oar ôfhinklik fan it gebiet wêr’t sy sitte (hiel kwetsber/kwetsber/net kwetsber, frij ôfstreamend/net frij ôfstreamend). Eartiids is dizze kar makke op basis fan doelmjittigensôfwaging en krige de gemeente frijstelling as it de oanlis fan gemeentelike riolearing boppe in saneamd noarmbedrach útkaam.
Mei de komst fan de Omjouwingswet sil de untheffing fan dizze perselen ferfalle. Lykas oanjûn yn ús vGRP sille wy tegearre mei wetterskip Fryslân in nij ôfwagingskader opstelle wêryn wy oanjaan hoe oft wy mei dizze net beriolearde perselen omgean sille. De ynstek sil yn lijn mei de hjoeddeistige kaders wêze, nammentlik in doelmjittigens ôfwaging op maatskiplike kosten.
Postbus 3 | 9250 AA Burgum | Raadhuisweg 7 | tel 14 0511 | fax 0511 460 861 | gemeente@t-diel.nl | www.t-diel.nl
“ Mei niget eagje ik it lânskip oer: dit is it gea fan fearten, puollen, reiden, fan bûnt strewelleguod en wâldske greiden; hjir is gjin nee te keap yn ‘ e natoer”
Gemeenteried Tytsjerksteradiel Fraksje FNP
Fraach 2 It útstel fan de skriuwers fan de brief is om it ôfrinnende kontrakt te ferlingjen. Fraach: hoe stiet it kolleezje hjiryn? Antwurd Eigenaren fan perselen mei in IBA hawwe fan Wetterskip Fryslân – en dus net fan de gemeente - in brief hân dat de oerienkomst net ferlinge wurdt. De gemeente hat dêr ek in brief fan it Wetterskip oer krigen. Dizze brief is taheakke. It kolleezje hat de buertferiening witte litten dat de gemeente gjin partij is yn in mooglik nij ûnderhâldskontrakt. De gemeente is net ferantwurdlik foar IBA’s op partikuliere hiemen. De perseeleigener hat de soarchplicht om oan útwetteringseasken te foldwaan en is ferantwurdlik foar it ûnderhâld en goed wurkjen fan in IBA op syn hiem. In ûnderhâldskontrakt is dermei in privaatrechtelijke saak tusken in ûnderhâldspartij en de eigener fan de IBA. De antwurdmail fan 17 novimber 2021 is taheakke. Fan út de gemeenten is wol bot op oantrune is op ferlinging fan it ûnderhâldskontrakt troch it wetterskip. Wy hawwe Wetterskip Fryslân net op oare gedachten bringe kind. Dit is hiel spitich. As gemeenten, hiene wy it leaver oars sjoen, mar we kinne dit net ôftwinge. Wy ferwachtsje dat de fragen fan ‘e FNP-fraksje hjirmei beandere binne.
Mei freonlike groetnis, Kolleezje fan B&W Tytsjerksteradiel,
H.M. van Gils, sekretaris
-
1. Brief Wetterskip 28-08-2021 2. Antwurdmail 17-11-2021 3. Kolleezjebeslút 16-11-2021
drs. L.J. Gebben, boargemaster