21-136-A - Bijlage 3 by brief kolleezje oer aginderingsfersyk FNP - Kolleezjebeslut 16-11-2021
Tekst van het document
Advys Saaknûmer Stiknûmer datum amtner ôfdieling
Kolleezje fan B&W Tytsjerksteradiel Z2021-04094 S2021-27675 2 novimber 2021 TD - Beheer team Binnendienst
programma bylagen ja nee 1. Brief Overeenkomst IBA, 18-10-2021 2. Tekst antwurdmail 3. Brief wetterskip 27-8-2021 (WF-23167) 4. 5.
Portefúljehâlder T. Willemsma, 1-11-2021 Aspekten en ôfstimd finansjeel ôfstimd mei (namme)……………………… juridysk ôfstimd mei (namme)……………………… personiel ôfstimd mei (namme)……………………… oars ôfstimd mei belutsenens ried belutsenens û.r. partisipaasje
Underwerp Underhâld IBA Iepenbier / fertroulik Iepenbier Net aktyf Iepenbier Iepenbier, (sjoch taljochting side 3) iepenbier meitsje nei op grûn fan WOB artikel Beslút (datum) Foarlizzend advys (datum) Bylage (nrs ynfolje) Bylage (nrs ynfolje) Bylage (nrs ynfolje) Bylage (nrs ynfolje) Hokker bylagen befetsje persoansgegevens: nft Proseduere beslútfoarming Beslút leit foar by kolleezje Achtkarspelen likegoed as by kolleezje Tytsjerksteradiel ja nee Beslút liedt ta in begruttingswiziging / útstel kadernota ja nee Beslút nei behanneling foarlizze oan rieden ja ynformearjend / beslútfoarmjend d.d. Advys Te besluten om 1. Kennis te nimmen fan de brief (mei bylage) oer de (ûnderhâlds)oerienkomst foar IBA. 2. Fêst te stellen dat wy as gemeente gjin partij binne yn in mooglik nij ûnderhâldskontrakt. 3. In antwurdmail te stjoeren mei de tekst lykas taheakke Gearfetting fanwege de iepenbiere beslutelist / kommunikaasje nei organisaasje It kolleezje hat besluten dat de gemeente gjin partij is yn in mooglik nij ûnderhâldskontrakt foar IBA’s op partikuliere hiemen.
Beslut
Wurdt nei beslútfoarming ynfolle
Side 1 fan 3
Wat is de oanlieding Yn it projekt IBA’s yn Fryslân binne yn 2004/2005 ferskate IBA’s yn ús gemeente oanlein yn gearwurking mei Projectbureau IBA’s yn Fryslân (Wetterskip, provinsje, trettjin Fryske gemeenten en Vitens). Nei oanlis binne de IBA’s oerdroegen oan de perseel eigener, dy' t dêrmei ferantwurdlik binne foar de IBA. It ûnderhâld fan de IBA’s waard dien troch of yn opdracht fan Wetterskip Fryslân dy’t in ûnderhâldskontrakt hie mei in eksterne partij. Minsken dy’t self in IBA oanleinen hiene koenen ek oanslute by de ûnderhâldoerienkomst. It wetterskip hie op basis fan de oerienkomst in ûnderhâldsferpichting oant 1 jannewaris 2020. Ein augustus 2021 hat wetterskip Fryslân skriftlik witte litten dat it ûnderhâldskontrakt op 1 oktober 2021 einiget. Sawol de particulieren as de gemeente binne op de hichte stelt (brief oan de gemeente is taheakke). Nettsjinsteande dat der fan út de gemeenten bot op oantrune is op ferlinging fan it ûnderhâldskontrakt haw wy wetterskip Fryslân net op oare gedachten bringe kind. Dit is hiel spitich en wy, as gemeenten, hiene it leaver oars sjoen, mar kinne dat net ôftwinge. Der leit no in brief fan in buurtferiening yn Earnewâld dy’t útstelle om as buert in ûnderhâldskontrakt ôf te sluten (eins te ferlingjen) foar IBA’s Dit is fansels in prima inisjatyf mar as gemeente kinne binne wy dêr yn gjin partij.
Wat wolle wy berikke It soe moai wêze dat it ûnderhâldskotrakt foar de buurtferiening in ferfolch kriget en der in nij ûnderhâldskontrakt ôfsletten wurde kin. Wy moatte lykwols wol oanjaan en dúdlik meitsje dat de gemeente gjin partij is yn in mooglik nij ûnderhâldskontrakt. Wat binne de arguminten 1. Wy as gemeente binne net ferantwurdlik foar IBA’s op partikuliere hiemen. De perseeleigener hat de soarchplicht om oan útwetteringseasken te foldwaan en is ferantwurdlik foar it ûnderhâld en goed wurkjen fan in IBA op syn hiem. 2. In ûnderhâldskontrakt is in privaatrechtelijke saak tusken in ûnderhâlds partij en de eigener fan de IBA. Wat binne de alternativen De gemeente soe in oerienkomst oangean kinne mei de eigeners fan in IBA en op basis fan dy oerienkomst in kontrakt slute kinne mei in ûnderhâldspartij. Op basis fan de ‘Wet Markt en Overheid’ soe best wolris blike kinne dat dit net tastien is. Boppedat helje wy ús dan wol in hiele administraasje op de hals en binnen de hjoeddeistige formaasje is dat net út te fieren. Dêrnjonken is der op dit stuit net folle kennis yn de organisaasje oer de (technyske) wurking fan IBA’s. Wat binne de risiko’s fan it útstelde advys 1. Gjin 2. Lykas oanjûn hat it beskreaune alternatyf hat fansels wol in grut risico. Finânsjes N.f.t. Boargerpartisipaasje N.f.t.
Kommunikaasje De antwurdmail (sjopch taheakke) sil nei beslútfoarming tastjoerd wurde oan briefskriuwer. Relaasje mei oare ôfdielings N.f.t. Gearwurking De situaasje yn 8K is hiel oars. Dêr is destiids besluten dat de gemeente de IBA’s yn eigendom nimt en dus ferantwurdlik is foar it ûnderhâld. Der is de gemeente dus de kontraktpatner fan Wetterskip yn it ûnderhâldskontrakt. Planning / Ferfolch Side 2 fan 3
N.f.t.
Side 3 fan 3