CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

18 - Bijlage 1C - Amendement A-11-2

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 1 juli 2021, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Herstelbesluit duurzaamheidsagenda (besluitvormend)322 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

AMINDEMINT

Riedsgearkomste: 18-02-2021 Agindapunt : A-11-2 Ûnderwerp: Duurzaamheidsagenda, transitievisie warmte, RKC-rapport: Raad weten met Energie De ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel, yn gearkomste byinoar op 18 febrewaris 2021 Konstatearjende dat: - Tytsjerksteradiel in foarse opjefte hat oangeande de opwekking fan duorsume elektrisiteit; - De ynset fan sinnepanielen in bewezen technyk is om duorsume elektrisiteit op te wekken; - It sinnepark en sinnedak sa as troch de koöperaasjes yn Garyp en Trynwâlden realisearre binne, in foarbyld en ynspiraasje binne foar oare duorsume ynitiatieven; - De koöperative beweging ek yn ús gemeente foarm begjint te krijen; - Der in soad wjerstân fan boargers is fan grutskalige sinneparken yn it lânskip, -foaral at de projektûntwikkelers aswol “sinneboeren” der mei de sinten fan troch geane. Oerweagjende dat: In goede ynpassing fan sinnepanielen binnen ús romtlike omjouwing en lânskip needsaaklik is om de kwaliteit fan it lânskip te behâlden; -

Dat yn dat kader sinnepanielen op dakken, yndustryterreinen en sânwinputten foarkar ha boppe sinneparken op (lânbou)grûn; Dat ús gemeente ynisiativen út ús mienskip omearme soe moatte yn it kader fan de foarse opjefte.

It beslút wurdt, lykas hjirûnder oanjûn stiet, oanpast: Wy stelle jo foar te beslúten om: De duurzaamheidsagenda Tytsjerksteradiel en transitievisie warmte (warmtevisie) inclusief de beleidskaders zonnepanelen versus bomen en zonneladder, vast te stellen.

Wurdt (sjoch fetdrukt): De raad besluit de duurzaamheidsagenda Tytsjerksteradiel en transitievisie warmte (warmtevisie) inclusief het beleidskader zonnepanelen versus bomen en zonneladder, vast te stellen met de volgende toevoegingen: - Sinneprojekten op (lânbou)grûn net ta te stean, of it moat wêze dat it in boargerynitiatief is fan bygelyks in lokale enerzjy- as gebiedskooperaasje mei draachflak fanút de mienskip; - By projekten op grûn as wetter (bygelyks in sânwinput) op syn minst de helte fan de project- en eksploitaasjeopbringsten werom floeie moatte fia de enerzjy- en gebiedskooperaasjes nei de mienskip yn ús gemeente. Fraksje : CDA Namme : Age Kramer Fraksje : PvdA Namme : Peter van de Hoef

Stimming: Foar : Tsjin : Oannommen / Fersmiten / Ynlutsen De riedsgriffier

De riedsfoarsitter

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=b38a3533-a30e-4dfe-98a0-044f24ac5b17