11 - Riedsútstel - Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip
Tekst van het document
Startnotysje
It Beslút Agindapunt Status Program Portefúljehâlder Amtner Bylage Saak- en stiknûmer
: : : : : : : :
11 juni 2026 11 Beslútfoarmjend 5 – Sport, kultuer en rekreaasje J.P. van der Velde I. Hoekstra-Dijkman 1. Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip 2026051325441 en 26ZG135945
Underwerp Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip Wy stelle jo foar te besluten om: De startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod fêst te stellen. Koarte gearfetting It hjoeddeiske belied foar kultuer en it Frysk is fersnippere. Der is ôfsûnderlik belied foar kultuer en foar it Frysk, noch mei-inoar ûntwikkele mei de gemeente Achtkarspelen. Foar erfguod ûntbrekt in gemeentlik beliedsramt. Tagelyk stiet de mienskip ûnder druk troch maatskiplike ûntwikkelings lykas fergrizing, minder frijwilligers en tanimmende iensumens. Mei de startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip wurdt in earste stap set nei ien yntegraal beliedsplan. De startnotysje beskriuwt de oanlieding, doelstelling en ynhâldlike rjochting foar nij belied, wêryn't kultuer, Frysk en erfguod harren eigen wearde behâlde en tagelyk bydrage oan moeting, wolwêzen en it fersterkjen fan de sosjale basis. De startnotysje befettet noch gjin konkrete beliedskarren, mar jout rjochting en ramten foar de fierdere beliedsûntwikkeling. Foech ried/kolleezje: De ried hat it foech om foarôf ramten te jaan foar it opstellen fan it beliedsplan Kultuer, Frysk en Erfguod. Ynhâldlik kader De startnotysje sketst de oanlieding, doelstelling en ynhâldlike rjochting foar nij belied foar kultuer, Frysk en erfguod. De kearn dêrfan is gearfette yn de neikommende útgongspunten:
-
Yntegraal belied Kultuer, Frysk en erfguod wurde byinoar brocht yn ien gearhingjend beliedsplan, yn stee fan ôfsûnderlike en fersnippere beliedsramten.
-
Eigen wearde én maatskiplike betsjutting Kultuer, Frysk en erfguod hâlde harren eigen wearde, wylst sy tagelyk bydrage oan moeting, meidwaan, previnsje en wolwêzen.
-
Gearhing mei oare beliedsfjilden It nije belied wurdt ûntwikkele yn gearhing mei ûnder oare sosjale belied en wolwêzensbelied ‘Sosjale basis’, ûnderwiis, sport, sûnens, romtlike ûntwikkeling en doarpsûntwikkeling.
-
Gearwurking as útgongspunt Ynwenners, frijwilligers, ferieningen, kulturele en erfguodinisjativen, ûnderwiis, wolwêzensorganisaasjes en doarpsbelangen wurde aktyf belutsen. Ek yntern wurdt yntegraal gearwurke.
-
Fan fisy nei útfiering Nei it fêststellen fan it beliedsplan folget in mienskiplik útfieringsprogramma mei Visie versterken Sociale Basis, dêr’t prioriteiten, gearwurking, ynset fan middels en monitoaring yn fêstlein wurde.
Prosedureel kader riedsgearkomste
ûnderwerp
1 oktober 2026
Beliedsnotysje opiniërjend yn de ried
10 desimber 2026
Beliedsnotysje beslútfoarmjend yn de ried
Finansjeel kader - N.v.t. Kommunikaasje - N.v.t. Burgum, 19 maaie 2026 It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, sekretaris,
boargemaster,
dhr. drs. J. Krul
dhr. mr. K.A. Breuker
Side
:
2
Riedsbeslút De ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel; Nei it lêzen fan it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 19 maaie 2026, punt nûmer: 11; Beslút: De startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod fêst te stellen.
Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel fan 11 juny 2026.
De griffier,
De foarsitter,
mefr. mr. A. Dam
dhr. mr. K.A. Breuker