CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

11 - Bylage 1 - Startnotysje Kultuer Frysk en Erfguod yn ús Mienskip

RAAD IT BESLUT 11 juni 2026, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip (hammerstik)1.391 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip Portefúljehâlder

:

J.P. van der Velde

Amtner

:

I.Hoekstra-Dijkman

Heart by riedsútstel

:

Riedsútstel Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip

Saak- en stiknûmer

:

2026051325441 en 26ZG135945

1. Ynlieding Wy wurkje yn in gemeente mei in sterke mienskip, in ryk ferieningslibben en in werkenbere kulturele en histoaryske identiteit. Kultuer, Frysk en erfguod binne fanselssprekkend oanwêzich yn it deistich libben fan ús ynwenners. Se soargje foar moeting en ferbûnens. It riedsprogramma ûnderstreket it belang fan Frysk, kultuer en moeting foar it wolwêzen fan ynwenners. Kultuer en it Frysk binne stevich bewoartele yn ús gemeente en drage by oan leefberens, mentale sûnens en it ferminderjen fan iensumens. Ek set de ried mei klam yn op mear moetingen en sterkere ferbiningen yn doarpen.

2. Oanlieding Us belied fan no is fersnippere. Der is ôfsûnderlik belied foar kultuer en foar it Frysk, noch mei-inoar ûntwikkele mei de gemeente Achtkarspelen. Foar erfguod ûntbrekt in gemeentlik beliedsramt. Dy beliedsstruktuer slút net genôch oan by aktuele maatskiplike ûntwikkelings en by it ferlet fan gearhing. Dêrom kieze wy foar ien yntegraal beliedsplan dêr’t kultuer, Frysk en erfguod mei-inoar yn rjochting krije. Dêrneist stiet de mienskip ûnder druk trochdat: •

der is sprake fan dûbelde fergrizing;

•

der minder frijwilligers binne;

•

de iensumens tanimt;

•

jongerein tanimmende mentale druk en gefoelens fan iensumens ûnderfine;

•

de foarsjenningen ûnder druk stean.

Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip

1

Ek nije bestjoerlike en wetlike ramten freegje om in oare oanpak. De Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer en de Omjouwingswet freegje om mear gearhing tusken kultuer, taal en erfguod en om in sterkere ferbining mei sosjale en romtlike karren. Dêrom wolle wy in yntegraal beliedsplan dat hjirop oanslút.

3. Doelstelling en winske resultaten Mei it nije belied jouwe wy rjochting oan kultuer, Frysk en erfguod. Se hawwe elk har eigen betsjutting en litte sjen wa't wy binne en wêr't wy ús mei ferbûn fiele. Tagelyk bringe se minsken byinoar, nûgje se út om mei te dwaan en drage se by oan wolwêzen. Dêrmei fersterkje se de sosjale basis fan ús mienskip. It winske resultaat fan dizze startnotysje is in dielde rjochting foar nij belied foar kultuer, Frysk en erfguod. De startnotysje jout ramten foar it ferfolch en foarmet it fertrekpunt foar it nije belied.

4. Wetjouwing en ûntwikkelings It nije belied moat passe binnen besteande ramten, dêrûnder: •

it riedsprogramma;

•

bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer;

•

lanlike en provinsjale kultuerramten;

•

de Omjouwingswet.

Dy ramten litte sjen dat kultuer, taal en erfguod net allinnich beskerme wurde moatte, mar ek aktyf brûkt wurde kinne yn it deistich libben.

5. Oare beleidsûntjouwingen It belied foar kultuer, Frysk en erfguod stiet net op himsels. Wy ûntwikkelje dat belied yn gearhing mei lanlike, regionale en lokale ûntwikkelings, mei in sterke fokus op previnsje en it fersterkjen fan de sosjale basis. Lanlik leit de klam op it foarkommen fan problemen en it fersterkjen fan meidwaan, ûnder mear fia it Integraal Zorgakkoord. Wolwêzen en kultuer spylje dêr in hieltyd wichtiger rol yn. Regionaal slút dat oan by it Fryske regioplan en it programma Versterken Sociale Basis

Fryslân. Binnen dy oanpak sette wy keunst en kultuer yn, bygelyks fia Welzijn op Recept, om sosjaal isolemint foar te kommen en ynwenners te stypjen by lichte klachten.

Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip

2

Op lokaal nivo ferbine wy it belied foar kultuer, Frysk en erfguod mei ûnder oaren de neikommende beliedsfjilden: •

sosjaal - en wolwêzensbelied;

•

ûnderwiis - en jongereinbelied;

•

sport - en sûnensbelied;

•

romtlik belied en doarpsûntwikkeling;

•

rekreaasje, toerisme en regionale gearwurking.

6. Nij belied: ynhâldlike rjochting Yn dizze startnotysje lizze wy noch gjin beliedskarren fêst. Wol jouwe wy rjochting oan it nije belied foar Kultuer, Frysk en Erfguod. De útwurking fynt plak yn it beliedsplan.

De sintrale fraach by it opstellen fan it nije belied is:

Hoe kinne kultuer, Frysk en erfguod harren eigen wearde behâlde en tagelyk bydrage oan de sosjale basis fan de mienskip?

Yn it beliedsplan wurkje wy ûnder oaren út: •

in mienskiplike fisy op kultuer, Frysk en erfguod;

•

doelen en prioriteiten;

•

de gearhing mei it sosjaal domein en oare beliedsfjilden;

•

de rol fan gearwurking mei ynwenners en partners.

De oandachtspunten út it riedprogramma lykas omtinken foar it: •

it praktysk gebrûk fan it Frysk;

•

it stypjen fan amateurkeunst en ferienings;

•

it fersterkjen fan moetingsplakken;

•

it ferbinen fan kultuer oan wolwêzen, previnsje en soarch.

Foar erfguod betsjut dit dat wy ynsette op it behâlden en fersterkjen fan de kwaliteit fan ús erfguod en it sichtber en beleefber meitsjen dêrfan binnen ús gemeente. Keunst, kultuer, Frysk en erfguod binne fan betsjutting foar alle ynwenners fan ús gemeente. Hja drage by oan identiteit, moeting en sosjale gearhing. Yn it nije belied

Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip

3

hawwe wy yn it bysûnder omtinken foar ûndersteande doelgroepen: ✓ ✓

✓

✓ ✓

Bern en jongerein Foar ûntwikkeling, kreativiteit en kennismeitsjen mei kultuer en it Frysk. Alderein Foar moeting, sinjouwing en wolwêzen; keunst yn de iepenbiere romte en werkenber erfguod kinne bydrage oan oriïntaasje en werkenning, bygelyks foar minsken mei demintens. Minsken yn in kwetsbere posysje Foar wa't leechdrompelige kulturele aktiviteiten bydrage kinne oan partisipaasje, previnsje en it ferminderjen fan iensumens. Frijwilligers, amateurkeunstners en ferieningen As dragers fan it lokale kulturele libben en wichtich moetingsplakken. Profesjonele makkers en kulturele organisaasjes Dy soargje foar kwaliteit, fernijing en sichtberens fan kultuer en erfguod.

8. Gearwurking Wy wurkje it belied foar kultuer, Frysk en erfguod út fanút in gearhingjende oanpak. Gearwurking is dêrby gjin bysaak, mar it útgongspunt foar sawol belied as útfiering. Gearwurking krijt foarm yn 'e praktyk. Wy wurkje gear mei: •

ynwenners en frijwilligers;

•

ferienings en kulturele en erfguodinisjativen;

•

ûnderwiis en wolwêzensorganisaasjes;

•

doarpsbelangen en regionale partners;

•

en binnen de gemeente, oer beliedsfjilden hinne.

Wy dogge dit stap foar stap, yn ôfstimming mei partners en mei each foar wat al goed wurket. De mienskip is dêrby gjin doelgroep, mar in partner. Gearwurkje is gjin doel op himsels, mar in middel om belied te meitsjen dat past by ús gemeente en syn ynwenners.

9. Utfieringsprogramma It beliedsplan wurkje wy út yn in útfieringsprogramma. It útfieringsprogramma beskriuwt hoe't wy it belied yn 'e praktyk útfiere. Wy ûntwikkelje in mienskiplik útfieringsprogramma foar it beliedsplan Kultuer, Frysk en Erfguod en de Visie versterken Sociale Basis. De gearhing fan dy beliedsmêden is

Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip

4

nammentlik grut en kultuerpartijen leverje in wichtige bydrage yn it fersterkjen fan de sosjale basis. Yn de sosjale basis wurkje gemeente en partners út kultuer, wolwêzen en it sosjaal domein gear oan sterke mienskipskrêft en previntive stipe. Yn it útfieringsprogramma lizze wy fêst: •

hokker tema’s en aktiviteiten prioriteit krije

•

hoe’t wy de gearwurking mei partners en ynwenners organisearje

•

hoe’t wy middels en subsydzjes ynsette;

•

hoe’t wy monitoarje en wêr nedich bystjoere.

It útfieringsprogramma folget nei it fêststellen fan it beliedsplan.

10. Finansjeel ramt De hjoeddeistige budzjetten foarmje it útgongspunt foar de útfiering fan it beliedsplan. Ofhinklik fan de karren dy't de ried makket, kinne oanfoljende finansjele middels nedich wêze. Yn de tabel hjirûnder steane de budzjetten foar 2026 oant en mei 2030. Omschrijving Cultuurbeleid Cultuurbeleid Fries taalbeleid Fries taalbeleid

Overige uitgaven Subsidie Overige uitgaven Subsidie

2027 3.187 110.000 10.000 13.082 136.269

2028 3.187 110.000 10.000 13.082 136.269

2029 3.187 60.000 10.000 13.082 86.269

2030 3.187 60.000 10.000 13.082 86.269

It ferskil fan € 50.000 yn de subsydzje foar kultuer yn 2028 wurdt ferklearre trochdat yn de begrutting foar eardere jierren twa kear ynsidinteel budzjet opnommen is (€ 30.000 út de ramtnota en € 20.000 yn de primitive begrutting), wêrtroch't it bedrach yn 2028 leger útfalt. Binnen it ûnderdiel erfguod is foar monumintesoarch in bedrach fan € 90.804 reservearre, dat ynset wurdt foar ûnderhâld fan gemeentlike monuminten (€ 1.600), fersekeringen (€ 11.990) en bydrage oan monuminteorganisaasjes (€ 77.214). Gemeentlike erfguodtaken falle ûnder de Omjouwingswet en wurde dêryn bekostige.

Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip

5

11. Prosedureel ramt Tiidpaad Wannear

Wat

Wa

4 juny 2026

Behanneling startnotysje Iepen Poadium gemeenteried

11 juny 2026

Behanneling startnotysje

gemeenteried

Riedsgearkomste 1 oktober 2026

Beliedsnotysje opiniërjend yn de ried

gemeenteried

10 desimber 2026

Beliedsnotysje beslútfoarmjend yn de

gemeenteried

ried april/maaie 2027

Utfieringsplan ynformearjend beprate

gemeenteried

Iepen Podium

Startnotysje Kultuer, Frysk en Erfguod yn ús Mienskip

6

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=148cbb5a-c837-4942-a893-ed6093020ea2