10 - Riedsútstel - Kultuernota Ut de kûlizen (opiniërend)
Tekst van het document
Riedsútstel
Ried Agindapunt Status Program Eardere behanneling Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmer
: : : : : : : : :
14 oktober 2021 10 Opiniearjend Programma 5 – Sport, cultuur en recreatie Presintaasje Iepen Poadium 7 oktober 2021 Mefr. T. Willemsma Mefr. D. Verbeek 1. Kultuernota Ut de kûlizen (ynkl. útfieringsplan) Z2021-03543 / S2021-22065
Underwerp Kultuernota Ut de kûlizen Wy stelle jo foar te besluten om: 1. de Kultuernota Ut de kûlizen fêst te stellen; 2. it útfieringsplan foar kundskip oan te nimmen; 3. it restant fan de ryksmiddels koroanakompensaasje kultuer te brûken foar dekking fan it útfieringsplan 2022 en 2023, mei in maksimum fan € 75.000; 4. fan 2024 ôf € 9.000 op te nimmen yn de begrutting as dekking fan de strukturele aktiviteiten en dat mei te nimmen yn de earstfolgjende kadernota.
Koarte gearfetting Mei de Kultuernota Ut de kûlizen hat de gemeente in ramt foar it kultuerbelied. Oan ‘e hân fan trije tema’s, meidwaan, mei-inoar en nij & aktueel, wolle wy in nije ympuls jaan oan kultuerpartisipaasje yn de gemeente. Behâld en fuortsterkjen fan besteande kultueruterings en it stimulearjen en fasilitearjen fan nije aktiviteiten op it mêd fan kultuer. Foech ried/kolleezje De ried stelt de Kultuernota fêst, wêrmei’t der in ramt is foar it kultuerbelied. It kolleezje stelt it útfieringsplan fêst en jout dêrnei útfiering oan de aktiviteiten. Proseduere Foar jo leit in beslútfoarmjend riedsútstel sûnder dat jo it earst opiniearjend krigen ha. Wy ha dizze kar makke omdat jo fia de ‘Startgearkomste Kultuernota’ yn it foartrajekt belutsen west binne en it stik nei alle gedachten net yn trije stappen bepraat wurde hoecht. Dêrneist skeelt dizze wurkwize tiid. Yn it Iepen Poadium kinne jo fragen stelle oer de kultuernota en ek de kar meitsje om it stik dochs opiniearjend te bepraten. Ynlieding De hjoeddeistige kultuernota’s foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne fan 2008. De ôfrûne jierren binne der grutte maatskiplike opjeften. Dêrneist wurdt de eigen krêft fan de mienskip hieltyd wichtiger, mei as gefolch in feroarjende rol fan de gemeente en relaasje tusken ynwenners en oerheid. Dat binne foar ús redenen om nij kultuerbeleid te
Ried Punt Side
: : :
14 oktober 2021 10 2
ûntwikkeljen, mei as resultaat in mienskiplike kultuernota foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Te berikken effekt - Ramt foar it kultuerbeleid fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel - Breed kultureel oanbod om aktive likegoed as passive dielname oan kultueruterings fuort te sterkjen Arguminten 1.1 De hjoeddeistige kultuernota’s binne fan 2008 De ôfrûne jierren is der sprake fan grutte maatskiplike opjeften. Dêrneist wurdt de eigen krêft fan de mienskip hieltyd wichtiger, mei as gefolch in feroarjende rol fan de gemeente en relaasje tusken ynwenners en oerheid. 1.2 In nije kultuernota jout mooglikheden foar nije ympulsen Hoewol’t der noch altyd útfiering jûn wurdt oan de hjoeddeistige kultuernota’s, jout in nij ramt ek wer mooglikheden foar nije ympulsen. Alternativen Net fan tapassing. Kanttekenings 3.1 It is in kar om de ryksjilden yn te setten foar kultuer op lange termyn De ôfrûne oardel jier hat de kulturele sektor troch koroana plat lein. Om kultuer yn dizze swiere perioade te stypjen ha gemeenten jild fan it ryk krigen foar koroanakompensaasje. Dizze ryksjilden binne lykwols net earmerke foar kultuer op de lange termyn. Finânsjes As bylage by de kultuernota is in útfieringsplan taheakke mei dêryn nije aktiviteiten op it mêd fan kultuer. Dy sille wy de kommende jierren útfiere neist de besteande aktiviteiten.
Foar útfiering fan de nije aktiviteiten is ekstra jild nedich. Foar beide gemeenten betsjut dat totaal € 75.000 (rûzing) foar de kommende twa jier. Yn 2020 en 2021 ha de gemeenten ryksjild krigen foar koroanakompensaasje yn de kulturele sektor. Ofrûne jier en ek foar de earste helte fan dit jier ha jo dêrfoar in subsydzjeregeling fêststeld. It restant fan beide subsydzjeregelingen wolle wy safolle as mooglik brûke as dekking foar de nije kulturele aktiviteiten yn 2022 en 2023 en dêrmei it fuortsterkjen fan kultuer. It restant fan beide subsydzjeregelingen wolle wy brûke as dekking foar de nije kulturele aktiviteiten yn 2022 en 2023. Foar de strukturele aktiviteiten fan 2024 ôf wolle wy € 7.000 struktureel opnimme yn de begrutting. Ynwenners- en oerheidspartisipaasje De kultuernota is op ynteraktive wize ta stân kommen. Yn jannewaris 2021 is der in digitale startgearkomste west foar ynwenners, organisaasjes en riedsleden fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Wy ha begjin dit jier ek in enkête op de websides fan beide gemeenten pleatst. Yn trije ferfolchgearkomsten ha kultueroanbieders en partisipanten praat oer de trije tema’s fan de kultuernota. Dat hat resultearre yn in útfieringsplan. Foar de jongerein ha wy in priisfraach útskreaun om in kultuerprojekt te betinken oan ‘e hân fan de trije tema’s. Yntegraliteit Finansjeel belied stimt yn mei dit útstel.
Sawol meiwurkers fan it sosjaal as romtlik domyn binne belutsen west by de tarieding fan de kultuernota.
Ried Punt Side
: : :
14 oktober 2021 10 3
Previnsje Net fan tapassing. Gearwurking De Kultuernota Ut de kûlizen is in beliedsnota op haadlinen foar beide gemeenten. De kultuernota komt ta fêststelling yn beide gemeenterieden. Ferfolchtrajekt / kommunikaasje Yn gearwurking mei kultueroanbieders en -partisipanten sille wy fan 2022 ôf útfiering jaan oan de aksjepunten yn it útfieringsplan. Evaluaasje Nei fjouwer jier is der in evaluaasje fan de aktiviteiten yn it útfieringsplan. Dy evaluaasje sil foar kundskip (fia de LIS) nei jim takomme. Burgum, 7 septimber 2021 It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, sekretaris,
boargemaster,
mefr. H.M. van Gils
dhr. drs. L.J. Gebben