CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

09 - Ynspraakreaksje dhr. F. de Jong IP 15 april 2021

RAAD IEPEN POADIUM (RAADZAAL) 15 april 2021, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Spreekrecht348 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Ynspraak Sanjesfjild, 15 april 2021

As minsken har moedeleas deljouwe ûnder in foarnommen beslút dêr’t se fan tinke dat der gjin kearen oan is, sizze se faak: it wurdt naaid sa’t it knipt is. Yn it gefal fan Sanjesfjild is der yn 2006 in patroan tekene. De stof moat no noch knipt wurde, it pak moat yn ‘e takomst noch naaid wurde. Dat it patroan fan 2006 al lang net mear past is, lykje de opstellers fan de Réaksje- en antwurdnota net troch te hawwen, want se tinke: it patroan leit der, de stof wurdt knipt en al hoe raffelich ek, wy sette it yninoar. De Réaksje- en antwurdnota is in hiel pak tekst wurden: ik neam it in testamint fan ûnwil. Unwil om echt ynhâldlik yn te gean op breed droegen beswieren (118 minsken) út ‘e mienskip. Unwil om ta in kréative oplossings te kommen, bygelyks om mei de provinsje te oerlizzen oer de terreinen fan de eardere praktykskoalle. Unwil om ta te jaan dat de tiden sûnt 2006 feroare binne. De nota jout oan dat fanwege privacy net oanjûn wurde kin watfoar bedriuwen har festigje wolle op Sanjesfjild, mar der wurdt wol suggerearre dat it net folle ferkear genereare sil. Mei oare wurden, der wurdt in beslút foarsteld op grûn fan in ûnkontrolearbere bewearing. Ik fyn dat bestjoerlik sjoen net netsjes. Yn ‘e jierren njoggentich fan ‘e foarige ieu waard Fryslân teistere troch de saneamde ‘wite skimmel’. It hat in skoftsje duorre, mar dêr binne úteinlik maatregels tsjin naam.

Tytsjerksteradiel, ien fan de moaiste gemeentes yn Fryslân, hat optheden te krijen mei ‘blikken bedjer’. Wy reitsje yn in loadselabaret. By hieltyd mear doarpen wurdt it lânskip ûntsierd troch aluminium doazen dy’t jin al fan fierrens temjitte blikkerje. It wurdt tiid om op te hâlden mei dy ûnsjogge, leafdeloaze loadsen, dy’t by oanbou al suterich binne, ek al krije se yn dit gefal in skean dakje foar it blieden. Us lânskip is kostber mienskiplik kaptaal. Dat erfguod mei net ferklapbûtst wurde en weijûn foar in grypstoer oan inkelde yndividúen.

Folkert de Jong Oentsjerk

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=5f4a5662-5d6e-46f7-b9ba-f018f8c4a85c