08a - Bijlage 2 - Bestjoerlike reaksje op beantwurding skriftlike fragen Provinsjale Steaten
Tekst van het document
Burgum, 4 novimber 2025
ús merkteken dossier behannele troch telefoannûmer jo brief fan jo merkteken ûnderwerp
: 25ZG310464 : 2025103114731 : Teatske Beitske Rienks-De Bos : 14 0511 : 13 oktober 2025 : 02417624 : Bestjoerlike reaksje op beantwurding skriftlike fragen Provinsjale Steaten
Achte kolleezje fan Deputearre Steaten, Op 13 oktober hawwe jo skriftlike fragen fan Provinsjale Steaten (PS) beantwurde (skaaimerk 02417624) oer de oanfraach foar de omjouwingsfergunning foar in griengasynstallaasje troch Sonac BV. Mei dizze brief wolle wy as kolleezje, mei út namme fan ús ried, reagearje op jo beantwurding. Yn de antwurden op fraach 4 en 5 geane jo yn op de rol fan de gemeente en it agindearjen fan de Verklaring Van Geen Bedenkingen (VVGB) yn ús ried. Jo kolleezje jout hjirby oan dat: ‘..nog niet voorzienbaar was dat de gemeente pas in november 2025 het concept ontwerp aan de raad zou voorleggen.’ En ‘De latere vertraging, veroorzaakt door het uitstel van agendering en behandeling door de gemeenteraad, was op dat moment nog niet bekend of voorzienbaar.’ Dat agindearring en behanneling troch de gemeenteried op it stuit fan jo skriuwen oan PS d.d. 18 novimber 2024 noch net bekend oft foarsjennber wie, is korrekt. Jo geane yn jo beantwurding lykwols foarby oan it ynformearjen fan PS oer redenen dy't dêrnei oan de mooglikheid ta agindering te grûnslach lein hawwe. Hjiroer hawwe wy hieltyd yn nau oerlis west mei de provinsje, de FUMO en de oanfreger. Hjirnei ljochtsje wy de ûntwikkelings en de stappen ta dy ’t fan ynfloed (west hawwe) op de tarieding fan de agindearring yn ús riedsgearkomste op 27 novimber oansteande.
Postbus 3 | 9250 AA Burgum | Raadhuisweg 7 | tel 14 0511 | fax 0511 460 861 | gemeente@t-diel.nl | www.t-diel.nl
“ Mei niget eagje ik it lânskip oer: dit is it gea fan fearten, puollen, reiden, fan bûnt strewelleguod en wâldske greiden; hjir is gjin nee te keap yn ‘ e natoer”
Deputearre Steaten fan Fryslân Postbus 20120 8900 HM Ljouwert
Sonac hat op 19 july 2024 in wizige fergunningoanfraach yntsjinne by Deputearre Steaten (DS). Dizze oanfraach is op meardere punten oanpast en oanfolle, mei de lêste oanfollings op 20 jannewaris 2025. Mei it each op it riedsbeslút fan 14 desimber 2023 (ynklusyf it byhearrende amendemint A 5 1 Gjin Ferklearring Van Geen Bedenkingen groengasininstallatie Damsingel 27 Sumar) om gjin ontwerp-VVGB ôf te jaan, is it útgongspunt foar behanneling yn kolleezje en ried dat it miljeudiel posityf beoardiele wurdt, foardat it romtlike part fan de oanfraach oan de ried foarlein wurdt. Hoewol't de gemeenteried net it foechhawwend gesach is foar dizze ynrjochting en net beslist oer miljeutechnyske saken, wolle wy wol neigean kinne oft de miljeuaspekten romtlik akseptabel binne om de ried in goed foarstel foar de ontwerp-VVGB dwaan te kinnen. Sa kin de gemeenteried it oardiel fan de FUMO oer de miljeutechnyske aspekten meiwage yn har beslútfoarming oer de ontwerp-VVGB. De gemeente hat de FUMO dêrom hieltyd frege om earst it miljeudiel te hifkjen en de gemeente hjiroer te ynformearjen. Op 11 febrewaris 2025 hat de gemeente in memo fan de FUMO krigen mei dêryn de beoardieling fan de oanfraach. De konklúzje is dat de oanfraach ûntfanklik is.
De oanfrege aktiviteiten binne fergunningsweardich op it mêd fan miljeuaspekten lykas geur, emisjes nei de loft, lûd, eksterne feilichheid, boaiembeskerming en enerzjy. Op dat stuit (febrewaris 2025) wie der al in útspraak dien troch Ried fan Steat oer yntern salderen (18 desimber 2024). De Ofdieling bestjoersrjochtspraak fan de Ried fan Steat feroare op 18 desimber 2024 de besteande jurisprudinsje oer yntern salderen yn de saneamde Rendac-útspraak. Dizze útspraak hat gefolgen foar dit projekt. Neidat op 11 febrewaris 2025 de FUMO de oanfraach ûntfanklik ferklearre hie, is der ferfolgens op 20 maart 2025 ôfstimming socht mei alle belutsenen yn hoefier't de útspraak oer yntern saldearjen fan ynfloed wêze kin op it proses fan dizze omjouwingsfergunning. Op 17 april 2025 is tsjin dy eftergrûn troch Sonac in prinsipefersyk ‘afwijken bouwhoogte’ yntsjinne. De agindakommisje hat it prinsipefersyk net agindearre foar de ried mei as reden dat de foarkar útgiet nei it folgjen fan de formele proseduere, sadat de gemeenteried, sadree't alle relevante ynformaasje beskikber is, in beslút nimme kin oer de ontwerp-VVGB. It ûnderwerp stiet no foar 27 novimber 2025 agindearre. Op 24 july 2025 hat de Rjochtbank Noard-Nederlân útspraak dien oer it ‘niet tijdig beslissen’ fan DS oer de omjouwingsfergunning fan Sonac.
De Rjochtbank draacht DS op om binnen 21 wiken nei 24 july 2025 hjiroer in beslút te nimmen. Begjin septimber 2025 hawwe wy ekstern juridysk advys krigen oer de toets útfierberheid yntern saldearjen. Omdat alle relevânsje ynformaasje dêrmei beskikber wie, hawwe wy de stikken hjirnei sa gau as mooglik klearmakke hawwe foar de ried. Op datselde momint hawwe wy it fersyk krigen fan FUMO oant tidige beslútfoarming troch de gemeenteried. Oktober wie kwa planning foar ús net helber. De stikken binne dêrom agindearre foar 27 novimber 2025. Dizze oanfoljende ynformaasje is wat ús oanbelanget in wichtige tafoeging op it sketste byld fan de agindearring en behanneling troch de gemeenteried. Om de ried in goed útstel oer de ontwerp-VVGB foar de bystelde oanfraach dwaan te kinnen, hawwe wy wachtsje moatten op in miljeutechnysk akkoart en it ûndersyk nei de gefolgen fan de him ûntwikkelende jurisprudinsje oer yntern saldearjen yn relaasje ta de toets oer de útfierberens fan dizze
fergunning. It opstellen fan it foarstel hat yn it belang fan in soarchfâldich en folsleine tarieding mear tiid koste. Wy fertrouwe derop dat wy, mei each foar elkenien syn eigen rol en belutsenens, inoar tenei aktyf ynformearje sille en nau gearwurkje bliuwe, sadat wy beslútfoarming oer sokke omjouwingsfergunningen soarchfâldich tariede kinne. Fan dizze brief stjoere wy in ôfskrift oan Provinsjale Steaten, sadat sy ek in kompleet byld krije fan de tarieding ta beslútfoarming oer de ontwerp-VVGB yn ús gemeente. Mei út namme fan gemeenteried,
Mei freonlike groetnis, út namme fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, de sekretaris/direkteur, de boargemaster, drs. J. Krul
C. Schokker-Strampel