07 - Riedsútstel - Nota Frysk taalbelied
Tekst van het document
Riedsútstel
Ried Agindapunt Status Program Eardere behanneling Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmer
: : : : : : : : :
23 novimber 2023 7 Beslútfoarmjend Programma 5 – Sport, cultuur en recreatie Opiniearjend, riedsgearkomste 21 septimber 2023 Mefr. T. Willemsma Mefr. D. Verbeek 1. Nota Frysk taalbelied Z2022-03096 / S2023-19097
Underwerp Nota Frysk taalbelied Wy stelle jo foar te besluten om: de Nota Frysk taalbelied fêst te stellen. Koarte gearfetting It hjoeddeistige beliedsplan Frysk Tytsjerksteradiel is opsteld foar de perioade 2017-2021. Dêrom is it belied aktualisearre en leit der no in nije nota foar, ien nota foar sawol Tytsjerksteradiel as Achtkarspelen. Yn de nota formulearje wy doelstellings en útgongspunten foar it Frysk taalbelied, beskriuwe wy de hjoeddeistige situaasje oangeande it Frysk op ferskate domeinen en beneame wy nije ympulsen foar de kommende jierren. Foech ried/kolleezje De ried hat it foech om de Nota Frysk taalbelied fêst te stellen. It kolleezje hâldt him dwaande mei de útfiering fan it Frysk taalbelied. Ynlieding It hjoeddeistige beliedsplan Frysk Tytsjerksteradiel is opsteld foar de perioade 2017-2021. Dêrom is it belied aktualisearre en leit der no in nije nota foar, ien nota foar sawol Tytsjerksteradiel as Achtkarspelen. Yn de nota formulearje wy doelstellings en útgongspunten foar it Frysk taalbelied, beskriuwe wy de hjoeddeistige situaasje oangeande it Frysk op ferskate domeinen en beneame wy nije ympulsen foar de kommende jierren (sjoch taheakke). Om it Frysk te behâlden en fuort te sterkjen is in bewuste taalhâlding nedich. As oerheid moatte wy ús bewust wêze fan de rol dy’t wy spylje kinne om de rykdom fan de Fryske taal oarein te hâlden.
Dat wolle wy dwaan troch sels it goede foarbyld te jaan en oaren te stimulearjen. Net ôftwinge en oplizze, mar op in positive wize meiwurkers, organisaasjes en ynwenners oanmoedigje it Frysk te brûken troch jinsels hieltyd ôf te freegjen: Kin it ek yn it Frysk? Histoarje Yn de riedsgearkomste fan 21 septimber ha jo de Nota Frysk taalbelied opiniearjend bepraat. Yn dy gearkomste kaam ûnder oaren nei foaren dat jo as nije ympuls taheakje wolle ‘ferdjipping taalbelied biblioteek’. Dizze nije ympuls ha wy opnommen yn taheakke
Ried Punt Side
: : :
23 novimber 2023 7 2
ferzje fan de nota. Dêrneist waard oandacht frege foar in dûbeltalige webside. It Frysk taalbelied giet út fan twataligens, it brûken fan it Nederlânsk óf it Frysk. Dûbeltaligens, it tagelyk brûken fan it Nederlânsk én it Frysk, kostet mear tiid en jild en yn dy situaasje sil it Frysk altyd de konkurrinsje oangean moatte mei de dominante taal, it Nederlânsk. Wy kieze dêrom net foar in dûbeltalige webside, mar wy sille wol sjen hoe’t wy it Frysk mear sichtber meitsje kinne op de webside. Wy binne fan miening dat op dit stuit útfiering fan it besteande belied en de nije ympulsen yn de nota it maksimaal helbere is. As yn de kommende jierren bliken docht dat de ambysjes wat opskroefd wurde kinne, lykas mear riedsstikken yn it Frysk en út en troch in hiel berjocht op social media yn it Frysk, dan sille wy dat oppakke. Ek kin de ried sels mear omtinken foar it Frysk ha en de sichtberens fergrutsje, troch bygelyks oan de griffy te freegjen om de wurk- en beslutelisten yn it Frysk op te stellen. Te berikken effekt Behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal. Arguminten De Wet gebrûk Fryske taal ferget gemeenten om in beliedsplan fêst te stellen It opstellen fan in beliedsplan oer it brûken fan de Fryske taal is in eask op grûn fan artikel 5, twadde lid fan de Wet gebrûk Fryske taal.
De gemeente hat in ramt foar it Frysk taalbelied Mei in Nota Frysk taalbelied hat de gemeente in ramt foar it Frysk taalbelied. Dêrmei is dúdlik hoe’t wy as gemeente mei it Frysk omgean en wat de doelen en de útgongspunten fan it Frysk taalbelied binne. Alternativen Net fan tapassing. Kanttekenings/risiko’s Utfiering fan de nota is allinnich mooglik by foldwaande personiele kapasiteit. Finânsjes De kosten fan besteande aktiviteiten en de nije ympulsen binne te ferdielen yn materiële en personiele kosten. Materiële kosten De finansiering fan de materiële kosten bart út besteande budzjetten wei. Foar it grutste part út it budzjet Frysk taalbelied (TD: € 22.893) en dêrneist, as it te krijen hat mei oare beliedsterreinen, ek út dy budzjetten wei, bygelyks ûnderwiis en rekreaasje & toerisme. Ek meitsje wy gebrûk fan subsydzjemooglikheden by provinsje Fryslân. Personiele kosten Op dit stuit binne der fjouwer oeren beskikber foar it ûntwikkeljen, advisearjen en útfieren fan it Frysk taalbelied fan twa gemeenten. Dat is ûnfoldwaande. Fia de Kadernota 20242027 is útwreiding fan fjouwer oeren oanfrege foar ûntwikkeljen en advisearjen en tolve oeren foar de útfiering fan it Frysk taalbelied binnen de WM8KTD. Ynwenners- en oerheidspartisipaasje Op 2 febrewaris 2023 is der in ynteraktive gearkomste organisearre foar riedsleden, ynwenners en organisaasjes fan beide gemeenten.
Dêrneist ha ferskate eksterne organisaasjes (bygelyks SFBO (pjutte-opfang) en Cedin(ûnderwiis) in reaksje op de nota jûn en is de nota bepraat yn it SPJ.
Ried Punt Side
: : :
23 novimber 2023 7 3
Kommunikaasje De Nota Frysk taalbelied komt op de webside fan de gemeente en wy bringe it ûnder de oandacht op de gemeentepagina yn Actief. Yntegraliteit De belutsen ôfdielings / kollega’s binne frege om in reaksje en kinne ynstimme mei de tekst en nije ympulsen. Previnsje Net fan tapassing. Gearwurking De Nota Frysk taalbelied is in nota foar sawol Tytsjerksteradiel as Achtkarspelen. Ferfolchtrajekt Nei it fêststellen fan de Nota Frysk taalbelied sille wy de aktiviteiten yn de nota de kommende jierren útfiere. Betingst is wol dat der foldwaande personiele kapasiteit is. Evaluaasje Nei fjouwer jier komt der in evaluaasje fan de aktiviteiten.
Burgum, 10 oktober 2023 It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, sekretaris,
boargemaster,
mefr. H.M. van Gils
dhr. drs. L.J. Gebben
Riedsbeslút De ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel; nei it lêzen fan it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 10 oktober 2023, wurklistnûmer: 7; beslút: de Nota Frysk taalbelied fêst te stellen. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel fan 23 novimber 2023.
De griffier,
De foarsitter,
Mefr. mr. A. Dam
Dhr. drs. L.J. Gebben