06 - Riedsútstel - Nota Frysk taalbelied
Tekst van het document
Riedsútstel
Ried Agindapunt Status Program Eardere behanneling Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmer
: : : : : : : : :
21 septimber 2023 6 Opiniearjend Programma 5 – Sport, cultuur en recreatie N.f.t. Mefr. T. Willemsma Mefr. D. Verbeek 1. Nota Frysk taalbelied 8KTD - 2023 Z2022-03096 / S2023-10389
Underwerp Nota Frysk taalbelied Koarte ynhâld It hjoeddeistige Beliedsplan Frysk Tytsjerksteradiel is opsteld foar de perioade 2017-2021. Dêrom is it belied aktualisearre en leit der no in nije nota foar, ien nota foar sawol Tytsjerksteradiel as Achtkarspelen. Yn de nota formulearje wy doelstellings en útgongspunten foar it Frysk taalbelied, beskriuwe wy de hjoeddeistige situaasje oangeande it Frysk op ferskate domeinen en beneame wy nije ympulsen foar de kommende jierren (sjoch taheakke). Om it Frysk te behâlden en fuort te sterkjen is in bewuste taalhâlding nedich. As oerheid moatte wy ús bewust wêze fan de rol dy’t wy spylje kinne om de rykdom fan de Fryske taal oarein te hâlden. Dat wolle wy dwaan troch sels it goede foarbyld te jaan en oaren te stimulearjen. Net ôftwinge en oplizze, mar op in positive wize meiwurkers, organisaasjes en ynwenners oanmoedigje it Frysk te brûken troch jinsels hieltyd ôf te freegjen: Kin it ek yn it Frysk? Foech fan de ried / kolleezje De ried hat it foech om de Nota Frysk taalbelied fêst te stellen. It kolleezje hâldt him dwaande mei de útfiering fan it Frysk taalbelied. Taljochting Yn jo gearkomste fan 26 jannewaris 2023 ha jo praat oer de evaluaasje fan it hjoeddeistich Frysk taalbelied.
Yn dy gearkomste is it neikommende konkludearre: - Betingst opnimme by subsydzjeferliening oan sport- en kulturele ferienings It opnimmen fan in betingst oangeande de Fryske taal by de subsydzjes foar sport- en kulturele ferienings is juridysk sjoen net mooglik. Wol kinne wy sjen oft wy by de subsydzjebeskikking standert in sin opnimme kinne dat wy it tige op priis stelle as de ferienings yn harren kommunikaasje it Frysk sichtber meitsje. Dat is as nije ympuls opnommen yn taheakke nota. - It Frysk sichtber meitsje as it om sport en kultuer giet As nije ympuls is opnommen dat wy bliuwend omtinken foar it Frysk freegje by kulturele en sportferienings.
Ried Punt Side
: : :
21 septimber 2023 6 2
Fragen - Binne de útkomsten fan jo gearkomste op 26 jannewaris foldwaande opnommen yn de Nota Frysk taalbelied? - Kinne jo jo fine yn de ambysjes yn de Nota Frysk taalbelied? Burgum, 18 july 2023 It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, sekretaris,
loko-boargemaster,
mefr. H.M. van Gils
mefr. T. Willemsma