CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

06 - Bylage 1 - Nota Frysk taalbelied 8KTD - 2023

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 21 september 2023, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Nota Frysk taalbelied (opiniearjend)8.127 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

NOTA FRYSK TAALBELIED juny 2023

side

1

De Wâlden Der is in krite yn Fryslân dêr’t in wichterbeam bloeit Dêr’t op in beamwâl in toarnbei graach groeit De minsken binne rêstich sjog’ de kat út de beam Mar stiet de kat op ‘e grûn sil se klear foar dy stean Der is in krite yn Fryslân dêr sit de hannel yn ’t bloed Alles is dêr te keap, prate kin se dêr goed Leaver lyts mar sels baas dan grut foar in oar Wat earne net kin dat komt dêr foar elkoar Nim my mei nei de Wâlden, dêr, dêr’t ik it leafst bin Nei it lân fan myn âlden dêr krij ik in goed sin Bring my werom nei it plak dêr’t it libben my fûn Nim my mei nei de Wâlden nei myn bertegrûn Der is in krite yn Fryslân, rûnom ferneamd Op it sân tusken pingo’s ûntkomt harren neat Fan hearren en sizzen wurdt stjerrende wier Sûnder nijs út de Wâlden krijt in krant it pas swier Der is in krite yn Fryslân, sa smûk en sa grien De singels mei elzen ha al jierren sa stien De spitkeet it fean sy binne der net mear Mar it wurk by de boer is noch hieltiid net klear Nei de wâldbeantsjes gean de scherjontsjes wer oan De hintsjes moat fêst it gers moat fan it lân Wêr yn ‘e wrâld ik ea ek noch kom Ik bliuw in diel fan de Wâlden ik kom altyd werom Nim my mei nei de Wâlden, dêr, dêr’t ik it leafst bin Nei it lân fan myn âlden, ek as ’k sels net mear kin Wol ik werom nei it plak dêr’t myn libben begûn Nim my mei nei de Wâlden lis my der yn ‘e grûn Tekst troch Marcel Smit Marcel Smit is yn de

perioade 2023-2025 Wâldsjonger fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

side

2

YNHÂLDSOPJEFTE

Gearfetting / Samenvatting

4

Ynlieding 6 01

Ramt foar it taalbelied

02

Taalsituaasje 10

03

Doelstelling en útgongspunten 12

8 Ynternasjonaal 8 Nasjonaal 9 Provinsjaal 9 Gemeentlik 9

Taalsituaasje yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel Taalsituaasje yn de gemeentlike organisaasje

10 11

04 Bestjoer 13

Algemien 13 Klantekontakten 14 Kommunikaasje 14 Boargerlike stân 15 Yntern 15 Riedsgearkomsten 16 Iepenbiere romte 16

05

Underwiis 18

Pjutteboartersplakken en berneopfang 19 Primêr ûnderwiis 20 Fuortset ûnderwiis 20 Underwiis foar folwoeksenen 21 Workshop ynboargerers 21

06 Sûnenssoarch en wolwêzen

22 Konsultaasjeburo 22 Wolwêzen 22 Wmo 22

07

Kultuer en media 23

Kultuer 23 Media 24

08 Bedriuwslibben en toerisme 25

Bedriuwslibben 25 Rekreaasje en toerisme 25

09

Utfieringsplan

: Taheakke ik Gemeemnttl ra

26

side

3

GEARFETTING

It behearskingsnivo fan it Frysk yn beide gemeenten is, ferlike mei hiel Fryslân, heech. Dat jildt benammen foar de mûnlinge feardigens, it Frysk ferstean en praten. Inkele sifers: -

95% (8K) / 94% (TD) kin it Frysk goed oant tige goed ferstean (Fryslân: 84%) 87% (8K) / 82% (TD) kin it Frysk goed oant tige goed prate (Fryslân: 64%) 63% (8K) / 69% (TD) kin it Frysk goed oant tige goed lêze (Fryslân: 52%) 22% (8K) / 24% (TD) kin it Frysk goed oant tige goed skriuwe (Fryslân: 16%)

Doelstelling De algemiene doelstelling fan it Frysk taalbelied is: it kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.

Utgongspunten By it realisearjen fan boppesteande doelstelling steane de neikommende útgongspunten sintraal. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel stribje nei lykweardigens yn talen It taalbelied fan de gemeenten is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Ut dat útgongspunt wei fine wy it wichtich dat boargers, amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate en skriuwe èn fan wjerskanten respekt ha foar it gebrûk fan de taalkar fan elkoar. Yn de praktyk is it Frysk net altyd lykweardich oan it Nederlânsk, wy sille dêrom alle war dwaan om it Frysk fuort te sterkjen. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel kieze foar twataligens Wy kieze foar twataligens fanút it begjinsel fan lykweardigens wei. Dat hâldt yn dat wy by it brûken fan de taal in kar meitsje foar de Nederlânske òf de Fryske taal. Yn dêrfoar gaadlike situaasjes kinne wy kieze foar dûbeltaligens. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel ha in foarbyldfunksje Wy striele nei ús ynwenners út dat hja yn ús gemeenten sawol Nederlânsk as Frysk prate en skriuwe kinne. Wy wolle de sichtberens fan it Frysk fergrutsje en it draachflak ferbreedzje. Yn harren foarbyldfunksje sille de gemeenten wat it Frysk oanbelanget inisjearjend en stimulearjend wêze.

Domeinen Oan ‘e hân fan de domeinen sa’t dy hantearre wurde yn it Europeesk Hânfest foar regionale of minderheidstalen beskriuwe wy de hjoeddeistige situaasje fan it Frysk op it mêd fan bestjoer, ûnderwiis, sûnenssoarch & wolwêzen, kultuer & media en bedriuwslibben & toerisme. Dêrneist ha wy op dy terreinen sawol doelstellings en útgongspunten as nije ympulsen foar de kommende jierren formulearre.

side

4

SAMENVATTING

Het beheersingsniveau van het Fries in beide gemeenten is vergeleken met heel Fryslân hoog. Dat geldt vooral voor de mondelinge vaardigheden, het Fries verstaan en praten. Enkele cijfers: -

95% (8K) / 94% (TD) kan het Fries goed tot zeer goed verstaan (Fryslân: 84%) 87% (8K) / 82% (TD) kan het Fries goed tot zeer goed praten (Fryslân: 64%) 63% (8K) / 69% (TD) kan het Fries goed tot zeer goed lezen (Fryslân: 52%) 22% (8K) / 24% (TD) kan het Fries goed tot zeer goed schrijven (Fryslân: 16%)

Doelstelling De algemene doelstelling van het Fries taalbeleid is: het creëren van randvoorwaarden voor het behoud en bevorderen van de Friese taal.

Uitgangspunten Bij het realiseren van bovenstaande doelstelling staan onderstaande uitgangspunten centraal. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel streven naar gelijkwaardigheid van talen Het taalbeleid van de gemeenten is gebaseerd op gelijkwaardigheid van het Fries en het Nederlands. Vanuit dit uitgangspunt vinden wij het belangrijk dat burgers, ambtenaren en bestuurders zelf kunnen kiezen of ze Fries of Nederlands praten en schrijven èn wederzijds respect hebben voor het gebruik van elkaars taalkeuze. In de praktijk is het Fries niet altijd gelijkwaardig aan het Nederlands, we zullen ons daarom inspannen om het Fries te versterken. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel kiezen voor tweetaligheid Wij kiezen voor tweetaligheid vanuit het beginsel van gelijkwaardigheid. Dit houdt in dat wij bij het gebruik van de taal een keuze maken voor de Nederlandse òf de Friese taal. In daarvoor geschikte situaties kiezen wij voor dubbeltaligheid. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hebben een voorbeeldfunctie Naar onze inwoners stralen wij uit dat zij in onze gemeenten zowel Nederlands als Fries kunnen spreken en schrijven. Wij willen de zichtbaarheid van het Fries vergroten en het draagvlak verbreden. In hun voorbeeldfunctie zullen de gemeenten wat betreft het Fries initiërend en stimulerend zijn.

Domeinen Aan de hand van de domeinen zoals die worden gehanteerd in het Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden beschrijven wij de hedendaagse situatie van het Fries op het gebied van bestuur, onderwijs, gezondheidszorg & welzijn, cultuur & media en bedrijfsleven & toerisme. Hiernaast hebben wij op deze terreinen zowel doelstellingen en uitgangspunten als nieuwe impulsen voor de komende jaren geformuleerd.

side

5

YNLIEDING

Oanlieding Nota Frysk taalbelied De hjoeddeistige nota’s Frysk taalbelied fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne opsteld foar de perioade 2017-2021. Dêrom is it hjoeddeistige belied aktualisearre en fanút it útgongspunt ‘samen, tenzij’ wei binne de twa nota’s gearfoege ta ien nota foar twa gemeenten. Dat hâldt yn dat de doelstelling en útgongspunten foar it Frysk taalbelied itselde binne foar beide gemeenten. Ek de útfiering sil safolle as mooglik itselde wêze, mar der is ek romte foar spesifike aksjepunten foar de gemeenten apart.

side

6

Proses Ein 2022 / begjin 2023 is der in evaluaasje fan it besteande belied nei de rieden stjoerd. De evaluaasje joech in oersicht fan hokfoar aktiviteiten der útfierd binne, sawol reguliere aktiviteiten as nije ympulsen/beliedsfoarnimmens yn de ôfrûne perioade. Op 2 febrewaris 2023 ha wy in ynteraktive gearkomste foar riedsleden, ynwenners en organisaasjes organisearre. Doel fan dizze gearkomste wie om mei ús mei te tinken en te advisearjen oer it Frysk taalbelied. De resultaten fan dizze gearkomste binne safolle mooglik ferwurke yn de nota dy’t no foarleit. De struktuer fan dizze nota is ûntliend oan it Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen en bestiet út de domeinen bestjoer, ûnderwiis, sûnenssoarch & wolwêzen, kultuer & media en bedriuwslibben & toerisme. Wy ha de stân fan saken beskreaun fan de reguliere aktiviteiten en de nije ympulsen mei in struktureel karakter út de hjoeddeistige nota’s Frysk taalbelied.

Lêswizer Yn haadstik 1 jouwe wy in beskriuwing fan it ramt foar it Frysk taalbelied, sawol ynternasjonaal, nasjonaal as provinsjaal. Yn haadstik 2 komme guon sifers nei foaren oer de taalsituaasje yn beide gemeenten en de gemeentlike organisaasje. Dêrnei formulearje wy yn haadstik 3 de doelstelling en útgongspunten fan it Frysk taalbelied yn ús gemeenten. Yn haadstik 4 oant en mei 8 beskriuwe wy de hjoeddeistige situaasje oangeande it Frysk op de ferskate domeinen en beneame wy doelstellings en útgongspunten foar de kommende jierren. De taalnota slute wy ôf mei in útfieringsplan dêr’t wy foar elts ûnderdiel de nije ympulsen foar de kommende jierren mei de finansjele konsekwinsjes op in rychje set ha (haadstik 9).

Utkomsten gearkomste Frysk taalbelied op 2 febrewaris 2023: ‘Wêr tinksto oan by Frysk taalbelied fan de gemeente?’

side

7

01 RAMT FOAR IT TAALBELIED

Yn dit haadstik beskriuwe wy it (wetlik) ramt fan it Frysk taalbelied, sawol op ynternasjonaal, nasjonaal, provinsjaal as gemeentlik nivo.

1.1 - Ynternasjonaal Nederlân hat him as lidsteat fan de Ried fan Europa ferplichte om it Frysk te beskermjen en te befoarderjen troch de ratifikaasje fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Dêrnjonken hat Nederlân it Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen ratifisearre. Krekt dat dokumint biedt in stevich fûnemint foar taalbelied foar ûnder oaren Fryske gemeenten. Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen It Hânfest is in unyk ferdrach tusken de steaten dy’t oerienkommen binne om te wurkjen oan in takomst dy’t geunstich is foar talen. It jout hânfetten foar it beskermjen en befoarderjen fan minderheidstalen yn it deistich libben. Fan de lidsteaten wurdt frege om noed te stean foar it ûnderwiis yn de regionale of minderheidstaal, foar foarsjenningen yn de media lykas krante, radio en telefyzje, mar ek foar foarsjenningen yn it iepenbier bestjoer.

1.2 - Nasjonaal Nederlân hat it Frysk yn 1970 offisjeel erkend yn it rapport fan de kommisje Friese Taalpolitiek. Fan dat stuit ôf hawwe der ferskate wetten en ôfspraken west dy’t de posysje fan it Frysk boargje. Hjoed-de-dei binne benammen de Wet gebrûk Fryske taal en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer fan belang. Wet gebrûk Fryske taal Fan 2014 ôf is de Wet gebrûk Fryske taal fan krêft en dizze wet fersterket de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlike ferkear. Utgongspunt dêrby is it waarboargjen fan de likense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk. De taalwet ferankeret tagelyk de posysje fan it Orgaan foar de Fryske taal, mei wetlike taken oangeande de beskerming en befoardering fan it Frysk. Dat orgaan hjit DINGtiid. Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer Yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en Kultuer (BFTK) steane ôfspraken dy’t de Fryske taal en kultuer befoarderje op it mêd fan ûnder oaren ûnderwiis, oerheden, media en kultuer, en soarch en wolwêzen. De BFTK is in útwurking fan ferdrachsferplichtingen foar de Fryske taal en kultuer oer it ynternasjonale ferdrach en hânfêst. It leit de mienskiplike ferantwurdlikens fan ryk en provinsje foar de Fryske taal en kultuer fêst. Dit jier binne der petearen tusken ryk en provinsje oer in nije BFTK.

De gemeenten binne dêr by belutsen en de oerheden meitsje mei-inoar nije ôfspraken foar de Fryske taal.

side

8

1.3 - Provinsjaal It provinsjaal bestjoer hat in eigen rol en ferantwurdlikens as it giet om it yn stân hâlden en befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer. Yn de hjoeddeistige BFTK is de provinsje Fryslân beneamd as Taalskipper. Dat hâldt yn dat de provinsje as meast belutsen bestjoerslaach primêr ferantwurdlik is foar de Fryske taal en kultuer. Yn har rol as Taalskipper soarget de provinsje foar oerlis, ambysje en gearwurking op it mêd fan de Fryske taal en kultuer en hâldt hja yn ‘e gaten oft de makke ôfspraken neikommen binne. Beliedsnota Nij Poadium 2021-2024 Yn de beliedsnota Nij Poadium hat de provinsje it belied fêststeld op it mêd fan ûnder oaren de Fryske taal. Ambysje fan it provinsjaal Frysk taalbelied is in fanselssprekkend plak fan it Frysk yn it ûnderwiis, it iepenbier libben en de frije tiid. Eltsenien kin optimaal Frysk leare, it Frysk is sichtber yn de iepenbiere romte en kommunikaasje, en it Frysk wurdt mear brûkt by kulturele ynstellings en media.

1.4 - Gemeentlik Beide gemeenten ha yn it koälysje-akkoart 2022-2026 tekst oer it Frysk opnommen. Dêrneist hat Tytsjerksteradiel it Frysk ek beneamd yn it riedsprogramma (sjoch taheakke).

side

9

02 TAALSITUAASJE

2.1 - Taalsituaasje yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel De provinsje Fryslân hat fan 2007 ôf, ien kear yn de fjouwer jier, de Fryske taalatlas útbrocht. De taalatlas jout in oersjoch fan de Fryske taal ûnder de ynwenners fan Fryslân. De measte ynformaasje yn de taalatlas komt út grutskalich taalûndersyk dat de provinsje útfierd hat ûnder de ynwenners fan de provinsje. Yn 2019 binne der 22.400 fragelisten ferstjoerd; 6.500 Friezen ha de enkête ynfolle, goed foar in respons fan 29%. Op basis fan it oandiel ynwenners dat oanjout it Frysk goed of hiel goed ferstean, prate, lêze en skriuwe te kinnen, stean beide gemeenten yn de top trije fan it persintaazje ynwenners dat de Fryske taal behearsket; nei Dantumadiel stiet Tytsjerksteradiel op twa en Achtkarspelen op trije. Yn ûndersteande tabel fergelykje wy de taalsituaasje yn beide gemeenten mei it gemiddelde yn Fryslân, yn 2007, 2011, 2015 en 2019.

Taalsituaasje (yn %)

Achtkarspelen

Tytsjerksteradiel

Fryslân

2007

2011

2015

2019

2007

2011

2015

2019

2007

2011

2015

2019

Frysk ferstean

93

95

93

95

94

94

95

94

84

85

85

84

Frysk prate

82

86

87

87

79

78

82

82

64

64

67

64

Frysk lêze

48

54

58

63

61

61

65

69

46

49

52

52

Frysk skriuwe

10

14

15

22

18

23

22

24

10

12

15

16

Sprektaal Frysk tsjin partner

74

76

72

71

66

64

66

62

44

45

46

43

Sprektaal Frysk tsjin bern

87

77

72

74

68

64

68

63

48

48

48

45

boarne: Provinsje Fryslân, De Fryske taalatlas: Fryske taal yn byld

Inkele konklúzjes: • Hast eltsenien yn beide gemeenten kin it Frysk goed oant tige goed ferstean. • Mear as 80% fan de ynwenners praat goed oant tige goed Frysk. • Mear as de helte fan de ynwenners kin it Frysk goed oant tige goed lêze. • Mear as 20% kin it Frysk goed oant tige goed skriuwe. • De behearsking en it brûken fan it Frysk is op elts mêd better en mear as trochsnee yn Fryslân, benammen op it mêd fan it Frysk praten. • Frysk as sprektaal tsjin de partner is krekt wat minder as 2015, mar folle heger as it Frysk gemiddelde. • Frysk as sprektaal tsjin de bern is yn Achtkarspelen wat mear as yn 2015, yn Tytsjerksteradiel wat minder as yn 2015, mar noch altyd folle heger as it Frysk gemiddelde.

side

10

KLOASTERS Ien ‘t dörp Gerkesklooster-Stroobos wordt Kloasters praat. Of, so as de Stroobossers sèg’n: Stroobossers. ‘t Tweelingdörp is één en der wordt één dialect praat. De Fryske Akademy het sich over de oorsprong van dit dialect buugd. ’t Is een vörm van it Zuid-Lauwerslands, ’t gebied ten oost’n van Kollumerland. ’t Dialect liekt wel wat op it Kollumerpomps, ’t Boerums, enso, maar toch bin’n der ferskill’n. It is te vernim’n dat ’t Kloasters meer deur oldere ienwoaners praat wordt as deur de jeugd. Ok kin’n je sien dat ’t meer praat wordt ien families die al van oldsher ien een van de beide dörpen woon’n.

2.2 - Taalsituaasje yn de gemeentlike organisaasje Yn maaie fan 2022 is oan alle meiwurkers fan de trije amtlike organisaasjes frege om in enkête Frysk yn te foljen. Mei in respons fan 32% (239 meiwurkers) is de enkête represintatyf. Ut de enkête docht bliken dat: • • • •

99% (100%) fan de respondinten it Frysk ferstiet, wêrfan’t 90% (96%) it Frysk goed oant poerbêst ferstiet. 70% (70%) praat it Frysk goed oant poerbêst, 18% (13%) praat gjin Frysk. 65% (65%) fan de meiwurkers kin goed oant poerbêst Frysk lêze, 4% (2%) kin gjin Frysk lêze. 23% (22%) skriuwt it Frysk goed oant poerbêst, 34% (35%) kin gjin Frysk skriuwe.

side

11

03 DOELSTELLING EN ÚTGONGSPUNTEN

Yn dit haadstik formulearje wy de algemiene doelstelling en útgongspunten foar it Frysk taalbelied. By de ferskate domeinen (haadstik 4 o/m 8) beneame wy ek doelstellings en útgongspunten.

Doelstelling De algemiene doelstelling fan it Frysk taalbeleid is: it kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.

Utgongspunten By it realisearjen fan boppesteande doelstelling steane de neikommende útgongspunten sintraal. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel stribje nei lykweardigens yn talen It gemeentlik taalbelied fan de gemeenten is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Ut dat útgongspunt wei fine wy it wichtich dat ynwenners, amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate en skriuwe èn fan wjerskanten respekt ha foar it gebrûk fan de taalkar fan elkoar. Yn de praktyk is it Frysk net altyd lykweardich oan it Nederlânsk, wy sille dêrom alle war dwaan om it Frysk fuort te sterkjen. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel kieze foar twataligens Wy kieze foar twataligens fanút it begjinsel fan lykweardigens wei. Dat hâldt yn dat wy by it brûken fan de taal in kar meitsje foar de Nederlânske òf de Fryske taal. Yn dêrfoar gaadlike situaasjes kinne wy kieze foar dûbeltaligens. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel ha in foarbyldfunksje Wy striele nei ús ynwenners út dat der yn ús gemeente sawol Nederlânsk as Frysk sprutsen en skreaun wurde kin en mei. Wy wolle de sichtberens fan it Frysk fergrutsje en it draachflak ferbreedzje. Yn har foarbyldfunksje sille de gemeenten wat it Frysk oanbelanget inisjearjend en stimulearjend wêze.

TWATALIGENS EN DÛBELTALIGENS By twataligens wurdt der in kar makke foar de Nederlânske of de Fryske taal. Twataligens docht rjocht oan it begjinsel fan lykweardigens, mar freget wol in bewuste kar yn eltse situaasje. By dûbeltaligens wurdt tagelyk it Nederlânsk en it Frysk brûkt. Dûbeltaligens jout in konkurrinsjeferhâlding en kostet mear tiid en jild (alles moat yn twa talen opsteld wurde).

side

12

04 BESTJOER

Doelstellings en útgongspunten Wy wolle dat der in fanselssprekkendheid en in positive wurdearring en hâlding is tsjin de Fryske taal oer. By bestjoerders en amtners, mar ek by de ynwenners fan en de bedriuwen en ynstellings yn de gemeenten. Wy stribje dêrom nei in positive oanpak fan it Frysk, wêrby’t wy rekken hâlde mei de aktive en passive behearsking fan it Frysk by de belanghawwende partij. Dêrneist wolle wy dat it Frysk mear sichtber wurdt yn ús uterings, sawol yntern as nei bûten ta.

Hjoeddeistige situaasje 4.1 - Algemien Us taalbelied wurdt ien kear yn de fjouwer jier hifke. Wy evaluearje it foarlizzende belied en as it nedich is, passe wy it oan. Wy sjogge ek nei nije wetlike bepalings op it mêd fan taalbelied dy’t in wiziging nedich meitsje. Taalferoardering Yn 2017 ha de gemeenterieden fan beide gemeenten in Taalferoardering Frysk fêststeld. Mei dizze feroardering meitsje wy ekplisyt op hokfoar wize de gemeente omgiet mei Frysk yn it skriftlik en mûnling ferkear. De feroardering docht rjocht oan it begjinsel fan twataligens. Yn de feroardering is fêstlein dat it de bestjoersorganen fan de gemeenten frij stiet om sels de kar te meitsjen foar it brûken fan de Fryske of de Nederlânske taal, foar safier’t dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.

side

13

4.2 - Klantekontakten De boarger kin sawol it Frysk as it Nederlânsk brûke. Meiwurkers prate foar safier mooglik werom yn de taal dy’t de ynwenner brûkt. Wy wolle de ynwenners ek útnûgje om it Frysk te brûken. By de baly is materiaal fan PraatmarFrysk goed sichtber. Telefoan As boargers it algemiene telefoannûmer fan de gemeenten skilje (14-0511), dan hearre sy in Fryske wolkomsttekst. Dêrnei nimt de resepsje de telefoan op yn it Frysk. De minsken kinne no sels yn it Frysk of it Nederlânsk fierder prate. Skriftlike korrespondinsje As der in brief of mail yn it Frysk by de gemeente komt, beäntwurdzje wy dy yn it Frysk (folgjend taalbelied). It giet om sa’n fyftjin brieven yn it jier. As de behanneljend amtner sels it Frysk net behearsket, dan kin hy of sy in taalomtinker freegje foar it oersetten fan brieven yn it Frysk. Yn foarkommende gefallen kin it gemeentebestjoer, nei ôfweaging fan de belangen fan de adressearde(n) en de gemeentlike organisaasje, op eigen inisjatyf Frysktalige brieven ferstjoere. Yn Tytsjerksteradiel hat de gemeente in yntinsjeferklearring sletten om by it opstellen fan korrespondinsje mei oerheden it Frysk yn it skrifltik ferkear te brûken. Dêr wurdt amper útfiering oan jûn. Klachteproseduere By in harksitting krijt eltsenien de kar yn it Frysk of Nederlânsk it wurd te dwaan.

As in klacht yn twadde ynstânsje telâne komt by de Nationale Ombudsman, dan kin dizze klacht ek yn it Frysk behannele wurde.

4.3 - Kommunikaasje Ynfopagina De gemeentepagina’s yn de hûs-oan-hûsblêden binne yn it Nederlânsk. Ut en troch is der oandacht foar it Frysk, bygelyks mei de gedichten/lieten fan de Wâlddichter/Wâldsjonger. De statyske kopkes op de ynfopagina binne yn it Frysk. Webside De gemeentlike websiden ha in Frysktalige side. Op dizze side stiet ynformaasje oer it Frysk taalbelied fan de gemeente en binne bygelyks de nota en feroardering Frysk te finen. Advertinsjes Advertinsjes dy’t yn de kranten steane, binne meastentiids juridysk fan aard, somtiden binne it ynformearjende advertinsjes of rou-advertinsjes. By juridyske advertinsjes is der gjin mooglikheid it Frysk te brûken. By ynformearjende advertinsjes mei dat al, mar op dit stuit binne dy altyd yn it Nederlânsk. Rou-advertinsjes pleatse wy likegoed yn it Nederlânsk as it Frysk. Parseberjochten Parseberjochten stelle wy út en troch yn it Frysk op, bygelyks as de tekst relaasje hat mei de Fryske taal en kultuer. Sitaten fan bestjoerders stelle wy somtiden yn it Frysk op.

side

14

Taspraak / foarwurd Taspraken en foarwurden stelle wy út en troch yn it Frysk op, meastentiids op fersyk fan de bestjoerder of as de gelegenheid him foar docht. Nije media De gemeenten sitte op twitter en facebook. Op dit stuit sette wy eins allinnich Nederlânsktalige nijsberjochten op de nije media.

4.4 - Boargerlike stân Boargersaken Minsken dy’t trouwe, kinne kieze foar in houlikstaspraak yn it Nederlânsk of it Frysk. It trouboekje dat it breidspear meikriget, is steld yn it Nederlânsk en it Frysk. Der is in hantlieding oer Fryske taspraken foar babsen. Op grûn fan de Wet gebrûk Fryske taal meitsje wy de akten boargerlike stân sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk op. It giet dan bygelyks om in trou-akte, berte-akte of in akte fan ferstjerren. Taalkado foar jonge âlden By oanjefte fan harren bern krije jonge âlden it Taalkado oanbean. It Taalkado hat as doel âlden te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder. Yn it Taalkado sit ûnder oaren in folder mei ynformaasje oer meartalich opfieden, ynformaasje oer Boekstart en de biblioteek, Frysktalige boekjes en oare aardichheidsjes. Wolkomstpakket nije ynwenners Eartiids krigen nije ynwenners in wolkomstpakket mei ynformaasje oer it taalbelied en de twataligens. Ferhuzings wurde eins allinnich noch mar digitaal trochjûn, wêrtroch’t in wolkomstpakket net mear jûn wurdt.

4.5 - Yntern Funksje-easken personiel Foar de kwaliteit fan ús tsjinstferliening is it Frysk binnen ús organisaasje fan grut belang. Yn ‘e fakatueres fan ‘e gemeenten nimme wy as eask op dat hja in positive hâlding oangeande de Fryske taal ha en dat it passyf behearskjen fan de Fryske taal in pree is. Yn de sollisitaasjepetearen komt it Frysk ferstean altyd oan ‘e oarder. By like geskikte kandidaten jout it Frysk de trochslach. Minimumeask foar it personiel is dat hja it Frysk ferstean en, ôfhinklik fan de funksje, lêze kinne. Of dat hja ree binne om yn elts gefal it Frysk passyf yn ‘e macht te krijen. Kursussen Frysk Alle jierren krijt it personiel de mooglikheid om ferskate kursussen Frysk te folgjen. De ôfrûne jierren ha der yn trochsnee 11 meiwurkers it jier in kursus Frysk folge, lykas PraatmarFrysk, SkriuwmarFrysk en LearmarFrysk.

side

15

Koördinator Frysk De gemeenten ha in beliedsmeiwurker dy’t har dwaande hâldt mei it Frysk taalbelied. Der is totaal 0,1 fte foar beskikber foar it ûntwikkeljen, advisearjen en útfieren fan belied fan twa gemeenten. Wy besykje ûnderdielen fan de taalnota safolle mooglik ûnder te bringen by de ferskillende ôfdielingen. Taalomtinkers Foar de trije amtlike organisaasjes binne njoggen taalomtinkers oanwiisd foar it oersetten fan teksten fan it Nederlânsk nei it Frysk en it neisjen fan Frysktalige teksten. De taalomtinkers steane op SharePoint, it netwurk foar it personiel fan de gemeenten. SharePoint Op SharePoint stiet ynformaasje oer it Frysk taalbelied. Dêr stean bygelyks de taalhelpmiddels en de dokuminten oer it Frysk taalbelied, lykas de Taalferoardering en de Nota Frysk taalbelied.

4.6 - Riedsgearkomsten De sprektaal yn gemeenteriedsgearkomsten is likegoed Nederlânsk as Frysk. De beslutelisten binne meastentiids yn it Nederlânsk. Yn Achtkarspelen wurde sitaten wannear’t se yn it Frysk sein binne ek yn it Frysk opnaam yn de beslutelist, yn Tytsjerksteradiel wurde sitaten eins net opnaam. De wurklist fan beide rieden binne yn it Nederlânsk opsteld. Riedsútstellen oangeande de Fryske taal of ûnderwerpen mei in Fryskeigen karakter binne yn it Frysk. Meiwurkers binne frij om oare riedsútstellen ek yn it Frysk te skriuwen. Yn trochsnee binne der ien of twa riedsstikken it jier yn it Frysk. De statyske kopkes fan de formats fan de riedsútstellen binne yn it Frysk. Eed/belofte gemeenteriedsleden Yn Achtkarspelen ha yn 2022 16 fan de 21 riedsleden de eed of belofte ôflein yn it Frysk (76%), yn 2018 wie dat itselde oantal. Yn Tytsjerksteradiel ha yn 2022 15 fan de 23 riedsleden de eed of belofte ôflein yn it Frysk (65%), yn 2018 wienen dat 13 fan de 23 riedsleden (57%).

4.7 - Iepenbiere romte Plaknammen Yn Achtkarspelen binne de plaknammen yn it Nederlânsk en it Frysk fêststeld. Yn Tytsjerksteradiel binne de plaknammen yn it Frysk fêststeld. De kûmbuorden binne likegoed yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Buorskippen De nammen fan de buorskippen binne yn beide gemeenten yn it Frysk fêststeld. Op de kûmbuorden fan de buorskippen stean allinnich de offisjeel fêststelde Fryske nammen. Strjitnammen Yn Achtkarspelen binne de strjitnammen yn it Frysk fêststeld, útsûndere de besteande strjitnammen yn ‘e doarpen Bûtenpost en Surhústerfean. Foar nije bestimmingsplannen yn de lêstneamde doarpen wurde de lêste jierren ek Fryske strjitnammen fêststeld. Yn Tytsjerksteradiel binne de strjitnammen sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Nije strjitnammen wurde safolle mooglik yn it Frysk fêststeld.

side

16

Wetternammen Yn 2004 ha de gemeenterieden ynstimd mei it fersyk fan de provinsje Fryslân om de wetternammen yn de gemeenten te ferfryskjen. Paadwizers / ferwiisbuorden Yn ‘e iepenbiere romte fan beide gemeenten binne ferskate paadwizers en ferwiisbuorden yn it Frysk.

Nije ympulsen • • • • • • • • • • • • • • • • • •

Minimaal fiif Frysktalige B&W- en riedsútstellen it jier Foarwurden en ynliedings fan gemeentlike (belieds)nota’s en notysjes ensfh. binne yn it Frysk Foarwurden bestjoerders yn brosjueres, magazines ensfh. fan eksterne organisaasjes binne yn it Frysk Utnûgings/affysjes foar gearkomsten, kursussen ensfh. binne yn it Frysk, sawol yn- as ekstern Sosjale mediaberjochten ha altyd minimaal ien Fryske sin, bygelyks oan it begjin fan it berjocht Mear parseberjochten binne yn it Frysk Sitaten fan Frysktalige bestjoerders yn parseberjochten ensfh. binne yn it Frysk Mear Frysk op de gemeentlike webside Mear Frysk op de gemeentlike ynformaasjepagina yn de hûs-oan-hûskrante It personielsblêd Tegearre is foar minimaal de helte yn it Frysk Minimaal twa meiwurkers/adviseurs kommunikaasje kinne Frysk skriuwe Buorden yn de gemeentlike gebouwen binne yn it Frysk Paadwizers/ferwiisbuorden yn de iepenbiere romte binne tenei yn it Frysk, of it moat sa wêze dat dat juridysk sjoen net mooglik is Gevelnammen fan gemeentlike gebouwen binne tenei yn it Frysk 8K: Underbuorden mei wolkom/oant sjen by de kombuorden fan de doarpen Frysktalige spandoeken ‘Wy geane wer nei skoalle’ In alternatyf betinke foar in wolkomstpakket nije ynwenners 8K: Ien overleg met Gerkesklooster-Stroobos sien of der verlet is van stimuleer’n van hun dialect, en so ja, op welke manier.

side

17

05 ÛNDERWIIS

De gemeente is beliedsmjittich belutsen by de foarskoalske perioade en it ûnderwiis foar folwoeksenen, mar hat op it mêd fan it primêr en fuortset ûnderwiis allinnich in inisjearjende en stimulearjende taak. Ambysje fan provinsje en ryk is dat uterlik yn 2030 alle skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis it (fak) Frysk op foldwaande nivo oanbiede, it saneamde A-profyl.

Doelstellings en útgongspunten Wy fine it wichtich dat de organisaasjes dy’t it (foarskoalsk) ûnderwiis fersoargje taalbelied formulearje. Dêrby fine wy in trochgeande learline wat de meartaligens oanbelanget fan belang. Wy fine dat de taalgefoelige perioade fan jonge bern brûkt wurde moat om boartsjendewei in start te meitsjen mei meartalige ûntwikkeling. Wy stimulearje de trijetalige skoalle en trune basisskoallen oan om yn harren skoalleplannen in paragraaf op te nimmen oer taalbelied en meartaligens yn it bysûnder. Wy wolle skoallen yn it fuortset ûnderwiis oantrune taalbelied te ûntwikkeljen dêr’t oandacht by is foar meartaligens.

MEARTALIGENS Meartaligens is goed foar de taal-, sosjale en yntellektuele ûntjouwing fan bern en draacht by oan de ûntjouwing fan harren identiteit. Inkele foardielen fan meartalich opgroeie binne: • • • • • •

meartalige bern binne taalgefoeliger; se binne fleksibeler yn taal en kinne hurd oerskeakelje fan de iene nei de oare taal; se leare der letter makliker in tredde, fjirde en fiifde taal by; meartaligens draacht by oan de identiteitsûntwikkeling fan bern; se leare gemiddeld sjoen flugger lêzen, trochdat se in sprutsen sin earder yn wurden opdiele en dy wurden wer opdiele yn klanken; meartalige bern ha in grutter wurkgeheugen.

(ûnder oaren basearre op ûndersiken fan Bialystok E; Baker C; Cummins J; Woudmans E; Surmont J; Struys E & Duyck W)

side

18

Hjoeddeistige situaasje 5.1 - Pjutteboartersplakken en berneopfang De ferantwurdlikens foar it foarskoalsk ûnderwiis is desintralisearre nei de gemeenten. Tomke De gemeenten subsidiearje it Tomke-projekt. It Tomke-projekt is in lês- en taalbefoarderingsprojekt foar bern fan 2 oant 5 jier. It hat as doel it befoarderjen fan de lês- en taalûntwikkeling fan bern yn gearwurking mei de âlden. It materiaal fan it projekt bestiet út in lêsmap, boekjes om mei nei hûs te nimmen, posters, ynformaasjebriefkes oer de t.v.-útstjoerings en foarljochtingsgearkomsten foar de pjutteliedsters. Oandacht foar de eigen taal is ien fan de wichtichste útgongspunten fan it Tomke-projekt. Foar alle pjutten is der alle jierren in oar Tomke-boekje en op de televyzje wurde aventoeren fan Tomke útstjoerd. De pjutteboartersplakken en de berne-opfang krije materiaal oanrikt yn it Frysk om it brûken fan de twadde rykstaal te stypjen en te stimulearjen mei oandacht foar de twa- en/of meartaligens. Alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn beide gemeenten wurkje mei Tomke. Pjutte-opfang foar meartalige ûntwikkeling Hjoed-de-dei wurdt net mear praat oer in twatalich of Frysktalich pjutteboartersplak, mar leaver oer in pjutte-opfang (of berneopfang-lokaasje) foar meartalige ûntwikkeling.

De lokaasje dy’t sa’n belied ymplemintearre hat, kriget fan it SFBO (Kennissintrum meartaligens jonge bern) it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’. Yn sa’n lokaasje wurdt in protte omtinken jûn oan de minderheidstaal, yn dit gefal it Frysk. Dat betsjut dat it Frysk in fêst en goed plak yn it oanbod hat fan op syn minst 50%, mar leaver mear. Dêrneist kriget it Nedêrlansk in bewust plak; it wurdt oanbean troch in fêste liedster, of bygelyks yn ôfbeakene taalaktiviteiten.

side

19

Yn Achtkarspelen binne der njoggen pjutte-opfanglokaasjes en fiif bernedeiferbliuwen, wêrby’t ien bernedeiferbliuw noch net meidocht oan it trajekt foar meartalige ûntwikkeling. Yn Tytsjerksteradiel binne der fyftjin pjutte-opfanglokaasjes en trettjin bernedeiferbliuwen, wêrby’t fiif lokaasjes noch net meidogge oan it trajekt foar meartalige ûntwikkeling.

5.2 - Primêr ûnderwiis Yn it primêr ûnderwiis is it Frysk as fak wetlik ferplichte. Op alle skoallen yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wurdt omtinken jûn oan it Frysk. De wize wêrop is ferskillend foar eltse skoalle. Trijetalige skoalle De trijetalige skoalle is útfierd nei it foarbyld fan trijetalich ûnderwiis yn oare Europeeske regio’s mei in minderheidstaal. Yn de Fryske fariant steane de trije ferplichte skoaltalen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk sintraal, mar wurde ek oare foarmen fan meartaligens wurdearre en ynset yn it taallearproses en by wrâldoriïntaasje. Trijetalige skoallen besjogge it ûnderwiisoanbod troch in meartalige bril en besykje de learlingen op in heger nivo fan meartalich funksjonearjen te krijen. Trijetalige skoallen folgje de kwaliteitsstandert 3TS fan Cedin (Underwiisbegeliedingstsjinst) en de standert Vroeg vreemdetalenonderwijs fan Nuffic. Sûnt 2022 wurde de skoallen binnen Netwurk 3TS neffens de standert ‘nij elan’ sertifisearre en foldogge dêrmei rom oan ‘e kearndoelen foar taal (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk). 3TS-skoallen ûnderskriuwe mienskiplik fêststelde kwaliteitsdoelen, mar jouwe har eigen foarm en útfiering oan it konsept. Netwurk 3TS soarget foar praktykútwikseling, ynspiraasje en entûsjasmearring. Yn Achtkarspelen binne op dit stuit fjouwer skoallen ûnderweis nei (wer)sertifisearring neffens de standert nij elan.

Yn Tytsjerksteradiel binne trije basisskoallen dêrmei dwaande. Taalplan 8K It Taalplan 8K is in gearwurking tusken fertsjintwurdigers fan taal(belied), ûnderwiis en pjutte-/ berneopfang. Ien fan de pylders yn it plan is meartaligens dêr’t ek doelstellings opnommen binne foar it Frysk yn it ûnderwiis. In skoalstiper hat geregeldwei kontakt mei de skoallen om mei-inoar stappen te setten sadat op syn lêst yn 2030 it Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurdt. Jou in bern in boek Yn 2022 hat Achtkarspelen foar de earste kear meidien oan ‘Jou in bern in boek’, in inisjatyf om bern oan te moedigjen om Frysk te lêzen en te skriuwen. Alle bern fan groep 5 ha it boek ‘De Goargels’ fan Jochem Myjer krigen. Ek is der in lesbrief ûntwikkele mei ekstra ynformaasje en opdrachten.

5.3 - Fuortset ûnderwiis Skoallen foar fuortset ûnderwiis kinne frijwillich kieze foar it brûken fan it Frysk as ynstruksjetaal. Foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis is it Frysk ferplicht. Skoallen foar fuortset ûnderwiis hawwe de mooglikheid om it Frysk as eksamenfak oan te bieden. Yn Tytsjerksteradiel biede Liudger en Singelland it Frysk as eksamenfak oan. Yn Achtkarspelen sil Aeres, yn gearwurking mei de oare fêstigingen yn Fryslân, it Frysk stap foar stap as eksamenfak oanbiede yn it VMBO en MBO.

side

20

Fryske boeken yn it ûnderwiis Yn beide gemeenten kin it foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis jierliks foar in bepaald bedrach Frysktalige boeken oanskaffe. Foar de lokaasjes pjutte- en berneopfang is dat € 100 it jier en foar de skoallen € 200 it jier.

5.4 - Underwiis foar folwoeksenen Op dit stuit fersoarget Firda (foarhinne: Friesland College/Friese Poort) it ûnderwiis foar folwoeksenen yn ús gemeenten. Taalfeardigens makket ûnderdiel út fan it oanbod basisedukaasje fan Firda. Under taalfeardigens kin yn de provinsje Fryslân ek de Fryske taal ferstien wurde. Op dit momint is der gjin oanbod Frysk foar de basisedukaasje.

5.5 - Workshop ynboargerers Yn 2022 soe foar beide gemeenten in workshop Frysk foar ynboargerers starte, yn gearwurking mei Afûk en Firda. De workshop hat as doel om yn ‘e kunde te kommen mei it Frysk en de gemeenten hoopje op dizze wize by te dragen oan bewustwurding fan de meartaligens fan Fryslân en it learen fan in tal Fryske wurden. Underwerpen dy’t ek oan bod komme binne ferskillen yn wurkkultuer, hiërargy, al of net eachkontakt meitsje of bygelyks de ferhâlding tusken man en frou. Troch personiele omstannichheden is dizze kursus oant no ta net útein set.

Nije ympulsen • • • • • • •

TD: Meidwaan oan it projekt ‘Jou in bern in boek’ TD: Kennisdieling meartaligens yn it primêr ûnderwiis (bygelyks in workshop fan Cedin) 8K: 100% dekking pjutte-opfang foar meartalige ûntwikkeling 8K: Leuk oanbod Afûk (bygelyks in workshop) yn it fuortset ûnderwiis (idee jongereinried 8K) Projekt Wâldsjonger yn it fuortset ûnderwiis Yn it Leja/SPJ bliuwend omtinken freegje foar meartaligens, fan pjut nei grut Workshop ynboargerers

side

21

06 SÛNENSSOARCH EN WOLWÊZEN

Doelstellings en útgongspunten De boarger moat yn kontakt mei de organisaasje foar sûnenssoarch en wolwêzen it Frysk brûke kinne. De gemeenten stimulearje organisaasjes/dielnimmers yn it gemeentlik netwurk om pasjinten/kliïnten safolle mooglik yn de eigen taal yn ‘e mjitte te kommen.

Hjoeddeistige situaasje 6.1 - Konsultaasjeburo By de besites oan it konsultaasjeburo krije âlders ynformaasje oer it belang fan taal by de fierdere ûntwikkeling fan it bern en ek oer meartaligens. It projekt Boekstart is in gearwurking tusken de biblioteek en it konsultaasjeburo, dêr’t ek oandacht by jûn wurdt oan de meartaligens.

6.2 - Wolwêzen Aktiviteitebegelieders organisearje ferskate aktiviteiten foar bewenners fan soarchsintra, sawol ûntspannings- as terapeutyske aktiviteiten. Talige aktiviteiten (foarlêze, fertelle, libbensferhalen, lêsgroepkes) foarmje in hieltyd wichtiger elemint. Yn ‘e âldereintehuzen en by ynstânsjes foar wolwêzen foar de âlderein yn de gemeenten brûke hja it Frysktalich materiaal ‘Dat wie doe sa’ fan de Afûk. De produkten prikelje âlderein ta in reaksje. Ferhaaltsjes, gedichten, foto’s, fideo’s en muzyk beljochtsje in ûnderwerp fan alle kanten en jouwe oanlieding ta reaksjes en ferhalen. Dit jier hat de Afûk nei alle wensoarchlokaasjes yn Fryslân de Fertel ris-praatkaarten tastjoerd. Mei dizze praatkaarten kin oan de hân fan ferskillende tema’s, ûnderwerpen en fragen in moai petear op gong brocht wurde.

6.3 - Wmo By it jaan fan yndividuele begelieding en help by it húshâlden wurdt rekken hâlden mei de thústaal fan de kliïnt. De kearn fan de Wet maatschappelijke ondersteuning (Wmo) is it petear tusken in boarger mei in helpfraach en de gemeente. By dat petear sykje beide partijen tegearre nei oplossingen fan de problemen. Foar in goed petear is it praten fan deselde taal wichtich. Yn it begjin fan it petear wurdt dêrom altiten hifke hokker taal oft de boarger prate wol en foarsafier dat mooglik is, slút de fertsjintwurdiger fan de gemeente dêrby oan. By de oanbesteging fan soarch is der oandacht foar it Frysk. De meiwurkers mei klantekontakten moatte it Frysk yn elts gefal ferstean kinne en aktive behearsking fan it Frysk is in pree. As de klant wol dat by húshâldlike help de meiwurker ek Frysk prate kin, dan wurdt dêr rekken mei hâlden.

Nije ympulsen •

Frysk aardichheidsje meijaan op it konsultaasjeburo

side

22

07 KULTUER EN MEDIA

Doelstellings en útgongspunten Wy wolle kulturele aktiviteiten en inisjativen yn it Frysk stimulearje. Dat dogge wy troch it subsidiearjen fan ferskate eveneminten mei in Frysk(talich) karakter. Fanút ús foarbyldfunksje wei sille wy ek in inisjearjende rol spylje op it mêd fan it Frysk. Wy fine it wichtich dat it Frysk en Nederlânsk op in noflike en oansprekkende wize neist inoar brûkt wurde yn de gemeentlike media.

Hjoeddeistige situaasje 7.1 - Kultuer Taal en kultuer bynt minsken (sjoch ek: Kultuernota Ut de kûlizen). Se binne dan ek net los fan inoar te sjen. Beide binne it wichtige pylders fan wat as it ‘Fryskeigene’ oantsjut wurdt. Yn ferskate (kulturele) uterings komt de taal folslein ta syn rjocht en dat is wichtich foar de fierdere groei en ûntwikkeling fan de taal. De rykdom fan de Fryske taal komt bygelyks dúdlik ta utering by doarpsfeesten, biblioteken en it (doarps)toaniel. Wâldsjonger Om it kulturele en literêre libben yn de gemeenten te stimulearjen ha beide gemeenten in doarpsdichter. Fan 2023 ôf is dat in Wâldsjonger. De Wâlddichter of Wâldsjonger skriuwt op fersyk of op eigen inisjatyf Frysktalige gedichten/lieten en draacht se foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten/lieten wurde pleatst op ús webside en op de ynfopagina yn de hûsoan-hûsblêden. Kulturele eveneminten Neist in inisjearjende rol kinne de gemeenten it Frysk ek stimulearje troch it jaan fan subsydzje foar ferskate eveneminten mei in Frysktalich karakter. Dêrby kin tocht wurde oan bygelyks iepenloftspullen. Toanielferienings jouwe yn it generaal ien of twa kear in foarstelling it jier. Dizze toanielstikken binne altyd yn it Frysk. Biblioteek De biblioteek hat in kolleksje Fryske boeken en hâldt elts jier Fryske literêre jûnen.

Dêrneist organisearret de biblioteek ferskate Fryske lêsbefoarderingsaktiviteiten, lykas yn de Fryske Foarlêswike en yn it ramt fan Tomke. Fia it projekt Boekstart krije jonge âlders ynformaasje oer foarlêzen en meartaligens.

side

23

Musea De musea yn beide gemeenten brûke út en troch it Frysk. By De Kruidhof yn Bûtenpost bygelyks stean by guon planten de Fryske namme. Dêrneist is der in kolleksje Fryske kultuergewaaksen. It Kokelhûs fan Jan en Sjut yn Eastermar kriget in meartalige audiotoer, mei in Fryske ferzje. Kursussen Frysk De Afûk organisearret alle jierren kursussen Frysk foar ynwenners. Dat binne bygelyks de kursussen Praat mar Frysk, Lear mar Frysk en Skriuw mar Frysk. De gemeente subsidiearret dizze kursussen. Yn 2022 ha yn beide gemeenten achttjin ynwenners in kursus Frysk fia de Afûk folge.

7.2 - Media Lokale omrop RTV NOF is oanwiisd as lokale publike media-ynstelling yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. De radio- en tv-programma’s binne foar sa’n 80% yn it Frysk. Ynterviews binne yn it Frysk en de gearwurking mei Omrop Frysân is folslein yn it Frysk. De webside fan de omrop is foar it grutste part Nederlânsktalich. Doarpskrantsjes/doarpswebsides De redaksjes fan doarpskrantsjes en -websides brûke út en troch it Frysk. Ien kear yn ‘e twa jier biede wy, yn gearwurking mei gemeente Tytsjerksteradiel, kursussen Frysk skriuwen oan by ferienings pleatslik belang/doarpsbelang, redaksjes fan doarpskrantsjes/websides en de lokale omrop. Ofrûne jier is der ien kursus úteinset, mei fiif kursisten. Yn Tytsjerksteradiel wurdt twajierliks in priis útrikt foar Frysktalige doarpssjoernalistyk. Yn 2020 wie Eastermar de winner, yn 2022 wie dat Wyns.

Nije ympulsen • • • •

Bliuwend omtinken foar it Frysk freegje by kulturele en sportferienings TD: Sjen oft by subsydzjebeskikkings in sin opnommen wurde kin dat ferienings yn harren kommunikaasje it Frysk sichtber meitsje 8K: Ferdjipping taalbelied biblioteek Frysktalich promoasjemateriaal foar de gemeenten en de Wâlden meitsje litte

side

24

08 BEDRIUWSLIBBEN EN TOERISME

Doelstellings en útgongspunten Wy wolle Fryske uterings yn it bedriuwslibben en toerisme stimulearje en fasilitearje, bygelyks troch it jaan fan ynformaasje oer subsydzjeregelings op it mêd fan it Frysk. Ek wolle wy, yn gearwurking mei oare partijen, projekten inisjearje wêrby’t de Fryske taal brûkt wurdt.

Hjoeddeistige situaasje 8.1 - Bedriuwslibben Mei it brûken fan de Fryske taal kinne bedriuwen harren ûnderskiede en dêrmei in mearwearde ha. Hoe wichtich de Fryske taal foar bedriuwen is, hinget ôf fan op hokker merk oft se wurkje. Foar bedriuwen dy’t ynternasjonaal oriïntearre binne, is it Frysk minder oantreklik as foar bedriuwen dy’t op lokaal nivo wurkje. Krekt foar lokale bedriuwen kin it Frysk in wichtige rol spylje yn it klantekontakt en de bining mei de omjouwing.

8.2 - Rekreaasje en toerisme Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel ha net allinne foar harren eigen ynwenners wat te bieden, ek foar minsken fan bûten de gemeente is in besite oan it lânskip en ús doarpen tige de muoite wurdich. Omtinken foar it Frysk past dêr goed by. It Frysk wurdt sjoen as ûnderdiel fan it toeristysk en rekreatyf produkt.

Nije ympulsen • •

• •

Projekt ferhalebankjes: kuier- en fytsrûte mei Frysktalige folksferhalen 8K: Frysktalige ynformaasje oer de omjouwing by de buorden fan de fytsknooppunten, bygelyks mei in ûnderboerd of QR-koade (idee jongereinried 8K) TD: Yn de nije ferzje fan it boekje ‘Doarpskuierkes’ wurdt it Frysk opnommen Bliuwend omtinken foar it Frysk freegje yn it bedriuwslibben en toerisme

side

25

09 ÚTFIERINGSPLAN 2023-2027

Yn neikommend skema ha wy de nije ympulsen by de ferskate beliedsterreinen op in rychje set. Dêrneist bliuwe wy útfiering jaan oan de besteande aktiviteiten. Dizze aktiviteiten steane beskreaun yn de foargeande haadstikken fan dizze nota en binne net op ‘e nij yn it skema opnommen. Nei it oersicht mei nije ympulsen fine jo in útlis oer de kosten.

Nije ympulsen Bestjoer • Minimaal fiif Frysktalige B&W- en riedsútstellen it jier • Foarwurden en ynliedings fan gemeentlike (belieds)nota’s en notysjes ensfh. binne yn it Frysk • Foarwurden bestjoerders yn brosjueres, magazines ensfh. fan eksterne organisaasjes binne yn it Frysk • Utnûgings foar gearkomsten, kursussen ensfh. binne yn it Frysk, sawol yn- as ekstern • Sosjale mediaberjochten ha altyd minimaal ien Fryske sin, bygelyks oan it begjin fan it berjocht • Mear parseberjochten binne yn it Frysk • Sitaten fan Frysktalige bestjoerders yn parseberjochten ensfh. binne yn it Frysk • Mear Frysk op de gemeentlike webside • Mear Frysk op de gemeentlike ynformaasjepagina yn de hûs-oan-hûskrante • It personielsblêd Tegearre is foar minimaal de helte yn it Frysk • Minimaal twa meiwurkers/adviseurs kommunikaasje kinne Frysk skriuwe • Buorden yn de gemeentlike gebouwen binne yn it Frysk • Paadwizers/ferwiisbuorden yn de iepenbiere romte binne tenei yn it Frysk, of it moat sa wêze dat dat juridysk sjoen net mooglik is • Gevelnammen fan gemeentlike gebouwen binne tenei yn it Frysk • 8K: Underbuorden mei wolkom/oant sjen by de kombuorden fan de doarpen * • Frysktalige spandoeken ‘Wy geane wer nei skoalle’ • In alternatyf betinke foar in wolkomstpakket nije ynwenners • 8K: Ien overleg met Gerkesklooster-Stroobos sien of der verlet is van stimuleer’n van hun dialect, en so ja, op welke

manier.

side

26

Underwiis • TD: meidwaan oan it projekt ‘Jou in bern in boek’ • TD: Kennisdieling meartaligens yn it primêr ûnderwiis (bygelyks in workshop fan Cedin) • 8K: 100% dekking twatalige pjutteopfang/bernedeiferbliuw • 8K: Leuk oanbod Afûk (bygelyks in workshop) yn it fuortset ûnderwiis (idee jongereinried 8K) * • Projekt Wâldsjonger yn it fuortset ûnderwiis • Yn it Leja/SPJ bliuwend omtinken freegje foar meartaligens, fan pjut nei grut • Workshop ynboargerers Sûnenssoarch en wolwêzen • Frysk aardichheidsje meijaan op it konsultaasjeburo Kultuer en media • Bliuwend omtinken foar it Frysk freegje by kulturele en sportferienings • TD: Sjen oft by subsydzjebeskikkings in sin opnommen wurde kin dat ferienings yn harren kommunikaasje it Frysk sichtber meitsje • 8K: Ferdjipping taalbelied biblioteek • Frysktalich promoasjemateriaal foar de gemeenten en de Wâlden meitsje litte Bedriuwslibben en toerisme • Projekt ferhalebankjes: kuier- en fytsrûte mei Frysktalige folksferhalen • 8K: Frysktalige ynformaasje oer de omjouwing by de buorden fan de fytsknooppunten, bygelyks mei in ûnderboerd of QR-koade (idee jongereinried 8K) * • TD: Yn de nije ferzje fan it boekje ‘Doarpskuierkes’ wurdt it Frysk opnommen • Bliuwend omtinken foar it Frysk freegje yn it bedriuwslibben en toerisme * Materiële kosten: p.m.

Finânsjes De kosten fan besteande aktiviteiten en de nije ympulsen binne te ferdielen yn materiële en personiele kosten. Materiële kosten De finansiering fan de materiële kosten bart út besteande budzjetten wei. Foar it grutste part út it budzjet Frysk taalbelied (8K: € 12.339, TD: € 22.893) en dêrneist, as it te krijen hat mei oare beliedsterreinen, ek út dy budzjetten wei, bygelyks ûnderwiis en rekreaasje & toerisme. Ek meitsje wy gebrûk fan subsydzjemooglikheden fan provinsje Fryslân. Fan in oantal nije ympulsen binne de kosten noch net dúdlik (oanjûn mei *). As dêr ekstra jild foar nedich is, dan wurdt dat oan jo foarlein. Personiele kosten Op dit stuit binne der fjouwer oeren beskikber foar it ûntwikkeljen, advisearjen en útfieren fan it Frysk taalbelied fan twa gemeenten. Dat is ûnfoldwaande. Fia de Kadernota 2024-2027 is útwreiding fan fjouwer oeren oanfrege foar ûntwikkeljen en advisearjen en tolve oeren foar de útfiering fan it Frysk taalbelied binnen de WM8KTD.

side

27

TAHEAKKE: GEMEENTLIK RAMT

Koälysje-akkoart Achtkarspelen 2022-2026 By ûnderwiis • Wy stimulearje it Frysk en de meartaligens (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk) yn it ûnderwiis mei de skoallestiper. • Alle skoallen ha it A-profyl as it giet om de Fryske taal. By kultuer • De sichtberens fan de Fryske taal yn de iepenbiere romte is wichtich. Wy fiere it besteande belied út om gemeentlike namme- en ferwiisbuorden yn de Fryske taal te setten en stimulearje it gebrûk fan dy Fryske taal.

Riedsprogramma Tytsjerksteradiel 2022-2026 By ûnderwiis De Nota Frysk taalbelied wurdt yn 2022 aktualisearre. Foarútrinnend op dizze aktualisaasje komt der earst in evaluaasje. De ried is grutsk op ‘e Fryske taal en (plattelâns)kultuer, lykas skûtsjesilen, fierljeppen, karbidsjitten en doarpsfeesten, en hat omtinken hjirfoar. Dêrom is de opdracht oan it kolleezje om by de evaluaasje ynsjoch te jaan wêrom’t guon saken út it taalbelied net útfierd binne en wêr’t de tûkelteammen sitte. Foar it kommen ta it nije taalbelied freget de ried ek om ynsjoch te jaan yn de wize wêrop’t it stimulearjen fan de Fryske taal kombinearre wurdt mei de Fryske sporten en kultuer.

Koälysje-akkoart Tytsjerksteradiel 2022-2026 Frysk De taal fan ús hert kriget yn de kommende perioade in nij belied dat rjocht docht oan de ôfspraken yn it ramt fan de bestjoersôfspraken Fryske taal en kultuer. Spearpunten • Trochgeande learline stimulearje fia berneopfang en ûnderwiis • Frysk sichtber yn iepenbiere romte • Frysk is Fun! Wy wolle op kreative wize it brûken fan it Frysk yn hûs en dêrbûten fergrutsje • Yn uterings fan de gemeente de meartaligens sjen litte • De gemeenteside yn Actief ek yn it Frysk ynfolje • In Frysktalich wolkomstpakket by it ynskriuwen fan in bern of ynwenner By ûnderwiis • Wy fine it Frysk wichtich. Wy stimulearje twatalige foarskoalske opfang en foar- en ierskoalske edukaasje mei oanslutend in trochgeande learline yn it basisûnderwiis.

side

28

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=a0f3b6f5-4e59-413c-81eb-bac8fe06d583