CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

06 - Bijlage 5 - Ynformearjend riedsútstel - Sebrapaden - Moasje frjemd (25-01-2023)

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 19 december 2024, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Evaluatie verkeersveiligheid Van Sminiaplein te Burgum (opiniearjend)783 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Riedsútstel

LIST Status Program Portefúljehâlder Amtner Taheakke

: : : : : :

Saak- en stiknûmer

:

25 januari 2023 Informerend Programma 2 - Wegen en Infrastructuur Mevr. T. Willemsma Dhr. J. Meirink 1. Moasje Frjemd - Sebrapaden 2. Toepassingskader zebrapaden Z2022-03686 / S2023-00796

Underwerp Sebrapaden - moasje frjemd Wy stelle jo foar kennis te nimmen fan: De reaksje op de moasje frjemd “sebrapaden” fan 24 novimber 2022. Koarte gearfetting It kolleezje jout - yn ôfwiking op de moasje - earstens net útfiering oan de oanlis fan it sebrapaad op it Van Sminiaplein (folút Jonkheer Hobbe Baerdt van Sminiaplein) ter hichte fan de trochgong Frisiasingel/Ds. J. Kooiplein en wol oan dy op de Tjalling H. Haismastraat ter hichte fan de Schoolstraat. Ynlieding Op 24 novimber 2022 is in moasje omtrint de oanlis fan sebrapaden yn Burgum yntsjinne en unanym oannommen. Nei oanlieding dêrfan hawwe wy jimme op 1 desimber mei in ynformearjend riedsútstel op de hichte brocht fan in “toepassingskader zebrapaden” dat wy fêststeld ha om te tsjinjen by it ôfwaagjen fan fersyken ta de oanlis fan oerstekfoarsjennings. Yn datselde riedsútstel wie ek oanjûn dat jimme fersyken foar sebrapaden, hjir net folslein yn passe. Jimme fersyken wiene: •

•

Om op it van Sminiaplein yn nijfolging fan it wizigjen fan ‘e krúsing, ien tidelik sebrapad oan te lizzen ter hichte fan ‘e trochgong Frisiasingel/Kooiplein en nei ôfrûning fan de bou te ûndersykjen wat needich is foar ferkearsfeiligens by it Van Sminiaplein. Om op ‘e Tjalling Haismastrjitte, op ‘e krúsing Schoolstraat, oan ‘e súdkant in sebrapaad te realisearjen

Mei dit stik wolle wy sa as doe ek oanjûn reagearje op dizze beide punten. Kearnboadskip Wy jouwe - yn ôfwiking op de moasje - earstens net útfiering te jaan oan de oanlis fan it sebrapaad op it Van Sminiaplein en wol oan dy op de Tjalling H. Haismastraat. Motivearing It oanbringen fan in sebrapaad by de krúsing Tjalling H. Haismastraat/Schoolstraat past foar it grutste part binnen de kaders út it “toepassingskader”. It is yn in 50 km/oeregebiet en it punt leit op in rûte dy’t faker troch âlderein brûkt wurdt. Dêr stiet tsjinoer dat

Side

:

2

de saneamde “middengeleiders” oerstekken yn twa kear al mooglik makket. Dochs kin temjitte kommen wurde oan dit fersyk út de moasje. De kosten fan sa’n € 2.000 kinne betelle wurde út de reguliere budzjetten foar lytsskalige ferkearsmaatregels. Foar in sebrapaad by it Van Sminiaplein leit dat oars. De neikommende oerwagings lizze dêroan te’n grûnslach: 1. It oanbringen fan sebrapaden yn in 30 km/oere-sône is net de maatregel dy’t him fuort oantsjinnet; Yn it earder oanbeane “toepassingskader zebrapaden” stiet beskreaun dat yn in 30 km-gebiet de ferkearssituaasje sa wêze moat dat oerstekfoarsjennings net nedich binne. At dat net it gefal is moat besjoen wurde hoe ’t dy wol sa makke wurde kin. De gebouen dy ’t realisearre wurde, sille dêr ek harren ynfloed op ha. Dêrom binne wy fan betinken dat dit earst klear wêze moat, foar ’t wy bepale (kinne) wat fierder nedich is. 2. It oanbringen fan in tiidlik sebrapaad jout net winske technyske konsekwinskjes; It sljochtwei útfieren fan in koarte proef mei it oanbringen fan in sebrapaad jout swirrichheden. Op strjitstiennen kin dit min mei strjitferve oanbrocht wurde. Seker yn dizze tiid fan it jier. Ek moat it dan hiel faak oerferve wurde. Dit betsjut dat it sebrapaad yn it strjitwurk oanbrocht wurde moatte soe. Dat jout saneamde “knipskea” wat de sterkte fan de dykkonstruksje minder makket. 3.

It hat bliken dien dat it Van Sminiaplein de ôrûne 5 jier yn objektive sin feilich west is; Fanôf 2018 binne der op it Van Sminiaplein suver gjin ûngemakken registreare. Boppeal net yn de tiid dat de ferkearsdrokte normaal wie. Troch de drokte fan it ferkear moat men betiden wachtsje om oer te stekken. It útsjen dêrby jout ek in gefoel fan ûnfeiligens. By de drokte tidens de rekonstruksje oan de Raadhuisweg útere dat ‘m sterker. No ’t dat net mear oan de oarder is normalisearet de subjektive ûnfeiligens ek. 4. Men is noch drok dwaande mei de realisaasje fan de 3 van Sminia en dêrom is de ynfloed fan dizze gebouen (en it gebrûk dêrfan) op de ferkearssituaasje noch ûnbekind; Sawat 5 jier lyn is by de oanlis fan de - neffens it konsept “dielde romte” - ynrjochte krúsing oanjûn, dat dit fersterke wurde moatte soe mei de bou fan de 3 gebouen. Troch it oars belibjen fan de rûmte, sil it ferkearsgedrach him oanpasse. Kommunikaasje Net fan tapassing Ferfolchtrajekt Dêr wurd útfiering jûn oan it oanbringen fan in sebrapaad by de krúsing Tjalling H. Haismastrjitte/Schoolstraat (súdside). Burgum, 24 jannewaris 2023 Het college van burgemeester en wethouders van Tytsjerksteradiel, secretaris,

burgemeester,

Side

:

3

mevr. H.M. van Gils

dhr. drs. L.J. Gebben

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=0a43e2df-afde-4a46-83e7-06fab2382b56