CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

06 - Bijlage 2 - Motie Doelgroepenferoardering en Hûsfêstingsferoardering

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 13 oktober 2022, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Memo huisvestings- en doelgroepenverordening (opiniërend)182 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

MOASJE FRJEMD Wurklistpunt: MF-22-2 Underwerp: Doelgroepenferoardering & Hûsfêstingsferoardering De ried van de gemeente Tytsjerksteradiel yn gearkomste byinoar op 27 jannewaris 2022 Freget it kolleezje: Om in konsept Doelgroepenferoardering en Hûsfêstingsferoardering op te stellen, sadat dizze dokuminten uterlik yn de riedsgearkomste fan 30 juny 2022 opiniearjend besprutsen wurde kinne. En giet oer ta de oarder fan de dei. Taljochting: -

Der is sprake fan grutte krapte op de wenningmerk en faaks ek in wanwicht (mismatch) tusken fraach en oanbod fan wenromte; Tytsjerksteradiel makket noch gjin gebrûk fan in Doelgroepenferoardering & Hûsfêstingsferoardering; De gemeente mei in Doelgroepenferoardering kin ynfloed hawwe op it persintaazje sosjale hierwenten by nijbou lokaasjes; De gemeente mei in Hûsfêstingsferoardering kin 25%-30% fan de nijbouwenten takenne oan minsken mei in lokale bining; Gebrûk fan boppesteande feroarderingen kin in goed ynstrumint foar Tytsjerksteradiel wêze om mei in minimale administrative lêst foar inisjatyfnimmers en gemeente, dochs de folkshúsfêsting yn de gemeente te ferbetterjen.

FNP-Tytsjerksteradiel, J.P. van der Velde GrienLinks-Tytsjerksteradiel, B. van Zandbergen PvdA-Tytsjerksteradiel, P.J.A. van de Hoef

Stimming Foar

:

Tsjin

:

Oannommen / Fersmiten / Ynlutsen

De riedsgriffier

De riedsfoarsitter

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=a23af27c-31d1-4df0-87fd-a523a2294170