CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

05 - Riedsútstel - Konsept beliedsplan bioferskaat

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 30 mei 2024, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Konsept beliedsplan bioferskaat (opiniearjend)500 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Riedsútstel

Ried Agindapunt Status Program Eardere behanneling Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmer

: : : : : : : : :

30 maaie 2024 5 Opiniearjend Programma 5- Sport, kultuer en rekreaasje Presintaasje Iepen Poadium 23 maaie 2024 Mevr. T. Willemsma Mevr. D.M. van der Pol 1. Konsept beliedsplan bioferskaat Z2023-04152 / S2024-01930

Underwerp Konsept beliedsplan bioferskaat Koarte ynhâld Foar it opstellen fan ús nije beliedsplan bioferskaat binne trije senario’s útwurke. Dizze stean yn it konsept plan. Foech fan de ried/kolleezje De ried stelt it bioferskaatplan fêst. De ried wurdt no frege om him opinierjend út te sprekken oer de senario’s dy’t útwurke binne yn it konsept-bioferskaatplan. Nei it opiniearjen sil it kolleezje it definitive plan en it foarkarsenario oan de ried ta beslútfoarming foarlizze. It beliedsplan tsjinnet as ynput foar it grienbeliedsplan dat dernei oan de ried foarlein wurde wil. Taljochting De ried hat op 23 febrewaris 2023 de startnotysje bioferskaat fêststeld. De earste stappen dêrfan binne achter de rêch. Oan’t no ta is der by alle partijen op ferskate wizen ynformaasje ophelle. Yn april 2023 hat der yn Burgum in brainstormsesje west foar ynwenners, riedsleden en eksterne belanghawwenden. Dêrneist hat op de Denkmee webside in enquête west foar eltsenien yn de gemeente. Tegearre mei A&W is ynhâldkik in ferdjippingsslach útfierd om goed ynsjoch te krijen yn de situaasje yn ús gemeente. Foar belutsen amtners is in temasesje holden. Op basis dêrfan binne trije senario’s útwurke: A “herstel en versterk” B “herstel en behoud” C “Vrijwel niets doen” Senario A hat it heechste ambysjenivo en set yn op it ombûgjen fan de delgeande line nei in opgeande line.

Senario B draait om de delgeande line te stoppen en in bytsje omheech te bûgjen. Senario C betsjut trochgean op deselde wize en dêrby it risiko rinne fan fjirder bioferskaatferlies. Yn it beliedsplan lêze jo de útwurke kaders per senario, ynklusyf de konkrete maatregels en in rûzing fan de kosten. It plan befettet gjin útfieringsplanning. Dat jouwe wy foarm troch nei de beslútfoarming in jierlikse planning te meitsjen. Sa bliuwt it fleksibel om op aktuele saken yn te spyljen. Wy freegje no oan de ried hokker senario oanslút by harren ambysjenivo.

Ried Punt Side

: : :

30 maaie 2024 5 2

As kolleezje wille wy graach it neifolgjende mei jaan: Wy wolle graach útfiering jaan oan senario A "herstel en versterk". Bioferskaat is fan libbensbelang foar de minske. Bliken docht dat it besteande belied de delgeande spiraal net stoppe hat. Aksje is dêrom needsaaklik. Dit is de iene werklikheid. De oare werklikheid is de koartlyn troch it Ryk publisearre Voorjaarnota. Fanwegen de ûnwissens oer it finansjele perspektyf foar ús gemeente is der neffens it kolleezje net genôch basis om senario A echt yn útfiering te nimmen. Omdat senario C "vrijwel niets doen" net winsklik is, sprekt it kolleezje foarkar út foar senario B "herstel en behoud".

Burgum, 7 maaie 2024

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, sekretaris a.i.,

boargemaster,

dhr. drs. J. Krul

dhr. drs. L.J. Gebben

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=17e3c9d4-613a-4ba3-9e91-83e7285980e5