CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

04 - Riedsútstel - Evaluaasje en planning Nota Frysk taalbelied

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 26 januari 2023, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Evaluaasje en planning Nota Frysk taalbelied (opiniërend)669 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Riedsútstel

Ried Agindapunt Status Program Eardere behandeling Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmer

: : : : : : : : :

26 jannewaris 2023 4 Opiniearjend Programma 5 – Sport, cultuur en recreatie N.f.t. Mefr. T. Willemsma Mefr. D. Verbeek 1. Evaluaasje Beliedsplan Frysk Tytsjerksteradiel Z2022-03096 / S2022-21430

Underwerp Evaluaasje en planning Nota Frysk taalbelied Koarte ynhâld De hjoeddeistige nota’s Frysk taalbelied fan sawol Tytsjerksteradiel as Achtkarspelen binne fêststeld yn 2017. Yn 2023 wurde beide nota’s aktualisearre en gearfoege ta ien Nota Frysk taalbelied foar beide gemeenten. Foarútrinnend is der in evaluaasje makke fan de hjoeddeistige nota en in planning makke foar de nije Nota Frysk taalbelied 8KTD. Foech fan de ried / it kolleezje De ried stelt de Nota Frysk taalbelied fêst, wêrmei’t der in ramt is foar it Frysk taalbelied. It kolleezje jout útfiering oan it belied. De evaluaasje fan de aktiviteiten op it mêd fan it Frysk taalbelied wurdt opiniearjend oan jo foarlein. Ynlieding De hjoeddeistige nota’s Frysk taalbelied fan sawol Tytsjerksteradiel as Achtkarspelen binne fêststeld yn 2017. Yn 2023 wurde beide nota’s aktualisearre en gearfoege ta ien Nota Frysk taalbelied foar de twa gemeenten. Foarútrinnend is der in evaluaasje makke fan de hjoeddeistige nota (sjoch taheakke) en in planning makke foar de nije Nota Frysk taalbelied 8KTD. Planning Nota Frysk taalbelied 8KTD Wat Evaluaasje hjoeddeistige nota’s Evaluaasje yn opiniearjende riedsgearkomste Gearkomste riedsleden 8KTD en oare belutsenen Tarieding nota en útfieringsplan B&W: ynstimme mei de nota / fêststelle útfieringsplan Ried: fêststelle fan de nota Utfiering nota

Wannear desimber 2022 26 jannewaris 2023 2 febrewaris 2023 febrewaris / maart april maaie / juny fan july ôf

Evaluaasje Frysk taalbelied Yn it Riedsprogramma 2022-2026 Tytsjerksteradiel is tekst opnommen oer it Frysk, mei dêryn ûnder oaren de fraach om mei in evaluaasje fan it Frysk taalbelied te kommen.

Ried Punt Side

: : :

26 jannewaris 2023 4 2

Riedsprogramma 2022-2026 Tytsjerksteradiel ‘De Nota Frysk taalbelied wurdt yn 2022 aktualisearre. Foarútrinnend op dizze aktualisaasje komt der earst in evaluaasje. De ried is grutsk op ‘e Fryske taal en (plattelâns)kultuer, lykas skûtsjesilen, fierljeppen, karbidsjitten en doarpsfeesten, en hat omtinken dêrfoar. Dêrom is de opdracht oan it kolleezje om by de evaluaasje ynsjoch te jaan wêrom’t guon saken út it taalbelied net útfierd binne en wêr’t de tûkelteammen sitte. Foar it kommen ta it nije taalbelied freget de ried ek om ynsjoch te jaan yn de wize wêrop’t it stimulearjen fan de Fryske taal kombinearre wurdt mei de Fryske sporten en kultuer.’ Nei oanlieding fan boppesteande tekst lizze wy jo twa fragen foar: 1. Is taheakke evaluaasje foldwaande as begjinpunt foar it opstellen fan it nije taalbelied? Taljochting fraach: Taheakke fine jo de evaluaasje fan de reguliere aktiviteiten en de nije ympulsen (beliedsfoarnimmens) dy’t yn it Beliedsplan Frysk 2017-2021 beneamd binne. Wy fine dizze evaluaasje foldwaande, mar hearre graach oft dat foar jo ek it gefal is. Wy wolle leaver de fokus lizze op de nije Nota Frysk taalbelied. Dêrfoar stiet al in gearkomste pland op 2 febrewaris oansteande. As jo in wiidweidiger evaluaasje foar eagen ha, dan sille wy dêrfoar in ekstern buro ynskeakelje moatte.

It tal oeren dat beskikber is foar it Frysk taalbelied (ûntwikkeljen belied en útfiering) is nammentlik twa oeren yn ‘e wike foar Tytsjerksteradiel. 2. Hoe sjogge jim de lêste sin út de tekst oer it Frysk taalbelied yn it riedsprogramma foar jim? Taljochting fraach: Jo freegje ynsjoch te jaan yn de wize wêrop’t it stimulearjen fan de Fryske taal kombinearre wurdt mei de Fryske sporten en kultuer. It is ús net dúdlik hoe’t jo útfiering jaan wolle oan dizze sin út it riedsprogramma. Hoe soene wy bygelyks de Fryske taal by it skûtsjesilen of it fierljeppen belûke moatte? Is dat in rol fan de gemeente? De gemeente organisearret nammentlik net sels aktiviteiten op it mêd fan de Fryske sporten of kultuer en hat allinnich in fasilitearjende rol. Burgum, 6 desimber 2022

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel, sekretaris,

boargemaster,

mefr. H.M. van Gils

dhr. drs. L.J. Gebben

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=b71416b8-abe7-4419-a975-debdf9fef04a