CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

04 - Bijlage 3 - Brief formateur oan ried 30 juny 2022

RAADSVERGADERING 2018 t/m 2024 12 juli 2022, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Presentatie coalitieakkoord 'Tytsjerksteradiel Bloeit!' (informerend)563 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Burgum, 30 juny 2022 Oan de Gemeenteried fan Tytsjerksteradiel

Achte leden fan de Gemeenteried, It docht my plezier dat ik jimme hjirby it einferslach oanbiede kin oer it proses fan de formaasje dat jimme my frege hawwe te begelieden. Yn de rin fan dit proses, dat in start hân hat op 7 juny, is tige acht slein op wat tagelyk yn jimme Ried oan de oarder wie, it formulearjen fan in riedsprogram. De resultaten fan It wurk fan de ûnderhannelers foar de nije koälysje en it wurk fan de Ried foar in mienskiplik program moatte ommers mei inoar de basis foarmje kinne foar in breed droegen bestjoerlike ynset yn de kommende fjouwer jier. De ûnderhannelers fan de trije partijen miene mei it koälysje-akkoart dat jimme hjirby tagelyk troch harren oanbean krije, dêr oan by te dragen. Nêst it koälysje-akkoart ûntfange jimme ek in oersicht fan de portefúljeferdieling sa’t de trije partijen har dat foarnommen hawwe. Dizze portefúljeferdieling is yn goed oerlis ta stân kaam wêrby elk fan de beëage wethâlders, mefr. Tytsy Willemsma, mefr. Caroline de Pee en mefr. Berber van Zandbergen, in by harren passende en nei taakfjilden gearhingjende set fan gemeentlike opjeften tadield krigen hat.

De fraksjefoarsitters fan de trije beëage koälysjepartijen en de troch har partijen nei foaren skode kandidaatwethâlders hawwe yn in yntinsyf proses dwaande west it koälysje-akkoart sa op te stellen dat sa folle mooglik rjocht dien wurdt oan de bedoelingen dy’t de Ried útsprekt yn it riedsprogram, mar dat benammen ek útdruklik de ambysjes ferwurdzje wurde dy’t de partijen fine dat it nije kolleezje hawwe moat. Yn it koälysje-akkoart is dus net alles ien op ien werom te finen wat de Ried formulearre hat as riedsprogram. Mar de trije partijen binne der wol fan oertsjûge dat it koalysje-akkoart yn lijn is mei it riedsprogram en sprekke yn dat akkoart ek út dat ek wurkjende wei oeral de oansluting socht wurde sil mei de ynset fan de Ried. De ûnderhannelers geane der dus ek fan út dat it nije kolleezje sa goed as mooglik is, temjitte komme sil oan de troch de Ried formulearre winsken. Fierdere útwurking fan dizze taak dy’t de koälysjepartijen by it nije kolleezje del lizze, moat stal krije yn it noch op te stellen útfieringsprogram. Oer it berikte koälysjeakkoart en it oersicht fan de portefúljeferdieling hat oerlis west mei de boargemaster, dy’t fansels yn de kommende perioade by de útwurking fan de akkoarden fanút syn funksje nau belutsen wêze sil.

Om ôf te sluten fanút myn persoanlike perspektyf: ik mien dat sawol jimme, de Ried, as de ûnderhanneljende beëage koalysjepartijen mei grutte ambysje de twa parallel rinnende prosessen yngien binne. De resultaten, it riedsprogram en it koälysje-akkoart tsjûgje fan dy ambysje. Foar my as formateur hat it in plezier west mei te helpen dy ambysjes foar wat de koälysje oangiet yn in akkoart fêst te lizzen en te sjen dat soks ek yn grutte harmony berikt wurde koe.

By dit alles wol ik dan graach ek noch neame dat wy by it hiele ûnderhannelingsproses tige holpen binne troch de kennis fan saken fan de gemeentesekretaris, mefr. Maaike van der Gils en har amtners en troch it Fryske en Nederlânske skriuwen fan mefr. Renny van der Wal. Elk dy’t sa holpen hat bin ik tige tankber! Mei freonlike groeten,

Hendrik ten Hoeve, formateur

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=51af977b-dbe9-4f71-a19e-2fa2f41f546c