04 - Bijlage 1a - Kolleezjeakkoart 'Bouwe oan in bloeiend Tytsjerksteradiel'
Tekst van het document
Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 1 Bouwe oan in bloeiend Tytsjerksteradiel kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 2 Bouwe oan in bloeiend Tytsjerksteradiel 3 Noflik wenje en libje 5 Duorsume takomst 7 Sterke sosjale basis 10 Feilich en ferantwurde 13 Ynhâld Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 3 Bouwe oan in bloeiend Tytsjerksteradiel Mei dit kolleezjeakkoart wol de koälysje fan CDA, FNP, PRO en VVD it riedsprogramma ‘Groeien vanuit lokale kracht’ útfiere. We sjogge grutte útdagingen lykas de dûbele fergrizing, tanimmende iensumens en stress by jongerein oer ûnder mear de huzemerk. It freget lef en in yntegrale oanpak om dêr wat oan te dwaan. Dêrby wolle we ynwenners, doarpen, bedriuwslibben, organisaasjes en it ûnderwiis nau belûke. Wy bouwe fierder oan in mienskip wêryn’t ynwenners, ferienings, doarpen, lânskip, lokale bedriuwen, foarsjennings, taal en kultuer inoar fersterkje. Dêr’t minsken langer sûn libje, ûnderling ferbûn binne en inoar helpe. Eleminten dy’t wy kenne út de Bloeisône-gedachte en dy’t op mear plakken yn de gemeente út de befolking wei ûntstean kinne. Sa fergrutsje wy it wolwêzen fan ús ynwenners, fan jong oant âld. De Bloeisône-gedachte is foar ús gjin apart projekt.
It is in wize fan wurkjen wêrby’t wy sûnens, leefberens, lokale krêft en maatskiplike wearde yn gearhing besjogge. It groeien as mienskip dogge wy troch yn te setten op wêr’t Tytsjerksteradiel sterk yn is. Troch bygelyks op it mêd fan netkongesty behinderingen fuort te nimmen. Troch op ferskate terreinen troch te pakken, lykas wenningbou. Dêrfoar stelle wy in ynvestearrings- en eksploitaasjeaginda op, fersterkje wy de lokale ekonomy en komme wy, tegearre mei de ried, yn 2027 ta in takomstfyzje en koers rjochting 2050. Op syn minst like wichtich is it om te soargjen dat de lokale krêft bestean bliuwt. Wy sjogge dat wy ús ynspanne moatte om te soargjen dat de sosjale basis op oarder is. Dat wy mei-inoar foarsjennings en mienskipssin yn stân hâlde. Dy ynset op de groei fan Tytsjerksteradiel en it fersterkjen fan de sosjale basis steane sintraal yn dit kolleezjeakkoart. Ut it unanym fêststelde riedsprogramma wei kinne wy fierder foarútsjen. Dat is nedich. We wolle net haastje-repke mei belied komme en dêrnei gau wat maatregels nimme om yn 2030 wat berikt te hawwen. Op in tal ûnderdielen, lykas de ynvestearrings- en eksploitaasjeaginda en sirkulêre ekonomy, soene wy it leafst belied foar de kommende sechstjin jier útlynje wolle, passend binnen de fyzje oant 2050. Sa kinne wy yn alderhanne opsichten duorsum groeie út in sterke lokale basis wei.
Dêrmei wolle wy takomstperspektyf biede oan ús ynwenners. Sadat sy witte wêr’t we mei-inoar nei ta wurkje. Dit takomstperspektyf kin ferbinend wurkje.
Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 4 De útfiering hjirfan kinne wy net allinnich. Dat dogge wy yn oparbeidzjen mei ried, ynwenners, doarpen, bedriuwen, ynstellingen, de amtlike organisaasje en oare oerheden. Dy belûke wy noch sterker by it opstellen en útfieren fan de plannen. As bestjoerders wolle wy maklik oansprekber wêze en mear kontakt mei de doarpen ha. Allinnich tegearre kinne wy resultaat boeke. Dêrby hâlde wy rekkenskip mei it beskikbere budzjet en de amtlike kapasiteit. Dat dogge wy oan ’e hân fan fjouwer ynhâldlike tema’s: • Noflik wenje en libje • Duorsume takomst • Sterke sosjale basis • Feilich en ferantwurde Nije saken dy’t net yn it riedsprogramma stean, lizze wy earst fia in startnotysje oan de ried foar. Soms is de beskriuwing yn it riedsprogramma al sa kompleet dat wy dy ynset hjir net werhelle hawwe. Dat krijt in ferfolch yn it noch op te stellen útfieringsprogramma. Mei dizze yntegrale oanpak litte wy Tytsjerksteradiel ienriedich groeie en bloeie. De fraksjes fan CDA, FNP, PRO en VVD Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 5 Noflik wenje en libje Slút oan op riedsprogramma haadstikken 5 Elk doarp krijt der huzen by en 7 Mear moetingen, mear ferbining Utgongspunten riedsprogramma: Elk doarp krijt der huzen by. De wenningbou fersnelle troch ekstra wenningen te bouwen.
Romte jaan oan nije wenfoarmen om better te foarsjen yn de groeiende en feroarjende wenbehoefte. Wy wolle soargje foar mear moetings. Wenningbou Om wenningbou rapper mooglik te meitsjen, sette we as gemeente mei mear lef ús eigen grûn sa maksimaal mooglik yn, dêr’t dit kin en winsklik is. Omdat it ús eigen grûn is, skeelt dit prosedueres en hoege wy net te wachtsjen op projektûntwikkelers. Al is net al ús eigen grûn al bestimpele foar wenningbou. Krúsjaal is dat wy foar passende wenromte soargje foar senioaren. Sy wenje no geregeld yn in wenning dy’t foar harren net passend mear is en dêr’t gesinnen graach gebrûk fan meitsje wolle. Elke ferhúsbeweging fan in âldere út harren hjoeddeiske wenning bringt fjouwer oare ferhuzingen op gong. It soarget foar de needsaaklike beweging op de wenningmerk. We sjogge foaral mooglikheden om foar senioaren by te bouwen. Dêr sil ús ynset ynearsten op rjochte wêze. Mei de ferhúsbewegingen dy’t dan op gong komme, ûntstiet der ek wenromte foar jongerein. Dochs sil dat net altyd passend wêze foar starters, benammen finansjeel net. Dêrom wolle wy foar harren fleksibele yndustriële boufoarmen realisearje, lykas prefab fabrykswenten. Sa sette wy ek yn op betelbere wenningen, in oar spearpunt fan de ried. In helpmiddel dêrby is it brûken fan eksperiminten troch in lokale fersnellingstafel. In oerskot oan iengesinswenten wolle wy foarkomme.
Sosjale hier Wat sosjale hierwenten oanbelanget slút it oanbod net oan op de fraach. Fia de jierlikse prestaasjeôfspraken mei de wenningboukorporaasjes sille wy der aktiver op ynsette dat wy dy ûngelikens ferminderje. Dêrby ûndersykje wy de mooglikheid om gear te wurkjen mei in oare korporaasje of sels inisjativen te ûntwikkeljen. It belied wêrby’t wy foar elke situaasje besjogge oft wy grûn strategysk krije kinne om bougrûn oan te keapjen, sette wy fuort. Mooglikheden fergrutsje De noflike eigenwiisheid dy’t ús gemeente kenmerket, brûke wy om te ûndersykjen hoe’t wy de mooglikheden om wenten te bouwen fergrutsje kinne. Wêr kinne wy de beboude kom fan doarpen wat oprekke? Wêr kinne wy huzebou foarrang jaan boppe bygelyks de oanwêzichheid fan in pear beammen. It is fan belang hjir de rezjy te pakken. Wol moat ús oanpak yn balâns wêze mei it budzjet en de beskikbere amtlike kapasiteit. Asylsikerssintrum Wat it asylsikerssintrum yn Burgum oanbelanget, hâlde wy fêst oan besteande ôfspraken en in maksimale kapasiteit fan 652 bewenners. Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 6 Maatskiplik fêstgoed Njonken foldwaande wenningbou yn alle doarpen, wolle wy ek passende foarsjennings. Skoallen, multyfunksjonele gebouwen en akkommodaasjes foar it ferieningslibben. Mei yn elke doarp genôch foarsjenningen – neist genôch frijwilligers – kinne wy soargje foar mear moetings.
Dat draacht by oan de sosjale ferbining. Dêrfoar is it nedich dat wy in strategy ûntwikkelje wêr en wannear wy gebouwen fernije en duorsumer meitsje. Dat jout de winske dúdlikens oer maatskiplik fêstgoed dêr’t ek it riedsprogramma om freget. Wy wolle soargje foar in ynvestearrings - en eksploitaasjeaginda foar de kommende fjouwer jier en dêryn foarútsjen nei de kommende sechstjin jier, fjouwer riedsperioaden. Dêrby is in ferantwurde eksploitaasje fan grut belang. Ek dat bringe we ûnder yn de ynvestearrings- en eksploitaasjeaginda. Dy aginda wolle wy ein 2026 klear hawwe, wêrby’t wy de finansjele gefolgen yn de Kadernota 2028 ferwurkje kinne, dy’t wy mids 2027 fêststelle. We sjogge foar dizze ynvestearrings- en eksploitaasjeaginda nei in sa breed mooglike groep fan gebrûkers fan maatskiplik fêstgoed. Fan skoallen en biblioteken oant kultuerorganisaasjes en it ferieningslibben. Hoe mear we kombinearje, hoe mear ferbining der ûntstiet. Hjiryn hawwe wy ek omtinken foar leechsteande tsjerken. Tagelyk nimme we mei hoe’t we de ferieningen helpe kinne by harren fêste finansjele lêsten. Wy soargje dat doarpshuzen, ferieningsgebouwen en multyfunksjonele akkommodaasjes it hiele jier troch iepen binne, wêr’t dit praktysk mooglik is. Sadat wa’t dêr ferlet fan hat der alle wiken terjochte kin. Dat foarkomt iensumens.
Wy stimulearje it meitsjen fan in webside dêr’t ynsichtlik op is hoe’t de besetting fan it maatskiplik fêstgoed is. Dat ferleget de drompel om yn eigen omjouwing in sealtsje te brûken. Noflik wenje en libje Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 7 Duorsume takomst Slút oan op riedsprogramma haadstikken 1 Mear profyt fan natuer, lânskip en toerisme, 2 Ynsette op krêft fan doarpsmienskippen, 3 Ekonomy is mear as finansjeel rendemint, 6 Fierder op de duorsume wei en 9 Taal en kultuer steviger woartele. Utgongspunten riedsprogramma: Fierder op de duorsume wei. De enerzjytransysje fersnelle troch lokaal duorsume enerzjy op te wekken, te brûken en op te slaan. Mei dielname fan ynwenners. Ynvestearje yn enerzjy- ynfrastruktuer en duorsume mobiliteit befoarderje. Omskeakelje nei in sirkulêre ekonomy. Mear profitearje fan rekreaasje en toerisme. Lokale enerzjy Wy wolle der op oanstjoere dat alle ynwenners, bedriuwen en organisaasjes fan Tytsjerksteradiel dy’t jilde as lytsferbrûkers, yn 2040 mei-inoar mear enerzjy opwekke as se ferbrûke. Dy opwekke enerzjy wolle wy ek foar in grut part sels brûke. Dit makket ús minder kwetsber foar netkongesty en sa soargje wy derfoar dat wenningbou en bedriuwichheid mooglik bliuwt. Foar dizze oergong binne enerzjyhubs nedich: sammelpunten foar lokaal opwekte enerzjy.
As proef wolle wy begjinne by de ûntwikkeling fan it bedriuweterrein Quatrebras. Bygelyks troch in part fan de enerzjy fan sinnepark Stoppelsoal dêr te benutten. Quatrebras is yn it riedsprogramma oantsjut as nije ekonomyske motor. Sa binne der mear praktyske mooglikheden om yn de gemeente opwekke enerzjy effektiver te brûken. Wêr’t regeljouwing dêr no in blokkade foar opsmyt, wolle wy dy fuortnimme of derop oantrune dat oare oerheden dy oanpasse. De ûnderfiningen dy’t wy dizze kolleezjeperioade opdogge, wolle wy brûke om ús doel rjochting 2040 te berikken. Dêr past ek by dat wy de oanlis fan sinnepanielen op dakken stimulearje. Nije enerzjyprojekten beoardielje wy op romtlike kwaliteit, bydrage oan it lokale enerzjysysteem en oantoanbere dielname fan ynwenners, ûndernimmers of lokale enerzjykoöperaasjes yn eigendom, sizzenskip of opbringsten. Wy lizze ditsoarte fan nije plannen foar oan de gemeenteried. De útkomsten fan it rinnende ûndersyk yn ANNO-ferbân nei de rol fan gemeenten yn de enerzjytransysje smite advizen op. Fia in startnotysje lizze wy dy foar oan de gemeenteried. Hjiryn kin ek it stimulearjen fan enerzjymienskippen in rol krije, wêrby’t wy soargje dat ûndernimmers meters meitsje kinne foar it opwekken fan enerzjy. Op it mêd fan wetterstof wolle wy fanwegen ús strategyske en unike posysje yn Fryslân in promininte rol spylje.
De ynfrastruktuer hawwe wy der al foar. Dat makket it logysk om te ûndersykjen oft in ynnovaasjelab op wetterstofgebiet mooglik is. Dizze is te keppeljen oan in enerzjyhub. It hjoeddeistige belied om enerzjyearmoede tsjin te gean, sette wy troch. Grutsk op mkb As Tytsjerksteradiel binne wy in echte mkb-gemeente en dat wolle we ek bliuwe. Wy binne grutsk op ús bedriuwslibben.Wy koesterje de bedriuwen en wolle foar in goede tsjinstferliening soargje. Dat dogge wy troch mei-inoar op te lûken mei it bedriuwslibben en it ûnderwiis, bygelyks by it oanpakken fan de krapte op de arbeidsmerk. Wy soargje dat wy maklik berikber binne foar ûndernimmers en dat se gau antwurd krije op harren fragen. Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 8 Opliedingen Hoewol’t Tytsjerksteradiel in soad wurkgelegenheid op mbû-gebiet hat, wolle we ek in thús wêze foar teoretysk oplate minsken. Wy wolle soargje dat se flot nei har oplieding en staazjes reizgje kinne. Mei it ûnderwiisfjild en de bedriuwen bliuwe wy ynsetten op it oansluten fan ûnderwiis en arbeidsmerk. Leechsteande pannen Leechsteande pleatsen en oare beskikbere pânen wolle wy in nije bestimming jaan, bygelyks foar de kombinaasje wenje en wurkje. Sadwaande soargje wy foar lokale, lytsskalige bedriuwen en foldogge wy oan de fraach nei lytsskalige bedriuwsromtes.
Sirkulêre ekonomy Fryslân is wrâldwiid koprinner op it mêd fan sirkulêre ekonomy en wol dy posysje fierder fersterkje. As gemeente Tytsjerksteradiel drage wy hjir fierder oan by en benutte wy dy koprinnersposysje optimaal. Yn it riedsprogramma is it belang fan de oergong nei in sirkulêre ekonomy oanjûn. Wêrby’t de ried oan it kolleezje freget om konkreet te meitsjen hoe’t bedriuwen dy oerstap dwaan kinne. Wy meitsje dizze perioade in plan hoe’t wy soargje kinne dat Tytsjerksteradiel tusken 2030 yn 2040 oerskeakelet nei in sirkulêre ekonomy. Dêrmei rinne we foarop yn ús lân. Fansels belûke wy ûndernimmers by it opstellen fan dit plan. Dêrneist jouwe wy ek skoallen in rol, sadat ús jongerein al betiid it belang en de mooglikheden fan in sirkulêre ekonomy meikrije. Sa kinne se hjirfan leare en dêr fierder in ferfolch oan jaan. Wy wolle in sirkulêre miljeustrjitte realisearje, mei in ambachtssintrum foar it op ‘en nij brûken fan materiaal. Sadree’t de miljeustrjitte ferpleatst is, ûntsteane der op it âlde plak nije ûntwikkelmooglikheden. Dêrneist wolle wy as gemeente mear sirkulêr ynkeapje. Wy stribje dernei dat dit oer fjouwer jier foar 20 persint fan ús oankeapen jildt. Yn it útfieringsprogramma wurkje wy dit fierder út. Wy stelle in sirkulêre ûndernimmerspriis yn. Bioferskaat It hjoeddeistige belied op it mêd fan bioferskaat sette wy troch.
Wy belûke hjir elkenien by, lykas ús ynwenners, doarpsbelangen en koöperaasjes. By it fergrutsjen fan it bioferskaat belûke wy ek de agraryske sektor. We ha de boeren nedich om te kommen ta praktyske maatregels dy’t ús natuer ferbetterje. Dat wurket better as dat boeren fan boppeôf maatregels oplein krije foar mear bioferskaat dêr’t se grutte fraachtekens by pleatse. Wêr mooglik kombinearje wy bioferskaat mei duorsumens. Wy wolle de teelt fan biomaterialen oanmoedigje, lykas himpfezel. Sadat dy te brûken binne as isolaasjemateriaal. Fia prestaasjeôfspraken wolle wy soargje dat wenningkorporaasjes dit lokaal brûke. It nivo fan it grienûnderhâld bringe wy omheech nei it basisnivo. It foarstel hjirfoar nimme wy mei by de ôfwagings foar de ynvestearrings- en eksploitaasjeaginda.
Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 9 Gearwurkje mei boeren en natuerbehearders De kwaliteit fan ús lânskip is ûnskiedber ferbûn mei de leefberens fan ús doarpen. It kûlizelânskip, de iepen gerslannen, it wetter, it bioferskaat en de boeren en natuerbehearders dy’t dit lânskip beheare, foarmje mei-inoar in wichtich part fan ús identiteit en ús brede maatskiplike wearde. Dêrom belûke wy dy partijen aktyf by gebietsûntwikkeling, bioferskaat, klimaatadaptaasje, wetteropgaven en sirkulêre tapassingen. Dêrby tinke wy oan agricycling en it op ‘en nij brûken fan snoei- en bermmaterialen as grûnstof. De gebietsofferte fan de Noardlike Fryske Wâlden kin dêrby helpe om de útfieringskrêft fan it gebiet sels better te benutten. Natuerlike en sûne leefomjouwing Tytsjerksteradiel hat in natuerlike leefomjouwing dy’t ús dierber is. Wy libje yn in prachtige gemeente, dêr’t wy ta rêst komme kinne. Wy soargje der yn it foarste plak foar dat ús eigen ynwenners dêrfan genieten bliuwe kinne. Rekreaasje en toerisme Fansels gunne wy it ek oaren om hjir fan de rêst en romte te genietsjen. Rekreaasje en toerisme wolle wy stimulearje, sûnder dat it karakter fan ús gebiet feroaret. Soargje foar mear gebrûk fan kuier-, fyts- en farrûtes troch dizze rûtes better opinoar oanslute te litten. Wêr’t no in fytspaad dearint, litte wy dat oanslute op in oare rûte.
Wy beneame sa gau mooglik de earste trije rûtes dêr’t wy mei oan de slach gean. Neist ús eigen ynwenners binne it foaral deitoeristen dy’t yn ús gemeente komme te rekreëarjen. Dy wolle wy langer oan ús bine. Mei ús buorgemeenten kinne wy fan it Noardlike Wâldenpaad in toeristyske kuiertrekpleister meitsje. Troch de komst fan in besikerssintrum kinne wy de oanlûkingskrêft fan Nasjonaal Park de Alde Feanen fergrutsje. Wy rjochtsje ús net allinnich op nije foarsjenningen mar dogge ek ûnderhâld oan besteande. Troch farrûtes dy’t folgroeid binne út te baggerjen, gemeentlike fiskstegers te fernijen en te soargjen foar oanlisplakken foar kano’s en supplanken. De rekreaasjesektor fine wy fan grut belang. Dy ferfollet in rol by it ynbarren fan de toeristebelesting. Wy wolle ta nei in folchsysteem: de rekreaasjesektor betellet net langer foarôf in ynskatten bedrach, mar efterôf op basis fan it tal toeristen dat west hat en toeristebelesting ôfdroegen hat. Wy ferwachtsje dat de gemeente mei de ekstra ynkomsten dy’t dit opsmyt mear toeristyske ynvestearrings dwaan kin. Duorsume takomst Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 10 Sterke sosjale basis Slút oan op riedsprogramma haadstikken 2 Ynsette op de krêft fan doarpsmienskippen, 7 Mear moetings, mear ferbining, 8 Nimmen tusken wâl en skip, 9 Taal en kultuer steviger woartele en 10 Sport en bewege as basis.
Utgongspunten riedsprogramma: De sosjale gearhing en basis fersterkje troch te soargjen dat elkenien meidwaan kin oan in mienskip dêr’t previnsje, betide sinjalearring en betide stipe sintraal. Ferienings stypje. Sport en bewegen stimulearje. Basis op oarder De feroarings yn de maatskippij soargje der foar dat it hieltyd dreger wêze sil om de kommende jierren de foarsjenningen yn doarpen op oarder te hâlden. Troch de dûbele fergrizing nimt de fraach nei soarch ta en it tal frijwilligers ôf. No al hawwe ferienings muoite om harren aktiviteiten yn stân te hâlden. Dat probleem nimt de kommende jierren allinnich mar ta. Tagelyk konstatearje wy dat in goed ferieningslibben fan libbensbelang is foar de sosjale gearhing yn doarpen. Wy kinne oeral wol multyfunksjonele gebouwen delsette, sûnder brûkers hat dat net folle doel. Sûnder ferienings geane wy yn de spiraal omleech: minder moetings, minder sosjale gearhing, mear iensumens, minder leefberens. We moatte der alles oan dwaan om dat te kearen. Dat is net wat in gemeente sels oplosse kin. Dat kin allinne tegearre mei
Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 11 doarpsmienskippen. Tegearre kinne wy de sosjale basis en de lokale krêft fersterkje. Fan dêrút wei kinne wy de kommende jierren fierder bouwe. Sa meitsje we doarpen striidber. Doarpen binne ús partners, dêr’t wy ûnder mear fia doarpsstipers (rjochte op ‘e sosjale kant) en doarpskoördinatoaren (algemien oansprekpunt) nau kontakt mei ûnderhâlde. Previnsje Wy ynvestearje duorsum yn previnsje om foar te kommen dat minsken tusken wâl en skip reitsje. Dat besparret jild dat oars nedich is om te soargjen dat we minsken wer op wei helpe moatte. De kosten geane foar de baten út, mar dat mei ús net tsjinhâlde. Wy wolle de regels dy’t der op dit mêd binne optimaal benutte en leafst oprekke. Sadat wy oan de previnsjekant sa effektyf mooglik binne. Dêr profitearret elkenien fan. De saneamde trochbraakmetoade (komplekse situaasjes flot lûke om swierdere soarch foar te kommen) bliuwe wy tapassen. Inisjativen foar it stypjen fan ynwenners stimulearje wy, fan jonge mantelsoargers oant lokale loketten. Wy soargje dat elkenien, nei aard en fermogen, in maatskiplike bydrage leverje kin. Dat ferwachtsje wy ek fan ynwenners dy’t op dit stuit net meidwaan kinne oan it arbeidsproses. Dêrby kin it gean om saken as kofje skinke yn doarpshuzen.
Sa fergrutsje wy harren ynsetberens en sosjale betsjutting en fange wy de tekoarten oan personiel en frijwilligers op, dy’t troch de fergrizing ûnsteane. As it nedich is stypje wy dy kofjemominten finansjeel. Dit kin fia it doarpebudzjet. Wy sykje mei klam de krêft fan ‘e mienskip, út it besef wei dat it tradisjonele soarchsysteem dat meikoarten net mear leverje kin. Wy stjoere op mear lokale helpferliening. Wy wolle learlingen op skoallen alfêst yn ‘e kunde komme litte mei frijwilligers- en ferieningswurk. En harren dêrop tariede. Sadat we de jongerein meijouwe dat frijwilligerswurk nedich en foaral ek leuk is. Mobiliteit Elkenien moat mobyl wêze kinne en by foarsjenningen komme kinne as dat nedich of winske is. Wy soargje dat de inisjativen dy’t dêrfoar ûntwikkele binne breder tapast wurde kinne yn ’e gemeente. Dêrfoar lizze wy in startnotysje foar oan de ried. Wy lobbye by it Ryk foar de ferfanging fan de brêge by Skûlenboarch oer it Prinses Margrietkanaal. Arbeidsmerk In hieltyd gruttere groep hat in lêstich te oerbrêgjen ôfstân ta de arbeidsmerk. Wy fine it fan belang dat ek sy meidogge yn ús maatskippij. De ûnderfining leart dat se mei yntinsive begelieding in rol krije kinne op de arbeidsmerk, yn de soarch of yn oare sektoaren dêr’t se driuwend ferlet hawwe fan personiel. Fia in startnotysje lizze wy ús belied foar oan de gemeenteried.
Wy soargje foar in bettere keppeling tusken ûnderwiis en arbeidsmerk. Dat dogge wy bygelyks troch stipe te jaan oan besteande inisjativen lykas ‘Techniek tastbaar’ of nije projekten dy’t de oansluting tusken ûnderwiis en arbeidsmerk befoarderje, lykas de suksesfolle ‘On Stage’-metoade. Wy wolle berikke dat der mear minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk (mei in saneamde BAB-yndikaasje) meidwaan kinne oan it arbeidsproses. De gemeentlike organisaasje hat dêr ek in ferantwurdlikheid yn as wurkjouwer. We wolle derfoar soargje dat der minstens safolle minsken út dizze groep by de gemeente komme te wurkjen as lanlik ôfpraat is. Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 1212 Bloeisônes Wy ûntwikkelje Tytsjerksteradiel stap foar stap ta in Fryske bloeigemeente. Dêrby brûke wy de krêft fan de doarpen, ferienings, skoallen, soarchorganisaasjes, ûndernimmers, tsjerken, lokale loketten en ynwenners. Bloeisône betsjut foar ús dat sûnens, moeting, beweegje, iten, wenjen, soarch, kultuer, lânskip en sinjouwing net los faninoar steane. We slute oan by wat al goed wurket. Dat dogge we fan ûnderen op. Inisjativen as Trynwâlderein, it Lokaal Loket Eastermar, doarpshuzen, sportferienings en lokale mienskipsinisjativen helpe ús te learen wat wurket.
Per doarp bringe wy yn ‘e mande mei de ynwenners yn byld wat nedich is om de sosjale basis, moeting, previnsje en positive sûnens te fersterkjen. Dêrby stimulearje wy dat der yn elk doarp in sosjaal loket komt, dêr’t wy fraach en oanbod foar ritsjes nei it sikehûs, mantelsoarch en lytse putsjes yn hûs gearbringe. By it útfi eren fan ús taken, wurkje wy dat út yn in Bloeisône-oanpak mei bloei-yndikatoaren. Sa stjoere wy net allinnich op jild en oantallen, mar ek op maatskiplike wearde, sûnens, ferbûnens en leefberens. Soarchfoarsjennings By it trochfi eren fan de Utfi eringsaginda wensoarchfi sy sjogge wy kritysk yn hokker doarpen oft wy safolle mooglik soarchfoarsjenningen yn stân hâlde wolle en hokker doarpen wy mear sjogge as wenmienskippen. Dat is needsaaklik út it besef wei dat net alle soarchfoarsjenningen oeral fan personiel te foarsjen is en yn stân te hâlden binne. Dêryn binne karren nedich, binnen it foech dat wy hawwe. Dêr moatte we de mienskip ek op tariede. Fia proeven gean wy dêrby nei wat wurket. Oer fjouwer jier ha we skerp hokker soarchfoarsjenningen we wol en net behâlde kinne yn de doarpen. By nije inisjativen op it mêd fan wenningbou nimme wy it ferlet fan soarch en ferbining gelyk mei. Sa foarkomme wy dat âlderen yn in nije behuzing oan ‘e râne fan in doarp der sosjaal op efterút geane.
Mear ferbining realisearje wy ek troch proefdagen foar bern by allerhande ferienings mooglik te meitsjen. It moat de stap lytser meitsje om oan it ferieningslibben diel te nimmen. In mooglike bydrage dêroan is it fergoedzjen fan it lidmaatskip – oant in beskaat bedrach – foar 12- oant 16-jierrigen fan in sport- of kulturele feriening, nei foarbyld fan de gemeente Waadhoeke. Wy sjogge oft wy dit de kommende fjouwer jier tapasse kinne. Ferieningen Om it ferieningslibben te helpen fi ere wy in eksperimint út mei in profesjoneel bestjoer dat yn in doarp meardere ferienings stipet en ûntlêst. Dêrfoar leare wy fan foarbylden dy’t earne oars al yn ‘e praktyk brocht binne. Feilich en ferantwurde Slút oan op riedsprogramma haadstikken 4 De | dêr sjen. Sa ferdiele we alle santjin doarpen. feilichste gemeente, 11 Iendûdige fyzje foar 2050, | Dit soarget dat doarpen witte wêr’t se mei har 12 Tagonklike tsjinstferliening en 13 Finansjeel | fragen en problematyk terjochte kinne. Dizze ferantwurde ynvestearje. | oanpak makket bestjoerders sichtberder yn de mienskip. It ferleget de drompel tusken bestjoer Utgongspunten riedsprogramma: | en ynwenners. Yn de petearen komme de Tagonklike tsjinstferliening. Soargje foar in | doarpsfyzjes oan de oarder.
tagonklike en fertroude gemeente wêryn’t ynwenners, bedriuwen en organisaasjes mear | It moat deroan bydrage dat der in better ynsjoch ynfl oed en ferantwurdlikheid krije, mei minder | ûntstiet yn wat doarpen nedich hawwe, wat se regels, mear partisipaasje en in sterkere fokus op | bydrage kinne en dat saken net ûnnedich lang taal, fertrouwen en lokale belutsenens. In feilige | lizzen bliuwe. Dat we mear leare faninoar en fan gemeente bliuwe. Ferantwurde fi nansjeel bestjoer. | ûnderfi ningen út oare gemeenten. Eventueel komme der sprekoeren yn doarpen. Ferbining We freegje doarpen om ein 2027 te kommen | Elk doarp wit ek wa’t syn amtlike mei in eigen aktuele doarpsfyzje, foar safi er’t dy | doarpekoördinator is. It fergruttet de der noch net is. Dêryn kinne se oanjaan hoe’t sy | útfi eringskrêft en makket ûnderdiel út fan de omgean mei de fraachstikken fan de takomst | ynvestearrings- en eksploitaasjeaginda dy’t wy ein as fergrizing, iensumens en ûntgriening. De | 2026 presintearje. doarpsfyzjes belûke wy by de gemeentlike fyzje foar 2050. | Alle jierren rapportearje wy hoe faak oft der kontakt west hat mei de doarpen en wat dit Wy wolle better yn ferbining komme mei de | opsmiten hat. doarpen en mear sichtber wêze. Dat dogge wy troch de bestjoerlike en amtlike kontakten | Wy stimulearje doarpsinisjativen en hantearje de dúdliker en yntinsiver te meitsjen.
| ‘ja, mits’-hâlding yn stee fan ‘nee, of it moat oars wêze’. Elke wethâlder en de boargemaster binne oansprekber foar in tal doarpen en litte har Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 | 13 Kolleezjeakkoart Tytsjerksteradiel 2026 - 2030 14 Feilichste gemeente Lykas oanjûn yn it riedsprogramma wolle wy ien fan de feilichste gemeenten fan Nederlân bliuwe. Dêrby past dat wy de sosjale feilichheid fergrutsje en drugsgebrûk tsjingean. Dat freget goede foarljochting en bliuwend kontakt mei jongerein. Finânsjes It útgongspunt foar de kommende bestjoersperioade bliuwt: in struktureel finansjeel sûne gemeente, wêrby’t each is foar de lokale lêstedruk fan ynwenners en bedriuwen. De ynvestearrings- en eksploitaasjeaginda dy’t der ein 2026 komt, is in wichtige basis foar ús finansjele beliedsynset foar de kommende jierren. Op itselde stuit is ek ús ûndersyk nei de werorïintaasje fan de gemeentlike ynset klear. Dan moat dúdlik wêze op hokker taken wy wol en net besparje kinne. De gefolgen hjirfan nimme wy mei yn de begrutting fan 2028, dy’t wy behannelje yn 2027. We ferwachtsje dat it net gelyk slagje sil om it driigjende finansjele tekoart fan it ravynjier 2028 hjirnei op te fangen. De lêste jierren hawwe wy hieltyd ynsidintele tafallers of oerskotten op de jierrekken. Dy kinne wy net ynsette foar strukturele saken.
Om dêr dochs in in oplossing foar de finen en dizze bedraggen effektiver brûke te kinnen, ûndersykje wy oft dit ûnder te bringen is yn in revolvearjend fûns: in fûns dat wy ynsette foar ynvestearringen yn ús gemeente en dêr’t de baten fan weromkomme yn it fûns, om dy wer brûke te kinnen. Troch skerper te begrutten, te soargjen foar mear ynkomsten en tûker te organisearjen, kinne wy dizze perioade fia in yntegrale ôfwaging de hjoeddeistige opslach op de ûnrepliksaakbelesting fan 2,5 persint (boppe-op de jierlikse ynflaasjeyndeks) beëinigje. Maatskiplik rendemint By it gemeentlike belied sjogge wy sterker wat it maatskiplike rendemint is fan it belied of de aktiviteiten. Dat lizze wy fêst yn de fyzje foar 2050, dêr’t it riedsprogramma om freget. Wy bepale hokker yndikatoaren de goede werjefte fan it rendemint opleverje kinne. Tegearre mei de fyzje foarmet dat in strategysk kompas op rjochting 2050. Feilich en ferantwurde