04 - Bijlage 1 - Koälysjeakkoart 'Tytsjerksteradiel Bloeit!'
Tekst van het document
TYTSJERKSTERADIEL
Bloeit!
KOÄLYSJE-AKKOART TYTSJERKSTERADIEL 2022 - 2026
Dit koälysje-akkoart is ta stân kommen yn in roerige tiid. Der is in oarloch yn Europa geande. Prizen fan deiske produkten geane omheech. Yn in soad sektoaren is der in soad wurk foar te min personiel. Yngripende oanpassings wurde frege yn it belang fan natuer en klimaat. In tiid dy't it nedige freegje sil fan ús ynwenners en ús bedriuwen, mar ek fan de meiwurkers en de (beëage) bestjoerders fan ús gemeente. Boppe dit akkoart stiet hiel bewust de titel Tytsjerksteradiel bloeit. Dat jout yn it foarste plak in feit oan. Wy witte dat ús gemeente moai is en dat de mienskipssin der grut is. Tytsjerksteradiel bloeit dus al, ek al binne wy ús dêr net altyd fan bewust. Tytsjerksteradiel bloeit jout yn it twadde plak ús doel oan. Wy wolle dat minsken it no en yn de takomst goed hawwe yn ús gemeente, ek al bliuwt net alles sa't it wie. As lêste trunet Tytsjerksteradiel bloeit oan om oan it wurk te gean, talinten yn te setten en bewust te ynvestearjen yn dat wat weardefol is. Foar FNP, CDA en PvdA / GL is yn de formaasjepetearen al gau dúdlik wurden dat minsk sintraal en behâld fan it lânskip de wichtichste wearden foar de kommende bestjoersperioade wêze moatte. Dat hawwe wy ta utering bringe wollen yn de ambysjes en spearpunten foar it nije kolleezje. De nije ried hat yntusken drok teset west oer in riedsbreed programma.
Op it momint fan it skiuwen fan dit akkoart wie dat programma noch net klear en fêststeld. As nije koälysje wolle wy útstelle om nei de simmer de ambysjes fan de ried en dy fan de koälysje njonken elkoar te lizzen en te sjen: wat kin ús organisaasje fuortsette, wat is der foar nedich, kinne wy dat betelje en hoe past it yn de tiid? Dat krijt foarm yn in kolleezje-útfieringsprogramma. De ried jout dan it finale oardiel oer dat útfieringsprogramma en de karren dy't makke binne. July 2022
Freddy de Haan Fraksjefoarsitter FNP
Age Kramer Fraksjefoarsitter CDA
Peter van de Hoef Fraksjefoarsitter PvdA/GL
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
2
Foar jo leit it koälysjeakkoart 2022-2026 fan de gemeente Tytsjerksteradiel. It proses om te kommen ta in nije koälysje is oars ferrûn as yn oare perioades en dat is net sûnder reden. Yn it ynformaasjeproses hat de ried har dúdlik útsprutsen foar in riedsbreed programma - foar safier mooglik - en foar oare bestjoerlike ferhâldings. Dat hat der yn de folchoarder fan it proses der foar soarge dat der earst tiid stutsen is yn in riedsbreed programma en dat de beëage koälysje wat letter úteinset is, sadat de kontoeren fan dat programma meinaam wurde koene yn de bespegelingen fan de koälysje. Oare bestjoerlike ferhâldings Riedsbreed wurdt field dat der ferlet is fan in oare wize fan gearwurkjen tusken kolleezje, ried en organisaasje. Ferskate stappen dêryn binne al set. Hieltyd wurdt mear dúdlik dat bygelyks it Iepen Poadium har bewiist as foarportaal fan technyske fragen en eftergrûn by de te nimmen besluten.
Yn elts gefal nimt de koälysje de ambysje fan de ried graach oer om meielkoar yn petear te bliuwen hoe’t wy it as gemeentebestjoer hieltyd better dwaan kinne. It kolleezje wol him ynspanne om foar besluten in sa breed mooglik draachflak te sykjen binnen de hiele ried.
Ambysje Bloeisône De ambysje fan dizze koälysje is dat Tytsjerksteradiel as earste gemeente yn Fryslân as yntegraal wurkjende Bloeisône oanmurken wurde kin. In bloeisône is in gebiet wêryn’t ynwenners mei-inoar soargje foar in omjouwing dêr’t minsken langer yn goede sûnens wenjen bliuwe kinne. Foar ús steane de minsken en behâld fan in sûne en moaie leefomjouwing sintraal. Enerzjyk Eastermar is dwaande om in Bloeisône te wurden, wy optearje derfoar dat yn ús hiele gemeente dizze ambysje de drager is. Foar dizze koälysje is dat in konkrete fertaling fan de wrâldwide duorsume doelen Sustainable Development Goals (SDG’s) of Global Goals.
Tagelyk giet it net allinne om de ynterne ferhâldings, mar fansels ek om ús ynwenners. Ek dêr is in grut ferlet om elkoar oars te ferstean. Dat is maklik opskreaun, mar ferget in omslach yn it hâlden en dragen fan in organisaasje en fan ynwenners. De Doarpetoer sa’t dy hâlden is yn opmaat nei de sosjale basis, is in wize fan wurkjen dy’t nei mear smakket, al sjogge wy ek dat meipraten en - tinken in grut beslach leit op de tiid fan ynwenners en faak deselde frijwilligers. Dan it is sykjen nei it goede lykwicht.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
3
BestjOer en stipe Sintraal stiet dat wy as koälysje tsjinstber oan ús ynwenners – jong en âld - wêze wolle. Dat betsjut yn ús optyk dat de minske sintraal stiet by ús hanneljen, ús tsjinstferliening en yn ús kommunikaasje.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
4
BESTJOER As koälysje kieze wy derfoar in aktive rol te spyljen op dy poadia dy’t der foar ús ynwenners ta dogge. Wy litte it net oer ús hinne komme, as bestjoerders binne wy aktyf en prate wy mei dêr wêr’t it belied ôfstimd of bepaald wurdt (Ryk, provinsje, regio). Tytsjerksteradiel lit har sjen en hearre. Dat betsjut dat de strategyske amtlike stipe yn de organisaasje op oarder wêze moat.
Spearpunten • Wy binne iepen, transparant en ferbinend. • Wy wolle stimulearje dat der fanút Tytsjerksteradiel wei mear projekten ûntwikkele en yntsjinne wurde by de Versnellingsagenda/Regiodeal. • Wy ha in aktive hâlding yn de gearwurking Noardeast (ANNOIII) en wolle dat ús ynwenners, ûndernimmers en ûnderwiisynstellings dêr ek de fruchten fan plukke. • Wy nimme diel oan de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG), de Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) en oare ferbannen om it lûd fan Tytsjerksteradiel hearre te litten.
YNWENNERS EN PARTISIPAASJE Wy wolle tagonklik wêze en ynwenners op 'e tiid belûke by dat wat harren rekket of wêr't sy oer meitinke/meiprate wolle. It betsjut net: 'u vraagt, wij draaien'. It betsjut wol: earlik mei elkoar yn petear om fanút ferskate stânpunten wei ta besluten te kommen.
Spearpunten • Wy wolle fan boargerpartisipaasje nei oerheidspartisipaasje. Ek de gemeente partisipearret. Dêrta komt in útstel nei de ried. • Dêrneist wolle wy de tinkkrêft fan jong en âld yn de maatskippij benutte en sykje dêrfoar nei nije foarmen. • De kommunikaasje moat helder, begryplik en tagonklik wêze. Ek foar minsken dy't minder digitaal binne of lêzen dreech fine. Stipepunten wurde meinaam yn de sosjale basis. • Der komt in doarpebudzjet om de leefberens yn alle doarpen ta stimulearrjen.
ORGANISAASJE De evaluaasje fan de gearwurking en de wurkmaatskippij as ynstrumint hat west. De fiif oanbefellings snije hout en moatte ta konkrete ferbetteringen liede. Dat jout oanlieding om in ferbetterplan op te stellen dêr’t de meiwurkers sintraal yn steld wurde. Wy wolle dat de minsken mei fleur oan it wurk binne en dat harren talinten brûkt wurde dêr’t se it bêst ta har rjocht komme. De minske sintraal, giet ek op foar ús meiwurkers. In strategyske personielsplanning en in arbeidsmarktstrategy binne essinsjeel.
Spearpunten • Wy kieze de kommende fjouwer jier foar it trochûntwikkeljen fan de amtlike gearwurking mei Achtkarspelen. • Wy wolle in oantreklike wurkjouwer wêze, dêr't talint har ûntwikkelje kin en meiwurkers romte krije en ûnderfine. De rânebetingsten dêrfoar moatte op oarder wêze. • Wy wolle tûker gebrûk meitsje fan gegevens, dy’t beskikber binne. Wy slute oan by Data Friesland. • Wy wolle sa min mooglik ynterne burokrasy.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
5
Feiligens Wy stelle de minske sintraal en dêrmei bedoele wy ek dat wy ús feilich fiele en ek feilich binne. Allinne dan kin de maatskippij bloeie. Wy sjogge hieltyd mear dat agressyf en krimineel gedrach de mienskip en ek de eigen organisaasje rekket en ûnderminet. Wy wolle dit net winske gedrach foar wêze en sette dêrom yn op bewustwurding en wearberens. Wy fine it wichtich om oerlêst foar te kommen en wolle dêrom ek ynsette op mear previnsje. Spearpunten • Wy ynvestearje yn ekstra BOA-kapasiteit. • Yn oparbeidzjen mei de jeugd, jongereinwurkers, skoallen en de BOA’s sette wy yn op in goede foarljochting as it giet om it brûken fan alkohol en drugs. • Wy befoarderje de bewustwurding fan alle meiwurkers yn de gemeentlike organisaasje om de tanimmende ûndermining yn de maatskippij te sinjalearjen en te ûnderkennen. • Wy nimme ferantwurdlikheid foar it goed funksjonearjen fan de digitale systemen fan de gemeentlike organisaasje en helpe bewenners en ûndernimmers om wearber te wurden tsjin cyberkriminaliteit en digitalisearre kriminaliteit. • Wy wolle inisjatyfnimmers fan eveneminten stypje by it oanfreegjen fan harren fergunning.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
6
Ferkear, ferfier en wettersteat Wy steane in sûne omjouwing foar wêr't berikberheid en mobiliteit hân yn hân gean. Ek hjir stiet wat ús oanbelanget de minske sintraal. En dat betsjut dat it maklik wêze moat om fan it iene ferfiermiddel oer te stappen nei it oare. Spearpunten • Fierdere útwurking en útfiering mobiliteitsfyzje ANNO. • Oanlis fan fytssneldiken (Ljouwert - Burgum – Drachten en Burgum - Dokkum) • Befoarderje fan sûne mobiliteit (fan snelferkear nei langsum ferkear). • Laadpunten foar elektrysk ferkear (fyts, auto, boat en frachtwein) befoarderje. • Kânsen fersilverje fan de ferskowing fan frachtferfier oer de dyk nei frachtferfier oer it wetter. • Feilichheid fan skoalfytsrûtes goed op peil bringe en hâlde. • Behâld fan busferfier yn de regio oantrúne op kombinaasjeferfier (fyts meinimme). • Jobinder is en bliuwt ús regionaal doelgroepeferfierder/ opstapper. • By it opwurdearjen fan de farrûte Lemmer – Delfzijl, moat der in goede ferbining tusken Eastermar – Jistrum bliuwe. • Wy bliuwe aktyf mei ferkearsfeilichheidsedukaasje.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
7
EkOnOmy Fernije en ynspylje op de feroarjende tiid, is ûnderdiel fan in goed wurkjend ûndernimmersklimaat en ekosysteem. Foaral yn 'e lânbousektor spylje grutte fraachstikken. Elkoar as partners ferstean en begripe wat nedich is, is essinsjeel om ús ekonomy bloeie te litten.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
8
EKONOMY Kenmerkend foar de regio binne de nifelders dy’t meitsje kinne wat de eagen sjogge. Guon pearels kinne útgroeie ta nije wurkgelegenheid. Dizze starters mei bining yn de doarpen en gemeente romte biede, kin bydrage oan it behâld fan wurkgelegenheid yn de gemeente. It startersklimaat en krúsbestowingen tusken sektoaren, fertsjinnet mear omtinken. Wy omearmje dêrom brûsplakken, lykas it Molkfabryk. Der is in beliedsplan ekonomyske saken fêststeld dat rint oant 2027. Mei boppesteande yn gedachten, geane wy dêr de kommende tiid hjir mei oan de slach!
Spearpunten • Wy fersterkje it ûndernimmersklimaat en ferbetterje de tsjinstferliening oan bedriuwen mei omtinken foar niches en ynnovative ûntwikkeling. • Wy bringe regelingen foar ynnovaasje ekstra ûnder de oandacht by ûndernimmers. • Wy fersterkje de relaasje arbeidsmerk, ûnderwiis en ekonomy. Mear minsken in baan! • Genôch bedriuweterreinen yn ús gemeente mei as útgongspunt konsintraasje yn plak fan fersnipeling. • Fersterkjen fan de winkelgebieten Burgum, Hurdegaryp en Gytsjerk, ûnder oare troch mear snellaadpunten foar elektryske auto's en fergees parkearjen. • Wy ûnderskriuwe KoopLokaal!
LÂNBOUW Dizze sektor is fan belang foar de leefberens yn ús gemeente en generearret banen. Dêrmei is de lânbou sektor in wichtige ekonomysk pylder. De lânbou stiet faai oan yngripende ûntjouwingen. By it útfieren fan it belied troch Ryk en provinsje sille wy mei klam it gemeentlike belang foar it fuotljocht bringe.
Spearpunten • Wy stimulearje natuerynklusive en grûnbûne lânbou. • Wy befoarderje de partisipaasje fan boeren yn natuer- en lânskipsbehear (u.o. Noardlike Fryske Wâlden).
REKREAASJE EN TOERISME Toerisme is ûnderdiel fan de ekonomyske bedriuwichheid fan de gemeente. Tytsjerksteradiel is oantreklik foar de ferbliuwsrekreant en de toerist. De ambysjes op it terrein fan rekreaasje en toerisme binne koartlyn bekrêftige troch de ried yn in beliedsen útfieringsprogramma. Dat programma omearmje wy.
Spearpunten • In bettere benutting fan de rekreative farwegen. • Wy stimulearje kultuertoerisme en in goede fyts - en kuierynfrastruktuer. • Wy sette yn om de 'missing links' yn ús netwurken fan fyts- en kuierpaden op oarder te bringen. • De sône by de Ryksstrjitwei fan Tytsjerk – Ljouwert lient him as ‘leisurezone’. Dat wolle yn gearwurking mei Ljouwert ûntwikkelje.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
9
Ûnderwiis Elkenien is fan belang en moat meidwaan kinne! Dat is de essinsje dêr’t wy as koälysje foar steane. It ûnderwiis spilet in krúsjale rol yn it berikken fan gelikense kânsen. De wikselwurking tusken gebietsteams, ûnderwiis en organisaasjes yn de sosjale basis, kin helpe yn by it sinjalearjen. Op ‘e tiid de goede stipe biede, foarkomt dat benammen bern bûten de boat driigje te fallen. Der is ferlet fan fakminsken. Wy sjogge de gearwurking tusken it bedriuwslibben en it ûnderwiis dêryn as needsaaklik. Oan hokker oplieding is der yn de takomst ferlet? En hoe behâlde wy genôch fakmanskip?
Spearpunten • Kwalitatyf goede, duorsume en takomstbestindige skoallen, wêrby’t wy by nij- of ferbou sjogge nei de mooglikheden foar klustering tusken ûnderwiis, sport, kultuer, berne-opfang en moeting. • Wy sette sterk yn op gelikense kânsen. • Op ‘e tiid sinjalearje en oplosse fan (taal)efterstannen troch yn te setten op foar- en ierskoalske edukaasje. • Wy fine it Frysk wichtich. Wy stimulearje twatalige foarskoalske opfang en foar- en ierskoalske edukaasje mei oanslutend in trochgeande learline yn it basisûnderwiis.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
10
SpOrt en Kultuer Wy wolle elkenien de kâns jaan te bloeien yn ús gemeente. Njonken ûnderwiis, binne ek sport, de kwaliteit fan de leefomjouwing (en thússituaasje), kultuer en sûnens dêryn wichtich. Wy hawwe de ambysje om dy tema’s yntegraal oan te fleanen.
SPORT Wy jouwe útfiering oan de yn septimber 2018 fêststelde sport- en beweechfisy “Samen werken aan sportieve en vitale inwoners 2018 -2023”. Wy wolle by ús ynset op sport oanslute by it sûnensbelied, wêrby’t elkenien meidwaan kin. Sport en sûnens lizze yn inoars ferlingde.
Spearpunten • Sport en bewege is berikber foar elkenien. • Yn it ramt fan sûnens, is it wichtich dat ús hiele omjouwing útnûget ta beweegjen en ferdivedaasje. • Wy wolle berikbere en tagonklike sportakkommodaasjes, wêrby’t wy by nij- en ferbou stribje nei klustering fan de ûnderskate funksjes. • Wy wolle sûne kantines stimulearje en boarterstunen binne yn ús eagen altyd smookfrij. • Wy geane it petear oan mei sportferienings om sa gau as mooglik smookfrij te wurden.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
11
KULTUER & ERFGUOD Yn novimber 2021 is der in nije kultuernota fêststeld. Dizze kultuernota jout it belang fan kultuer oan foar ús ynwenners. Troch kultuer leare wy, ferdjipje wy ús kennis en doare wy oars te sjen. Wy ha it folste fertrouwen yn de minsken dy’t harren ynsette foar (ús) kultuer. Sy nimme ús mei; fuort fan de fertroude paden en mei in breed eachweid. Mei in iepen blik sjogge wy nei de wrâld om ús hinne. Gjin lêst fan de beamwâlen fan ús dierbere kûlizelânskip. It makket diel út fan ús kulturele DNA, mar wy witte dat de wrâld grutter is: Ut de kûlizen. Dêr wêr’t it mooglik is en wy kânsen sjogge, sille wy stypje. Ek finansjeel bliuwt Tytsjerksteradiel bydragen oan in posityf kultureel libben yn de gemeente.
Spearpunten • Nije inisjativen stypje troch it oanstellen fan in oanjeier foar kultuer. • It ynstellen fan in evenemintefûns foar kulturele ynisjativen. • De kulturele ambysjes yn ANNOIII ferbân stypje. • Vijversburg fertsjinnet as keunst- en kultuerpark ús stipe. • De Trynwâlden mei har states is it bûten fan Ljouwert, litte wy dat ek as sadanich promoate. • Monumintale pânen behâlde en goed fêstlizze yn de Omjouwingsplannen troch in monuminteferoardering op basis fan ynventarisaasje Karakteristyk Tytsjerksteradiel. • Oandacht foar spanning tusken behâld en duorsumens.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
12
FRYSK De taal fan ús hert kriget yn de kommende perioade in nij belied dat rjocht docht oan de ôfspraken yn it ramt fan de bestjoersôfspraken Fryske Taal en Kultuer.
Spearpunten • Trochgeande learline stimulearje fia berneopfang en ûnderwiis. • Frysk sichtber yn iepenbiere romte. • Frysk is Fun! Wy wolle op kreative wize it brûken fan it Frysk yn hûs en dêrbûten fergrutsje. • Yn uterings fan de gemeente de meartaligens sjen litte. • De gemeenteside yn Actief ek yn it Frysk ynfolje. • In Frysktalich wolkomstpakket by it ynskriuwen fan in bern of ynwenner.
IEPENBER GRIEN & BIOFERSKAAT It bioferskaat nimt ôf. Dat ferskaat wolle we werombringe. It is libbensbehâld foar ús as minsken. Wy rjochtsje ús hjirby primêr op it werombringen en stypjen fan soarten dy’t by de streek passe. De ynvasive eksoaten (reuze readskonk/japanse duizendknoop of de wettertekken/ watercrassula) bestride wy al. Der is ekstra jild útlutsen foar bioferskaat troch de ried en in aksjeplan is yn de maak. Dat aksjeplan wurdt oan de ried foar. Dêrby fynt in ôfwaging plak tusken de belibbing fan minsken en de doelstellings sa't wy dy foar eagen ha. Utlizze mei hokker doel as wy wat al of net dogge is tige wichtich.
Spearpunten • Wy stelle in Aksjeplan bioferskaat op. • Dúdlike kommunikaasje oer Steenbreek en wurkwize. • Kapbelied: der wurdt wurke oan in ynventarisaasje hokker beammen weardefol binne en dy't wy graach behâlde wolle. Mei dy ynventarisaasje geane wy op ‘e nij nei de ried om it kapbelied foar te lizzen. • Wy wolle it kûlizelânskip behâlde.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
13
SOsjaal DOmein Wy sette yn op besteanswissichheid, gelikense kânsen en meidwaan. Wy sykje de ferbining mei oare programma’s lykas wenjen, enerzjytransysje, ûnderwiis, sport en sûnens. By it fergrutsjen fan de besteanswissichheid spylje wurk en it partisipearjen yn 'e maatskippij in wichtige rol. Wy hawwe in maatskippij foar eagen dêr’t elkenien yn meidwaan mei en de kâns krijt om syn / har talinten te ûntjaan, wêrby’t sprake is fan minder regels, mear fertrouwen en romte foar maatwurk. Elk op syn / har eigen nivo, want elkenien telt mei!
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
14
SOARCH EN PARTISIPAASJE Spearpunten • Yn ús eagen is der no genôch besunige op it sosjaal domein. Wy wolle dat de kwaliteit fan de tsjinstferliening foarop stiet en dat elkenien mei in helpfraach holpen wurde kinne moat en heard wurdt. • De gemeente bliuwt striden foar it kostedekkend finansierjen út De Haach wei. • Soarch moat berikber wêze foar elkenien mei in soad omtinken foar previnsje en op ‘e tiid sinjalearjen. Foarkomme is better as genêze! • Wy jouwe útfiering oan it yn 2021 fêststelde partisipaasjebelied “Iedereen doet mee”. Wy jouwe in ferfolch oan it projekt “Omtinken foar elkenien”. • Wy wolle útfiering jaan oan de “Startnotitie Sociale Inclusie” dy’t fêststeld is. Dit mûnet neffens planning út yn in Aginda dy’t ein dit jier oan de ried foarlein wurde kin. • Om mear minsken dy’t rjocht hawwe op minimaregelingen te berikken, sette wy yn op goede kommunikaasje dêroer rjochting ús ynwenners, de ynset fan ûnderfiningssaakkundigen kin dêryn drompelferlegjend wurkje. • By kommunikaasje oer ûnderwerpen dy’t it sosjaal domein oanbelangje sjogge wy goed nei de taal en it maklik fine kinne fan de ynformaasje. • Wy wolle ûndersykje oft it ynsetten fan in omtinker yn elk doarp drompelferleegjend wurket om ús ynwenners by te stean mei harren fragen rjochting de gemeente. Dat soe kinne fia in sosjaal lokaal yn it doarpshûs of in moetingsplak.
FLECHTELINGEN Spearpunten • Wy wolle in gemeente bliuwe dêr’t wy in (tydlik) plak biede oan minsken yn need. • Wy moatte ús efterstân wat húsfêsting statushâlders oanbelanget ynhelje.
JEUGD Spearpunten • It ketenbelied wolle wy omfoarmje nei jeugdbelied. Wy wolle mei de jeugd meitinke oer geskikte lokaasjes dêr’t se yn harren frije tiid telâne kinne (om te chillen). • Neist it fersterkjen fan de BOA-kapasiteit ûndersykje wy oft it jongereinwurk robúst genôch is. • Wy wolle ynsette op projekten as it Stationnetje, dêr’t bliken docht dat maatwurk troch ûnderfiningssaakkundigen út eigen rûnte wurket.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
15
FOlkssûnens en miljeu De soargen oer it klimaat binne grut en wy sette de fersnelling om de klimaatdoelen foar 2040 te heljen troch. Ek op it mêd fan duorsumens is it ús ambysje om in foarlûkersrol yn te nimmen. Yn ús mienskip binne in soad foarbylden fan trendsetters en foarlûkers op it mêd fan enerzjy. Dy lokale inisjativen wolle wy stypje. Wy leauwe dat mei-inoar oplûke - letterlik en figuerlik - enerzjy jout en as in katalysator wurket: Tytsjerksteradiel bloeit! De yn 2021 fêststelde Duurzaamheidsagenda is it útgongspunt. Oangeande folkssûnens jouwe wy útfiering oan it yn 2022 fêststelde sûnensbelied.
ENERZJY De enerzjyrekken giet omheech, de enerzjyearmoed nimt ta en it ferduorsumjen fan wenningen is djoer. It ryk set grutte subsydzjestreamen yn om it ferduorsumjen flugger te meitsjen. Net elkenien wit it paad nei de subsydzjeboarnen te finen. Dochs is it nedich om de fersnelling ek echt hannen en fuotten te jaan. Besparjen is de earste stap nei in legere enerzjyrekken.
Spearpunten • Wy biede mear stipe en omtinken oan lokale enerzjy koöperaasjes. Wy meitsje gebrûk fan kennis, ekspertize en bondele entûsjasme fan ús mienskip. It is in grutte krêft om dizze doelen mei-inoar realisearje te kinnen! • Wy sette aktyf yn op it ynformearjen en stypjen fan boargers yn it ferlet fan it ferduorsumjen. Enerzjy-coaching is dêrby in goed middel en wurdt as dat nedich is útwreide. • Wy lizze de fokus op ynformearjen en fasilitearjen en koördinearjen fan inisjativen út de mienskip wei. De troch it Ryk beskikbere middels moatte sa optimaal mooglik ynset wurde. • Ynnovative techniken en smart grids kinne dêrby foar optimalisaasje fan it enerzjyferlet soargje. • Wy jouwe sels it goede foarbyld as it giet om it ferduorsumjen fan de gemeentlike gebouwen. • Wy jouwe romte oan lytse wynmûnen.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
16
• It provinsjaal belied stiet it pleatsen fan grutte wynmûnen net ta, mar wy wolle ús der hurd foar meitsje dat taseine rjochten foar grutte wynmûnen respektearre wurde.
ÔFFAL It yn 2019 fêststelde Grondstoffenbeleidsplan bliuwt ûnfermindere it útgongspunt. Sintraal dêrby binne de VANG-doelstellings: Van Afval Naar Grondstof.
Spearpunten • Wy sykje om in nije en gruttere miljeustrjitte om ôffal better skiede te kinnen. Dêrby sykje wy eventueel gearwurking mei Achtkarspelen of oare gemeenten. De frijkommen lokaasje wurdt op 'e nij ûntwikkele. • Oan’t no ta wurdt al it bedriuwsôffal net sortearre ferbaarnd. Wy starte de diskusje mei Omrin om ek hjir mear oan ôffalskieding en dus op 'e nij grûnstoffen te brûken.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
17
FOlkshúsfêsting EN rOmtlike Oardering
Der komme in soad ûntwikkelingen op de mienskip ôf. Needsaaklike maatregels yn it ramt fan enerzjytransysje, klimaatferoaring, de transysje yn de lânbou en wenningbou lizze beslach op de romte. Wy sjogge ek lanlik in diskusje ûntstean oer de fraach wa’t der giet oer de romte: lokale, provinsjale of lanlike polityk. Wy nimme de rezjy yn dizze Slach om 'e romte! Foar ús is behâld en fersterking fan it lânskip fan Tytsjerksteradiel hiel wichtich.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
18
WENJEN Wenromte is in earste libbensferlet fan minsken. Dêrom moatte wy derfoar soargje dat der genôch passende wenromte is. Yn de mienskip is dúdlik ferlet fan mear wenningen. Der is in grutte fraach om foaral betelbere wenningen te bouwen en mear wenningen foar oandachtsgroepen te realisearjen. Yn 'e ried is ek ferlet fan fyzje en foarm oangeande wenjen.
Spearpunten
ROMTE Wy wolle nei fêststelling fan de Omjouwingsfisy 1.0 trochpakke en dizze strategysk trochûntwikkelje. Us ambysjes, kwaliteiten en útdagingen foar de fysike leefomjouwing meitsje wy konkreet en fisueel yn in gebietsrjochte útwurking. Alle tema’s en opjeften dy’t fan belang binne nimme wy dêryn mei. Troch te sykjen nei keppelkânsen en nei in goede balâns tusken de ûntwikkelmooglikheden en beskerming / fersterking fan de omjouwingswearden litte wy Tytsjerksteradiel op 'e nij bloeie.
Spearpunten
• Wy hawwe de ambysje om wenningbou te fersnellen en binne ree om hjir yn te ynvestearjen. • By de realisaasje fan de wenningbou-opjefte binne ús útgongspunten: - Bouwe yn alle doarpen nei ferlet. - Mear bouwe foar lytse húshâldens. - It behâld fan 'e lânskiplike kwaliteit is mei klam útgongspunt. - In oanpak mei faasje wat werstrukturearringsgebieten oanbelanget. - Romte foar alternative foarmen fan wenningbou en oanfoljende ekspertize. - Libbensrinbestindige, modulêre en tydlike wenten • Wy yntinsivearje de petearen mei wenningboukorporaasjes om ekstra oanbod fan sosjale hierwenten te realisearjen, sadat foar alle doelgroepen foldwaande wenningen beskikber binne. • Wy wolle wurkje mei ûntwikkeloerienkomsten, dêr’t ôfspraken yn makke wurde mei projektûntwikkelers oer ûnder oaren selsbewenningsplicht, soarten wenten en wize fan ferkeapjen. • Wy ûndersykje de wensituaasje fan arbeidsmigranten. By net genôch kwaliteit sykje wy, tegearre mei de wurkjouwers nei in humane oplossing.
• Trochûntwikkeling fan de Omjouwingsfisy nei in gebietsrjochte oanpak. Wy geane mei faasje oan 'e slach mei in pilot. • De gebietsûntwikkeling foar Burgum-West sette wy troch. Breed draachflak en yntegrale belangeôfwaging binne dêrby de útgongspunten.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
19
Finânsjes Dizze gemeente stiet in finansjeel sûn belied foar. Tagelyk binne wy ôfhinklik fan it Ryk foar de middels. It gemeentefûns spilet dêryn de haadrol. Wy optearje foar in aktive rol yn diskusjes oer dizze matearje. It moat rjocht dwaan oan alle gemeenten. Spearpunten • Op dit stuit is foar de kommende twa jier romte foar ynsidintele saken; foar saken dy't struktureel beslach lizze leit dat oars. • Ryksmiddels binne taakstellend foar rykstaken dy't de gemeente útfiert. Geen knaken, geen taken! • Mochten der sosjaal maatskipplike net winske effekten optrede, dan springt de gemeente – nei oerlis mei de ried – by. Wy steane foar de ynwenners yn ús gemeente. • Wy steane iepen foar in petear mei de ried oer de útgongspunten yn relaasje ta de stân fan de algemiene reserve.
Tytsjerksteradiel Bloeit! Koälysje-akkoart 2022 - 2026
20