04 - Bijlage 1 - Evaluaasje Beliedsplan Frysk Tytsjerksteradiel
Tekst van het document
Evaluaasje Beliedsplan Frysk Tytsjerksteradiel Ynlieding It hjoeddeistich Frysk taalbelied fan Tytsjerksteradiel stiet beskreaun yn it Beliedsplan Frysk 2017-2021. Algemiene doelstelling fan it Frysk taalbelied is it kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal. Yn it Riedsprogramma 2022-2026 freget de ried om in evaluaasje fan it Frysk taalbelied fan de ôfrûne jierren. Dizze evaluaasje jout in oersicht fan hokfoar aktiviteiten wy yn de perioade 2017-2022 útfierd ha op de ûnderdielen bestjoer, ûnderwiis, kultuer & media en wolwêzen & soarch. Yn ûndersteand oersicht fine jo de stân fan saken fan de reguliere aktiviteiten en de nije ympulsen (beliedsfoarnimmens) dy’t yn it Beliedsplan Frysk 2017-2021 beneamd binne. Bestjoer Reguliere aktiviteiten Mûnlinge kommunikaasje
Stân fan saken Ynwenners kinne sawol it Frysk as Nederlânsk brûke. Wy nûgje ynwenners út om it Frysk te brûken. By de baly is materiaal fan PraatmarFrysk goed sichtber.
Skriftlike kommunikaasje
As der in brief of mail yn it Frysk by de gemeente komt, beäntwurdzje wy dy yn it Frysk. It giet om sa’n fyftjin (8KTD) brieven/mails yn it jier. De gemeente hat in yntinsjeferklearring sletten om by it opstellen fan korrespondinsje mei oerheden it Frysk yn it skrifltik ferkear te brûken. Dêr wurdt amper útfiering oan jûn.
Riedsgearkomsten
De sprektaal yn riedsgearkomsten is likegoed Nederlânsk as Frysk. De wurk- en beslutelisten fan de ried wurde yn it Nederlânsk opsteld. Riedsútstellen oangeande de Fryske taal of ûnderwerpen mei in Fryskeigen karakter binne yn it Frysk. Meiwurkers binne frij om oare riedsútstellen ek yn it Frysk te skriuwen. Yn trochsnee is der ien riedsstik it jier yn it Frysk. De statyske kopkes fan de formats fan de riedsútstellen binne yn it Frysk.
Kursussen Frysk personiel
Der wurde alle jierren ferskate kursussen Frysk jûn, yn gearwurking mei de oare gemeenten yn Noardeast Fryslân. De kursussen binne bygelyks LearmarFrysk, PraatmarFrysk, SkriuwmarFrysk en in Opfryskkursus. Oantal dielnimmers 2017: 15, 2018: 7, 2019: 18, 2020: 11, 2021: 7, 2022: 15.
Kommunikaasje en foarljochting
De fêste kopkes fan de ynfopagina binne yn it Frysk. Parseberjochten en foarwurden binne út en troch yn it Frysk, sitaten fan bestjoerders binne meastentiids yn it Frysk. Nijsberjochten op social media binne eins altyd yn it Nederlânsk. Alden krije by oanjefte fan harren bern it Taalkado fan de provinsje Fryslân. Yn it Taalkado sit ynformaasje oer meartalich opfieden, ynformaasje oer Boekstart en de biblioteek, Frysktalige boekjes en oare aardichheidsjes.
Taalkado
Taalomtinkers
Foar de trije amtlike organisaasjes binne der sa’n seis taalomtinkers dy’t kollega’s helpe kinne by it oersetten fan teksten fan it Nederlânsk nei it Frysk.
Frysk ferstean is standerteask yn fakatueres
Minimumeask foar it personiel is dat hja it Frysk ferstean en, ôfhinklik fan de funksje, lêze kinne. Yn fakatueres wurdt opnommen dat (passive) behearsking fan it Frysk in pree is. De measte balymeiwurkers en meiwurkers by de gebietsteams kinne Frysk prate. Ut in enkête Frysk ûnder meiwurkers (2022) docht bliken dat 99% fan alle respondinten it Frysk ferstiet, 69% kin it Frysk goed oant poerbêst prate, 65% kin it Frysk goed oant poerbêst lêze en 23% kin it Frysk goed oant poerbêst skriuwe.
Yntranet
Nije ympulsen De gemeente stimulearret mear Frysktalige paadwizers.
Op yntranet (SharePoint) stiet ynformaasje oer it Frysk taalbelied. Ek binne dêr de taalomtinkers en helpmiddels foar it Frysk te finen.
Stân fan saken Ut en troch binne der nije Frysktalige paadwizers yn ‘e iepenbiere romte, bygelyks by it Wetter en Willepark yn Burgum.
Underwiis Reguliere aktiviteiten Tomke
Stân fan saken Jierliks subidiearje wy it Tomke-projekt, in lês- en taalbefoarderingsprojekt foar pjutten. Alle lokaasjes pjutteen berneopfang wurkje mei Tomke.
Foarskoalsk ûnderwiis
Der binne fyftjin pjutte-opfanglokaasjes en trettjin bernedeiferbliuwen yn Tytsjerksteradiel, wêrby’t der fiif lokaasjes noch net meidogge oan it trajekt fan twataligens.
Basisûnderwiis
Trije basisskoallen binne sertifisearre trijetalich. Trije basisskoallen binne dwaande om in trijetalige skoalle te wurden.
Fuortset ûnderwiis
Alle skoallen foar fuortset ûnderwiis jouwe Fryske les yn de earste klassen. Ien skoalle fuortset ûnderwiis biedt Frysk as eksamenfak oan.
Nije ympulsen Wy wolle ekstra finansjele stipe jaan oan ‘e konsultaasjeburo’s yn ús gemeente foar stipe oan (jonge) âlden dy ’t soargen hawwe oer de meartalige ûntwikkeling fan harren bern. Fia it SFBO wolle wy stimulearje dat mear bernesintra yn ‘e gemeente sertifisearre wurde.
Stân fan saken Op de konsultaasjeburo’s is in Boekstartcoach dy’t mei âlden yn petear giet en ynformaasje jout oer meartalich opgroeien. De measte lokaasjes pjutte- en berneopfang binne twatalich sertifisearre.
De gemeente trunet de basisskoallen oan, dêr ’t dat nedich is, om it Frysk heger op de aginda te setten.
Yn it Strategisch Platform Jeugd (SPJ) mei fertsjintwurdigers út ûnder oaren it ûnderwiis, komt út en troch meartaligens oan ‘e oarder. De partners jouwe lykwols oan dat hja sels ynhâldlik ferantwurdlik binne foar Frysk yn it ûnderwiis en gjin finansjele stipe nedich ha.
De basisskoallen oantrune omtinken te jaan oan de eigen skiednis en kultuer. Stimulearjen fan it gebrûk fan digitale metoaden om Frysk te learen.
Dêr is gjin útfiering oan jûn.
De gemeente trunet de skoallen, dy’t fuortset ûnderwiis jouwe, oan om it Frysk as eksamenfak te stimulearjen. Foar it primêr ûnderwiis wolle wy jierliks subsydzje beskikber stelle foar de oanskaf fan Fryske boeken.
Yn it SPJ komt út en troch Frysk as eksamenfak oan ‘e oarder.
Skoallen meitsje gebrûk fan digitale metoaden om Frysk te learen.
De gemeente jout jierliks € 100 oan pjutte- en berneopfang en € 200 oan skoallen primêr en fuortset ûnderwiis foar de oanskaf fan Frysktalige boeken.
Kultuer & Media Reguliere aktviteiten Subsydzje kulturele eveneminten
Stân fan saken Kulturele eveneminten mei in Frykstalich karakter krije subsydzje, lykas it Iepenloftspul Burgum en de útfierings fan toanielferienings.
Kursussen Frysk foar ynwenners
Wy subsidiearje de kursussen Frysk fan de Afûk. Alle jierren binne der sawol kursussen Frysk foar net-Frysktaligen as kursussen Frysk skriuwen foar Frysktaligen. Oantal kursisten: 2017: 26; 2018: 41; 2019: 25; 2020: 9, 2021: 17, 2022: 18.
Kursussen Frysk foar ferienings pleatslik belang, redaksjes fan doarpskrantsjes/websides en sport- en kulturele ferienings.
Yn gearwurking mei Achtkarspelen, biede wy ien kear yn ‘e twa jier kursussen Frysk skriuwen oan. Yn 2018 wiene der sân kursisten út Tytsjerksteradiel wei, yn 2020 wiene dat der njoggen. Dit jier dogge der fiif kursisten mei.
Lokale omrop
De lokale omrop brûkt it Frysk yn de programma’s.
Nije ympulsen Njonken de strukturele stipe foar kulturele uterings wolle wy ekstra finansjele stipe jaan oan Frysktalige uterings.
Stân fan saken Der binne subsydzjemooglikheden foar Frysktalige aktiviteiten. Dêr wurdt út en troch gebrûk fan makke. Bygelyks yn 2020 is der subsydzje ferliend foar de teatrale kuiertocht Karantêne yn Tytsjerk en yn 2022 foar it Rinnend Fjoerke, in evenemint mei Frysktalige ferhalen en muzyk yn Jistrum.
In twajierlikse priis ynstelle foar Frysktalige doarpssjoernalistyk
De priis foar Frysktalige doarpssjoernalistyk is twa kear útrikt. Yn 2020 wie Webside Eastermar de winner, yn 2022 wie dat de Wynser Courant.
Wolwêzen & soarch Reguliere aktiviteiten Konsultaasjeburo
Alderein
Nije ympulsen De gemeente stimulearret en fasilitearret dielnimmers yn it gemeentlik netwurk om kliïnten safolle mooglik yn de eigen taal yn ‘e mjitte te kommen. De Fryske taal is oandachtspunt by nij belied en útfieringstaken op it mêd fan wolwêzen en soarch.
Stân fan saken De meiwurkers by it konsultaasjeburo jouwe oandacht oan meartaligens. Dêrneist komt de Boekstartcoach op it konsultaasjeburo dy’t mei âlden yn petear giet en ynformaasje jout oer meartalich opgroeien. By aktiviteiten yn âldereinhuzen en by wolwêzen foar de âlderein yn ús gemeente brûke hja it Frysktalich materiaal ‘Dat wie doe sa’ fan de Afûk.
Stân fan saken Organisaasjes sjogge it belang fan it yn ‘e eigen taal yn ‘e mjitte kommen fan kliïnten.
By de oanbesteging fan soarch is der oandacht foar it Frysk. De meiwurkers mei klantekontakten moatte it Frysk yn elts gefal ferstean kinne. As by húshâldlike help de klant wol dat de meiwurker ek Frysk prate kin, dan wurdt dêr rekken mei hâlden.