03 - Fraach mevr. L. Westerdijk - Taalambassadeurs
Tekst van het document
JEEN HOFSTRA is 50 jier en hat dyslexy, dat is in oar wurd foar wurdblyn of laaggeletterd en hy koe net goed lêze. Hy stie yn it begjin fan dizze moanne yn de krante mei syn yndrukwekkende ferhaal. It hat HIELE GRUTTE gefolgen hân foar in grutte groep minsken. Hjoed de dei hat 13% fan de minsken yn ús gemeente Tytsjerksteradiel ek te krijen mei laaggeletterdheid. In lyts finkje ferjitten op in formulier of in brief net goed lêzen fan de oerheid, de taslach affaire hat it bleat lein dat jo libben dêrtroch samar ferwoest wurde kin… Jeen Hofstra hat yn it digitaalhûs better lêzen leard en hy is no parttime taalambassadeur fan de gemeente It Hearrenfean en betiden wurdt er ek frege troch de gemeente de Fryske Marren. De CDA fraksje wol freegje: Makket ús gemeente ek gebrûk fan taalambassadeurs? Hiert ús gemeente betiden ek wol ris in erfaringsdeskundige mei laaggeletterdheid yn as it giet om begryplike brieven of formulieren? Foarsitter, Wat is it belied fan ús gemeente op dit mêd?