02a - Bijlage 2 - Ferantwurding en advys ynformateurs
Tekst van het document
Burgum, 14 april 2022. Oan de riedsleden fan FNP, CDA, BVNL, PvdA, VVD, Groen Links, Christen Unie en D66 Gemeente Tytsjerksteradiel.
Ferantwurding en advys. Achte leden fan de nije Ried, Yn it foartrajekt dat de ried foar himsels útset hie is dúdlik wurden dat in grutte mearheid fan betinken is dat, mear as yn de ôfrûne fjouwer jier, der stribbe wurde moat nei in foarm fan beslútfoarming dêr’t alle yn de ried fertsjintwurdige partijen ynbring yn ha kinne. De Ried sjocht dêrom in foarm fan in riedsbreed akkoart, yn hokker foarm ek, as in mooglikheid om mienskiplik it belied op belangrike punten stjoer jaan te kinnen. In te foarmjen kolleezje kin dan de útwurkingen jaan, mar sil dêrnêst ek eigen belied ûntwikkelje en de beslútfoarming tariede, leafst op basis fan sa breed mooglike stipe yn de Ried. Foar it foarmjen fan it kolleezje jilde in oantal algemiene oerwagings dy’t de stabiliteit fan it bestjoer sa goed mooglik fersekerje moatte. As belangrykste: in kolleezje moat in stabile mearheid yn de gemeenteried hawwe foar de rjochting fan it belied. Ek as socht wurdt nei sa breed mooglike stipe en ek as in dúdlik duale ferhâlding tusken kolleezje en ried neistribbe wurdt, is it nedich dat partijen dy’t dielnimme yn it kolleezje (de koälysje) yn’t foar neigeane oft der net beliedspunten binne dêr’t de gearwurking yn it kolleezje op stikken rinne kin.
As twadde moat jilde dat in kolleezje yntern stabyl wêze moat yn dy sin dat ûnderling fertrouwen fan de kolleezjeleden en foldwaande fertrouwen fan de ferskate fraksjes yn elkoarrens kolleezjeleden, in stimulâns en ek inspiraasje wêze kin foar gearwurking yn in krêftich team. Of oarsom sein: dat net ûnderling mistrouwen in goede gearwurking yn’e wei stean sil. En as tredde mei jilde dat in basis fan foldwaande breedte yn de gemeenteried nedich is, ek al om in foldwaande fertrouwensbasis yn de befolking fine te kinnen. Mar tagelyk kin in (te) brede basis dy’t net folslein riedsbreed is, liede ta in ferminderde koherinsje yn it kolleezje en benammen ek ta in gefoel fan útsluting by it diel fan de ried dat net meinommen is. Ferantwurding Nei de gemeenterieds ferkiezingen fan 16 maart hawwe de foar de nije ried keazen leden har mei inoar beret oer de wurkwize foar de nije ried en oer de beneaming fan de ynformateurs. Dêrnei koe op 4 en 5 april de earste searje fan petearen pleats fine fan alle yn de nije ried fertsjintwurdige fraksjes mei de ynformateurs. Ut dizze earste petearen kaam dúdlik nei foaren dat de winsk foar in riedsbreed program troch alle fraksjes dield wurdt, mar dat oer de manier wêrop oft dat ta stân komme moat en oer de ynfolling dêrfan mei mear of minder detaillearre beliedsfoarnimmens, ferskillend tocht waard en faak ek dêr oer net in hiel helder byld bestie.
Fierder bestie by de fraksjes algemien it byld dat de winst fan de BVNL as in dúdlik sinjaal fan de kiezers beskôge wurde moat dêr’t ek yn de kolleezjefoarming mei te rekkenjen is. Tenslotte levere dizze earste ronde fan petearen op dat nettsjinsteande de problemen dy’t de foarige riedsperiode kenmerke hawwe, der yn brede kring wurdearring is foar it wurk fan it sittende kolleezje en dat troch meardere partijen de twa gruttere fraksjes fan FNP en CDA sjoen wurde as de basis foar in nij kolleezje. Op 11 april hat in twadde searje petearen mei alle fraksjes pleats fûn om in neiere ynfulling te krijen fan wat de fraksjes har foarstelle fan in riedsbrede of sa breed mooglike programmatyske opset. De gedachten kinne dêrby gean fan in frij folsleine opsomming fan beliedsfjilden mei in útwurking fan de mienskiplike winsken, oant in beheinde opsomming fan spearpunten dêr’t elk fan fynt dat dy prioriteit ha moatte en dus útwurking krije moatte. Dêrnêst is dizze ronde brûkt om helder te krijen wêr’t de foarkarren fan de ferskate fraksjes lizze foar de koalysjefoarming en dus de kolleezjefoarming. Alle kombinaasjes, mei alle partijen, mei de ferkiezingsútslach dy’t rjochting jout, hawwe yn de petearen oan de oarder west. Dêrby is ek sa goed mooglik neigien op hoefolle fertrouwen beskate kombinaasjes fan partijen rekkenje meie, ek bûten de eventuele koalysje.
Op 14 april hat de lêste byienkomst pleats fûn, dêr’t mei alle fraksjes de resultaten fan de ynformaasje dield binne.
Advys 1 Op basis fan alle fierde petearen komme wy ta de konklúzje dat in kolleezje foarme wurde kin fanút in koalysje fan trije partijen, mar dat foar it program dat it kolleezje him te’n doel stelt om út te fieren in dúdlike ynbring fanút in brede diskusje yn de ried needsaaklik is. Wy advisearje in kolleezje te foarmjen fan trije wethâlders, ien út FNP, ien út CDA en ien út de groep PvdA/GroenLinks. Wy binne ús dêrby bewust dat dit advys in ferklearring nedich hat, benammen sjoen nei it feit dat breed field waard dat de winst van BVNL gewicht ha moast. Us konklúzje hat úteinlik west dat troch de mooglike koälysjepartners (en ek oaren) de BVNL beoardiele wurdt as in partij mei oan de iene kant rom genôch persoanlike goodwill en wurdearring, mar dêr tsjin oer mei in oantal programmapunten dy’t per saldo fier ôfsteane fan de tinkwize fan mooglike koälysje-partners. De BVNL wurdt boppedat sjoen as in jonge partij, dêr’t noch net echt fan dúdlik is oft der in stabile takomst foar te ferwachtsjen is en dêr’t ek it program noch te folle mist oan útwurking om de positionering goed beoardielje te kinnen. Dêrmei falt de BVNL foar dizze perioade ôf foar in mooglike koälysje. It advys is om te kiezen foar in koälysje twa partijen en in kombinaasje-partij en net foar in ekstra partij, dy’t troch in oantal fraksjes wol neamd is yn diverse mooglike konstellaasjes.
Uteindelik hat de gedachte dat in te breed kolleezje de inkele dêryn net dielnimmende fraksjes in gefoel fan útsluting jaan soe, der ta laat om te kiezen foar in koälysje fan net mear as 15 riedssitten. It advys om trije wethâlders te beneamen docht it measte rjocht oan it feit dat de bedoelde koälysje foarme wurdt troch trije likernôch like grutte partijen (en partijgroep), alle trije mei fiif sitten. Utgongspunt foar de koälysje is wol útdruklik dat de partijgroep PvdA/GroenLinks beskôge wurdt en optreedt as ien partij. Advys 2 Om rjocht te dwaan oan de winsk fan de ried om mienskiplik en safolle mooglik yn ienriedigens it belied mei foarm te jaan moat in oanpak fûn wurde dy’t praktysk is en effektyf wurket om in dúdlike eigen en direkte ynfloed te realisearjen. Ut de petearen komme in oantal kompleksen fan ûnderwerpen nei foaren dy’t algemien sjoen wurde as sa belangryk en urgint dat der ferlet is om dêroer as ried stjoer te jaan oan it kommende belied of dy alfêst dúdlik op de agenda te setten. Dan giet it om in oantal sterk mei inoar gearhingjende oandachtsgebieten as - Wenjen en bouwen, mei fragen as foar wa, wêr, hoe (en ynnovaasje). - Duorsumens en de energytransysje, mei fragen oer wannear, hoe, wêre, en ek byg. (lytse) wynmûnen/isolaasje fan wenningen. - Romtlike fyzje, mei fragen oer wenjen, doarpen, natuer, lânbou, bedriuwen (-terreinen).
Dêr nêst ek om - de ynkleuring fan it soasjaal domein, ynklusyf earmoedebelied, - it belang fan sûnens, meidwaan en gelikense kânsen, - en de relaasje tusken de gemeente en de boargers. Dit lêste punt, dat by in soad fraksjes hege prioriteit hat, komt fuort út it gefoel, dat it fertrouwen fan de boarger yn de oerheid net grut is, troch in tekoartsjittende kommunikaasje oer praktyske saken dêr’t yndividuen en groepen tsjin oan rinne en troch in net altyd fleksibel apparaat dêr’t faak min de goede persoan op it goede plak te berikken is. Dat by in telefoantsje nei de gemeente earst keazen wurde moat út trije gemeenten is tekenjend en liket in trochdreaun burokratysk sykjen nei effisjinje. Alhoewol’t de ried fansels allerlei mooglikheden hat om har lûd hearre te litten by de tarieding fan belied liket ús de neifolgjende handelwize it meast praktysk en effektyf om as it wiere preventyf saken oan te pakken. Oer de seis neamde oandachtspunten kin de ried op in net al te lange termyn gearkomsten hâlde dêr’t alle riedsleden de gelegenheid ha om yn in frije diskusje de dingen nei foaren te bringen dy’t sy belangryk fine yn it ferbân fan it ûnderwerp dat oan de oarder is. By sokke byienkomsten kin blike dat der ienriedigens is om it belied in rjochting te jaan, of yn elk gefal kin dúdlik wurde foar hokker rjochting parten fan de ried kieze.
De ried kin sokke mieningen dan ek fêstlizze yn útspraken of moasjes. It kolleezje kin dêrnei yn syn útwurking fan it belied
oanslute op wat yn de ried tocht wurdt. It kolleezje docht der dus ek ferstannich oan om, yn elk gefal oer de boppe neamde punten, net mei nij belied te kommen foardat de ried him útsprutsen hat. As ferfolch op boppesteande kin wat betreft fêststeld belied ek mear en earder omtinken jûn wurde oan de resultaten, oan de fraach yn hoefier it belied syn doel berikt. As de resultaten ôffalle, kin it belied bysteld wurde, mar dêr kin de ried dan ek wer earst in diskusje oer fiere. Advys 3 Yn in kolleezje mei trije wethâlders moat it mooglik wêze de portefeulles sa te ferdielen dat beliedsûnderdielen dy’t elkoar dúdlik reitsje en beynfloedzje by ien portefeuillehâlder ûnderbrocht wurde. Us advys is om dêr yn de formaasjefaze goed omtinken oan te jaan. Ut de petearen mei de fraksjes hat boppedat bliken dien dat der brede oerienstimming is oer de gedachte dat alle politike ûnderwerpen by in politike bestjoerder thús hearre en net by de boargemaster, dy’t ommers syn wetlik fêstleine taken hat. Wy advisearje dan ek dêr fan út te gean. Advys 4 Twa saken dy’t earder ta foar elkoar oer steande mieningen laat hawwe, soene de kommende perioade net mear yn diskusje brocht wurde moatte. Dat jildt foar bouwen yn De Warren, dêr’t besluten oer nommen binne dêr’t net mear op werom kommen wurde moat, salang as alteast net in fundaminteel oare situaasje ûntstiet.
It jildt ek foar de fraach oft Tytsjerksteradiel fuzearje moatte soe mei Achtkarspelen. Foar de kommende tiid liket der foar alle fraksjes goed te libjen mei de gearwurking yn de Werkmaatschappij. Krityk dêr op is der wol, dus oer ferbettering fan wurkwizen en fermindering fan burokratyske omballingen kin wol serieus neitocht wurde, mar it systeem as sadanich hoecht net ter diskusje steld te wurden. Hoe no fierder Ús advys wurdt besprutsen yn de riedsgearkomste fan 21 april 2022. Dêrnei kin de ried de folgjende stappen nimme: - De trije partijen begjinne mei kolleezje-foarming ûnder begelieding fan (in) noch oan te stellen formatteur(s) - Parallel oan de kolleezje-foarming begint de Ried mei it proses om de neamde seis tema’s mei inoar te besprekken om sa it belied rjochting te jaan - De kolleezje-partijen ferwurkje de troch de ried keazen rjochting yn harren útfieringsprogramma. Taheakke De petearen dy’t wy mei de fertsjintwurdigers fan de riedsfraksjes ha mochten ha allegearre in plesierige, iepen en konstruktive toansetting hân. Wy binne alle minsken dy’t wy sprutsen hawwe dêr tankber foar. Wy miene dat it mooglik wêze moat om straks op deselde iepen wize en safolle mooglik mei inoar as fraksjes, de gemeente Tytsjerksteradiel te bestjoeren. It is úteinlik de ried dy’t bestjoert en net allinne de koälysje.
En dizze ried hat wol hiel útdruklik de ambysje útsprutsen it belied sels mei foarm jaan te wollen en dat ek sa ienriedich as mooglik is mei inoar dwaan te wollen. Dat jout fertrouwen! Yn ús wurk binne wy tige holpen troch de riedsgriffier, mevr. Anna Dam en ek troch ús ferslachskriuwster Anja Reitsma. Wy binne ek harren tige tankber foar de plesierige gearwurking! Út ús opdracht en de petearen dy’t wy fierd ha blykt de grutte wearde dy’t de ried hechtet oan suverheid en transparânsje. En oan in iepen (yn)formaasjeproses sûnder ferrassings. Mei petearen dy’t skerp wêze kinne, mar mei respekt foar inoars ynsichten en stânpunten. It is ús dúdlik wurden dat it jim mienens is, om op in oare wiize polityk te bedriuwen, mei it belang fan de ynwenners fan de gemeente Tytsjerksteradiel altyd foarop. Dat is in positive start fan in nije perioade! Hendrik ten Hoeve Anne Jochum de Vries, ynformateurs foar de kolleezjefoarming yn Tytsjerksteradiel