CConstaterende datTytsjerksteradiel
Koppel je AI →
Document · PDF

02 - Ynspraakreaksje hr. Brouwer, Doarpsbelang Gytsjerk oer it Yntegraal Husfestingsplan - Iepen Poadium 22-01-2022

RAAD IEPEN POADIUM (RAADZAAL) 20 januari 2022, gemeente TytsjerksteradielBij agendapunt: Spreekrecht Sociaal Domein463 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Ynspraakreaksje Doarpsbelang Gytsjerk oer it Yntegraal Húsfestingsplan Ûnderwiis Achte riedsleden, As bestjoer fan Doarpsbelang Gytsjerk wolle wy graach fan de gelegenheid gebrûk meitsje om ús sjochwize te jaan oer it Yntegraal Húsfestingsplan Ûnderwiis. Yn it plan stiet dat op termyn in beslút naam wurde moat oer de takomst fan de ûnderwiisgebouwen yn Gytsjerk en oare doarpen yn de Trynwâlden. Sjoen de minyme ôfstân tusken de skoallen yn de Trynwâlden en it learlingenoantal fan dizze skoallen kin in beslút oer húsfesting fan in ôfsûnderlike skoalle net los sjoen wurde fan beslúten oer de oare skoallen. Neffens it plan is it fan belang om mei de skoalbestjoeren nei te tinken oer de húsfestingssitewaasje fan de gebouwen fan de skoallen yn de Trynwâlden. As doarpsbelang binne wy fan betinken dat dit neitinken oer de húsfestingssitewaasje net allinne in saak is fan de skoalbestjoeren. De skoallen hawwe ek in maatskippelike funksje yn ús doarp, der meie de minsken yn ús doarp ek wat fan fine, tinke wy. Dit te mear no de gemeente blikens de Fisy Sosjale basis iepen stiet foar oare maatskippelike foarsjennings ûnder ien dak mei ûnderwiis, lykas berneopfang, biblioteek en buerthûs. 1

Dêrom wolle wy graach yn it plan beneamd ha dat de Doarpsbelangen yn de Trynwâlden (en dus ek Doarpsbelang Gytsjerk) belutsen wurde by it neitinken oer de húsfestingssitewaasje, om’t wy as doarpsbelang de miening fan de ynwenners fan it doarp fertsjinwurdichje As doarpsbelang Gytsjerk hawwe wy it idé dat mei dit húsfestingsplan yn feite foarsoartearre wurdt op ien skoalle foar de hiele Trynwâlden. Fanút ûnderwiiskundich, organistorysk en finansjeel opsicht kinne wy ús der ek wol yn fine, mar dit hoecht neffens ús net te betsjutten dat der ek ien gebou op ien lokaasje komme moat Yn ús resint fêststelde Doarpsfisy stribje wy nei ien skoalle op twa lokaasjes wer’t ien fan yn Gytsjerk leit, as grutste doarp yn de Trynwâlden. Dan hoeche net alle bern de grutte dyk oer te stekken en kinne wy ek in grut tal ferkearsbewegingen fan en nei ien lokaasje foarkomme. Dit jouwt minder oerlêst foar omwenners en is ferkearsfeilicher. Ek kin dan folle better gebrûk makke wurde fan de besteande skoallokaasjes. Boppedat wurdt foarkwaam dat ien grutte learfabryk fan 500 bern ûntstiet wer’t de bern har mooglik ferlern yn fiele.

2

Op dizze wize bliuwt it ûnderwiis ticht by hûs en wurdt de leefberens fan ús doarp net oantaast. Wy hoopje dat dit meinaam wurde kin by de fêststelling fan dit húsfestingsplan, yn elts gefal yn dy algemiene sin dat de húsfestingssitewaasje ek mei ús as doarpsbelangen, betiid yn dit proces, oerlein wurdt en dat de mear romtlike en sosjale punten dy’t wy beneame meinaam wurde yn it proses fan neiere beslútfoarming. Danke wol foar jimme oandacht. Jaap Brouwer Doarpsbelang Gytsjerk

3

4

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Tytsjerksteradiel&id=fe51287a-7b00-4609-8fd9-b0f1f44c13b9