01 - FR - Ynspraakreaksje hr. Stellingwerf oer skoalle Ryptsjerk - Iepen Poadium 20-01-2022
Tekst van het document
Email: doarpsbelangryptsjerk@gmail.com
Oan: B & W en Gemeenterie fan Tytsjerksteradiel. Underwerp: Tekst Iepen Poadium 20 jannewaris 2022, Riedsfoarstel Yntegraal Húsfestings Plan. Ynsprekker: Feriening foar Doarpsbelangen Ryptsjerk.
Ynlieding Myn namme is Jurjen Stellingwerf, ik bin foarsitter fan de Feriening foar Doarpsbelangen Ryptsjerk. Hjirby jou ik in reaksje op it riedsfoarstel oer it IHP; fansels yn it bysûnder foar it fuortbestean fan `e skoalle yn Ryptsjerk. Foar it opstellen fan dizze reaksje hawwe wy 11 jannewaris lêstlyn oerlis hân mei de skoalle en it bestjoer fan multi funksjoneel sintrum it doarpshûs ‘De Einekoer’. Bynammen de skoalle hat hjir breed oan dielnommen troch de bestjoerder fan de koepel ‘De Oorsprong’, 2 MR leden en 3 learkrêften. Alle belutsenen sjogge wol yn dat it opstellen fan in IHP in goeie saak is foar de gemeente, om in goeie ôfweaging te meitsjen yn harren beslút oer it fasilitearjen fan it ûnderwies yn de gemeente. Oerlis fan de wethâlder mei de skoalbestjoerden Op 2 desimber 2021 wie der oerlis mei de skoallebestjoeren, en dêrnei is it IHP oanpast, ûnder oaren foar Ryptsjerk. Ut it ferslach fan dat oerlis docht bliken dat de bestjoerder fan Adenium, dhr. T. Praamstra, foarstelt om te sjen as de skoalle fan Ryptsjerk ek ûnderbrocht wurde kin yn Tytsjerk. Wy hawwe tige grutte betinksten tsjin dat in ‘konkulega’ foarstelt om in oare skoalle op te heffen en de bern by him ûnder te bringen! Lokkich hat de foarsitter fan de ‘Oarsprong’, dhr. R.
Tulner, hjir fuotendaliks stelling tsjin ynnommen troch te sizzen dat bern op in lytse skoalle like folle rjochten hawwe op in goeie húsfesting as bern op in grutte skoalle. Spitigernôch hat de wethâlder, dhr A. Bouwman, de ûndersykopdracht nei opheffing, wol yn dat saneamde haalbaarheidsonderzoek opnaam. Arguminten, werom opheffing fan `e skoalle foar ús net oan `e oarder is It hawwen fan in basisskoalle yn in doarp is ien fan de meast wichtichste pylders foar de leefberens. Dat giet folle fierder as it learen fan rekenjen en skriuwen. De skoalle soarget foar in grutte
‘Mienskipssin’ en makket it doarp goed en leefber om te wenjen. In doarp sûnder skoalle is foar jonge húshâldens net oantreklik, hja sille harren earne oars festigje en it doarp sil hieltyd mear fergriizje. Yn Ryptsjerk wurket de skoalle gear mei it mfc ‘De Einekoer’ troch beide wurdt gebrûk makke fan elkoars romten en poadium. It pjutteboartersplak soarget fia Kinderwoud foar hierynkomsten foar ’De Einekoer’. Dy ynkomsten falle wei as it pjutteboartersplak nei in IKC earne oars giet. Troch opheffing fan de skoalle wurdt it mfc minder ‘multifuncioneel’ en komt de finansearring en it fuortbestean ûnder druk te stean. In bern hat rjocht op it bêste ûnderwiis. Ut ynformaasje hat bliken dien dat de kwaliteit fan it ûnderwiis op de skoalle yn Ryptsjerk optimaal en tige modern is troch it wurkjen mei stamgroepen. In wat lytsere skoalle is foar in soad bern in hearlike learomjouwing. Boppedat wurdt der ynkoarten út ein set mei de oanlis fan in ‘iepen grien boartersplak’. Dat wurdt in natuerlik beweechplak dêr’t ek lessen bûtendoar jûn wurde kinne. Oant 2030 sil it learlingtal noch seker 50 wêze. Dat sil earder mear as minder wurde; yn 2021 binne der yn Ryptsjerk 8 bern berne! Boppedat binne der yn it nije bestimmingsplan 9 nijbouwennings opnaam.
It learlingental is ek it dûbele fan de opheffingsnoarm; dus wêr prate wy oer! Prognoazes foar de langere tiid blike faaks net betrouber en it oantal fan 37, dat yn it oerlis neamd is, is dan ek in slach yn `e loft! De ornearring dat bern fan Ryptsjerk nei Tytsjerk gean sille doocht ek net. De oerstek fan it drokke krúspunt fan de E10 is gefaarlik en net betrouber foar bern. Yn de praktyk sille bern dy’t oan de noardkant fan it doarp wenje, nei Gytsjerk fytse of mei de auto brocht wurde. Oare âlders kinne foar de skoalle yn Hurdegaryp kieze. Yn in pear gefallen binne der âlders dy’t harren wurk yn Ljouwert hawwe en de bern meinimme nei in skoalle yn ‘e stêd. Al dat bringen en heljen levert dus in enoarm soad autokilometers op; dat is dus abslút net duorsum! Mar it allerwichtichste is, dat der foar de bern yn Ryptsjerk neat mear oer is om mei freontsjes en freondintsjes meiínoar op te groeien. Eins wol hiel triest! Konklúsje Us konklúsje is om it gearwurkingsûndersyk nei dit ûntwrichtsjende plan út it IHP te heljen. Ryptsjerk moat en mei net dwerstroch en stikken makke wurde. De € 20.000,-- kinne better yn goeie húsfesting stutsen wurde! Wy freechje de gemeente om ús yn de fierdere plannen te belûken. Tige tank foar jim oandacht.
Feriening foar Doarpsbelangen Ryptsjerk, yn gearwurking mei de skoalle en it doarpshûs. Dhr. Jurjen Stellingwerf, foarsitter doarpsbelangen.