TV CIE FNP antwoorden deel II
Tekst van het document
TECHNYSKE FRAGEN (oer rinnende agindapunten) Namme yntsjinner Fraksje
:Douwe Blom :FNP
Kommisjegearkomste/Riedsgearkomste Datum
:19 oktober
Agindapunt
:4
Underwerp
: Programbegrutting 2024
1.
Side 34: Gebiedsgericht werken Yn ’e begrutting fan 2024 giet om in saldo foar de grutte fan 16.321K en yn 2023 om in saldo foar de grutte fan 11.488K. Wêr komt dy tanimming wei? En wêrom rint it saldo tebek yn ’e jierren 2026 en 2027? Antwurd: De ferskillen tusken 2023 en 2024 binne: Stân 2023 Ferrin Beskikber foar Jeugdsoarch (punt 8, side 24, PB2022) Ferrin Jeugdsoarch (punt 8, side 23, PB2023) Wêrfan al earder op in oar plak ynset yn 2023 foar jeugdsoarch Ekstra 25% Ryksmiddels foar Jeugdsoarch (punt 24, side 24, PB2023) Tekoart Jeugdsoarch tefoaren komme (amendemint by Aktualisaasje PB2023) Neidiel Jeugd (punt 2, side 35, PB2024) Jeugdsoarch (punt 4, side 35, PB2024) Sintrumregeling Sosjaal Domein Fryslân (punt 15, side 35, PB2024) Heger begrutte bedrach foar leankosten Leger begrutte bedrach ynhier personiel Leger bedrach begrutte foar oar guod en oare tsjinsten Yndeksaasjes en sa Stân 2024
€ 11.488.000 -249.000€ -1.867.000€ 1.043.000€ 1.807.000€ 88.000€ 1.000.000€ 763.000€ 230.000€ 2.440.000€ -287.000€ -150.000€ 15.000€ € 16.321.000
It begrutte bedrach rint werom yn ’e jierren 2026 en 2027, om’t Ryksbedraggen foar jeugdsoarch ôfnimme, bygelyks troch: • Bedrach beskikber foar Jeugdsoarch (punt 8, side 24, PB2022) • Ekstra 25% Ryksmiddels (punt 24, side 24, PB2023) nimt fan 2025 op 2026 ôf fan € 1.659.000 nei € 1.134.000. • Bedrach Jeugdsoarch (punt 4, side 35, PB2024) nimt fan 2025 op 2026 ôf fan € 490.000 nei minus € 450.000.
2.
Side 37: 6. Integraal Zorgakkoord , 565K ekstra fan 2025 ôf, as kompensaasje foar tanommen kosten Wêrom der fan útgean dat dat hiele bedrach útjûn wurde sil? Wylst it as kompensaasje takend wurdt. Antwurd: Foar dy post moatte jo ek sjen nei punt 7 en 8 fan side 37 út ’e programmabegrutting. Om’t wy no noch net oanjaan kinne wat de krekte finansjele gefolgen binne, hâlde wy earst noch de sifers oan sa’t dy troch it Ryk beëage binne.
3.
Side 55: Begrutting taakveld Werken – Milieubeheer Hjir wurdt foar 2024 in baat fan 675K opfierd. Yn ’e begrutting fan 2023 wie der gjin baat foarsjoen. Wêr bestiet dy baat foar 2024 út? Antwurd: It bedrach fan € 675.000 giet oer de taakstelling dy’t stiet op side 58 punt 6. It giet om: • Lobby Ryk • Petear provinsje • Oare dekking (tydlik)
€ 225.000 € 230.000 € 220.000
De boppesteande aksjes soene € 675.000 opsmite moatte. 4.
Side 57: Baten parkeren. Is de oarsaak fan’e efterbliuwende baten bekend? En wurde de maatregels pas yn 2024 nommen of is der ek in effekt te ferwachtsjen yn 2023? Antwurd: De oarsaak fan de efterbliuwende baten is benammen de koroana-útbraak. Dêrtroch wiene de ynkomsten in tredde leger as skatten. It effekt fan de te nimmen maatregels sil spitigernôch pas is yn 2024 sichtber wurde.
5.
Side 59: 11. Bijdrage Oeverfonds: “De inwoners met een oever vullen jaarlijks het oeverfonds met een bepaald bedrag, tot 860K totaal” Graach in taljochting hoe’t dat wurket. Antwurd: Ynwenners en oare partijen dy’t in wâlkonstruksje (nedich) hawwe oan smel farwetter, kinne yn oanmerking komme foar it Wâlfûns (as subsydzje). Dat fûns wurdt folle troch de provinsje en de Fryske gemeenten oant € 860.000,- it jier. It binne dus net de ynwenners mei in wâl dy’t it fûns folje, mar de provinsje en de Fryske gemeenten, elk foar 50% (yndirekt dus wol al ús ynwenners). De 50% bydrage fan ’e Fryske gemeenten is ferdield op basis fan it tal ynwenners en it oandiel farwei. Foar Súdwest-Fryslân betsjut dat jierliks in bydrage fan € 105.000,-.
6.
Side 66: Dienstverlening “Beantwoording op mails volgt binnen twee werkdagen” Giet it hjir om de automatyske beäntwurding dat de mail ûntfongen is? Antwurd: Wy hawwe yn ús organisaasje dizze ôfspraken makke: troch in saneamde ‘autoreply’ kriget de ynwenner fuort in ûntfangstbefêstiging. Dêrnei nimme wy binnen twa wurkdagen kontakt mei de klant op. As wy it antwurd net binnen twa wurkdagen jaan kinne, jouwe wy oan wêrom’t wy it antwurd sa gau net jaan kinne. Wy litte dan ek witte wannear’t de ynwenner it antwurd wol ferwachtsje kin.
7.
Side 71: Financiën “Onderzocht wordt of we bij het verwerken van de algemene uitkering de (eigen) aantallen jaarlijks kunnen laten muteren en hoe dat eventueel kan worden verwerkt in de begroting.” Hokker (eigen) oantallen wurde dêr bedoeld? Graach in taljochting. Antwurd: Dêr bedoele wy de oantallen fan de mjitstêven út de algemiene útkearing mei: bygelyks it oantal ynwenners, útkearingen en kearnen. Wy meitsje sa in prognoaze foar de kommende jierren.
8.
Side 76: Hoger dividend BNG Der wurdt in struktureel hegere dividintútkearing ferwachte fan 200K. Wurdt dêr ek dividintebelesting op ynholden? Sa ja, liedt dat ek ta in foardiel op ’e VPB? Antwurd: Wy hâlde gjin dividintebelesting yn op de dividinte-útkearing fan ’e BNG; dat hat ek gjin ynfloed op ’e fennoatskipbelesting.
9.
Side 123: Incidentele lasten en baten per programma – Verkoop snippergroen Al in oantal jierren wurde yn ’e begrutting ynsidintele baten út ’e ferkeap fan snipelgrien opfierd. Nij is yn dizze begrutting it jier 2027. Hoelang kin dat noch as ynsidintele baten trochgean? Mei oare wurden: hoefolle snipelgrien kin der noch ferkocht wurde? Antwurd: Fêstgoed sjocht foar de kommende jierren gjin problemen yn it generearjen fan it fêststelde bedrach yn ’e begrutting. Neist de reguliere oankeapfersiken binne der noch in soad perselen yn ’e ferhier dy’t aktyf oanbean wurde kinne soene. Wy ferkeapje de kommende jierren ek noch in soad perselen yn ferbân mei de enerzjytransysje (de ferswierring fan it enerzjynetwurk).