Riedsútstel - Planologyske ynstimming wiziging bestimming perseel Boeijengastrjitte 34 te Gau
Tekst van het document
ús nûmer: BAG22.0319
*BAG22.0319* O.0000001E
Riedsfoarstel gemeente Súdwest-Fryslân Underwerp Riedsgearkomste fan Kommisje Kommisjegearkomste fan Portefúljehâlder Team Behanneljend amtner
Planologyske ynstimming wiziging bestimming perseel Boeijengastrjitte 34 te Gau 14 july 2022 Doarp, Stêd en Omkriten 28 juny 2022 Bauke Dam Ruimtelijke Ontwikkeling Bert de Jong
Foarstel: Planologysk yn te stimmen mei in wiziging fan in bedriuwsbestimming nei in wenbestimming en yn de nije situaasje maksimaal 4 wenningen op te nimmen. Ynlieding: Sûnt de jierren ’50 fan de foarige ieu is der yn it sintrum fan it doarp Gau in boubedriuw fêstige oan de Boeijengastrjitte 34. Dit bedriuw hat yn de rin fan de tiid harren fêstiging útwreide mei loadsen en útbouwen. Hjoedtedei binne dizze gebouwen datearre en yn in matige ta slechte steat fan ûnderhâld. De gebouwen binne net isolearre en op in grut part fan de dakken lizze asbest golfplaten. De bedriuwsgebouwen falle út de toan yn it doarsbyld en foarmje troch de asbest dakken in risiko foar de omjouwing. Boppedat passet in boubedriuw yn ferbân mei de miljeurigels net mear yn in wenomjouwing. Yn 2015 binne de bedriuwsaktiviteiten stoppe mar de bedriuwsbestimming leit noch wol op it perseel. De inisjatyfnimmer hat dêrom betocht om de lokaasje in oare bestimming te jaan. It plan is om op it terrein trije nije wenningen te realisearjen dy’t it perseel in passende romtlike ynfulling jaan sille en boppedat te soargjen foar in wenynpuls foar Gau. It komt der dus op del dat de loadsen sloopt wurde. Dêrneist is de besteande (bedriuws)wente met de skuorre geskikt foar in wenning mei in berop oan hús. Op grûn fan in no noch jildende bestimmingsplan “Wymbritseradiel-Noord” hat it perseel in bedriuwsbestimming.
Dizze bestimming stiet net ta om it perseel foar meardere wenningen te brûken. In wenbestimming is dêrom nedich om de ynpassing fan de winske wenningen mooglik te meitsjen. Dêrom sil der nei de planologyske ynstimming fan de ried in nij bestimmingsplan opsteld wurde.
De besteande situaasje op de loftfoto
De ferbylding fan it bestimmingsplan mei yn pears it bedriuwsperseel
1
Doel: De gemeenteried om planologyske ynstimming freegje foar de plannen. Dêrnei kin der in bestimmingsplan (en in byldkwaliteitsplan) opsteld wurde, en yn proseduere brocht wurde. Arguminten: Op himsels mei de transformaasje fan in bedriuwsbestimming nei in wenbestimming op dit plak bêst wol as in geunstige ûntwikkeling sjoen wurde. In boubedriuw yn funksje kin oerlêst jaan. Mei namme no’t dit bedriuw yn in drekte wenomjouwing leit. It boubedriuw is dan wol net mear aktyf mar op grûn fan de jildende bedriuwsbestiming kin dêr ek in oar bedriuw komme. Lykas oanjûn, befettet it stêdeboukundich plan in ferfanging fan ferhurding en bedriuwsbebouwing troch in trijetal nije wenningen. It is dus in ynwreiding op in besteande bedriuwslokaasje. Der is bewust in kar makke foar in beheind oantal wenningen om foar te kommen dat it in op himsels steande wyk wurdt en dêrmei it karakter krije soe fan in útwreidingsplan yn pleats fan in ynwreidingsplan. De lizzing yn it hert fan it doarp en oan it trochgeande iepen faarwetter mei útsjoch op it iepen lânskip freget om in hege kwaliteit/type fan bebouwing. Ofwikseling fan bebouwing en grien, it ynformele en de beheine skaal binne karakteristyk neist it bouwen fan wenningen mei in dúdlike kap. It plan giet út fan de besteande wenning.
Dêrneist leit efter op it perseel in grut hiem mei dêrop in skuorrewenning dy referearret oan skuorren dy’t yn in fan oarsprong agrarysk doarp foarkamen. De oare twa wenningen binne doarpse frijsteande wenningen. Yn it ramt fan foaroerlis binne de plannen ek besprutsen mei de Wolstânskommisje Hûs en Hiem. De yn it foaroerlis beneamde kanttekens en oanbefelings by it earste plan, wurde mei it no foarlizzende sketsplan foar in grutste part ûnderfongen. Wol freget de Wolstânskommisje de winske ‘argeloosheid’ fan sawol it plak as de bebouwing foldwaande fêst te lizzen yn it nije bestimmingsplan- en byldkwaliteitsplan. Dat hawwe wy de inisjatyfnimmer alfêst meijûn.
De besteande situaasje
De nije sitaasje (yndikatyf)
Oare mooglikheden: Net meiwurkje oan de plannen as yn wizige foarm meiwurkje Risiko’s: Der binne gjin risiko’s Wetlike grûn: 3.8 Wro
2
Finansjele aspekten/gefolgen: It giet hjir om in partikulier inisjatyf. Foar safier der foar de gemeente finansjele risiko’s binne, wurdt dat nei de planologyske ynstimming troch de gemeenteried middels it sluten fan in oerienkomst by de inisjatyfnimmer dellein. Duorsumens: Oangeande duorumens, moatte de plannen foldwaan oan it Boubeslút Global Goals Duorsume stêden en mienskippen (11) Ferfolchproses: Nei’t de gemeenteried ynstimd hat mei de plannen, sil inisjatyfnimmer in bestimmingsplan en in byldkwaliteitsplan opstelle. Dizze plannen wurde dêrnei yn proseduere brocht. Uteinlik wurde de plannen foar fêststelling, as alles meirint, yn maart 2023 by de gemeenteried dellein. Monitoaren en evaluaasje: n.f.t. Gefolgen foar de LTA: n.f.t. Kommunikaasje en ôfstimming: Op ús fersyk is der kommunisearre tusken de inisjatyfnimmer en de omwennenden. Dêrút kin opmakke wurde dat de direkte omjouwing de plannen stipet. Taheakke(n) Meistjoerd -It plan fan inisjatyfnimme Op besjen: -
Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân,
mr. drs. J.A. de Vries
G. Heeg
3
, boargemaster.
, gemeentesekretaris
Riedsbeslút gemeente Súdwest-Fryslân Underwerp Planologyske ynstimming wiziging bestimming perseel Boeijengastrjitte 34 te Gau
Nei oanlieding fan it foarstel fan boargemaster en wethâlders d.d. 7-6-2022;
beslút de ried:
Planologysk yn te stimmen mei in wiziging fan in bedriuwsbestimming nei in wenbestimming en yn de nije situaasje maksimaal 4 wenningen op te nimmen.
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 14 july 2022
mr. drs. J.A. de Vries
G.W. Stegenga
2
, foarsitter
, griffier.