Riedsfoarstel - Planologyske ynstimming oanlis parkearterrein aon de Harlingerstraat 1 yn Boalsert
Tekst van het document
ús nûmer: R24.000188
*R24.000188*
Riedsfoarstel gemeente Súdwest-Fryslân Ûnderwerp Riedsgearkomste fan Kommisje Kommisjegearkomste fan Portefúljehâlder Team Adviseur
planologyske ynstimming oanlis parkearterrein oan de Harlingerstraat 1 yn Boalsert 27 febrewaris 2025 Doarp, Stêd en Omkriten 11 febrewaris 2025 Bauke Dam Romtlike Untwikkeling G.L. de Jong
Foarstel: -Planologysk yn te stimmen mei de oanlis fan in parkearterrein oan de Harlingerstraat 1 te Boalsert (eardere lokaasje garaazjebedriuw Van der Werff). Gearfetting: Nei 105 jier is der in ein kommen oan de bedriuwsaktiviteiten fan garaazje Van der Werff oan de Harlingerstraat 1 te Boalsert. De gemeente hat dizze lokaasje oankocht om’t nei it demontearen fan de garaazje dizze lokaasje him tige lient foar it oanlizzen fan in parkearterrein foar 49 parkearplakken. Foar de lokaasje jildt it omjouwingsplan "Súdwest-Fryslân". Binnen it omjouwingsplan falt de lokaasje yn it ûnderdiel "Bolsward-Kom". De grûn hat de funksje "bedrijf 2". It plan is yn striid mei it omjouwingsplan om't it foarnimmen bestiet op it plak mei de funksje “bedrijf 2” in parkearfunksje te realisearjen. In twadde punt fan striid mei it omjouwingsplan is dat de eardere bedriuwswente by de garaazje net sloopt wurdt. Yn de nije situaasje wurdt dat in reguliere wenning. Der kin hjir in kar makke wurde foar in saneamde BOPA (bûtenplanske omjouwingsplanaktiviteit). Dêrby jildt de fraach oft de gemeenteried hjirby belutsen wurde moat. Yn dat gefal moat sjoen wurde nei kategory 5 (foarsjennings yn de iepenbiere romte). As de ynfrastrukturele inisjativen yn striid binne mei gemeentlik beleid op it mêd fan iepenbiere romte, moat de ried ynstimme mei it inisjatyf.
Oangeande dizze spesifike lokaasje leit net echt belied fêst. Dêrom wurdt útsteld de ried hjirby te belûken.
De nije parkear situaasje
1
Arguminten: -De oanlis fan it parkearterrein passet yn de fysje foar Boalsert. It sil it trochgeande sykferkear beheine, it draacht by oan de berikberens en gastfrijheid fan de binnenstêd en it ferlichtet de parkeardruk. Mear parkearen bûten de grêften jout mooglikheden/kânsen om it parkearen yn de binnenstêd te beheinen en de situaasje dêr te fergrienen. Fierders binne der gjin bettere alternativen yn de omjouwing fan de binnenstêd oan dizze kant fan de stêd. Der binne op meardere mominten parkeardrukmetings útfierd by it Oordje en yn de omjouwing fan it sintrum. Dizze parkeardrukmetings litte sjen dat de besetting fan de parkearplakken boppe de 85% sit. Ferkearskundich is de parkeardruk dêrmei heech. Ek jouwe de bewenners oan dat hja parkearduk ûnderfine. Om it parkearen rûnom it sintrum goed opfange te kinnen, is it fan belang dat dizze parkearterreinen grut genôch binne. Mei it realisearjen fan de ekstra parkearplakken foldocht it transfer punt ‘t Oordje hjir no oan. -In oar argumint is dat in garaazjebedriuw yn dizze tiid einliks net mear passet op koarte ôfstân fan de omlizzende wenbebouwing. En dan giet it mei namme om lûdsoerlêst. Risiko’s: Miskien dat dit beslút oer it parkearterrein sjoen wurdt as in ûnderdiel fan de fysje foar Boalsert. Dêr wurdt op it stuit oan wurke. Mar dit beslút oer it parkearterrein stiet hjir los fan.
It giet hjir mei namme om it ferleegjen fan de parkeardruk yn Boalsert. Finânsjes: By de Aktualisaasje Programmabegrutting 2023 is € 1.000.000 beskikber steld foar it gastfrij meitsjen van de sintra Snits en Boalsert. Hjir fan wie € 700.000 foar de oanlis fan it transferpunt yn Boalsert. Dit bedrach is fia de bestjoersrapportaazje meinommen nei 2024. It restant per ein 2024 wurdt opnommen yn it útstel fan de resultaatbestimming fan 2024 fia de gemeenterie, sadat it jild beskikber bliuwt yn 2025. It bedrach fan € 700.000-- is bedoeld foar de grûnoankeap, demontearen, bouryp meitsjen fan de grûn, de oanlis fan it parkearterrein en it grien en de ynterne oeren. Neffens de hjoeddeistige rûzing wurdt it folslein benut. Op 5 maart 2024 hat ús kolleezje al ynstimd mei de strategyske oankeap fan Harlingerstraat 1 te Boalsert foar de realisaasje fan in parkearterrein. Oare mooglikheden: Net meiwurkje oan dit inisjatyf.
Dat hat ta gefolch dat de parkeardruk yn Boalsert bestean bliuwt Wetlike grûn: 16.15a en 16.62 fan de Omgevingswet Wa binne belutsen: De omwenners, It Platfoarm Boalsert, de Undernimmersferiening, de Wykferiening en Gastfrij Sintrum Boalsert Wize fan partisipaasje: Wy hawwe alle omwenners, It Platfoarm Boalsert, de Undernimmersferiening, de Wykferiening en Gastfrij Sintrum Boalsert útnûge yn de keatskantine oan it Oardsje yn Boalsert om yn ‘e kunde te kommen mei de plannen. Om en de by 40 persoanen binne del west. Oer it algemien binne de resultaten posityf. Der binne wat betingsten oer de ynrjochting. Dêr kin foar in part oan meiwurke wurde. De resultaten binnen opnommen yn de bylage. Digitale links nei ynformaasjebronnen: https//sudwestfryslan.nl/onderwerp/parkeerplaats-oordje-bolsward Yn hokker faze:
2
Yn de faze fan tarieding. Planning ferfolch yn kolleezje/LTA: Nei’t de ried planologyske ynstimming jûn hat, kin de gemeente in offisjele oanfraach yntsjinje. Dizze oanfraach leit foar in perioade fan 6 wiken op besjen. Dan kin in sjenwize yntsjinne wurde troch belanghawwenden. Dêrnei soe de fergunning ferliend wurde kinne. Fierders sil yn it earste kwartaal de tariedende wurksumheden plak fine lykas it demontearjen fan de garaazje. Yn de simmer kin mei de oanbesteging útein setten wurde mei it oanlizzen fan it parkearterrein. Taheakke (n): 1.dokumint partisipaasje
Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân,
mr. drs. J.A. de Vries
drs. E.K. Strijker
3
, boargemaster.
, gemeentesekretaris
Riedsbeslút gemeente Súdwest-Fryslân Underwerp Planologyske ynstimming oanlis parkearterrein oan de Harlingerstraat te Boalsert Nei oanlieding fan it útstel fan boargemaster en wethâlders d.d. 14 jannewaris 2025; Oerwagende dat: -de ried op 21 desimber 2023 in list fêststeld hat fan kategoryen fan gefallen wêrby de ried by in fergunning foar in bûtenplanske omjouwingsplanaktiviteit (BOPA) advys jaan moat lykas oanjûn yn artikel 16.15a fan de Omgevingswet; -neffens artikel 3, lid 1a fan dit riedsbeslút hoecht it kolleezje de ried gjin advys te freegjen foar in BOPA yn it gefal de ried planologyske ynstimd hat; -de effekten op de omjouwing posityf binne beslút: planologysk yn te stimmen mei de oanlis fan in parkearterrein oan de Harlingerstraat 1 te Boalsert. (eardere lokaasje garaazjebedriuw Van der Werff).
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 27 febrewaris 2025
mr. drs. J.A. de Vries
G.W. Stegenga
4
, foarsitter.
, griffier.