Raadsvoorstel - Taalbelied Frysk
Tekst van het document
Ús nûmer: R25.000215
Riedsfoarstel gemeente Súdwest-Fryslân Ûnderwerp Riedsgearkomste fan Kommisje Kommisjegearkomste fan Portefúljehâlder Team Adviseur
Taalbelied Frysk 5 maart 2026 Boarger en Mienskip 18 febrewaris 2026 Petra van den Akker Kultuer en Sport F.D. Koornstra
Foarstel: It taalbelied Frysk fêst te stellen Gearfetting: It nije Frysk taalbelied soarget foar in aktueel en juridysk korrekt ramt foar it brûken fan Frysk en streektalen yn tsjinstferliening, bestjoer en kommunikaasje. It âlde belied is ferrûn en nije wetlike ferplichtingen, lykas de wiziging fan de Wet gebrûk Fryske taal yn 2024 en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028, freegje om fernijing. It belied rjochtet him op fjouwer haaddoelen: taalfolgjend wurkjen, in foarbyldfunksje fan de gemeente, it stimulearjen fan taalgebrûk en it fergrutsjen fan sichtberens fan Frysk, Stedsfrysk en Hylpersk. Yn it útfieringsprogramma wurde konkrete aksjes, prestaasje-yndikatoaren en evaluaasjemominten opnommen, safolle as mooglik spesifyk, mjitber, akseptabel, realistysk en tiidbûn (SMART). De gemeente hat in wetlike plicht om regels en in beliedsplan op te stellen, omdat Frysk ûnder it heechste beskermingsnivo fan it Europeesk Hânfêst falt. It proses om te kommen ta in nij taalbelied Frysk is úteinset mei in enkête ûnder ynwenners, ynterviews mei kollega’s en oerlis mei provinsje en partners, lykas Afûk en GGD Fryslân. Nei fêststelling folget in útfieringsprogramma mei as earste stappen ynterne ynformaasje en in publykskampanje om de sichtberens fan meartaligens te fergrutsjen.
Sa wol it kolleezje net allinnich oan wetlike ferplichtingen foldwaan, mar ek in positive hâlding en it gebrûk fan de Fryske taal stimulearje. Us hjoeddeiske Fryske taalbelied “Frysk… en mear!”rûn oant en mei 2024. Om trije redenen wurdt it nije taalbelied pas yn 2026 oan de ried oanbean. • De Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 (BFTK) is yn april 2024 ûndertekend troch Ryk en provinsje. • Fanwege de wizigingen yn de BFTK is ek de Wet gebrûk Fryske taal oanpast. • Yn de BFTK binne middels beskikber steld foar it oanstellen fan meertaligenskoördinatoaren yn de gemeenten. De provinsje hat lykwols pas yn juny 2025 de subsydzjeregeling foar it oanfreegjen fan middels iepensteld. Ynlieding: It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat besletten it Taalbelied Frysk ta fêststelling oan de ried oan te bieden, sadat de gemeente Súdwest-Fryslân beskikt oer in aktueel, juridysk korrekt en útfierber ramt foar it brûken fan it Frysk (en de streektalen) yn û.o. tsjinstferliening, bestjoer en kommunikaasje. It ôfrinnen fan it hjoeddeiske Fryske taalbelied “Frysk... en mear!”, tegearre mei de ambysje út it koälysje-akkoart Grutsk en tichtby 2022-2026, is oanlieding om in nij taalbelied op te stellen. We maken het Frysk, Stadsfries en Hylpers meer zichtbaar, op straat en digitaal. We gaan voor een levende Fryske taal en een bruisend en levend cultuuraanbod op fietsafstand.
Wy meitsje it Frysk, Stedsfrysk en Hylpersk mear sichtber, op strjitte en digitaal. Wy geane foar in libbene Fryske taal en in brûzjend en libjend kultueroanbod op fytsôfstân.
1
Dêrneist spylje ek wetlike ferplichtingen, de ôfspraken út de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028 (BFTK) en de ôfspraken dy’t makke binne by de fúzje in wichtige rol by it ûntwikkeljen fan dit nije belied. Global Goals: SDG-nûmer SDG 4
SDG-titel Kwaliteitsûnderwiis
SDG 10
Ungelikensens ferminderje
SDG 11
Duorsume stêden en mienskippen
SDG 16
Frede, justysje en sterke publike ynstellings Partnerskippen om doelstellingen te berikken
SDG 17
Relevânsje foar taalbelied Frysk Stimulearret meartaligens en fersterket Frysk yn ûnderwiis en kultueredukaasje Borgt gelikense tagong ta tsjinstferliening troch Frysk te fasilitearjen Behâld fan ymmaterieel erfgoed en fersterking fan lokale identiteit Fersterke ynklusive en tagonklike oerheid troch taalrjochten Stimulearret gearwurking mei provinsje, Ryk en maatskiplike organisaasjes
Arguminten: a.1 De gemeente hat de wetlike plicht om in beliedsplan om te stellen De Wet gebrûk Fryske taal (art. 5) ferplichtet gemeenten om regels en in beliedsplan op te stellen foar it brûken fan Frysk yn skriftlike en mûnlinge kommunikaasje. It Frysk falt ûnder Diel III fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen, wat it heechste beskermingsnivo biedt. Nederlân moat minimaal 35 maatregels útfiere, wêrûnder lokaal belied. a.2 It foarige belied is ferrûn en net ôfstimd op nije wetlike ramten en de BFTK It is needsaaklik dat de ried it belied fêststelt om wetlike en bestjoerlike ferplichtingen nei te kommen en om de kontinuïteit fan taalrjochten te garandearjen. It foarige belied hat hjirby as basis tsjinne. Sûnder aktualisaasje foldocht de gemeente net oan har ferplichtingen. a.3 By de foarming fan SWF is in oerienkomst sletten oer taalrjochten en taalbeleid Yn 2010 is de earste oerienkomst sletten tusken de Nederlânske Steat, de provinsje Fryslân en de fúzjegemeenten. De oerienkomst by de gemeentlike fúzje ferplichtet ta it behâld fan it besteande nivo fan taalrjochten en ta it fieren fan in ambisjeus taalbelied. Yn 2013 by it tafoegjen fan in part fan de gemeente Boarnsterhim en yn 2018 by it tafoegjen fan in part fan de gemeente Littenseradiel is de oerienkomst hjiroan oanpast.
De gemeente hat oant no ta net genôch útfiering jûn oan de fúzjeôfspraken oer behâld fan taalrjochten en ambisjeus belied. Frysk taalbelied wurdt earder swakker as sterker by gemeentlike weryndielings. Dat blykt út ûndersyk út 2018 dat DINGtiid, it ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, útfiere litten hat troch Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. It ûndersyk is útset nei oanlieding fan de advysfraach fan de provinsje oft der by weryndielings foldwaande omtinken is foar it Frysk. It nije belied biedt middels (û.o. meartaligenskoördinator) om de efterstân yn te rinnen. Yn it útfieringsprogramma meitsje wy konkreet hoe't wy dat dwaan sille. Rol en foech: - Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden It Frysk falt ûnder Part III fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden, wat it heechste nivo fan beskerming biedt. Nederlân moat minimaal 35 maatregels útfiere op gebieden lykas ûnderwiis, rjochtspraak, bestjoer, media, kultuer en sosjaal-ekonomysk libben. It Frysk nimt in bysûndere posysje yn. It is de iennige taal mei wetlike bestjoersrjochten en hat binnen de provinsje Fryslân deselde juridyske status as it Nederlânsk. Dy status is ferankere yn twa ynstruminten:
2
• •
de Wet gebrûk Fryske taal, dy’t de rjochten fan boargers en de ferplichtingen fan oerheden fêstleit, de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), in periodike oerienkomst tusken Ryk en provinsje mei ôfspraken oer belied, finansiering en tafersjoch.
- Wet gebrûk Fryske taal De Wet gebrûk Fryske taal (yn wurking sûnt 2014) regelet it brûken fan Frysk by bestjoersorganen yn Fryslân. Wichtige bepalingen: Artikel 3: Elkenien mei Frysk brûke yn kontakt mei bestjoersorganen yn Fryslân. Gemeenten moatte korrespondinsje en petearen yn it Frysk fiere kinne. Artikel 4 en 9: Amtners en bestjoerders meie Frysk brûke yn ynterne kontakten, riedsgearkomsten en oerlis mei oare bestjoersorganen. Wat yn it Frysk sein wurdt, wurdt ek yn it Frysk notulearre. Artikel 5: Gemeenten stelle regels en in beliedsplan op om it brûken fan Frysk yn skriftlike en mûnlinge kommunikaasje te fersterkjen. Dêrby is sawol omtinken foar ynterne as eksterne kommunikaasje. De essinsje fan de wet is dat it Frysk en it Nederlânsk yn Fryslân offisjeel deselde status hawwe as bestjoerstaal. Dat betsjut dat oerheden net allinnich yn it Nederlânsk wurkje meie, mar likegoed folslein yn it Frysk. In beliedsnota, fergunning of offisjele brief mei dus streekrjocht yn it Frysk opsteld wurde – en dy Fryske ferzje jildt dan ek as juridysk orizjineel. Provinsje en gemeenten binne dêrneist ferplichte om sels fêst te lizzen hoe’t se dat yn de praktyk organisearje, fia in eigen taaloardering. - Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 (BFTK) Op 8 april 2024 hawwe Ryk en provinsje Fryslân ôfspraken makke oer beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer.
De provinsje hat in wichtige rol yn it taalbelied: se fiert it belied út en stjoert it oan. Yn de BFTK wurdt de provinsje eksplisyt oanwiisd as ‘taalskipper’ – in soarte fan regisseur dy’t koördinearje moat, stimulearje en partijen mei-inoar ferbine. Gemeenten krije beliedsromte, mar moatte yn alle gefallen foldwaan oan it basisrjocht fan boargers om Frysk te brûken yn harren kontakt mei it bestjoer. De Twadde Keamer hat de winsk útsprutsen om mei dizze en folgjende bestjoersôfspraken de ambysje te ferheegjen (motie 36200 VII nr.135). Nei oanlieding fan dit fersyk en mei it each op it taalfitaliteitsmodel fan UNESCO hawwe it Ryk en de provinsje fiif prioriteiten oanwiisd om yn dizze BFTK de ambysjes te ferheegjen. Der is benammen ferlet fan ekstra ynset op: 1. Sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte. 2. Digitalisearring fan it Frysk. 3. Frysk yn ûnderwiis en ûndersyk. 4. Taaloerdracht tusken generaasjes. 5. Desintraal taalbelied. It Ryk stelt € 18 miljoen beskikber, û.o. foar meartaligenskoördinatoaren by gemeenten. Risiko’s: a.1 Kapasiteit en ekspertize It sukses fan it belied hinget ôf fan de ynset fan de meartaligenskoördinator, kommunikaasjeadviseur Frysk, de beliedsadviseur en ynterne ambassadeurs (û.o. direksjeen kolleezjeleden). By net genôch kapasiteit of ekspertize kin útfiering fertraagje.
a.2 Gearwurking Yn it belied is in gearwurking mei de gemeenten De Fryske Marren en Hearrenfean opnommen. As dy gearwurking stûket, kin de impact op gruttere organisaasjes dy't gemeentegrinskrusend wurkje ôfnimme. a.3 Wjerstân yntern Net alle kollega’s binne fertroud mei it Frysk of motivearre om it aktyf te brûken. Soks kin liede ta trage ymplemintaasje. a.4 Diskusje oer prioriteiten Guon ynwenners of kollega’s kinne it belied sjen as te kostber of net urgint, wat liede kin ta politike en maatskiplike diskusje.
3
a.5
Ynklusiviteit Te folle klam op Frysk kin troch net-Fryske ynwenners as eksklusyf ûnderfûn wurde, wat freget om soarchfâldige kommunikaasje.
Finânsjes: De finansjele middels bestean út, foar in part eigen middels en diels oan te freegjen subsydzjes. De ynset fan de MTK wurdt bekostige út middels dy't fia it ryk oan de provinsje beskikber steld binne om yn te setten yn de gemeenten (BFTK). De gemeente hat hjirfoar in subsydzje-oanfraach yntsjinne by de provinsje. De gemeente hat middels krigen foar de ynset fan de MTK (€ 42.459). Fan kommend jier ôf moat de gemeente der ek in eigen bydrage by lizze op 'e hichte fan € 14.153. Dizze eask stiet net yn de BFTK, mar is troch de provinsje as eask oplein yn de subsydzjeregeling foar it oanfreegjen fan de middels foar de MTK. Dit jier hoecht de gemeente noch gjin eigen bydrage by te lizzen. Gemeenten koene dizze eask foar dit jier noch net yn harren begrutting opnimme, fanwege in let beslút hjiroer fan de provinsje. Finansjeel risiko a.1 Net genôch eksterne dekking It belied giet diels út fan provinsjale en Ryksmiddels (Sichtberensregeling, MTK). As dizze subsydzjes fuortfalle of leger útfalle, moat de gemeente sels ekstra middels frijmeitsje om de doelen helje te kinnen of aktiviteiten letter útfiere. Juridysk: It belied jout útfiering oan de Wet gebrûk Fryske taal en it Europeesk Hânfêst. Fêststelling fan it belied kin liede ta oanpassing fan de Feroardering gebrûk Fryske taal (2017) om konsistinsje te garandearjen.
It belied boarget rjochten fan ynwenners om Frysk te brûken yn kontakt mei de gemeente. Oare mooglikheden: a. Beliedsnota net fêststelle, mar útfiering fuortsette op basis fan besteand belied De besteande feroardering en ôfspraken biede in minimale juridyske basis, mar foldocht net oan de aktualisearre wetlike ramten (Wet gebruik Friese taal 2024 - update). Der is gjin oansluting op BFTK 2024–2028. It is mogelyk dat oanfrege subsydzjes dan net takend wurde of letter weromfoardere wurde. Fúzjeôfspraken bliuwe ûnfolslein neilibbe. b. Beliedsnota fêststelle mei útfiering fan allinnich de wetlike ferplichtingen It belied rjochtet him op allinnich de kearnferplichtingen (Wet gebrúk Fryske taal, Hânfest). De ambysjes út it koälysje-akkoart en fúzjeôfspraken wurde net helle en der is kâns op krityk fan provinsje en Ryk (BFTK freget om ambysje). Der is minder sichtberens en minder maatskiplike impact. Mei dit nije belied wolle wy foaral ek útstriele dat it brûken fan it Frysk leuk is en dat der in positive hâlding ûntstiet oangeande it Frysk. Dat berikke wy mei allinnich it foldwaan oan de wetlike ferplichtingen net. c. Ambisjeus belied mei folsleine útfiering én oanfoljende finansiering Maksimaal effekt. Fersterke posysje fan Frysk en streektalen sichtber en struktureel.
Mei ekstra finansiering soene we in fulltime meartaligenskoördinator oannimme kinne wêrtroch't we folop ynsette kinne op útfiering en it belûken fan eksterne organisaasjes. Partisipaasje: Wy binne it proses om te kommen ta in nij taalbelied úteinset mei in enkête ûnder ús ynwenners. Dizze enkête dy't mei help fan in filmke mei Johannes Rypma ûnder de oandacht brocht waard, is troch hast 700 ynwenners ynfolle. Dêrnei hawwe wy ynterviews hâlden mei kollega’s út ferskate teams wei. Underwilens hawwe wy alle wiken polls op yntranet set om de miening fan kollega's op te heljen. Ekstern hawwe wy praat mei oare gemeenten, de provinsje en de Afûk. De meartaligenskoördinatoaren yn Fryslân wurkje net isolearre, mar foarmje in gearhingjend netwurk dêr't kennisdieling en gearwurking sintraal yn steane. Hja komme geregeldwei byinoar
4
ûnder lieding fan in netwurklieder om ûnderfiningen út te wikseljen en de bêst wurkjende aksjes te dielen. Yn nau oparbeidzjen mei Afûk en de provinsje wurdt boarge dat belied en útfiering op inoar oanslute. Mei oparbeidzjen kinne wy net allinnich de kontinuïteit fan it belied garandearje, mar ek de kwaliteit en ympakt fergrutsje. De gemeente Súdwest-Fryslân wol dizze gearwurking útwreidzje troch ek gear te wurkjen mei de gemeenten De Fryske Marren en Hearrenfean. Troch mei-inoar op te lûken, betsjinje wy in grut taalgebiet mei likernôch 200.000 ynwenners. Dêrneist wurkje ferskate partners, lykas biblioteken, skoalbestjoeren, berne-opfangorganisaasjes, organisaasjes yn de rekreative sektor en soarchynstellingen, al grinskrusend gear. Dat biedt in goede basis foar in yntegrale oanpak. Nei fêststelling fan it taalbelied en de taaloardering wurde alle meiwurkers per ôfdieling ynformearre oer it gemeentlik taalbelied en de makke ôfspraken oer skriftlike en mûnlinge kommunikaasje tusken gemeente en har ynwenners (taaloardering). Kommunikaasje: Nei fêststelling fan it taalbelied en de taaloardering wurde alle meiwurkers per ôfdieling ynformearre oer it gemeentlik taalbelied en de makke ôfspraken oer skriftlike en mûnlinge kommunikaasje tusken gemeente en har ynwenners (taaloardering).
Nei it fêststellen sille wy ek oan 'e slach mei in publykskampanje mei as doel de sichtberens fan ús meartaligens (Frysk, Stedsk en Hylpersk) te fergrutsjen. In oansprekkende kampanje dy't it boechbyld fan it taalbelied fan de gemeente wurde moat. De kampanje moat derfoar soargje dat ynwenners, ynstellings, skoallen ensfh. bewuster wurde fan de eigen taalrykdom, dy mear brûke en útdrage sille. Wy stelle in kommunikaasjeplan op wêryn't wy beskriuwe wannear, hoe faak en op hokker wize wy meartalich of Frysk kommunisearje. Planning ferfolchproces: Alle jierren wurdt it kolleezje op 'e hichte stelt fan de útfierde aksjes. Foar it ferantwurdzjen fan de subsydzje dy’t wy krije fan de provinsje foar de ynset fan de MTK en de oanfrege middels út de sichtberensregeling wei moatte wy in aktiviteiteferslach oanleverje. Dit aktivteiteferslach wurdt ek oan it kolleezje oanbean. En sil as aktive ynfo oan de ried oanbean wurde. Dêrneist wurdt de fuortgong dield fia de Bestjoersrapportaazjes. It belied jout útfiering oan de Wet gebrûk Fryske taal en it Europeesk Hânfêst. Fêststelling fan it belied kin liede ta oanpassing fan de Feroardering gebrûk Fryske taal fan de gemeente SúdwestFryslân (2017) om konsistinsje te garandearjen. De feroardering moat dan ek troch de ried fêststeld wurde.
Links nei eardere beslútfoarming: Wet gebrûk Fryske taal Europeesk Hânfest BFTK Motie 36200 VII nr.135 Taheakke (n): 1. Taalbelied Frysk Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân,
mr. drs. J.A. de Vries
drs. C. Smits
5
, boargemaster.
, gemeentesekretaris
Riedsbeslút gemeente Súdwest-Fryslân Underwerp Taalbelied Frysk Nei oanlieding fan it foarstel fan boargemaster en wethâlders d.d. 13 jannewaris 2026;
beslût: It taalbelied Frysk fêst te stellen
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 5 maart 2026,
mr. drs. J.A. de Vries
G.W. Stegenga
6
, foarsitter.
, griffier.