Raadsvoorstel - Bestemmingsplan Bogerman Wommels
Tekst van het document
ús nûmer: BAG22.0323
*BAG22.0323* O.0000001E
Riedsfoarstel gemeente Súdwest-Fryslân Underwerp Riedsgearkomste fan Kommisje Kommisjegearkomste fan Portefúljehâlder Team Behanneljend amtner
Bestimmingsplan Wommels-Bogerman 14 july 2022 Doarp, Stêd en Omkriten 28 juny 2022 Bauke Dam Ruimtelijke Ontwikkeling Bert de Jong
Foarstel: 1. It bestimmingsplan Wommels-Bogerman ûnferoare fêst te stellen neffens it ûntwerpbestimmingsplan dat op besjen lein hat; 2. Dat it niisneamde bestimmingsplan lâns elektroanyske wei fêstlein is yn it GML-bestân NL.IMRO.1900.2021BPWmlsbogerman-vast en ek yn dy foarm fêststeld is; 3. Fêst te lizzen dat foar de lokaasje fan de geometyske planfoarwerpen gebrûk makke is fan in ûndergrûn hokker ûntliend is oan 'de Basisregistratie Grootschalige Topografie'; 4. Gjin eksploitaasjeplan foar it bestimmingsplan Wommels-Bogerman fêst te stellen. Ynlieding: Nei de sluting fan de Bogerman-skoalle oan de Walperterwei yn Wommels is de gemeente útein setten mei in iepenbiere ferkeapproseduere om it gebiet wêrop de eardere skoalle stiet te werûntwikkeljen. Troch de inisjatyfnimmer is dêrop in foarstel yntsjinne it gebiet te transformearjen ta de Bogerman Wen Campus. Dizze sil bestean út de transformaasje fan it besteande karakteristike skoalgebou ta 10 apparteminten en op it efterterrein, wêr’t noch de by de eardere skoalle hearende bebouwing stiet, de bou fan 10 grûnbûne wenningen mooglik te meitsjen. Dizze ûntwikkeling is yn striid mei it no jildende bestimmingsplan om’t de grûn de bestimming ‘maatschappelijk’ hat. It no foarlizzende bestimmingsplan jout in nij juridysk kader dat de winske ûntwikkeling mooglik makket. It ûntwerp fan it bestimmingsplan hat 6 wiken op besjen lein.
Der binne gjin sjenswizen yntsjinne. Doel: It fêststellen fan it bestimmingsplan Wommels-Bogerman Arguminten: It doel is dus om wenjen mooglik te meitsen. De skoalle is sûnt 2018 net mear yn gebrûk, en der is ûnfoldwaande fraach yn en rûnom Wommels om de gebouwen wer as skoalle yn gebrûk te nimmen. De ynwenners fan Wommels hawwe rjochting de gemeente de winsk útsprutsen yn Wommels mear mooglik te meitsjen foar mei namme de startende jongerein. Om hjiryn te foarsjen, sil it besteande karakteristike skoalgebou omboud wurde ta 10 (hier)apparteminten en sil de efterlizzende bebouwing sloopt wurde, om plak te meitsjen foar 10 grûnbûne keapwenningen.
1
It skoalgebou oan de foarside fan it plangebiet is in karakteristyk gebou mei in kultuerhistoaryske wearde foar it doarp Wommels en omkriten. Dêrom wurdt dit gebou behâlden en sil it yntern ferboud wurde. It terrein rûnom it skoalgebou bestiet hast folsein út bestrjitting. Yn de nije situaasje komt der romte foar beammen en oar grien. Parkearfoarsjennings komme op eigen terrein en wurde útfierd as healferhurding. Troch it tafoegjen fan grien wurdt de leefberens fergrutte, wylst hjittens- en wetteroerlêst ôfnimme. It gebou oan de efterside fan it plangebiet is foarhinne boud as skoalgebou yn in dêrfoar kenmerkjende styl: grutte, hege romtes mei sintrale gongen. De brûkberens fan dit gebou foar oare funksjes is net grut, geskikt foar wenjen is it seker net. Dit part fan it eardere skoalgebou sil dan ek sloopt wurde. Hjirfoar yn ‘e plak komme 10 grûnbûne wenningen yn it goedkeape/midden segmint. De wenningen binne haaks oarientearre op it karakteristike part fan it skoalgebou yn twa boublokken.
In ympresje fan de winske stêdeboukundige ynrjochting De apparteminten en grûnbûne wenningen krije per wenienheid in eigen berging. Dizze bergingen wurde yn twa frijsteande bygebouwen realisearre. Ien efterop it terrein en ien skean efter it karakteristike skoalgebou. Neist de wentebou is der in kollektive romte yn it eardere skoalgebou. Dizze romte sil as in ‘buurthub’ foar bewenners en omjouwing funksjonearjen gean. Dêrby moat tocht wurde oan in ekstra mienskiplike wen/wurkromte dy’t ek as moetingsplak brûkt wurde kin. It plan is yn it ramt fan foaroerlis ek al efkes by de Wolstânskommisje dellein. Der wienen in pear lytse kanttekens en dêr komme wy wol út. Koartsein: posityf! Fierders noch de kompliminten oer it meinimmen fan it doarp by de planfoarming. Oare mooglikheden: Net meiwurkje oan it inisjatyf mar dat is hast útsluten om’t der al it ien en oar yn gong setten is lykas de tarieding ferkeap en ferkeapproseduere Risiko’s: Gjin, om’t der in oerienkomst ôfsluten is mei de inisjatyfnimmer. Wetlike grûn: 3.8 Wro
2
Finansjele aspekten/gefolgen: De finasjele aspekten binne oan it bestjoer foarlein yn in eigen útstel. It fereaske útfieringskredyt is troch de gemeenteried behannele op 23 desimber 2021. De gemeentlike kosten wurde foar in part dutsen út de ferkeapopbringst fan de lokaasje. De gemeente ferkeapet de lokaasje oan de ûntwikkelende partij. De keapjende partij is fia in iepenbiere merkseleksje keazen. It oare part fan de gemeenlike kosten wurdt dutsen út de planologyske leezjes dy’t de ûntwikkelende partij oan de gemeente betellet. Dêrmei is it plan finansjeel helber. Duorsumens: Oangeande duorsumens, moatte de plannen foldwaan oan it Boubeslút Global Goals N.f.t. Ferfolchproses: Nei’t de gemeenteried it bestimmingsplan fêststeld hat, leit it plan noch seis wiken op besjen. Yn dizze perioade kin der noch berop ynsteld wurde by de Raad van State. Monitoaren en evaluaasje: N.f.t Gefolgen foar de LTA: N.f.t. Kommunikaasje en ôfstimming: It doarp Wommels wurdt fan it proses op de hichte hâlden. Taheakke(n) Meistjoere: - It ûntwerpbestimmingsplan Wommels-Bogerman Op besjen: -
Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân,
mr. drs. J.A. de Vries
G. Heeg
3
, boargemaster.
, gemeentesekretaris
Riedsbeslút gemeente Súdwest-Fryslân Underwerp Bestimmingsplan Wommels-Bogerman Nei oanlieding fan it foarstel fan boargemaster en wethâlders d.d. 7-6-2022; beslút de ried: 1. It bestimmingsplan Wommels-Bogerman ûnferoare fêst te stellen neffens it ûntwerpbestimmingsplan dat op besjen lein hat; 2. Dat it niisneamde bestimmingsplan lâns elektroanyske wei fêstlein is yn it GML-bestân NL.IMRO.1900.2021BPWmlsbogerman-vast en ek yn dy foarm fêststeld is; 3. Fêst te lizzen dat foar de lokaasje fan de geometyske planfoarwerpen gebrûk makke is fan in ûndergrûn hokker ûntliend is oan 'de Basisregistratie Grootschalige Topografie'; 4. Gjin eksploitaasjeplan foar it bestimmingsplan Wommels-Bogerman fêst te stellen.
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 14 july 2022
mr. drs. J.A. de Vries
G.W. Stegenga
4
, foarsitter
, griffier.