CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

Hoofdlijnenakkoord 2026-2030 FY

Raadsvergadering 28 mei 2026, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Haadlinenakkoart bestjoersperioade 2026-20309.274 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Yn Ferbining Fierder Haadlineakkoart 2026-2030 Publisearre op 22 maaie 2026

Ynhâldsopjefte Ynlieding

3

Tichtby yn wurk en dwaan

5

(T)hús yn Súdwest-Fryslân

9

Krêft fan de mienskip: gelikense kânsen en soarch tichtby

14

Troch wurk, romte en ferbining meidwaan

18

Lânskip yn lykwicht

23

Ferantwurde mei ús jild omgean

26

Slútwurd

29

2

Ynlieding Súdwest-Fryslân is in grutte en mânske gemeente, mei stêden, doarpen, in útstrekt lânskip en in protte wetter. Wat ús ferbynt, is de mienskip. Der is gjin goede Nederlânske fertaling foar it wurd mienskip en dat is net foar neat. Dat jout oan hoe unyk it is. Dat unike mei-inoar ferbûn wêze is de krêft fan ús gemeente en it ôfreispunt fan dit akkoart.

harke nei de oare partijen yn ‘e ried. We sjogge in protte oerienkomsten as it giet oer wenjen, foarsjenningen, soarch en leefberens yn alle kearnen. De ûnderwerpen en oandachtspunten dy’t partijen meijûn hawwe, binne yn dit akkoart werkenber werom te finen.

Wy sjogge Súdwest-Fryslân as in feriening dêr’tst by hearre wolst. Dêr’t romte is foar inoar treffe, wille en belutsenens. Dêr’t minsken graach binne, harren thús fiele en dêr’t wy nei inoar omsjogge. By in feriening heart ek dat minsken fan harren hearre litte, inisjatyf nimme en meidogge. As gemeente nimme wy net alles oer. We lûke mei-inoar op en stypje wêr’t dat nedich is.

Dizze wize fan gearwurkjen mei de gemeenteried sette wy troch. Goede besluten freegje om ferskate perspektiven en om romte foar alle partijen om by te dragen. Dêrby heart in wize fan wurkjen mei mear romte foar debat en mienskiplike ferkenningen, en mei dúdlike mominten dêr’t de ried rjochting jaan kin. De ried, it kolleezje en de organisaasje wurkje hjiryn gear. Sa fersterkje wy de demokratyske fernijing en soargje wy dat besluten better oanslute by wat der libbet yn ‘e maatskippij.

Bewust kieze wy foar in akkoart op haadlinen. Konkreet genôch om oan de slach te gean. Mar mei romte foar kar en bystjoeren troch de gemeenteried en romte foar ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes om mei te tinken en by te dragen. De útwurking fan dit akkoart folget yn in wurkaginda. Dêryn ‘strûpe wy de mouwen op’ en meitsje we konkreet wat we dwaan sille, hoe en wannear. By it meitsjen fan it haadlineakkoart hawwe wy aktyf

Yn de ôfrûne jierren is in protte yn gong set. Dêr binne wy grutsk op. Plannen binne makke, projekten starten tichtby en yn ‘e mande mei ynwenners en frijwilligers. Dat litte wy net los. We bouwe fierder. Fansels binne we ambisjeus en hawwe wy noch folop winsken en ideeën, de fokus leit op better en sterker meitsje wat al wurket. Realistysk, mei soarch

3

en respekt foar wat al opboud is. Tagelyk meitsje wy karren en stelle prioriteiten. We rjochtsje ús op wat no nedich en helber is en hâlde romte foar plannen dy’t we letter oppakke kinne sa gau as dêr jild en tiid foar is.

Dat freget in oare wize fan wurkjen. Omdat de wrâld feroaret, hâlde wy romte foar nije ynsichten en gean we yn 2028 ‘healwei werom sjen’. Dêrmei kieze wy foar ferbining. Somtiden letterlik: in brêge, in dyk, in kabel. Somtiden symboalysk: in útstutsen hân of in brief yn eigen taal. We soargje foar ferbining tusken stêd en plattelân. Tusken ekonomy en maatskippij. Tusken plannen en útfiering. Tusken nije ûntwikkelingen en kultureel erfguod. Tusken klimaatútdagings en behâld fan ús lânskip. Tusken kolleezje, ried en amtlike organisaasje. Tusken oerheid en ynwenner.

Foar ús lizze útdagings en kânsen. De fraach nei wenningen groeit, it ferlet oan soarch en ûndersteuning freget om nije oplossingen en opjeften oer enerzjy, klimaat en ekonomy biede romte om mei-inoar fierder te bouwen oan in sterk Súdwest-Fryslân. Dizze opjeften hingje mei-inoar gear. Wat we dogge op it iene terrein, rekket de oare. Dêrom sjogge wy nei it gehiel. De Sosjale Koers en de Omjouwingsfyzje (position paper) jouwe ús derby rjochting. De Sosjale Koers stipet ús om te tinken fan it deistich libben fan minsken út en de Omjouwingsfyzje biedt hâldfêst by de ynrjochting fan romte en omjouwing. Wy bringe dizze twa byinoar. Sa ferbine we minske en omjouwing en meitsje wy ôfwagings dy’t net allinnich romtlik, mar ek sosjaal klopje. We meitsje gearhingjende karren dy’t ús fierder bringe.

Dit akkoart is mear as in ôfspraak tusken partijen. It is in útnûging. Oan de ynwenners, ûndernimmers, maatskiplike organisaasjes en oan de gemeenteried. Om mei-inoar as ‘ús feriening Súdwest’ ferantwurdlikheid te nimmen en mei-inoar fierder te bouwen. Yn ferbining fierder. Want allinnich mei-inoar bringe wy Súdwest-Fryslân fierder en soargje we dat plannen ek echt ta resultaat liede.

Us wize fan bestjoeren en wurkjen slút dêrop oan, tichtby en betrouber. We harkje nei wat der libbet, lizze karren begryplik út en binne dúdlik oer wat wol en net kin. We wurkje gear mei ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes en meitsje ôfspraken oer ferwachtings. We slute oan by wat der al is yn doarpen en wiken, sûnder minsken ûnnedich te belêsten mei regels of papierwurk. Dêrby binne we oan ‘e foarkant dúdlik oar doelen, karren en wat helber is. De ried, it kolleezje en de organisaasje wurkje hjiryn gear. We kieze derfoar om de ried earder te belûken, ûnder oare troch mear gear te wurkjen mei startnotysjes en opinynota’s en pas dan mei konkrete foarstellen oan de gemeenteried. 4

Tichtby yn wurk en dwaan Tichtby wêze yn in gemeente mei 89 kearnen freget eat fan ús wize fan wurkjen en bestjoeren. We harkje, moetsje en nimme sinjalen serieus. Wat goed wurket, bliuwe we dwaan en fersterkje wy. We ynformearje op tiid, transparant en dúdlik, ek as eat lêstich is of net kin. Sa bouwe we oan fertrouwen.

• Tichtby, sichtber en oan te sprekken yn alle kearnen • Gearhing yn karren en oplossingen • Ien gemeente, betrouber iepen en dúdlik • Romte foar ried, ynwenner en ûndernimmer as ‘Feriening Súdwest’

Tichtby wurkje oan gearhing

Doarp, wyk en stêd telle mei

De opjeften yn Súdwest-Fryslân wurde yngewikkelder. Tema’s as wenjen, soarch, leefberens, ekonomy en klimaat freegje om oplossingen dy’t by-inoar pasje en by wat der spilet yn doarpen, wiken en stêden. Om tichtby de minsken te wêzen: sichtber, oansprekber en belutsen. We kieze foar oplossingen dy’t oanslute by it deistich libben fan ús ynwenners en ûndernimmers. Dêrby past in organisaasje dy’t sûnens, besteanssekerheid, leefomjouwing en ekonomy mei-inoar ferbynt en karren fertaalt nei wat dit betsjut foar minsken.

It Kearnebelied en SWF Tichtby foarmje de basis fan hoe’t wy wurkje: tichtby en mei-inoar mei de mienskip. It hjoeddeistige kearnebelied is wat ús oanbelanget noch net foldwaande. Wy bouwe hjirop fierder en sette de folgjende stap. We binne faker sichtber yn doarpen, wiken en stêden en slute better oan by wat dêr spilet. We harkje nei wat ynwenners nedich hawwe en witte wat it ferlet is yn ús 89 kearnen. Eltse kearn telt en eltse kearn is unyk. We hâlde rekken mei de ferskillen tusken stêd, doarp en wyk. De ynsichten út ‘e praktyk, mei de útkomsten fan it tsjinstferlieningsûndersyk, brûke we om ús tsjinstferliening te ferbetterjen.

5

Wy binne berikber foar fragen: fan stipe by in leech ynkommen ta help by fergunningen en eveneminten. Ynwenners, ferieningen en ûndernimmers moatte ús maklik fine kinne. Wy sykje harren ek aktyf op. Foarhoedespilers lykas Steds-, doarps- en wykkoördinatoaren, accountmanagers, buertsportcoaches en gebietsteammeiwurkers spylje hjiryn in wichtige, ferbinende rol. Sy kenne de minsken, binne in bekend gesicht en soargje dat sinjalen gau oppakt wurde. Wy meitsje harren rol noch dúdliker.

Ynwenners en ûndernimmers aktyf belûke by besluten As wy as gemeente besluten nimme, belûke wy minsken op in wize dy’t past by it ûnderwerp. Foar elk fraachstik kieze wy bewust oft en hoe’t ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes meitinke of meidwaan kinne. De partisipaasjeljedder helpt ús om de goede wize fan belutsenens fêst te stellen. Dizze ljedder hat fiif nivo’s: meiwitte, meitinke, meiprate, meiwurkje en meibeslute. Per ûnderwerp kieze wy it passende nivo. Yn it foar binne wy dúdlik oer rollen, ferwachtingen en de romte dy’t der is foar ynfloed. Nei ôfrin jouwe wy in heldere weromkeppeling. De ferhâlding tusken oerheid en ynwenner feroaret. Ynwenners ferwachtsje dat wy net allinnich harkje mar ek sjen litte wat wy mei harren ynbring dogge. Dat freget om in oare wize fan wurkjen. Wy leare fan ûnderfiningen en bliuwe kritysk op ús eigen hanneljen. Wy litte dúdlik sjen hokker sinjalen wy ophelje út de mienskip en hoe’t dy trochwurkje yn ús besluten. Sa bouwe wy oan betrouwen en meitsje wy sichtber dat belied net allinnich fóár ynwenners makke wurdt, mar ek mei harren.

We wolle dat elkenien meidwaan kin. Dêrom sykje wy aktyf kontakt mei ynwenners, ek mei groepen dy’t minder sichtber binne of minder gau fan harren hearre litte. Sa berikke wy ek it stille midden. Wy harkje dêrneist goed nei de Berneried. Harren ideeën oer in feilige buert, in noflik thús, in harkjend ear, soarch tichtby en romte om dysels wêze te kinnen, helpe ús by it meitsjen fan karren.

6

Taal, identiteit en kultuer

Begryplike kommunikaasje foar en mei ynwenners

Tichtby betsjut ek: tichtby wêze yn taal en identiteit. It Frysk en streekbûne talen lykas it Hylpersk en Stedsfrysk hearre by it deistich libben yn Súdwest-Fryslân. Se meitsje diel út fan wa’t wy binne en wêr’t wy weikomme. Yn ús kommunikaasje, yn de iepenbiere romte en yn ús wurk slute wy dêr safolle mooglik by oan. Dat fergruttet it gearwurkjen en it fertrouwen yn de gemeente en lit sjen dat de gemeente echt fan en foar de mienskip is. Wy soargje derfoar dat meartaligens bliuwend omtinken krijt. Dêrom krijt de meartaligenskoördinator in fêst plak yn ‘e organisaasje. Wy bouwe yn oparbeidzjen mei provinsjale en lokale partners fierder op wat al opboud is.

De bêst ynformearre ynwenner wennet yn Súdwest-Fryslân. Us kommunikaasje en berikberens binne tagonklik en slute oan by wat minsken nedich hawwe. Wy hâlde rekken mei ynwenners dy’t muoite hawwe mei taal, beheinde taalfeardigens hawwe of in beheining hawwe. Sa soargje wy dat elkenien meidwaan kin en ús ynformaasje begrypt. Wy kommunisearje dúdlik en dogge wat wy tasizze. Streekrjocht nei ynwenners, mar ek fia parse en media en op ús kommunikaasjekanalen. We rjochtsje ús kommunikaasje sa yn dat mear ynsichtlik wurdt wat de ynwenner, ûndernimmer of besiker fynt fan de besluten dy’t we nimme.

Ien gemeente, ien gesicht Foar ynwenners is de gemeente ien gehiel. Ried, kolleezje en organisaasje binne mei-inoar ferantwurdlik. We sizze wat we dogge en dogge wat we sizze. Wy jouwe net altyd wat frege wurdt mar lizze dúdlik út wêrom wy guon karren meitsje. Wy fersterkje de demokratyske kultuer yn ús gemeente. De gemeenteried belûke wy ier en folweardich by wichtige karren. Der is romte foar ferskate mieningen. Wy benutte de kennis, ûnderfining en it netwurk fan de gemeenteried en sykje gearwurking oer koälysje en opposysjegrinzen hinne. Dat liedt ta bettere besluten en mear fertrouwen yn de maatskippij.

Wurkje mei startnotysjes Mei startnotysjes sille wy betiid mei de ried, de organisaasje en de mienskip yn petear oer wat wy wolle, hokker karren dêrfoar nedich binne en wat helber is. Wy wurkje dizze ferkenning fierder út yn opinynota’s: stikken wêryn‘t wy ferskate mooglikheden en gefolgen op in rige sette, foardat wy mei in konkreet foarstel komme. Dat past by in foarsisbere, transparante en betroubere bestjoersstyl. Op 7

Betrouwen yn de oerheid en feilich wurkje kinne

dizze wize belûke wy de ried earder en meitsje wy mei-inoar bettere ôfwagings. Dat is in oare wize fan wurkjen: iepen, stap foar stap en mei romte foar debat en nije ynsichten. Omdat omstannichheden feroarje kinne, nimme we healwei de bestjoersperioade bewust de tiid om werom te sjen en by te stjoeren; healwei werom sjen (HWS) wurdt de Súdwest-fariant fan de midterm review (MTR).

It fertrouwen yn de oerheid sakket. Dêrom is it wichtich dat wy dúdlik, betrouber en transparant hannelje. We soargje foar in feilige wurkomjouwing foar ús meiwurkers sadat sy harren wurk goed dwaan kinne. Wy hawwe ek ekstra omtinken foar it feilich útfiere kinnen fan in publike taak en it beskermjen fan frijwilligers, helpferlieners, riedsleden en bestjoerders. Respekt foar helpferlieners is de gewoanste saak fan de wrâld en agresje fine wy altyd ûnakseptabel.

Wurkje út fertrouwen wei Hoe’t wy wurkje, docht derta. Wy wurkje út betrouwen wei en jouwe meiwurkers de romte om harren kennis, ûnderfining en fakmanskip te brûken. Wy wurkje gear mei doarpen, wiken, frijwilligers, maatskiplike partners en lokale netwurken. Ynwenners dogge aktyf mei oan de ‘Feriening Súdwest’. Har kennis en ynset binne ûnmisber. Wy slute oan by wat minsken of mienskippen sels kinne, en stypje wêr’t dat nedich is. Sa fersterkje wy de mienskip en soargje wy derfoar dat oplossingen passe by ús ynwenners en harren direkte omjouwing. Dat freget bytiden maatwurk.

Digitalisearring mei each foar minsken

Frijwilligers binne fan ûnskatbere wearde en drage ús maatskippij. We steane neist harren en sjogge goed nei wat helber is. Wy stypje wêr nedich en belêste frijwilligers net mei taken dy’t by de oerheid hearre.

Gearwurkje mei partners

Digitalisearring en nije technology biede kânsen om ús tsjinstferliening te ferbetterjen en ús wurk tûker te dwaan. Wy wurkje as gemeente foar minsken. Wy bliuwe ús bewust fan it ferlet oan persoanlik kontakt. Wy brûke data om better te begripen wat der spilet yn doarpen en wiken en om te ferbetterjen wêr nedich. Wy geane soarchfâldich om mei privacy en digitale feiligens. Wurkje mei digitalisearring en AI ûntwikkelje wy stap foar stap, op in wize dy’t begryplik en brûkber is foar meiwurkers en ynwenners. Goede kommunikaasje is dêrby wichtich. Ried, kolleezje en organisaasje lûke dêr mei-inoar yn op.

De ympakt foar Súdwest-Fryslân wolle wy fierder fersterkje troch lokale opjeften en útdagings dy’t oer ús gemeentegrins hinne geane, te ferbinen. Oerheidstaken kinne wy as gemeente net altyd allinnich. Dêrom wurkje wy gear mei oare oerheden en partners, sawol lokaal, regionaal, provinsjaal, lanlik as Europeesk. Wy diele kennis en ynvestearje mei-inoar wêr’t dat mear opsmyt. Wy benutte aktyf eksterne middels, lykas regionale fûnsen, ryksbydragen en Europeeske subsydzjes.

8

(T)hús yn Súdwest-Fryslân Dy thús fiele giet oer in goed hûs en oer in noflike en feilige leefomjouwing. Oer doarpen en wiken dêr’t foarsjenningen tichtby binne en minsken nei inoar omsjogge.

Wenjen en folkshúsfêsting: bouwe foar minsken Elkenien moat goed en betelber wenje kinne, yn in doarp of stêd dy’t past by syn of har libbensfaze. De gemeente bout sels gjin wenningen, mar wy nimme de rezjy om wenningbou flugger te realisearjen. Wy bringe partijen byinoar, lykas ûntwikkelers, wenningkorporaasjes, ferhierders en wenningsykjenden en soargje dat plannen flugger fan de grûn komme. Yn ús folkshúsfêstingsprogramma leit de klam op betelberens, genôch sosjale hier en mooglikheden foar minsken om yn har eigen doarp of stêd wenjen te bliuwen. Dêrby kieze wy foar maatwurkoplossings foar elke kearn. Mei ús partners fan it Frysk stedsk netwurk (FSN) bliuwe wy wurkjen oan in sterke en gearhingjende aginda fan Wenjen, wurkjen en foarsjennings.

9

• Thús fiele is hûs én in noflike, feilige leefomjouwing • Betelber en pasjend wenjen foar elkenien • We sjogge grut ferlet en realisearje flugger mear bouwe en minder regels • Foarsjenningen tichtby en berikber

Oant 2030 realisearje wy 2.600 wenningen: foar jongerein, starters, gesinnen, allinnichsteanden en âlderen. Dat betsjut dat wy de ambysje hawwe dat der dizze bestjoersperioade 1.500 wenten by komme. Foarsjenningen tichtby, gaadlike wenfoarmen en romte foar sûnens binne wichtige útgongspunten. Ek ynwenners mei in urginte wenfraach of in soarchferlet moatte in passende wenning fine kinne. Yn in urginsjeferoardering lizze wy fêst wa’t foarrang krijt by it tawizen fan wenten.

Dúdlik folkshúsfestingsprogramma

We sette yn op lokale bining by it tawizen fan hier- en keapwenningen, benammen foar starters en âlderein, sadat sy yn harren eigen fertroude doarp of stêd wenjen bliuwe kinne. Positive ûnderfiningen mei lokale tawizing, litte sjen dat dit de belutsenens by de omjouwing ferheget. We ha ekstra omtinken foar de jongerein. Sy moatte kânsen sjen om hjir wenjen, wurkjen en libjen te bliuwen. Dat freget om betelbere wenningen yn ‘e buert fan foarsjennings.

Wy pakke wenningbou gearhingjend oan: fan plan oant kaai. Sa hâlde we tempo, kwaliteit en betelberens yn it each. Wy meitsje it ienfâldiger foar inisjatyfnimmers en merkpartijen om plannen te ûntwikkeljen. Mei harren sille wy oan tafel en soargje wy foar dúdlike en flugge prosedueres foar fergunningen. Wêr mooglik meitsje wy de stap fan oare funksjes nei wenjen, bygelyks troch bedriuwsgrûn yn in kearn om te setten nei wenningbou. Wy sjogge oft it mooglik is om it Untwikkelfûns yn te setten om soksoarte ûntwikkelings te ferhastigjen, benammen dêr’t dat bydraacht oan leefbere doarpen en wiken.

Dêrneist stypje wy ynwenners by isolaasje en ferduorsuming fan wenten sadat harren wenlêsten nei ûnderen gean.

Ferskate wenfragen, passende oplossingen Wy soargje foar passende húsfêsting foar ferskate groepen ynwenners. Foar guon groepen is dat in wetlike taak, lykas húsfêsting fan nijkommers mei in ferbliuwsfergunning en foar Oekraynske ferdreaunen. Foar arbeidsmigranten wurkje wy oan dúdlike ôfspraken en nij belied. Yn alle gefallen sjogge wy mei klam nei wat in doarp of wyk oankin. De gemeente nimt hjiryn rezjy en soarget foar in goede balâns tusken wenjen, foarsjennings en it deistich libben. Sa bliuwe buerten noflik om yn te wenjen.

Bouwe is mear as stiennen steapelje. By wenningbou sjogge wy ek nei sûnens, klimaat, fergriening, plakken om inoar te moetsjen en foarsjenningen yn de buert. We kommunisearje dúdlik oer wenningbouplannen, ek as it langer duorret as ferwachte.

Betelber wenjen en sosjale hier Betelberens stiet ûnder druk. By nijbou stribje wy dêrom nei op syn minst 30% sosjale hierwenningen, binnen de jildende lanlike ramten. Dizze wenningen binne nedich foar minsken mei in leger ynkommen en foar kwetsbere groepen. It oanbod hâlde wy op peil. As sosjale hierwenningen sloopt wurde, soargje wy derfoar dat itselde tal wenten weromboud wurdt.

Net elkenien wennet itselde. Dêrom is der romte foar ferskate wenfoarmen, lykas hofkeswenten, wenjen op boerehiemen of op wetter en oare, ynnovative wenkonsepten. Ek splitsen fan wenningen of kavels is mooglik as dat past by de omjouwing. Wy stimulearje wenfoarmen dêr’t generaasjes nei inoar omsjogge. Foar wenweinbewenners ûntwikkelje wy belied dat past binnen de wetlike ramten en it ferlet yn ús gemeente.

10

Nimmen mei op strjitte sliepe. We soargje foar foldwaande plakken foar beskerme en begelaat wenjen. As minsken út beskerme wenjen of maatskiplike opfang nei selsstannich wenjen geane, soargje wy foar passende stipe. Foar minsken dy’t wenje kombinearje mei soarch, regelje wy goede oansluting. By wenningbou hâlde wy rekken mei soarchnetwurken en mantelsoarch, lykas mei (pre) mantelsoarchwenten. Sa fersterkje wenjen en soarch inoar, leafst tichtby en yn eigen doarp of wyk.

Elke kearn telt: maatwurk foar elk doarp en wyk Net elke stêd, doarp of wyk is itselde. Dêrom kieze wy foar maatwurk. Wenningbou is mooglik yn alle kearnen, mar net oeral tagelyk of op deselde wize. De ôfstân en unike ferskillen tusken kearnen bliuwt sichtber. Dêr’t foarsjennings lykas skoallen oanwêzich binne, ynvestearje wy ekstra yn wenjen en leefberens. Lytse kearnen stypje wy by it meitsjen fan eigen wenplannen. De Kleine Kernenaanpak wreidzje wy fierder út.

Libbene doarpen en stêden Wy jouwe foarrang oan bouwen binnen besteande doarpen en stêden (ynwreidzje) boppe bouwen oan de rânen (útwreidzje), sûnder dat dit ta skea liedt fan grien en boartersromte. Troch op ‘e nij brûken fan leechsteande pannen, wenje boppe winkels en passende heechbou yn grutte plakken mooglik te meitsjen, brûke wy de romte dy’t der al is.

Langduorjende leechstân en ferpaupering is net winske. Mei ús leechstânsoanpak, dy’t wy fierder bringe sille, stimulearje wy eigeners om lege pannen te brûken of beskikber te stellen foar wenjen. Wy stjoere by wenningbou benammen op wenten foar ynwenners dy’t plak sykje om te wenjen. Wy jouwe net folle romte oan nije wenten dy’t foaral bedoeld binne as twadde wenning of rekreaasjewenning. By wenningen dy’t bedoeld binne foar regulier wenje mar dy’t yllegaal rekreatyf ferhierd wurde, hanthavenje wy strang. Sa soargje wy derfoar dat ús doarpen en stêden libben bliuwe, mei minsken dy’t der echt wenje en meidogge. Fakânsjeparken binne krekt bedoeld foar rekreaasje en toerisme en net foar permaninte bewenning. 11

Erfgoed en ús identiteit Erfgoed fertelt wa’t wy binne en wêr’t wy weikomme. Histoaryske gebouwen, monuminten, ús lânskip en karakteristike bebouwing, bepale hoe’t it fielt om hjir te wenjen en je thús te fielen. By it op ‘en nij ûntwikkeljen en ferduorsumjen meitsje wy soarchfâldige karren. Wêr mooglik kieze wy foar behâld en wergebrûk. Sa ferbine we ferline en takomst en behâlde we de eigenheid en tradysjes fan ús doarpen en stêden.

Striidbere mienskip, ek online Yn doarpen en wiken bouwe wy oan in warbere mienskip, dêr’t ynwenners nei inoar omsjogge en mei-inoar ferantwurdlikheid nimme. Dêr’t minsken inoar kenne en helpe, ûntstiet fearkrêft en fertrouwen. Foarbylden út doarpen lykas Reahûs litte sjen dat dit it gearwurkjen fergruttet. De gemeente stipet en ferbynt wêr nedich, mar lit romte foar eigen inisjatyf. Sa kinne doarpen en wiken by spanningen of needsituaasjes op elkoar rekkenje.

Noflik wenje yn in feilige buert Digitale warberens freget ek omtinken. Wy wurkje oan bewustwurding en previnsje oangeande online oplichting, cyberkriminaliteit en online yntimidaasje, en stypje ynwenners en organisaasjes dêrby.

Ynwenners moatte harren feilich fiele yn harren strjitte, buert en wenning. Dêrom soargje wy foar mear sichtberens. Dat betsjut sawol dat wy sichtber oanwêzich binne yn doarpen en wiken, as dat wy soargje foar in oersichtlike ynrjochting. Hanthaveners, steds-, doarps- en wykkoördinatoaren en oare meiwurkers binne oanwêzich en oansprekber yn doarpen en wiken. In skjinne en goed ûnderhâlden omjouwing helpt om oerlêst en in ûnfeilich gefoel op strjitte te ferminderjen. Ynwenners belûke wy aktyf by it ferbetterjen fan harren buert. Bygelyks troch in meldknop op de webside, wêrmei ynwenners ûnfeilige plakken trochjaan kinne. Plakken dêr’t minsken har net feilich fiele, pakke we oan. By romtlike karren en gebietsûntwikkeling nimme wy feilichheid fan it begjin ôf mei. 12

en maatskiplike organisaasjes. Troch swierrichheden betiid te sinjalearjen, foarkomme wy faak dat situaasjes út ‘e hân rinne. Wêr mooglik kieze wy foar foarkomme yn stee fan yngripen. Tagelyk trede wy op as dat nedich is. Previnsje en hanthavening folje inoar oan.

Sosjale feiligens Feiligens giet fierder as it foarkommen fan kriminaliteit. It giet ek oer hoe’t minsken harren fiele, op strjitte en thús. We ha ekstra omtinken foar geweld efter de foardoar. Geweld tsjin froulju, lykas húslik geweld en femiside, freget om in doelfêste oanpak. Sosjale feilichheid betsjut dat elkenien meidwaan kin yn ‘e maatskippij en himsels wêze kin, sûnder eangst. Troch te ynvestearjen yn moeting, previnsje en werkennen fan sinjalen, wurkje wy oan in sosjaal feilige maatskippij. Yn ‘e mande mei soarch- en feilichheidspartners soargje wy dat ynwenners op ‘e tiid de goede help krije.

Doelbewust hanthavenje en ûndermining oanpakke As de situaasje dêrom freget, sette wy doelfêste maatregels en hanthavening yn. Dat dogge wy by oanhâldende oerlêst, kriminaliteit of ûndermynjende aktiviteiten. Wy stelle dúdlike grinzen dêr’t gedrach de feilichheid of it deistich libben oantaast, altyd soarchfâldich en mei each foar de minsklike mjitte. Undermyning foarmet in earnstige bedriging foar feiligens en fertrouwen. Dit pakke wy stevich oan. Dêrfoar wurkje wy gear mei plysje, justysje, ûndernimmers, wenningkorporaasjes en oare partners en meitsje wy gebrûk fan beskikbere wetlike middels, lykas de Wet Bibob.

Feiligens hinget sterk gear mei wenjen, ûnderwiis en sûnens en freget om in mienskiplike oanpak. De gemeente nimt hjiryn in dúdlike ferantwurdlikheid en wurket nau gear mei plysje, brânwacht, ûnderwiis, soarchynstellingen, wenningkorporaasjes

13

Krêft fan de mienskip: gelikense kânsen en soarch tichtby

• Elkenien docht mei en kriget gelikense kânsen

Minsken steane sintraal yn Súdwest-Fryslân. Wy leauwe yn de krêft fan de mienskip. We wurkje mei de Sosjale Koers as rjochting. Dat betsjut: Tichtby, mei fertrouwen en sa maklik mooglik. We sjogge nei wat minsken nedich hawwe yn harren deistich libben en soargje foar passende stipe.

• Sterke netwurken en krêft fan ‘e mienskip • Foarsjenningen tichtby en tûk kombinearje • Wurkje leannet en stipe is tichtby

Sterke sosjale basis In sterke mienskip is de basis. Ynwenners, ûndernimmers, ferieningen, sûnenssoarchorganisaasjes en de gemeente wurkje gear oan in stevich sosjaal netwurk. Gebietsteams en lokale netwurken spylje dêr in wichtige rol yn. Dêrby jildt: elke kearn telt. Yn lytse doarpen is ek in sterke sosjale basis in punt fan omtinken. Wy jouwe romte oan inisjativen lykas bloeisônen: plakken dêr’t ynwenners, organisaasjes en gemeente mei-inoar wurkje oan sûn libje, moeting en in sterke mienskip. Iensumens komt foar by jong en âld. Mei leechdrompelige moetingsplakken soargje wy dat minsken inoar moetsjen bliuwe. We bouwe troch op wat der al is 14

en soargje foar sterke netwurken yn ‘e buert, dêr’t minsken elkoar kenne en helpe. Wy hawwe kontakt mei ynwenners en soargje dat nije ynwenners harren wolkom fiele en meidogge fia wurk, frijwilligerswurk, sport en kultuer. Fan it begjin ôf is der omtinken foar taal, wurk en partisipaasje. Fia de Meidwaanbaalje en tegearre mei ûndernimmers, biede wy kânsen op wurk en oplieding. Wy jouwe as gemeente sels it goede foarbyld as wurkjouwer. Wat flugger minsken meidogge, wat flugger oft se harren thús fiele.

Wy wolle dat alle bern gelikense kânsen krije en harren talinten ûntwikkelje kinne. Skoallen en pjutte-opfang spylje dêr in wichtige rol yn. Omdat skoallen wichtich binne foar de leefberens en it oanlûken fan jonge gesinnen, set de gemeente him yn foar takomstbestindige ûnderwiisfoarsjennings yn doarpen en yn it bûtengebiet. Wy soargje foar goede, feilige en sûne skoalgebouwen. Foar húsfesting fan it fuortset ûnderwiis yn Snits ûndersykje wy de mooglikheden foar de takomst. Op basis dêrfan meitsje wy tegearre mei de ried in kar.

Jongerein aktyf belûke Wy wolle in oantreklike gemeente wêze foar jongerein. De jeugd is ús takomst. Dêrom belûke wy jongerein aktyf by plannen en besluten. Net oer, mar mei jongerein prate is it útgongspunt. Wy soargje foar in breed en tagonklik oanbod foar sport en kultuer, mei sa min mooglik drompels of yngewikkelde regelingen. Sportferienings, kulturele ynstellingen en skoallen kinne hjiryn mei-inoar oplûke, bygelyks fia in ferlingde skoaldei.

Feilich útgean Súdwest-Fryslân is in ynklusive gemeente dêr’t elkenien meitelt en himsels wêze kin. Wy trede op tsjin diskriminaasje, yntimidaasje en útsluting. We wurkje oan gelikense kânsen. Dat betsjut dat gebouwen, iepenbiere romte en tsjinstferliening tagonklik binne foar elkenien, yn line mei de útgongspunten fan ús Ynklusjeaginda en it VN-ferdrach foar de rjochten fan minsken mei in beheining.

Utgean moat leuk wêze. Yn ‘e mande mei (hoareka)ûndernimmers, jongereinwurk, hanthavening en plysje wurkje wy oan in feilich útgeansklimaat. Wy ynvestearje yn warberens en feiligens en meitsje dúdlike ôfspraken oer previnsje, tafersjoch en it omgean mei alkohol en middels. Projekten lykas Cool Súdwest helpe hjirby, krekt as gearwurking mei skoallen, ferieningen en âlden. Wêr nedich gripe we yn by oerlêst of ûnfeilige situaasjes.

Underwiis en skoalgebouwen

Sport, kultuer en eveneminten

15

toaren te krijen hawwe mei tanimmende regeldruk en in tekoart oan frijwilligers. Wy stypje harren troch gearwurking te stimulearjen en troch in evenemintekoördinator yn te setten as ferbinende skeakel tusken organisatoaren, gemeente en partners. Sa hâlde we eveneminten feilich, helber en brûzjend foar de takomst.

Sport, kultuer en ferdivedaasje bringe minsken mei-inoar en meitsje de mienskip sûner en warber. Wy soargje foar in goede sprieding fan sport- en kultuerfoarsjennings. De kommende fjouwer jier ynvestearje wy yn sportakkommodaasjes, lykas swimbaden en sportfjilden. Konkrete foarbylden binne swimbad it Rak yn Snits, Vitaloo yn Boalsert (as ûnderdiel fan Hert fan Boalsert) en de Rolpeal yn Warkum. Wy hawwe dêrneist each foar akkommodaasjes dy’t net fan de gemeente binne. En as wetterrike gemeente meitsje wy it bûtenwetter oantrekliker foar swimmers en wettersporters.

Weardefolle frijwilligers Ferieningen en frijwilligers binne ûnmisber foar ús gemeente. Troch fergrizing en minder jongeren yn it ferieningslibben, nimt de druk ta. Yn Fryslân wurdt faak praat oer krimp en de gefolgen dêrfan. Yn Súdwest-Fryslân kieze we der bewust foar om ús net te rjochtsjen op krimp, mar op kânsen. Wy stimulearje it belûken fan nije groepen en meitsje frijwilligerswurk oantrekliker foar in brede groep ynwenners. Wy sette yn op wurdearring foar frijwilligers en soargje foar passende subsydzjemooglikheden. Ek meitsje wy dúdliker wêr’t ferieningen en frijwilligers terjochte kinne mei fragen en stipe. Sa hâlde we frijwilligerswurk helber en soargje we dat minsken harren ferbûn fiele mei harren doarp, wyk of feriening.

Súdwest-Fryslân brûst fan keunst, kultuer en erfgoed. Wy stypje kulturele ynstellings, ferieningen en frijwilligers dy’t dit mooglik meitsje. Sy bringe ynwenners by inoar en soargje foar ferbining en moeting yn ús doarpen en stêden. Ek eveneminten, lykas doarpsfeesten, soargje hjirfoar. Tagelyk sjogge wy dat organisa-

Moetingsplakken tûk kombinearje Plakken dêr’t minsken inoar moetsje kinne, lykas doarpshuzen, skoallen en sportakkommodaasjes, soargje foar ferbining. Wy stypje ferieningen en frijwilligers en stimulearje it tûk kombinearjen fan foarsjennings foar sport, kultuer, moeting en sûnens op ien plak. Sa bliuwe foarsjenningen tagonklik en sterk. By de ynrjochting fan doarpen en wiken hâlde wy rekken mei moeting, beweging en sûnens. Dat past by de Sosjale Koers: wy sjogge nei wat minsken nedich hawwe yn harren deistich libben. Tagelyk brûke wy de Omjouwingsfyzje om de romte sa yn te rjochtsjen dat dy moeting en sûnens stipet. Wy wurkje hjiryn gear mei doarpsbelangen en stypje inisjativen fan ynwenners dy’t bydrage oan ferbining en moeting.

Sûnens en soarch 16

Sûnens mei net ôfhingje fan dyn postkoade. Soarch en stipe moatte berikber, betelber en fan goede kwaliteit wêze. Dat jildt foar Wmo-soarch, jeugdhelp en oare foarmen fan stipe. It útgongspunt is: ien húshâlding, ien plan en ien kontaktpersoan.

Elkenien moat rûnkomme kinne en wis wêze fan ynkommen en stipe. Wurk is dêrby wichtich. Wy helpe ynwenners om oan it wurk te bliuwen of te kommen. Tagelyk bliuwt in goed minimabelied nedich om earmoede safolle mooglik foar te kommen. We wurkje mei minder regels, mear fertrouwen en persoanlike oandacht. Wy bliuwe ús by it Ryk ynsetten foar in earliker ferdieling fan it budzjet foar ynkommensregelingen (BUIG).

We ynvestearje ekstra yn mentale sûnens en wolle foarkomme dat minsken fêstrinne, troch op ’e tiid help te bieden. Dizze oandacht is der foar elkenien en hiel spesifyk foar ús agrariërs en jongerein. Help moat tichtby en maklik te finen wêze sûnder drompels en sûnder lange wachttiden. Wy meitsje gebrûk fan oanpakken dy’t al goed wurkje en dêr’t wy fan witte dat se helpe.

Wy sjogge dat net elkenien gebrûk makket fan regelingen dêr’t sy rjocht op hawwe. Dêrom meitsje wy help better te finen en ienfâldiger. Wêr nedich sykje we minsken aktyf op, altyd mei respekt en fertrouwen. Wy leare fan ûnderfiningen fan ynwenners en brûke dy om ús stipe better te meitsjen. Sa bliuwt help foar elkenien tichtby en maklik berikber. We wolle foarkomme dat jongerein yn ‘e bystân telâne komt. Mei skoallen stypje wy de oergong fan skoalle nei wurk. Gearwurking mei ûnderwiis, wurkjouwers en organisaasjes lykas Sociaal Collectief is dêrby wichtich. Ek ferbetterje wy de oergong fan 18 jier nei 18+, sadat jongeren yn dizze kwetsbere faze net tusken wâl en skip falle, as stipe fuortfalt. Sa fergrutsje wy kânsen.

Wy riede ús ta op feroaringen dy’t op ús ôfkomme yn ‘e soarch, lykas mear soarchtaken foar gemeenten. Dat freget om dúdlike karren en goede gearwurking. We ynvestearje yn sûnensfoarsjennings en bliuwe ús, mei húsdokters, fersekerders, soarchferlieners en ynwenners, ynsetten foar it behâld fan sikehûs- en spoedsoarch yn ‘e regio. It Antonius sikehûs yn Snits wolle wy as folweardich streeksikehûs behâlde. Yn ‘e mande mei soarchpartners wurkje wy oan goede en takomstbestindige soarch yn ‘e regio, sadat driuwende help en bertesoarch berikber bliuwe en der in goede sprieding is fan húsdokterssoarch. Tagelyk prate wy mei ynwenners oer de tanimmende krapte yn de soarch en wat dit freget fan ynwenners en gemeente. Mantelsoargers fertsjinje ús omtinken, ek jonge mantelsoargers.

Wissens fan bestean

17

Troch wurk, romte en ferbining meidwaan Wurk, ûndernimme en berikberens soargje dat minsken meidwaan kinne. Yn Súdwest-Fryslân ferbine we wurk, ekonomy en mobiliteit mei it deistich libben. Sa ûntstean kânsen en perspektyf foar de takomst. Dy takomst freget ek no karren foar klimaat en duorsumens.

Ekonomy dy’t bydraacht oan brede wolfeart Brede wolfeart betsjut dat it goed giet mei minsken, mei de ekonomy en mei de omjouwing. In sterke ekonomy is gjin doel op himsels. It is in middel foar wurk, foarsjennings en in goed libben. Yn Súdwest-Fryslân binne wy grutsk op ús lokale ûndernimmers en koesterje wy famyljebedriuwen en it midden en lytsbedriuw (mkb). Sy soargje foar banen, foarsjennings en belutsenens yn doarpen en stêden. Wy hawwe omtinken foar de takomst. Tink oan bedriuwsoernames, it binen fan jongerein en oanlûken fan nije minsken foar de arbeidsmerk. Sa hâlde wy sterke bedriuwen en foarsjenningen yn Súdwest-Fryslân. 18

• Sterk lokaal ûndernimmerskip en brede wolfeart • Elkenien docht mei fia wurk en skoalle • Romte foar ûndernimmers om te groeien en te fernijen • Realistyske en betelbere enerzjytransysje • Stêd en plattelân binne goed te berikken Yn ‘e mande mei ûndernimmers, ûndernimmersferieningen, de Undernimmersfederaasje en oare belanghawwenden wurkje wy oan in nije sosjaal-ekonomyske aginda.. We rjochtsje ús op sektoaren dy’t wichtich binne foar ús gemeente, lykas maritym, wurk op en om it wetter hinne lykas skipfeart, havens en fiskerij, produksje-yndustry, agrofood, gastfrijheid, technyk en bou. Dêrneist krije de soarch- en ûnderwiissektor ekstra omtinken. Se binne sawol belangryk foar sûnens en wolwêzen fan ynwenners, as foar wurkgelegenheid. Yn ‘e mande mei ûnderwiisynstellings lykas NHL Stenden en Firda

en mei it bedriuwslibben ûntwikkelje wy Snits fierder as sintrum foar maritime ynnovaasje en oplieding.

Arbeidsmerk en meidwaan Ekonomy en wurken hearre byinoar. De arbeidsmerk feroaret. Troch fergrizing en minder ynstream binne der minder minsken om te wurkjen, wylst oaren noch oan de kant stean. We wolle dat elkenien meidwaan kin. Wurk jout ynkommen, mar ek wissichheid en eigenwearde. Dêrom kieze wy foar in oanpak dêr’t ûnderwiis, ûndernimmers en oerheid mei-inoar yn oplûke. Wy sette yn op om- en byskoalling, learwurktrajekten en it brûken fan talint. We soargje foar in bettere oansluting tusken oplieding en wurk. Besteande inisjativen, lykas it 3oBURO, in libben lang leare en projekten út de Regio Deal, fersterkje wy fierder. Dat dogge wy foar alle soarten wurk, foar dy ynstreamers en foar minsken dy’t ekstra stipe nedich hawwe om oan it wurk te kommen. Us útgongspunt is helder: wurkje moat wat opsmite. Wy begeliede ynwenners mei in bystânsútkearing aktyf nei wurk of oplieding. Foar wa’t wurkjen (noch) net slagget of mooglik is, stimulearje wy it meidwaan oan de maatskippij op in oare, passende wize. De krapte op de arbeidsmerk en de finansjele opjefte binnen de BUIG-regeling (BUIG stiet foar Bundeling Uitkeringen Inkomensvoorziening Gemeenten) freegje itselde: mear minsken oan it wurk. Ekonomyske ûntwikkeling helpt ús om it tekoart op de

bystân lytser te meitsjen. Mei wurkjouwers en ûnderwiispartners sette wy yn op duorsume útstream út de bystân, mei omtinken foar wat minsken kinne en wat de arbeidsmerk freget. Sa pakke we earmoede oan en helpe we minsken foarút. Wy ynvestearje yn wurkûnderfining, learwurkplakken en traineeships. Ek beskut wurk fia Empatec en Pastiel fine wy wichtich foar minsken dy’t ekstra stipe nedich hawwe om wurkje te kinnen. Wy bliuwe ús mei oare gemeenten ynsetten foar genôch en earlike finansiering hjirfoar. Ek ûndernimmers dy’t yn ‘e problemen driigje te kommen, stypje wy op tiid.

19

Romte om te ûndernimmen

gelegenheid en foarsjennings. Wy hâlde yn de gaten dat de druk op de omjouwing of de minsken dy’t der wenje net te grut is. Mei de Fyzje Gastfrijheidsekonomy en it byhearrende útfieringsprogramma mei dêryn in ferskaat en duorsum oanbod foar ynwenners en besikers, fersterkje wy de kwaliteit en oantreklikens fan ús doarpen, stêden en it lânskip. Sa bouwe wy oan in gastfrij Súdwest-Fryslân dat útnûget en past by wa’t wy binne.

Undernimmers helpe ús gemeente foarút en hawwe romte nedich om te groeien en te fernijen. Besteande bedriuweterreinen ferbetterje wy en meitsje wy duorsumer. We ynvestearje yn gearwurking, ynnovaasje en kwaliteit. As it nedich is ûntwikkelje wy nije bedriuweterreinen, ûnder oare yn Boalsert en Makkum. Sa biede wy romte foar groei en fernijing. Us havens binne wichtich foar ús ekonomy. Se binne de thúsbasis foar bedriuwen, de fiskerij en de gastfrijheidssektor. Dêrom ynvestearje wy yn sterke en goed ûnderholden havens. Dat dogge wy mei oare Fryske havengemeenten en fia programma’s lykas de Fryske Iselmarkust. Troch mei-inoar op te lûken, bliuwe de havens yn ús wetterrike gemeente oantreklik foar wurk, ûndernimmerskip en besikers. Sawat de helte fan ús ynwenners wennet yn Snits en Boalsert. Dizze stêden sjogge wy as de húskeamers fan ús gemeente: ferbinende plakken dêr’t ynwenners út de hiele gemeente wurkje, nei skoalle gean en inoar moetsje. Oantreklike doarps- en stedssintra fine wy yn alle stêden en doarpen wichtich. Se soargje foar ekstra besikers, nije winkels en wurk. Lytse bedriuwen en libbene winkelgebieten fersterkje de ekonomy en de ûnderlinge ferbûnens. Mei de oanpak Fitale Kearnen en it Kearnenbelied wurkje wy foar elk doarp en stêd oan passende oplossings.

Sterk ferbûne netwurken Us ekonomy is nau ferbûn mei dy fan Fryslân en Noard-Nederlân. Yn ‘e mande mei partners lykas de F4 (fjouwer grutte Fryske gemeenten), Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN), EuropaPact Fryslân (EPF) en de Economic Board Fryslân (EBF) wurkje wy oan in sterk regionaal netwurk. Troch gear te wurkjen, mei-inoar te ynvestearjen en ien dúdlike stim hearre te litten, soargje wy dat jild en plannen fan oare oerheden better oanslute by wat hjir nedich is. Want elke regio telt.

Netkongestje De beskikberens fan elektrisiteit is gjin fanselssprekkendheid mear en foarmet troch file op it stroomnetwurk (netkongestje) in urgint probleem. Dit is in grutte útdaging foar ekonomy en wenningbou-ûntwikkeling. Nije oanslutingen binne op guon lokaasjes net mear mooglik. Wy wurkje gearmei Liander en TenneT om ús bouplannen en enerzjyferletten ôf te stimmen op de beskikbere kapasiteit. Om de druk op it net te ferleegjen, is it net genôch om allinnich te ferduorsumjen; it freget ek om doelbewuste karren yn gebrûk en opslach fan enerzjy. De krappe romte op it net sette wy leafst yn foar it realisearjen fan nije wenten en de ûntwikkeling of útwreiding fan (duorsume) bedriuwen.

Gastfrijheid yn balâns mei omjouwing Toerisme en rekreaasje fine wy wichtich en moatte yn balâns wêze mei wat doarpen, stêden en natuer oankinne. We kieze foar kwaliteit boppe groei. Untwikkelingen moatte pasje by it lânskip en bydrage oan wurk-

20

Waarmtenetten It realisearjen fan waarmtenetten hat grutte ympakt op de gemeentlike begrutting en kinne wy net realisearje sûnder ryksjild of mei help fan ynvestearders. Wy sette yn op waarmtenetten dêr’t dat logysk en betelber is. Op oare plakken sykje we nei alternativen. Mei it doarp Heech binne al in soad stappen set yn de tarieding rjochting in waarmtenet. We ûndersykje oft realisaasje yn Heech mooglik is. Fierder wolle wy in mooglike wetterstofûntwikkeling yn Boalsert fasilitearje, mar litte de ûntwikkeling dêrfan oer oan de merk. By de útfiering sjogge wy hieltyd goed nei wat finansjeel helber is. Dêrby diele wy kennis en leare wy fan oare oerheden, ek oer de grins. Wy binne ambisjeus yn ‘e tarieding, mar de skeppe giet pas yn ‘e grûn sadree’t der dúdlike finansieringsmooglikheden binne. Us eigen wurksumheden finansiere wy mei de CDOKE-middels (jild foar Capaciteit Decentrale Overheden voor Klimaat en Energiebeleid) dy’t it Ryk dêrfoar beskikber stelt. Foar projekten is faak in kombinaasje fan middels nedich, wêrby’t ek de gemeente sels bydraacht. Dêroer meitsje wy foarôf, yn ‘e mande mei de gemeenteried, dúdlike karren.

Enerzjy: betelber, helber en mei draachflak Wy hawwe te krijen mei enerzjyfraachstikken dy’t mear freegje as ús begrutting oankin. De enerzjytransysje rekket ekonomy, wenjen en besteanswissichheid tagelyk. We wurkje ta nei in CO₂-neutrale gemeente yn 2050. Wy wolle de ferantwurdlikheid net trochskowe nei de folgjende generaasje, mar moatte tagelyk realistysk wêze oer wat helber, útfierber en betelber is. Wat moat no, wat kin letter en wat is ús rol as gemeente? Dat freget om ferstannige karren en geregeld bystjoere.

Enerzjybesparring en enerzjyearmoede We stypje ynwenners en bedriuwen aktyf by enerzjybesparring, ûnder oare fia de isolaasjetoer, enerzjycoaches en subsydzjes. Enerzjyearmoede en sûnensferskillen yn wenjen pakke wy doelbewust oan. Mei wenningkorporaasjes en ferhierders meitsje wy ôfspraken oer it isolearjen fan hierwenten en ekstra stipe foar húshâldens mei in leech ynkommen. Lytse praktyske maatregels en enerzjycoaches binne foar elkenien beskikber.

21

Lokaal enerzjy opwekke

Mobiliteit en berikberens

Wy wekje enerzjy safolle mooglik tichtby op, bygelyks by bedriuwen of binnen de beboude kom. Wy stypje lokale inisjativen en enerzjykoöperaasjes. Enerzjy út de mienskip soarget foar draachflak, hâldt kosten faak te behearskjen en lit opbringsten safolle mooglik weromkomme yn ‘e lokale mienskip. Wy bliuwe ús fersetten tsjin gaswinlokaasjes en slute dêrby oan by de lobby fan ynwenners, Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân. Sinnepanielen sjogge we leaver op dakken as yn it lân. Sinne op lânbougrûn past net yn ús fyzje en steane we allinnich ta by lytsskalige, lokale inisjativen, dy’t troch de omjouwing stipe wurde en dy’t gjin negative ynfloed hawwe op it lânskip en de agraryske funksje.

Goede mobiliteit is nedich om meidwaan te kinnen. Berikberheid moat feilich, betelber en passend wêze by stêd, doarp en lânskip. Wy bouwe troch op ‘e ambysjes út it mobiliteitsprogramma en bliuwe ynvestearjen yn diken, fytspaden, brêgen en farwegen. Yn ús grutte gebiet bliuwt de auto wichtich. Wy wurkje stap foar stap ta nei 30 kilometer yn ‘e oere yn ‘e beboude kom. Tagelyk stimulearje wy it rinnen en fytsen, benammen yn doarpen en stêden, en wurkje wy oan feilige rûtes en goede ferbiningen tusken kearnen. Foarsjennings moatte goed berikber wêze. Iepenbier ferfier en dielmobiliteit binne nedich, benammen foar ynwenners sûnder auto. Fracht en lânbouferkear hearre by ús gemeente en ekonomy. Wy sykje nei oplossingen dy’t passe by it gebiet, sadat farwegen en diken feilich en brûkber bliuwe foar elkenien. Mei it mobiliteitsprogramma wurkje wy oan in tagonklik mobiliteitsnetwurk, wêryn’t ferskate foarmen fan ferfier inoar oanfolje en ynwenners har feilich, selsstannich en fleksibel ferpleatse kinne.

We stypje gjin nije wynparken. Inisjativen wêrby’t meardere besteande wynmûnen opromme en ferfongen wurde troch ien moderne mûne, sjogge wy wol as posityf.

Regionale ferbiningen Goede ferbiningen nei wurk, staazje en oplieding binne wichtich. Wy wurkje oan berikberens dy’t past by de grutste gemeente fan Nederlân, en sawol by stêd as plattelân. Sterke regionale ferbiningen binne nedich foar ús ekonomy en brede wolfeart. Mei partners bliuwe wy wurkjen oan berikberens fia dyk, wetter en spoar, en fersterkje wy besteande ferbinings, ûnder oare fia it Frysk Stedelijk Netwerk (FSN). We bliuwe ús ynsetten foar projekten lykas de Lelyline en de ferbreding fan de slûzen op de Ofslútdyk. Dy sjogge wy as wichtich foar de takomst fan ús berikberens en ekonomy. Tagelyk hâlde wy rekken mei ûnwissichheden. Dêrom sjogge wy ek nei alternative oplossingen, sadat Súdwest-Fryslân ek as plannen feroarje, goed berikber bliuwt

Monofergêsters (ynstallaasje dy’t dong fan in pleats omset yn enerzjy, lykas gas) binne mooglik binnen de provinsjale regels. Wy stelle dúdlike betingsten oan lokaasje, grutte en útfiering. It giet allinnich om lytsskalige inisjativen dy’t passe by it gebiet en dy’t útgean fan inkeld lokale transportbewegings, leafst fia ûndergrûnske liedingen. Draachflak yn de direkte omjouwing is foar ús wichtich. Sa foarkomme wy oerlêst en soargje wy foar in feilige en noflike omjouwing foar omwenners.

22

Lânskip yn lykwicht It lânskip fan Súdwest-Fryslân freget om in soarchfâldich lykwicht tusken lânbou en natuer, wetter en klimaat. Dat lykwicht is net fanselssprekkend en freget by elke ûntjouwing om bewuste karren. Dêrom stelle wy ús by elts beslút hieltyd de folgjende fragen: • Wat fine ús (berns)bern derfan? • Wa wurdt hjir better fan? • Wat wurdt der moaier fan? • Wat soe de skries der fan fine? (Oftewol, wat betsjut dit foar de natuer?)

• Lânbou, natuer, en klimaat yn lykwicht • Agrariërs, dragers fan ús lânskip • Sûne basis, sûn iten, sûn libje

gebieten fan Nederlân en Europa. Dit bysûndere lânskip koesterje en fersterkje wy, tegearre mei agrariërs, ynwenners en natuerorganisaasjes. Foar ús, foar de generaasjes nei ús, en foar de skries.

Lânbou yn lykwicht It stellen bliuwe fan dizze fragen hâldt ús skerp en soarget derfoar dat we bewust omgean mei wa en wat we koesterje en bewust neitinke oer de takomst. Lânbou en natuer steane net tsjinoer inoar, mar kinne inoar krekt fersterkje. Agrariërs en famyljebedriuwen foarmje al generaasjes lang de rêchbonke fan ús lânskip, ekonomy en mienskip. Se binne weardefol foar ús gemeente en fertsjinje as ekonomyske krêft fan ús regio in dúdlik en earlik takomstperspektyf. Dêrneist is Súdwest-Fryslân ien fan de wichtichste greidefûgel-en feangreide23

De lânbou moat yn lykwicht wêze mei natuer, wetter en klimaat. Dat freget om karren foar de takomst. As grutste agraryske gemeente, mei in soad melkfeebedriuwen, belêste wy ús agrariërs net ekstra. Wy slute oan op de lanlike ramten foar boaiem, wetter en loft, mei omtinken foar sûnens en duorsumens. Agrariërs binne fakminsken en witte wat harren bedriuw nedich hat. Wy jouwe romte oan nije en duorsume wizen fan wurkjen yn de lânbou, lykas omrinlânbou, binnen lanlike en Europeeske regels. Wy kieze foar in oanpak dy’t past by de identiteit fan Súdwest-Fryslân

Ferbou sierblommen

en ús agrariërs. Súdwest-Fryslân is by útstek it plak om mei boeren te eksperimintearjen yn lânbou-ûntwikkelings. Wy stypje mooglike projekten en pilots dy’t perspektyf biede foar de takomst, mei each foar wat helber en betelber is foar agrariërs. Sa bouwe we stap foar stap oan in lânbou dy’t yn lykwicht is mei it lânskip én mei de generaasjes dy’t nei ús komme.

It ferbouwen fan sierblommen foar de ferkeap, giet faak mank mei it brûken fan net sûne bestridingsmiddels. Gemeenten hawwe gjin foech om giftige bestridingsmiddels tsjin te gean. Sjoen de lanlike ûntwikkelingen om it tebek bringen fan bestridingsmiddels, nimme wy sels maatregels. By it oanpassen fan it Omjouwingsplan ferbiede wy it ferbouwen fan sierblommen foar nije perselen. Besteande rjochten respektearje wy, mar útwreiding fan it areaal steane wy net ta. Wy fine de risiko’s foar sûnens en wetter te grut. Oer it Omjouwingsplan geane wy mei agrariërs, ûndernimmers en ynwenners it petear oan oer gewaaksbeskerming, natuerbehear en leefomjouwing. Wy fine it wichtich om soarchfâldich om te gean mei ús boaiem, ús wetter, ús iten, ús gerslân en de sûnens fan ynwenners. Dêrom meitsje wy dêr dúdlike karren, pasjend by ús grutte lânbougemeente.

Maatwurk foar elk gebiet, yn ‘e mande mei it gebiet Wy kieze foar in lânbou-oanpak dy’t past by de identiteit fan Súdwest-Fryslân, ús lânskip en ús agrariërs. Elk gebiet is oars. Klaai- en feangebieten hawwe eigen útdagingen. Der is maatwurk nedich, tegearre mei it gebiet sels. Dy koers slút oan by ús PLG (Programma Landelijk Gebied); it gemeentlike plan dêr’t wy mei agrariërs, partners en oerheden wurkje oan de takomst fan it lanlik gebiet. Dat dogge wy al yn Idzegea, de Greidhoeke en yn oare parten fan it bûtengebiet. Dizze gebietsprosessen sille wy fierder ûntwikkelje.

Sûne basis, sûn ite, sûn libje In sûne boaiem, skjin wetter en skjinne lucht binne basisbetingsten foar alle karren dy’t wy meitsje. Dat jildt foar lânbou, mar ek foar wenjen, natuer, ynfrastruktuer. Tegearre mei Vitens en Wetterskip Fryslân beskermje we ús drinkwetter en soargje we foar in feilige leefomjouwing. Mei de itensaginda (voedselagenda) en inisjativen lykas Makke yn Súdwest stimulearje wy lokale itenketens en produksje tichtby hûs. Sa hâlde wy de ôfstân tusken boer en board lyts. Wy wurkje gear mei skoallen en organisaasjes om bern en jongerein mear te belûken by sûn en duorsum iten. Itenstunen en oare lokale inisjativen spylje dêr in wichtige rol yn. Se bringe fiedingproduksje tichter by de mienskip en soargje foar bewustwurding. Sa bouwe wy oan in takomst dêr’t lânbou, boaiem, wetter, iten, sûnens en leefomjouwing inoar fersterkje en bydrage oan in fearkrêftige regio.

24

Bioferskaat, grien en omgean mei klimaatferoaringen

Tûk gebrûk fan de romte De romte is krap. Dêrom kombinearje wy funksjes wêr’t dat kin en soargje wy foar tûke groei. Lânbougrûn kin ek in rol spylje by wenjen, natuer, wetterbehear of enerzjy. Wy meitsje dêr bewuste karren, mei respekt foar it lânskip en mei each foar de takomst fan ús agrariërs. Ut it prinsipe fan rintmasterskip wei geane wy soarchfâldich om mei de romte dy’t wy hawwe: wy benutte wat nedich is, beskermje wat weardefol is en drage it gebiet yn goede steat oer oan de generaasjes dy’t nei ús komme. Wy soargje derfoar dat it lânskip, de mienskip en de ekonomy mei-inoar fierder kinne.

We nimme natuer en bioferskaat altyd mei yn karren oer de romte. Wy sette aktyf yn op it ferbetterjen of stimulearjen fan in mear natuerynklusive oanpak. We dogge dat yn de eigen bermen en wâlskanten. Foar de beskerming fan greidefûgels sykje wy oansluting by it Aanvalsplan Grutto en al rinnende inisjativen yn de Greidhoeke (lykas by Gruttoland, Skrok en Skrins) en yn de greidefûgelgebieten lâns de Súdwestkust en by Idzegea. Ek yn doarpen en stêden fersterkje wy it grien. Foar elke beam dy’t we kappe, plantsje we in nije werom. Mear grien soarget foar ferkuolling, sûnens en noflike omjouwing. Wy meitsje doarpen, wiken en ús bûtengebiet better opwoeksen tsjin klimaatferoaring. Mei maatregels lykas wetteropfang en grien yn ‘e strjitte ferminderje wy wetteroerlêst en hjitte. Wy soargje foar skjin, feilich en goed berikber iepen swimwetter. As wetterrike gemeente riede wy ús yn ‘e mande mei Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân ta op ekstreme waarsomstannichheden. Troch wetterfeiligens te ferbinen oan wenjen, ekonomy en natuer soargje wy foar oplossingen dy’t ús beskermje en dy’t dêrneist bydrage oan de kwaliteit en leefberens fan Súdwest-Fryslân.

25

Ferantwurde mei ús jild omgean Wat wy de kommende perioade berikke wolle, freget om tûke karren en soarchfâldich omgean mei jild. Dêrmei hâlde wy ús gemeente finansjeel sûn en bliuwe plannen út te fieren.

• Slutende en realistyske begrutting • Lesten foar ynwenners en ûndernimmers stabyl en foarsisber • Underhâld hâlde we op nivo

Realisme en ferantwurdlikheid Wy fiere in ferstannich en soarchfâldich finansjeel belied en soargje alle jierren foar in slutende begrutting. Realisme en ferantwurdlikheid foar takomstige generaasjes foarmje de basis fan hoe’t wy mei jild omgean. Sa biede wy dúdlikens en stabiliteit oan ynwenners, ûndernimmers en besikers.

Finansjeel byld en omgean mei risiko’s Op koarte termyn stiet de gemeente der finansjeel goed foar. Tagelyk binne de foarútsjoggen op de middellange en lange termyn ûnwis. Bydragen fan it Ryk kinne leger wurde, lykas it gemeentefûns en spesifike útkearingen (SPUK). Dat freget om wach wêze en realistyske karren. Dêrom stelle we prioriteiten. We sjogge skerp nei wat nedich en helber is. As bliken docht dat der finansjeel mear 26

• Wy wurkje tûker en effisjinter

romte ûntstiet, sette we dy doelbewust yn. We sille healwei werom sjen: tuskentiids evaluearje we of wat we wolle noch past by wat finansjeel kin. Wy begrutsje realistysk, sjogge foarút yn de mearjierreraming en soargje foar genôch reserves. Wy hâlde ús finansjele buffer op oarder. It beskikbere jild sette wy doelbewust yn foar opjeften dy’t bydrage oan leefberens, sûnens en fearkrêft fan ús gemeente.

Dúdlikheid oer lêsten en heffingen

Wetlike en maatskiplike taken

Gemeentlike wenlêsten besteane út de ûnreplikesaakbelesting (OZB), de ôffalstoffeheffing en de rioelheffing. Foar ynwenners en ûndernimmers ferheegje wy de OZB net boppe de gebrûklike jierlikse ynflaasjekorreksje. Foar ôffal en rioel wurkje wy ta nei kostedekkende tariven, sûnder de betelberens út it each te ferliezen. We lette skerp op de kosten en besparje wêr’t dat kin. Ynwenners moatte sjen kinne wat sy weromkrije: betroubere en goede tsjinstferliening. Wy bliuwe kritysk stjoeren op ‘e útjeften en stimulearje bewust gebrûk, sawol fan ynwenners as fan ússels.

De gemeente stiet foar grutte opjeften. Dat giet om wetlike taken, mar ek om fragen en inisjativen út de mienskip. Foar bystânsútkearingen krije wy jild fan it Ryk fia de BUIG. Ek foar oare mânske taken, lykas jeugdsoarch, is de gemeente bot ôfhinklik fan ryksbydragen. Dy taken freegje oanhâldend omtinken, ynhâldlik en finansjeel. Wy hâlde goed en aktueel sicht op kosten, ûntwikkelings en risiko’s. Sa kinne wy op ‘e tiid bystjoere en ferantwurde kieze. Dat helpt ús om ús wetlike taken en ús taken foar de maatskippij goed en betelber út te fieren, mei each foar kwaliteit op ‘e lange termyn.

By oare lokale heffingen, lykas de toeristebelesting, fine wy foarsisberheid en dúdlikheid wichtich. Wy ferheegje de forinzebelesting omdat wy it wichtich fine dat ek net-ynwenners dy’t gebrûk meitsje fan foarsjennings yn ús gemeente in earlike bydrage leverje. By mooglike feroaringen wage wy de gefolgen foar ynwenners, ûndernimmers, besikers en de gemeente, soarchfâldich ôf. Undernimmers en maatskiplike organisaasjes belûke wy op ’e tiid, sadat sy witte wêr’t se oan ta binne en harren tariede kinne. Wy lizze dizze heffingen periodyk opnij tsjin it ljocht, sadat se passend bliuwe by de ûntwikkelingen yn ús gemeente.

Untwikkelfûns bliuwt kâns In grutte gemeente as Súdwest-Fryslân moat him ûntwikkelje kinne. It Untwikkelfûns helpt om grutte plannen mooglik te meitsjen en om middels fan oare oerheden en partners oan te lûken, lykas by de Aginda Fryske Iselmarkust en de Regio Deal Súdwest-Fryslân. Wy hâlde it Untwikkelfûns jierliks op peil en sjogge hoe’t wy it fûns yn de takomst noch mear doelbewust ynsette kinne, mei each foar in goede sprieding oer de hiele gemeente. Sa soargje wy dat sawol yn de stêden, dêr’t al moaie stappen set binne lykas mei de Romtlike Strategy Snits, as yn oare lytsere kearnen romte is foar ûntwikkeling.

27

Underhâld oan diken, brêgen en oare foarsjenningen Goed ûnderhâld is gjin bysaak. Wy hâlde fêst oan it ôfsprutsen ûnderhâldsnivo fan ús kapitaalguod, lykas diken, brêgen, fytspaden en oare foarsjenningen yn de iepenbiere romte. Ferleging fan it ûnderhâldsnivo is gjin opsje. Wy bliuwe dêrom realistysk begrutsjen, goed plannen en op ‘e tiid bystjoeren. Sa hâlde wy ús iepenbiere romte feilich en fan goede kwaliteit.

Tûke en helbere karren Us taken, plannen en winsken binne grut en it jild is beheind. Dêrom geane wy soarchfâldich om mei ús jild. Net elke kar freget om ekstra jild. Soms giet it om tûker wurkjen, better gearwurkje of prioriteiten stelle. Dêrom sjogge wy kritysk nei ús wize fan wurkjen. Wat kin ienfâldiger? Wat kin tûker? En wat dogge wy al goed en kinne wy fierder fersterkje? We soargje dat plannen helber binne en ek echt útfierd wurde. Sa bliuwe wy betrouber foar ynwenners en partners. Dúdlike karren en heldere útlis soargje foar begryp en betrouwen.

28

Slútwurd Dit akkoart jout rjochting de kommende jierren. Wy beskriuwe wat wy wichtich fine en hokker koers wy kieze. Tagelyk is it bewust gjin fêstklinke plan. It lit romte om mei-inoar foarm te jaan oan de útdagingen dy’t foar ús lizze.

Dy útnûging jildt ek foar de mienskip. Foar ûndernimmers, ferieningen, frijwilligers en ynwenners. Foar elkenien dy’t him ynset foar syn doarp, wyk of stêd.

Dy romte is nedich. Want wat we berikke wolle, kinne we net allinnich. It freget om gearwurking, om petear en om belutsenens. De krêft fan Súdwest-Fryslân sit yn dy ferbûnens. Yn minsken dy’t meidogge, meitinke en ferantwurdlikens nimme.

Mei-inoar meitsje wy de karren dy’t derta dogge, bouwe wy fierder op wat der al is en meitsje it stap foar stap better en sterker. Mei it fertrouwen dat we mei-inoar fierder komme.

Wy nûgje de gemeenteried graach út om hjiryn mei-inoar op te lûken. Om betiid mei te tinken, rjochting te jaan en ferskate perspektiven yn te bringen. De fierdere útwurking krijt foarm yn in wurkaginda. Dêryn sette wy dizze koers oer nei konkrete stappen. Dan strûpe we de mouwen op. Allinnich sa komme wy ta karren dy’t droegen wurde en dy’t passe by wat der libbet yn ús gemeente.

Yn ferbining fierder.

29

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/16979265/1