Bijlage 3 - Concept Friese Energievisie - FR
Tekst van het document
Troch it gebrûk fan tûke technologyen kinne enerzjystreamen effisjint beheard wurde en kinne fraach en oanbod opinoar ôfstimd wurde.
FRYSKE ENERZJYFISY
31
Fryslân produsearret syn eigen enerzjy: grutskalich yn klusters en lytsskalich yn doarpen. Fryslân profitearret optimaal fan de potinsje oan duorsume enerzjyboarnen binnen de provinsje. Troch in grut ferskaat oan duorsume boarnen (wyn, sinne, duorsume waarmte, biomassa, tijenerzjy en blue energy) slagget it Fryslân om op jierbasis enerzjyneutraal te wêzen (figuer 3.1). Sûnder mis binne der nije, ynnovative enerzjyboarnen dêr’t Fryslân gebrûk fan makket en dêr’t Fryske bedriuwen yn pionierje. Om enerzjyneutraal te wurden is in beheind tal plakken oanwiisd dêr’t grutskalige opwek fan duorsume elektrisiteit klustere wurdt, passend by grutskalich lânskip. Dat resultearret yn fjouwer opweklokaasjes fan elts 400 ha, dy’t jierliks yn totaal sawat 2 TWh oan Fryske stream leverje16. It lanlik gebiet is sa goed as enerzjyneutraal troch in lege enerzjyfraach en troch produksje fan biogas troch boeren, lytsskalige waarmtenetten yn doarpen, sinne op dakken en doarpsmûnen. Fierders wurdt yn it lanlik gebiet tûk gebrûkmakke fan enerzjyopslach en fraachstjoering. Ek meitsje de Waadeilannen gebrûk fan blue energy17, tij-enerzjy en grutskalige batterijen, wat derfoar soarget dat se sa goed as enerzjyneutraal binne. De fjouwer grutte kearnen foarsjogge foar in wichtich part yn harren eigen enerzjyferlet. It steedlik gebiet hat net in protte romte foar enerzjyopwek en ynfrastruktuer.
Dochs foarsjogge de fjouwer kearnen (Ljouwert, it Hearrenfean, Drachten, Snits) foar in grut part yn de eigen enerzjyfraach. De kearnen ha fiks ynset op enerzjybesparring yn de boude omjouwing, mobiliteit en yndustry. Dat foarkomt de needsaak om ekstra enerzjy op te wekken yn it lânskip. De kearnen ha yn in signifikant tal wiken lokale waarmtenetten oanlein op geotermy, akwatermy of restwaarmte, yn kombinaasje mei seizoensopslach. Biogas wurdt brûkt yn gebouwen dy’t dreech te isolearjen binne of as back-up foar it waarmtenet. Persoaneferfier is folslein fossylfrij. Net-bewust en bidireksjoneel laden fia publike laadpeallen is de noarm. Batterijen mei grutte fermogens om fluch te laden binne dêryn ûnmisber op bygelyks logistike knooppunten. De relatyf grutte dakoerflakken fan distribúsjesintra wurde brûkt foar grutskalige sinne op dak. Yndustriële klusters wurde skaaimerke troch in kombinaasje fan grutte enerzjyfraach en grutskalige opwek. Der wurdt duorsume elektrisiteit op bedriuweterreinen produsearre wêrmei’t de kearnen in grut part fan de eigen enerzjyfraach opwekke en bydrage oan in effisjint systeem om’t dy elektrisiteit relatyf tichtby wer ynset of opslein wurde kin. Yn totaal produsearje dy kearnen sawat 1,5 TWh oan duorsume elektrisiteit op bedriuweterreinen18, wat in fiks part is fan de Fryske enerzjyfraach.
16. Op basis fan in kombinaasje fan wynturbines en sinnepanielen (yn fermogensferhâlding fan 1:1). Foar wyn is útgien fan in romme opstelling fan 20 hektare de turbine, in fermogen fan 5 MW de turbine en 3500 follêstoeren. Ta fergelyk: it NP RES giet út fan in wynmûnepark fan 10 mûnen fan 450 hektare (4,5 ha de turbine) en in fermogen fan 5,6 MW de turbine. Foar de sinnepanielen is rekkene mei 950 follêstoeren en is rekken holden mei curtailment (500Zo fermogen = 9007o opbringst). 17
De potinsje fan blue energy kin allinne ferwêzentlike wurde as der genôch swiet wetter beskikber is. Dat moat neier ûndersocht wurde.
18
Rûzing op basis fan in GIS-analyze, útfierd troch de provinsje Fryslân, fan de beskikbere oerflakte foar duorsume opwek op bedriuweterreinen by Ljouwert, it Hearrenfean, Drachten en Snits. Deselde oannames as neamd by fuotnoat 16 binne dien, mar der is keazen foar in romtlike opstelling fan 30 ha/wynmûne. Lykwols is gjin rekken holden mei lanlike ôfstânsnoarmen of notiidske plannen fan de gemeenten. It is saak om it praktysk potinsjeel op de bedriuweterreinen fan de fjouwer grutte kearnen neier te bepalen.
32
Fryske Enerzjytafel Figuer 3.1
Fryske opjefte 2050 yn TWh
Fryske enerzjymiks yn 2050, ynklusyf it RES-bod en ynfolling fan de fierdere opjefte mei klustere produksje fan enerzjy, lytsskalige produksje en ynnovative techniken.
Vraag in 2050 (na besparing)
KONSEPT
RES 1.0
Opgave na RES 1.0
Biogas en duurzame warmte
Overige opgave
Vier clusters Vier clusters duurzame opwek bij opwek energie vraag
Kleinschalige opwek
Getijdenenergie
Blue energy
3.2
Ymplikaasje op de romte
Yn dizze Enerzjyfyzje is wiidweidich yngien op it enerzjysysteem yn relaasje ta it Fryske lânskip en de leefomjouwing. Beliedsmjittige romte is hurd nedich om de liedende prinsipes omsette te kinnen nei aksjes dy’t bydrage oan it takomstige enerzjysysteem. Ek fysike romte is nedich foar in takomstbestindich en duorsum enerzjysysteem, mar dêr moat hoeden mei omgien wurde. Romtlike ûntwikkelings wurde yntegraal ôfwoegen. Enerzjy is ek in wichtich ûnderdiel fan de Omjouwingsfyzjes. Romtlike ôfspraken en prinsipes dy’t de dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel yn dizze Enerzjyfyzje fêstlizze, wurde bekrêftige yn de Provinsjale Omjouwingsfyzje (POVI) en de Gemeentlike Omjouwingsfyzjes (GOVI). Dat binne bygelyks romtlike prinsipes oer klustering fan produksje fan enerzjy, it pleatsen fan enerzjyoanbod by fraach en it ‘skaal by skaal’prinsipe. Boppedat kin fia de POVI en GOVI romte reservearre wurde dy’t nedich is foar it Fryske enerzjysysteem. Dat is romte dy’t nedich is foar produksje, opslach en ynfrastruktuer. It útgongspunt is no om safolle mooglik op dakken te lizzen en oare opsjes, lykas sketst yn de sinneljedder. Mar allinne dêrmei komme we der net. Yn tabel 3.1 jouwe wy in rûzing fan it totaal oan romte dat nedich is foar grutskalige duorsume produksje fan elektrisiteit yn Fryslân oant 2050. Dy romte is nedich om likefolle enerzjy op te wekken as te brûken yn Fryslân.
We jouwe trije senario’s wer, ôfhinklik fan hoefolle produksje oft op bedriuweterreinen fan de fjouwer grutte kearnen realisearre wurdt. As it totale potinsjeel foar de produksje fan duorsume elektrisiteit benut wurdt op de bedriuweterreinen fan de fjouwer kearnen (Ljouwert, it Hearrenfean, Drachten en Snits) kostet dat om-ende-by 1600 ha oan romte op dy terreinen. Om enerzjyneutraal te wurden, kostet dat oanfoljend noch 1600 ha (fjouwer klusters fan 400 hektare) oan lânoerflak yn it bûtengebiet. As minder produksje realisearre wurdt op de bedriuweterreinen fan de fjouwer grutte kearnen, kostet dat ekstra romte yn de opwekklusters. As der gjin oanfoljende opwek realisearre wurdt op de bedriuweterreinen, soe dat acht klusters fan 400 ha (3200 ha) yn it bûtengebiet kostje. Der is net allinne romte nedich foar enerzjyproduksje, mar ek foar enerzjy-ynfrastruktuer en -opslach. Romte dy’t nedich is foar opslach wurdt neier beskaat yn de opslachstrategy en it batterijbelied dat respektyflik troch de dielnimmers fan de FET en de provinsje Fryslân opsteld wurde sil. Romte dy’t nedich is foar gruttere ferdielstasjons wurdt neier beskaat yn it pMIEK 2.0, dat begjin 2025 fêststeld wurdt. Fierders is noch folle mear romte nedich foar enerzjy-ynfrastruktuer, foar kabels, lytsere ferdielstasjons en foar tûzenen trafohúskes (midspanningsromtes).
Neist boppegrûnske útwreidings fan enerzjy-ynfrastruktuer binne der in hiel soad kilometers oan ûndergrûnske kabels nedich. De romtlike ympekt dêrfan moat neier bepaald wurde. Yn de taheakke wurdt foar elts ûntwikkelpaad de ympekt fan systeemkarren op it tal ûnderstasjons en midspanningsromtes toand.
34
Fryske Enerzjytafel
Tabel 3.1 Doel fan nedige romte
Romte nedich op Senario
bedriuweterrein en grutte kearnen
Hoefolle opwekklusters yn bûten-
Romte yn bûtengebiet
gebiet nedich (fan
nedich foar
400 ha )?
opwekklusters
Rûzing romte dy’t nedich is foar grutskalige opwek fan duorsume elektrisiteit oant 2050.
Grutskalige opwek fan sinne - en wynenerzjy
m
Geskat potinsjeel bedriuweterreinen by fjouwer kearnen folslein benutte (sjoch foarbyld figuer 3.1 )
1600 ha
4
1600 ha
Geskat potinsjeel bedriuweterreinen by fjouwer kearnen 500Zo benutte
800 ha
6
2400 ha
Geskat potinsjeel bedriuweterreinen by fjouwer kearnen net benutte
0 ha
8
3200 ha
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
4. BOARGING EN ÚTFIERING De Fryske Enerzjyfyzje is gjíin blaudruk fan it takomstige enerzjysysteem, mar jout wol rjochting. De boarging fan it agindearjende karakter fan dizze fyzje krijt stal fia trije spoaren, dy’t net los faninoar sjoen wurde kinne: ^ As ynput en ûnderdiel fan Yntegraal Programmearjen om stjoering te jaan oan de ynvestearrings yn it enerzjynetwurk mei pMIEK as (tusken)produkt. In periodike weritiging fan de Enerzjyfyzje wurdt ek ôfstimd op dat syklyske trajekt. ^ As ynput en boustien foar de Provinsjale en Gemeentlike Omjouwingsfyzjes. ^ As mienskiplike fyzje en produkt fan de Fryske Enerzjytafel. De Enerzjyfyzje is rjochtingjaand foar de útfiering fan de besteande gearwurking dêr’t eltse organisaasje syn eigen foech en ferantwurdlikheid yn behâldt. De fyzje wurdt brûkt foar in weritiging en fernijing fan de notiidske útfieringsaginda.
36
Fryske Enerzjytafel
Figuer 4.1 Skematysk oersjoch fan ferfolchstappen en boarging fan de Fryske Enerzjyfyzje.
4.1
Enerzjyfyzje en pMIEK 2.0
De Enerzjyfyzje is ûnderdiel fan it proses Yntegraal Programmearjen. Mei yntegraal wurdt bedoeld it meitsjen fan plannen oer de fraachsektoaren hinne (mobiliteit, yndustry, boude omjouwing en lânbou). Dat is in syklysk proses besteande út fiif stappen. Dy stappen komme oerien mei de nasjonale hantrikking foar it proses dat opsteld is troch de wurkgroep Yntegraal Programmearjen19 (figuer 4.1). We sjogge de enerzjytransysje as in estafette, wêrby’t we yn goed oparbeidzjen de útdaging oangean om de einstreek te heljen. We sjogge fierder as yndividuele bestjoersperioades en gemeentegrinzen en stribje mei-inoar nei in suksesfolle finish. Om it jier sil yn Fryslân in nij pMIEK oplevere wurde, om te begjinnen yn 2025 (haadstik 4.3), De Enerzjyfyzje sil alle fjouwer jierren evaluearre en, as dat nedich en winsklik is, aktualisearre wurde. Yn 2024 stelt in nije Fryske Enerzjytafel it Provinsjaal Mearjierreprogramma Ynfrastruktuer Enerzjy en Klimaat (pMIEK 2.0) op, dêr’t de útfiering fan projekten om de enerzjy-ynfrastruktuer út te wreidzjen yn prioritearre wurdt. Lanlik is bepaald dat dat programma begjin 2025 oplevere wurde moat.
19.
De wurkgroep bestiet út in gearwurking fan IPO, VNG, Uny fan Wetterskippen, Netbehear Nederlân, NP RES, TNO en fan de ministearjes Ekonomyske Saken en Klimaat (EZK), Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK).
m
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
Dêrfoar meitsje we foar alle regio’s ûntwikkelpaden sa’t yn dizze fyzje al foar trije gebieten dien is (taheakke 1). Dy ûntwikkelpaden jouwe ynsjoch yn de systeemkarren dy’t foar elts gebiet foarlizze en de enerzjy-ynfrastruktuerprojekten dy’t dêr nedich foar binne. Parallel wurkje we oan in Frysk ôfwagingsramt op basis fan it nasjonale ôfwagingsramt en de liedende prinsipes út dizze fyzje. Dat ramt wurdt rjochting it pMIEK brûkt om beskate enerzjy-ynfrastruktuerprojekten te prioritearjen boppe oare. Dy projekten, lykas de útwreiding fan ûnderstasjons of de oanlis fan in waarmtenet, folgje út de ûnderskate ûntwikkelpaden. Yn dizze Enerzjyfyzje binne ek guon ûndersyksprojekten agindearre foar it pMIEK 2.0 of 3.0 (haadstik 4.3). As einrisseltaat jout it pMIEK in oersjoch fan enerzjy-ynfrastruktuerprojekten fan regionaal belang dy’t it measte bydrage oan it realisearjen fan dizze regionale Enerzjyfyzje. It pMIEK befettet ferskate typen projekten dy’t foldogge oan in bepaalde skaal. Om geandewei it trajekt te kommen ta it pMIEK wurde ôfspraken makke oer de trochwurking fan it pMIEK yn de ynvestearringsplannen fan netbehearders. Om it jier wurdt it pMIEK aktualisearre.
Figuer 4.2 Syclus yntegraai programmearje.
Fryske Enerzjytafel 4.2
Romtlike oardering
Dizze Enerzjyfyzje leveret ynput foar de Provinsjale en Gemeentlike Omjouwingsfyzjes. Yn de Enerzjyfyzje stiet de rjochting dêr’t it enerzjysysteem fan de takomst hinne bewege sil. Dy rjochting is basearre op de feitlike en ferwachte ûntjouwings fan fraach en oanbod fan ûnderskate sektoaren en op basis fan ambysje, rjochtingjaande prinsipes en takomstbyld dy’t formulearre binne troch de dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel. Ek stiet yn haadstik 3 taljochte hokker romte oft nedich wêze sil foar de klusters mei duorsume elektrisiteit. De konsekwinsjes fan de Enerzjyfyzje foar de romtlike ûntwikkelings wurde yn it proses fan de weritiging fan de Provinsjale Omjouwingsfyzje en Gemeentlike Omjouwingsfyzjes ek ôfwoegen tsjin oare opjeften dy’t (sawol beliedsmjittige as fysike) romte freegje. Dêr’t soks kin, wurde keppelkânsen safolle mooglik benut. De ôfrûning fan de weritiging fan de Provinsjale Omjouwingsfyzje wurdt yn 2026 ferwachte. De gemeentlike Omjouwingsfyzjes en omjouwingsplannen kinne rjochting jaan oan de ynpassing fan de ynfrastruktuer dy’t nedich is. It giet dêrby net allinne oer de grutte ferdielstasjons (de ûnderstasjons) mar ek oer kabeltrasees, lytsere ferdielstasjons en it ûnbidige oantal transformatorhúskes dat yn doarpen, wiken en buerten de kommende jierren (yn ferbân mei de tanimmende elektrifikaasje) in plak krije moat.
Nei de fêststelling fan de Provinsjale Omjouwingsfyzje folget it Provinsjale Omjouwingsprogramma, dat de romtlike konsekwinsjes fan it nije, duorsume enerzjysysteem fierder yn detail útwurket. Dêr wurdt de ynfolling fan de Provinsjale Omjouwingsferoardering op basearre. As soks nedich is, wurde de regels yn de Provinsjale Omjouwingsferoardering dêrop oanpast.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
39
4.3 Trochwurking yn oare, ek sektorale, beliedsplannen Oan de iene kant is dizze fyzje basearre op oare sektorale plannen, en oan de oare kant sil dizze fyzje trochwurkje yn sektorale plannen, bygelyks plannen op it mêd fan mobiliteit, ekonomy, lânbou, wenjen, de RES, natoer en lânskip en maatskippij. De basis fan dizze fyzje is lein troch de ûntwikkelings en de byhearrende enerzjyfraach en -oanbod dy’t by de ûnderskate sektoaren ferwachte wurde, yn byld te bringen. Dy prognoazes binne werom te finen yn it Kennisdokumint dat as taheakke by dizze fyzje opnaam is. Fierders binne de ûnderwerpen natoer en lânskip en maatskippij belutsen troch dy mei klam in plak te jaan yn de liedende prinsipes. De trochwurking fan dizze fyzje yn sektorale plannen sil yn de takomst plakfine. De enerzjytransysje rekket ommers alle beliedsmêden, en oarsom. Dêr binne noch gjin petearen oer fierd, mar dat ûnderwerp sil in plak krije kinne yn de útfieringsaginda. Geandewei it trajekt fan it opstellen fan de Enerzjyfyzje is yn alle gefallen as oandachtspunt beneamd de relaasje mei de doelstellings fan it berikken fan de RES-doelen, in sirkulêre ekonomy, klimaatadaptaasje en bioferskaat en ek de relaasje mei sosjaalekonomyske aspekten lykas betelberens en beskikberheid fan enerzjy foar alle ynwenners yn Fryslân.
40
Fryske Enerzjytafel 4.4 Utfieringsaginda Enerzjyfyzje De Fryske Enerzjyfyzje is agindearjend fan aard; soks betsjut dat mei de fêststelling fan dizze fyzje liedende prinsipes fêststeld wurde foar in Frysk takomstich enerzjysysteem, en dat noch iepensteande karren en neiere útwurking agindearre wurde. Troch de karren en útwurking te agindearjen en op ’e tiid te meitsjen, kinne alle dielnimmers fan de Fryske Enerzjytafel (FET) de nedige tarissings meitsje foar de útrol fan in folslein duorsum enerzjysysteem. De urginsje fan it setten fan stappen kin net genôch beklamme wurde. In bulte bedriuwen en ynwenners binne dwaande mei ferduorsumingsplannen en de ynvestearringsbeslissings dy’t dêrop folgje. It dêrom fan belang dat der gau karren makke wurde oer de enerzjymiks en lokaasjes. De boarging en útfiering fan de Enerzjyfyzje wurdt neier konkretisearre yn in mienskiplike utfieringsaginda dy’t yn 2024-2025 opsteld wurdt troch de organisaasjes fan de Fryske Enerzjytafel. Dat is in aktualisaasje fan de notiidske FET-útfieringsaginda. Dy aginda kin útstellen befetsje foar it opstellen fan nij belied of it wersjen fan belied, mar ek it útfieren fan spesifike projekten of aksjes dy’t troch ferskate dielnimmers fan de FET oppakt wurde. De RES wurdt om it jier beoardiele en dêr’t dat nedich is fannijs itige, mocht der sprake wêze fan bystelde ambysjes.
Foar 1 july 2025 moat de folgjende fuortgongsrapportaazje fan de RES 1.0 óf de weritiging nei in RES 2.0 yntsjinne wurde by it NP RES. De útfiering past binnen de ôfspraken dy’t makke binne by ûndertekening fan it Gearwurkingsdokumint Fryske Enerzjytafel. Binnen de Fryske Enerzjytafel behâldt eltse organisaasje syn eigen foech en ferantwurdlikheid. Foar de útfiering sille minskkrêft en middels frijmakke wurde. len en oar is ek ôfhinklik fan de middels fan it Ryk, dy’t soargje moatte foar in bliuwende Ondersteuning. It lobbyen dêrfoar sil ek diel útmeitsje fan de útfieringsaginda. Mei it opstellen, útfieren en monitoarjen fan de útfieringsaginda hâlde de dielnimmers fan de FET greep op de útfiering op de koartere termyn en bliuwe se op koers neffens de prinsipes foar it enerzjysysteem op de langere termyn. In inisjeel (net folslein) oersjoch fan aksjes foar elts liedend prinsipe dy’t opnaam wurde kinne yn de útfieringsaginda, stiet yn taheakke V.
FRYSKE ENERZJYFISY
41
‘ttilMŕ
42
^aSKixmM
mĘŞĘm
Fryske Enerzjytafel
TAHEAKKEN TAHEAKKE 1:ÛNTWIKKELPADEN De Enerzjyfyzje jout ynsjoch yn de liedende prinsipes en ynrjochting fan it takomstige Fryske enerzjysysteem. Dizze taheakke jout in gebietsrjochte útwurking fan de systeemkarren dy’t foarlizze om de oerstap te meitsjen nei in duorsum enerzjysysteem. Hokker kar oft makke wurdt troch in sektor of troch oerheden, hat ynfloed op it type en de omfang fan ynfrastruktuer dy’t nedich is. Guon karren binne al makke binnen in gebiet, mar faak moatte der noch knopen trochhakt wurde. Dizze taheakke jout ynsjoch yn de karren dy’t foarlizze, en de konsekwinsjes fan dy karren foar de ynfrastruktuer en ûntwikkeldoer. Yn dit haadstik wurde trije gebietsrjochte ûntwikkelpaden toand: foar gemeente NoardeastFryslân, foar de regio Harns-Waadhoeke en foar de stêd Ljouwert. Dy ûntwikkelpaden binne yllustratyf foar 1) in lanlike gemeente (Noardeast), 2) in stêd (Ljouwert) en 3) in plak dêr’t fraach en oanbod byinoar komme (Harns-Waadhoeke). Elts ûntwikkelpaad jout in oersjoch fan mooglike ferduorsumingsrûtes foar eltse sektor, wannear’t neffens ferwachting karren makke wurde (moatte) en de konsekwinsjes fan dy karren foar de nedige útwreiding fan enerzjy-ynfrastruktuer en boarneûntwikkeling. De data fan de regio-analyzes, dy’t in perspektyf ha oant 2030/2035, ha foar dy perioade ek as basis tsjinne foar de ûntwikkelpaden.
De ambysje is om yn 2024 foar oare gebieten yn Fryslân ek ûntwikkelpaden te meitsjen yn tarieding op it pMIEK 2.0 (sjoch haadstik 4). De trije ûntwikkelpaden út dizze taheakke fungearje dus as foarbyld dêr’t oare gebieten fan leare kinne en ha fierder gjin status. Yn de praktyk freget enerzjytransysje mei stakeholders in soarchfâldich proses. It mei-inoar bouwen oan mienskiplike hannelingsperspektiven en it learen faninoar is dêr in wichtich ûnderdiel fan. De ûntwikkelpaden binne ornearre om in ûnderboud petear te fasilitearjen tusken oerheden en maatskiplike partners. De ûntwikkelpaden binne beskreaun mei in technysk perspektyf, mar om te kommen ta werklike karren sille soarchfâldige prosessen troch alle dielnimmers fan de FET fasilitearre wurde. De ûntwikkelpaden beskriuwe dus it ‘wat’ en noch net it ‘hoe’.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
43
I.l Metodyk ûntwikkelpaden De ûntwikkelpaden yn haadstik I.2 o/m I.4 jouwe ynsjoch yn systeemkarren foar in tal segminten (sektoaren of subsektoaren) foar sawol enerzjyfraach (grize kaders) as enerzjyproduksje (griene kaders). De sektoaren dy’t de grutste ympekt ha op it enerzjysysteem en it elektrisiteitsnet, binne meinaam yn de figueren. Dat is basearre op de analyze dy’t útfierd is yn it Kennisdokumint (taheakke IV). Yn figuer I.1 is in leginda opnaam foar de trije ûntwikkelpaden. Allinne de segminten mei de grutste ympekt op de enerzjybalâns en it elektrisiteitsnetwurk binne opnaam yn de ûntwikkelpaden en kinne fariearje foar elts gebiet. Oan de lofterkant fan de ûntwikkelpaden stean ferskate mylpeallen en beslismominten beskreaun dy’t rjochtingjaand binne foar de systeemkarren dy’t makke wurde. Dy besluten wurde troch gemeenten, provinsje, it Ryk of it bedriuwslibben naam. Guon saken binne rânebetingsten of stelle mei it ramt foar in kar yn in gebiet, lykas de Wet kollektive waarmte of it fêststellen fan de nije Omjouwingsfyzje Fryslân. Foar eltse systeemkar binne ûnderskate opsjes útwurke (lâns de fjouwer enerzjydragers), mei elts in beskate doer foar de útwreiding fan ynfrastruktuer of ûntwikkeling fan duorsume enerzjyboarnen. Foar eltse enerzjydrager wurdt oanjûn hokker boarne of technyk oerwage wurdt yn it gebiet. Fakentiden binne der ek kombinaasjes oanjûn as opsje.
In kollektyf waarmtenet sil bygelyks faak ek elektrisiteit freegje en boppedat sille net alle gebouwen op in waarmtenet oerstappe yn in doarp of stêd. Foar de doer fan de útwreiding fan it elektrisiteitsnetwurk hantearret Liander in skoft fan 8-10 jier (oanlis nij ûnderstasjon). Foar de oanlis fan in waarmtenet is dat koarter, nammentlik sa’n 4-6 jier. Yn alle trije de gebieten is in regio-analyze útfierd. De ynsjoggen en data út dy analyzes binne oernaam yn de ûntwikkelpaden. Figuer taheakke 1.1 Legenda by
Legenda foar untwikkelpad
ûntwikkelpaden
Besluit &1 Beleid
Symbool
We rkzaa m hed e n
Q Rijksbesluit
A Elektrificatie
fŗfl Netuitbreiding nodig
G Provinciebesluit
B Biodiesel
^ Bronontwikkeling nodig
Q Gemeentebesluit
ļ|
Groengas
□3
Batterij nodig
Q Bedrijfsbesluit
||
Uitbreiding of extra onderstation
Q
Bron en infrastructuur gereed
ţ
Mijlpaal Randvoorwaardelijk of kaderstellend beleid/proces
.'0'. Zonne-energie *i' ťr Windenergie W
Duurzame warmtebron
Type energiedrager Elektriciteit ^ Watmte Bkgįgćïis of -brandstof WaCerstof
44
Fryske Enerzjytafel I.2 Gemeente Noardeast-Fryslân Gemeente Noardeast-Fryslân is in grutte gemeente yn it noardeasten fan Fryslân. It is in lanlike gemeente mei in tal doarpen en Dokkum as grutste stêd. De gemeente skaaimerket himsels troch in grut tal griengasynfieders, in yndustrieel kluster (mei û.o. bakkers) by Hallum en de ferduorsuming fan de boude omjouwing en mobiliteit yn de doarpen en de stêd Dokkum. Fanút Holwert fertrekt de feartsjinst nei it Amelân. Yn alle segminten is folsleine elektrifikaasje fan fraach en produksje mooglik, mar foar elts segmint binne ek alternative enerzjyboarnen en -dragers mooglik. De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert ha foar in part ynfloed op de systeemkarren dy’t makke wurde foar de mobiliteit, boude omjouwing en duorsume opwek. Trochwurking liedende prinsipes yn ûntwikkelpaad De fiif liedende prinsipes dy’t yn dizze fyzje fêststeld wurde, ha betrekking op enerzjybesparring, duorsume produksje fan enerzjy mei meardere boarnen, in goede ynpassing yn it lânskip en it enerzjysysteem en de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem. Dy prinsipes wurkje benammen troch yn de ûntwikkelpaden troch te kiezen foar duorsume alternativen, neist elektrisiteit, troch safolle mooglik enerzjyproduksje (by enerzjyfraach) te klusterjen en troch te kiezen foar tûke oplossings foar de fleksibiliteit fan it elektrisiteitsnet.
Liedende prinsipes folgje Wannear’t de liedende prinsipes tapast wurde, wurdt yn ûnderskate sektoaren foar alternative enerzjyboarnen keazen om it elektrisiteitsnetwurk minder te belêsten. Gemeenten en provinsje en Ryk kinne de kar foar de boude omjouwing, mobiliteit en duorsume opwek (foar in part) sels meitsje of dêr ynfloed op útoefenje mei belied, (finansjele) ûndersteuning of bewustwurding by ûndernimmers. Oerheden en ûndernimmers soenen neffens de prinsipes ek sterk ynsette op de fersterking fan de fleksibilteit fan it lokale enerzjysysteem mei batterijen, seizoensopslach of konverzje. Wannear’t de liedende prinsipes tapast wurde, soe: ^ De feartsjinst (as transysjemiddel) nei it Amelân tydlik op biobrânstof farre kinne, wylst de netbehearder de nedige útwreidings realisearret. Yn 2029 binne de konsesjes foar de Fryske feartsjinsten nei de Waadeilannen ferrûn. Op dit stuit wurdt de oanbestegingsproseduere taret. De ramten dy’t dêr liedend yn binne, bepale fierhinne de wize fan systeemkar dy’t foar de feartsjinsten makke wurdt. ^ De boude omjouwing foar in lyts part oergean op in kollektive waarmtefoarsjenning. Anjum en Dokkum binne yn de Transysjefyzje Waarmte fan de gemeente oanwiisd as startkearnen. Hjir wol wurket de gemeente oan wykútfieringsplannen en hat de ambysje rûn om yn 2030 in lokaal waarmtenet realisearre te hawwen.
^ De (bakkers)yndustry yn Hallum enerzjy deunby fraach realisearje en alternative enerzjyboarnen brûke, lykas duorsume waarmte of grien gas. Der fine op it stuit petearen plak tusken de provinsje, gemeente en ûndernimmers oer de mooglike ferduorsumingsrûtes yn Hallum.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
45
^ De gemeente produksje fan duorsume enerzjy realisearje, klustere en, neist sinne-enerzjy, ek wynenerzjy en grien gas. Omreden fan de grutte potinsje oan grien gas yn de gemeente binne monofergêsters kânsryk. By it minimaal belêsten fan it elektrisiteitsnetwurk, trochdat bygelyks in oar paad (waarmte of biogas) as elektrifikaasje foar kar naam wurdt, binne net alle útwreidings nedich. Ut soarte is dat net hielendal ôfhinklik fan de lokaasje en de grutte fan it ferskil yn elektrisiteitsfraach groei tusken de paden. De konsekwinsjes fan dit senario op de ynfrastruktuer binne hjirûnder en yn figuer I.2 neier taljochte. Elektrifikaasjepaad It senario wêryn’t troch oerheden en bedriuwen benammen ynset wurdt op elektrifikaasje, wêrby’t oare enerzjyboarnen en -dragers minimaal tapast wurde en net ynset wurdt op tûke oplossings, is fanút it enerzjysysteem en it elektrisiteitsnetwurk ûnwinsklik. Dat senario folget net de liedende prinsipes út de Enerzjyfyzje. Dêrtroch binne der grutte útwreidings fan de elektrisiteitsstruktuer nedich, wat tiid, útfieringskrêft en jild kostet. Netkongestje bliuwt yn dat senario in beheinende faktor, ek op de langere termyn. Wannear’t de feartsjinst nei it Amelân, de mobiliteit, de yndustry Hallum en de boude omjouwing yn doarpen en Dokkum hielendal elektrifisearret yn de gemeente Noardeast-Fryslân, wurdt dat senario yn dat gebiet werklikheid.
Mei it each op de grutte fermogensfraach dy’t elektrifikaasje yn de segminten freget, is it yntiids ynformearjen fan de netbehearders fan grut belang. Figuer taheakke 1.2 Untwikkelpad Noardeast-Fryslân
Nu
46
2025
2030
2035
2050
Fryske Enerzjytafel Yn sa goed as alle segminten fynt op it heden al elektrifikaasje plak. De bakkers yn Hallum ûnderfine op dit stuit swierrichheden om nije netoansluting te krijen. Troch net yntiids te kiezen foar oare enerzjyboarnen en -dragers, sil it elektrifikaasjesenario automatysk werklikheid wurde. De konsekwinsjes fan dat senario op de ynfrastruktuer binne hjirûnder en yn figuer I.3 neier taljochte. Figuer taheakke 1.3
Ymplikaasjes foar enerzjy-ynfrastruktuer De twa hjirboppe beskreaune senario’s ha ferskillende ymplikaasjes foar de enerzjy-ynfrastruktuer.
Skets fan enerzzy ynfrastruktuer yn N0ardeast-Fryslân yn 2050.
Noardeast
Elektrīfīcatiepad 190*l*HricìUìlUhulsjes (elke buurt all-electric)
* 1 orvdeotation
(reeds in PMIEK)
Leidende principes 1 ofiderstation of equivalent (niet In PMIEK)
* 130 elektriciteits
* 1 onderstaton
huisjes (elke buurt HT* warmtenet)
(reeds in PMIEK)
Elektrifikaasjepaad Yn it gebiet Noardeast-Fryslân liket by ynset op it elektrifikaasjepaad in ekstra ûnderstasjon nedich te wêzen om oan de elektrafraach te foldwaan. As de elektrifikaasjefraach tanimt, moatte ek de besteande stasjons maksimaal útwreide wurde. Fierders binne der ek mear elektrisiteitshúskes (MSR’s) nedich om de enerzjyfraach yn benammen de boude omjouwing op te heinen. De fleksibiliteit en opslach ferlet sil yn fergelyk mei de oare gebieten minder nedich wêze troch in legere totale enerzjyfraach en pykbelêsting yn dat gebiet. Troch relatyf minder duorsume opwek en mobiliteit is der minder pykbelêsting op it netwurk. Liedende prinsipes By de kar foar waarmte of biogas ûntstiet mear romte yn it elektrisiteitsnet op sawol de midspanning as op de heechspanning (ûnderstasjonnivo). Der binne neffens rûzing ek hjir in soad minder elektrisiteitshúskes (MSR’s) nedich. It ûnderstasjon Dokkum sil yn beide paden útwreide wurde moatte. Mar de bou fan in nij ûnderstasjon kin mooglik foarkaam wurde.
m
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
Realiseren warmteinfra. Bronontwikkebng Warmte * groengas
I.3 Regio Harns-Waadhoeke Yn it noardwesten fan de provinsje Fryslân, oan it Waad, leit it gebiet Harns-Waadhoeke (figuer I.4). Dat gebiet hat in mienskiplik ûntwikkelpaad om’t de gemeenten Waadhoeke en Harns foar in grut part gebrûkmeitsje fan deselde enerzjy-ynfrastruktuer. Sa wurde Harns en Waadhoeke beide fiede fanút ûnderstasjon Hjerbeam. It eastlike part fan Waadhoeke wurdt fiede fanút ûnderstasjon Ljouwert. Gemeente Harns wurdt skaaimerke troch de Port of Harlingen, wêrwei’t alle dagen meardere fearboaten nei Skylge en Flylân fertrekke. Der leit ek in grutte yndustryhaven, der is fiskerij en de brune float. Op in lyts oerflak komt dus in soad bedriuwichheid (en dus enerzjyferbrûk) gear. De ferduorsuming op Skylge en Flylân is relevant foar Harns-Waadhoeke om’t de ûnderlizzende netten ek oansletten binne op ûnderstasjon Hjerbeam en dêrmei ynfloed ha op de beskikbere kapasiteit. Op dit stuit is de beskikbere kapasiteit lyts. Netbehearders sykje nei mooglikheden om de kapasiteit om Hjerbeam hinne te fergrutsjen. Der wurde ek petearen fierd oer de oanlis fan waadkabels nei de eilannen. Figuer taheakke 1.4 Untwikkelpad Harlingen-Waadhoeke
48
Fryske Enerzjytafel De gemeente Waadhoeke hat fikse ambysjes foar de produksje fan duorsume enerzjy. De gemeente wurket oan de Ontwikkeling fan in Enerzjylânskip dêr’t dy produksje yn klustere wurdt. De gemeente hat ferskate opsjes foar it lânskip en bepaalt de krekte ynrjochting dêrfan de kommende jierren mei op basis fan in gebietsûntwikkelingsproses. Neist it Enerzjylânskip is ek de oanwêzigens fan glêstúnbou skaaimerkjend foar de regio. Waadhoeke is de iennige gemeente yn Fryslân mei glêstúnbou mei twa grutte klusters fan 60-70 ha (Seisbierrum en Berltsum). Dy sektor hat ûnderskate ferduorsumingsopsjes, lykas elektrifikaasje, duorsume waarmte of grien gas en it is noch net dúdlik wêr’t de foarkar leit fan de túnkers. De kar dy’t makke wurdt, hat mooglik grutte ympekt op it elektrisiteitssysteem. Der is in sterke relaasje tusken de karren dy’t makke wurde yn it Enerzjylânskip en de ferduorsumingsrûte fan de glêstúnbou. It ûntwikkelpaad Harns-Waadhoeke (figuer I.3) skaaimerket him primêr troch de ferduorsuming fan de feartsjint en logistyk, de glêstúnbou, de boude omjouwing, de yndustry en it Enerzjylânskip. Yn dat ûntwikkelpaad is folsleine elektrifikaasje fan enerzjyfraach en -produksje mooglik foar alle segminten, mar der binne alternativen beskikber.
It Ryk, de provinsje Fryslân en de gemeenten Waadhoeke en Harns ha foar in part ynfloed op de systeemkar dy’t makke wurdt foar de feartsjinst, de boude omjouwing en it Enerzjylânskip. Trochwurking liedende prinsipes yn ûntwikkelpaad Liedende prinsipes folgje Wannear’t de liedende prinsipes tapast wurde, wurdt yn ûnderskate sektoaren foar alternative enerzjyboarnen keazen om it elektrisiteitsnetwurk minder te belêsten. Gemeenten, provinsje en Ryk kinne de systeemkar foar de feartsjinst, de boude omjouwing en it Enerzjylânskip foar in part sels meitsje of beynfloedzje. De oerheden kinne ynfloed útoefenje op karren dy’t yn de oare segminten makke wurde, mei belied, (finansjele) stipe of bewustwurding by ûndernimmers. Oerheden en ûndernimmers soenen neffens de prinsipes ek sterk ynsette op de fersterking fan de fleksibiliteit fan it lokale enerzjysysteem mei batterijen, seizoensopslach of konverzje. Wannear’t de liedende prinsipes tapast wurde, soenen: ^ De feartsjinsten nei Skylge en Flylân (as transysjemiddel) tydlik op biobrânstof farre kinne wylst de netbehearder de nedige útwreidings realisearret. Yn 2029 gean de nije konsesjes yn foar de Fryske feartsjinsten nei de Waadeilannen. Op it heden wurdt de oanbestegingsproseduere taret. De ramten dy’t dêr liedend yn binne, bepale yn grutte mjitte de wize fan systeemkar dy’t foar de feartsjinsten makke wurdt.
^ De swierdere logistyk en binnenfeart op grien gas of biobrânstof oerstappe kinne as alternatyf foar elektrifikaasje. ^ De boude omjouwing, yndustry en glêstúnbou, neist elektrifikaasje, ek gebrûkmeitsje fan duorsume waarmteboarnen (restwaarmte, akwatermy of geotermy) en/of grien gas yn kombinaasje mei (seizoens)opslach. Gemeenten Waadhoeke en Harns ha de regy foar de ferduorsuming fan de boude omjouwing fia de TVW, it waarmteprogramma en wykútfieringsplannen.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
49
^ It Enerzjylânskip, neist sinne-enerzjy, ek wynenerzjy en duorsume waarmte produsearje (sinnetermy wurdt op it stuit troch de gemeente oerwage foar de ynset yn de glêstúnbou). De konsekwinsjes fan dit senario op de ynfrastruktuer binne hjirûnder en yn figuer I.4 taljochte. Elektrifikaasjepaad It senario wêryn’t oerheden en bedriuwen ynsette op elektrifikaasje, wêrby’t oare enerzjyboarnen en -dragers minimaal tapast wurde en net ynset wurdt op tûke oplossings, is fanút it enerzjysysteem en it elektrisiteitsnetwurk ûnwinsklik. Dat senario folget net de liedende prinsipes út de Enerzjyfyzje. Yn dat senario binne der grutte útwreidings fan de elektrisiteitsynfrastruktuer nedich, wat tiid, útfieringskrêft en jild kostet. Netkongestje bliuwt yn dat senario in beheinende faktor, ek op de langere termyn. Wannear’t de feartsjinst, de logistyk, de glêstúnbou, de yndustry en de boude omjouwing folslein elektrifisearje yn Harns-Waadhoeke, wurdt dat senario yn dat gebiet werklikheid. Mei it each op de grutte fermogensfraach dy’t elektrifikaasje yn de segminten freget, is it op ’e tiid ynformearjen fan de netbehearders fan grut belang. Yn sa goed as alle segminten fynt op it heden al elektrifikaasje plak. De Port of Harlingen hat bygelyks op dit stuit al te lijen fan swierrichheden om nije netoanslutings te krijen.
Troch net yntiids te kiezen foar in oare enerzjyboarne of -drager, sil it elektrifikaasjesenario automatysk werklikheid wurde. De Figuer taheakke 1.5
konsekwinsjes fan dat senario op de ynfrastruktuer binne hjirûnder en yn figuer I.4 neier taljochte.
Skets fan enerzjyynfrastruktuer yn Harns-Waadhoeke yn 2050
Ymplikaasjes foar enerzjy-ynfrastruktuer
yn twa senario’s.
De beide hjirboppe beskreaune senario’s ha ferskillende ymplikaasjes foar de enerzjyynfrastruktuer.
50
Fryske Enerzjytafel Elektrifikaasjepaad Der wurdt benammen ympekt ferwachte op it midspanningsnet as it elektrifikaasjepaad (lofts) him iepenbieret. Der binne in soad elektrisiteitshúskes (midspanningsromten: MSR’s) nedich om de enerzjyfraach fan húshâldens, elektrysk ferfier, lânbou en midden- en lytsbedriuw opheine te kinnen. Op ûnderstasjonnivo binne trije nije stasjons nedich. Ien 110^0^0kV-stasjon en twa 50^0kV-stasjons. Dy sille neigeraden de elektrifikaasje tanimt ek maksimaal útwreide wurde moatte yn de takomst. Dy stasjons binne nedich om de gruttere ûntwikkelingen oangeande glêstúnbou, yndustry en it enerzjylânskip te fasilitearjen. Ek sil der in soad fleksibiliteit en opslachferlet wêze om it elektrisiteitsnet en enerzjyfraach en -oanbod yn balâns te hâlden. Benammen de feartsjinsten, yndustry en logistyk ha ek enerzjy nedich as it net waait of de sinne net skynt. Foar de waarmtefraach yn de boude omjouwing is boppedat seizoensopslach of ymport fan enerzjy nedich om de enerzjybalâns te garandearjen. Liedende prinsipes By it realisearjen fan mear waarmteynfrastruktuer en mear ynset op biogas betsjut soks konkreet minder ynvestearrings yn it elektrisiteitsnet op midspannings- en heechspanningsnivo. Der binne signifikant minder elektrisiteitshúskes nedich en de trije nije ûnderstasjons ha minder ynvestearrings foar útwreiding nedich yn de takomst.
Boppedat soargje de oare enerzjydragers (waarmte en biogas) foar in bettere balansearring yn it totale enerzjysysteem.
I.4 Gemeente Ljouwert Ljouwert is as Fryske haadstêd meinaam as ûntwikkelpaad (figuer I.5). Ljouwert skaaimerket him troch de oanwêzigens fan bedriuweterreinen mei fiedingsmiddelsyndustry, in grutte ferduorsumingsopjefte yn de boude omjouwing en in hege ambysje fan duorsume produksje fan duorsume elektrisiteit. Ek yn dit ûntwikkelpaad is folsleine elektrifikaasje fan enerzjyfraach en -produksje mooglik foar alle segminten, mar ek hjir binne alternativen beskikber. De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert ha foar in part ynfloed op de systeemkarren dy’t makke wurde foar de mobiliteit, boude omjouwing en duorsume opwek. Trochwurking liedende prinsipes yn ûntwikkelpaad Liedende prinsipes folgje Wannear’t de liedende prinsipes tapast wurde, wurdt yn ûnderskate sektoaren foar alternative enerzjyboarnen keazen om it elektrisiteitsnetwurk minder te belêsten. Gemeenten en provinsje en Ryk kinne de kar foar de boude omjouwing, mobiliteit en duorsume opwek (foar in part) sels meitsje of ynfloed útoefenje mei belied, (finansjele) stipe of bewustwurding by ûndernimmers. Oerheden en ûndernimmers soenen neffens de prinsipes ek sterk ynsette op de fersterking fan de fleksibiliteit fan it lokale enerzjysysteem mei batterijen, seizoensopslach of konverzje. Wannear’t de liedende prinsipes tapast wurde, soe:
FRYSKE ENERZJYFISY
51
^ In part fan de (fiedingsmiddels)yndustry en bedriuwen op in duorsume waarmtefoarsjenning oerstappe. Friesland Campina oerwaget bygelyks it brûken fan de eigen restwaarmte of it boarjen fan in geotermyboarne. Yn Ljouwert binne der ynearsten noch net in soad bedriuwen dy’t grien gas ynsette wolle as ferduorsumingsopsje. Der bliuwt neffens ferwachting likegoed noch in grut part fan de yndustry oer dat elektrifisearje sil. ^ De swierdere logistyk foar in part op grien gas of biobrânstof oerstappe as alternatyf foar elektrifikaasje. Op termyn (nei 2035) soe frachtferkear dat langere ôfstannen ride moat griene wetterstof oerwaagje kinne. Fóar dy tiid is der net genôch griene wetterstof beskikber yn Nederlân. It persoaneferfier sil sa goed as wis elektrifisearje. Neffens ferwachting wurdt yn 2024 in prinsipebeslút naam oer de ynfiering fan in zero-emisje-sône. By in posityf beslút soe ynfiering fan 2028 ôf oan de oarder wêze. Dat hat konsekwinsjes foar it laadferlet foar de logistike sektor. ^ De boude omjouwing sil foar in wichtich part oergean op in kollektive waarmtefoarsjenning. Yn de stêd is potinsje foar û.o. geotermy. De gemeente sjocht op it heden kânsen foar in waarmtenet yn sa likernôch 40% fan de wiken yn Ljouwert. Koartby hat de gemeente in yntinsjeoerienkomst sletten foar duorsume waarmte yn de wyk Heechterp.
Figuer taheakke 1.6 Untwikkelpaad Leeuwarden
52
Fryske Enerzjytafel ^ Gemeente Ljouwert sil de bedriuweterreinen maksimaal benutte foar produksje fan duorsume enerzjy. Sa wurdt enerzjyoanbod deunby fraach realisearre en soarget wynenerzjy foar in relatyf legere ympekt op it elektrisiteitsnet as sinne-enerzjy. De gemeente hat de ambysje om wynturbines te realisearjen op bedriuweterreinen yn Ljouwert. De gemeente jout foarkar oan wynenerzjy boppe sinne-pv. De gemeente is fan doel en doch in behinderingsstúdzje nei wynturbines op bedriuweterreinen yn Ljouwert. De útkomsten fan dat ûndersyk, dizze Enerzjyfyzje en de nije Provinsjale Omjouwingsfyzje beskiede fierhinne wat de gemeente yn har nije Enerzjyaginda opnimme sil. De konsekwinsjes fan dat senario op de ynfrastruktuer binne hjirûnder en yn figuer I.6 neier taljochte. Elektrifikaasjepaad Ek foar Ljouwert is in senario tinkber mei maksimale elektrifikaasje fan enerzjyfraach en -oanbod. Dat senario folget net de liedende prinsipes út de Enerzjyfyzje. Yn sa goed as alle segminten fynt op it heden al elektrifikaasje plak. Yn it skoft 2022-2030 wurdt yn Ljouwert in groei fan 30% fan de elektrisiteitsfraach ferwachte. Der is in soad ûnwissens oer de mjitte en de faasje fan elektrifikaasje, bygelyks by de yndustry, wêrtroch’t in groei fan mear as 100% oant 2030 net útsletten is.
Troch net yntiids te kiezen foar alternative enerzjyboarnen en -dragers, wurdt it maksimale elektrifikaasjesenario werklikheid. De konsekwinsjes fan dat senario op de ynfrastruktuer binne hjirûnder en yn figuer I.6 neier taljochte. Ymplikaasjes foar enerzjy-ynfrastruktuer De beide hjirboppe beskreaune senario’s ha ferskillende ymplikaasjes foar de enerzjyynfrastruktuer. Elektrifikaasjepaad Ek yn en om Ljouwert wurdt benammen de ympekt ferwachte op it midspanningsnet as it elektrifikaasjepaad him iepenbieret. Der sille in soad elektrisiteitshúskes (MSR’s) nedich wêze om de enerzjyfraach fan de boude omjouwing opheine te kinnen. Op ûnderstasjonsnivo is ien nij stasjon nedich: in 110Z20kV-ûnderstasjon. Dy en de notiidske stasjons sille neigeraden de elektrifikaasjefraach tanimt ek maksimaal útwreide wurde moatte. Ek yn dit gebiet sil in grutte fleksibiliteit en opslachferlet wêze foar de yndustry en logistike hubs. Boppedat is seizoensopslach fan enerzjy nedich om te foldwaan oan de waarmtefraach fan de boude omjouwing by ’t winter.
FRYSKE ENERZJYFISY
53
Liedende prinsipes By in kar foar waarmtenetten of ynset op biogas ûntstiet romte yn it elektrisiteitsnet op sawol it midspannings- as it heechspanningsnet (ûnderstasjonsnivo). Der binne neffens rûzing folle minder midspanningsromten (MSR’s) nedich om’t in grut part fan de enerzjyfraach opheind wurde Figuer taheakke 1.7 Skets fan enerzjyynfrastruktuer yn Ljouwert yn 2050.
kin troch waarmte. It nije ûnderstasjon sil der yn beide paden komme moatte, mar der is mear kapasiteit oer op it ûnderstasjon yn 2050 foar oare ûntjouwings (lykas op plakken bûten Ljouwert dy’t op dit ûnderstasjon oansletten binne).
Leeuwarden
Gyt*j*rti
Snakkeŕbuti
Elektrificatiepad a
54
* 390 elektriciteit*-
huisjes (elke buurt all-electric)
'
* 1 onderstation (reeds In PMIEK)
Leidende principes . S O
* 0 onderstation (niet In PMIEK)
i 280 clektrlcltelts huisjes (elke buurt KTwarmtenet)
a
î
* 1 onderstation (reeds in PMIEK)
Realiseren warmteinfra. Bronontwi kke 1 mg Warmte * groenga*
Fryske Enerzjytafel
TAHEAKKE 2: FRYSKE ENERZJY-YNISJATIVEN It nije enerzjysysteem is net fan de iene op de oare deis realisearre. We sitte yn in enerzjytransysje oant 2050 wêrby’t de ynfolling fan it takomstich enerzjysysteem noch gjin oersljochte paad is. Dêrom is it fan belang om learend foarút te gean, stappen te setten en ûnderfinings op te dwaan en ek risiko’s te nimmen. En om fuort te smiten wat net wurket en te behâlden en te fersterkjen wat kânsryk liket. Yn Fryslân binne ferskate inisjativen dy’t ekspermintearje mei nije en duorsume foarmen fan enerzjyfoarsjenning. Dy bringe we yn byld om ynsjoch te krijen yn hokker eksperiminten oft dien wurde en hokker lessen oft we dêrút leare kinne. Learde lessen kinne we yn de útwurkings fan de Enerzjyfyzje oppakke en meinimme yn de útfiering. Op de website fan de Fryske Enerzjytafel binne dy inisjativen yn in oersjoch (20240412-overzicht-pilot--en-voorbeeldprojecten.pdf (frieseenergietafel.nl)) te finen. De projekten binne koartwei beskreaun en befetsje links nei websites dêr’t mear ynformaasje op te heljen is.
FRYSKE ENERZJYFISY
55
TAHEAKKE 3: BEGRIPEN EN OFKOARTINGS Begryp/ôfkoarting
Taljochting
Akwatermy
It gebrûk fan waarmte en kjeld út it oerflaktewetter, drinkwetter of ôffalwetter foar it ferwaarmjen en kuoljen fan gebouwen. De waarmte wurdt as dat nedich is opslein yn de boaiem en dêrnei opwurdearre mei in waarmtepomp. Boarne: https://www.nplw. nl/technieken/warmtebronnen/default.aspx
Betelberens
Draaglike kosten van enerzjy foar brûkers en lege maatskiplike kosten foar it enerzjysysteem foar de mienskip as gehiel. Boarne: https://open.overheid.nl/documenten/9c656bf0-e3884baf-88d6-96ac6aa326ddfile
Betrouberens
Wissichheid fan tagong ta enerzjy, oftewol leveringswissichheid. Foar de lange termyn set, lanlik, it kabinet yn op in hegere mjitte fan enerzjyûnôfhinklikheid troch eigen produksje as oant no ta it gefal wie, yntegraasje yn Europa en in diversifikaasje foar de tafier fan bûten Europa. https://open.overheid.nl/ documenten^c656bf0-e388-4baf-88d6-96ac6aa326ddfile
Bidireksjoneel lade
Twa kanten oplade mei de elektryske auto: oplade en elektrisiteit leverje. Boarne: Feiten en fabels oer bidireksjoneel laden | ANWB
Biogas
In gasmingsel dat ûntstiet út biologyske ôfbrek fan organysk materiaal (lykas dong, rioelslib of GFT-ôffal) troch enzymen. It bestiet ûnder oaren út metaan en koalstofdiokside.
Boaiemenerzjy
It gebrûk fan waarmte en kjeld út de boaiem oant in djipte fan maksimaal 500 meter. In waarmtepomp wurdearret de waarmte út de boaiem op oant in nivo dat foar gebouwen brûkber is. Der wurdt ûnderskied makke tusken sletten (boaiemwaarmtewikseler GBES) en iepen systemen (waarmtekjeldopslach WKO). Boarne: https://www.nplw.nl/ technieken/warmtebronnen/default.aspx
Cablepooling
Underskate enerzjyboarnen (bygelyks wyn- en sinneparken) meitsje gebrûk fan ien oansluting. Dat ferleget maatskiplike kosten, de trochrintiid oant realisaasje en ferminderet it romtebeslach. Mei in tûk managementsysteem wurdt soarge foar in kontinuë balansearring. Boarne: Cable pooling - Firan
56
Fryske Enerzjytafel
Sintraal enerzjysysteem
In enerzjysysteem wêrby’t enerzjy op in sintraal punt produsearre wurdt en dêrwei transportearre, faak oer in grutte ôfstân, nei de enerzjyfregers.
Kongestje
Tekoart oan transportkapasiteit dat opstopjen feroarsaket, meastal op it elektrisiteitsnet, mar somtiden ek op it gasnet.
Kongestjemanagement
It better benutten fan it enerzjysysteem troch fraach en oanbod yn tiid en hoemannichte mear opinoar ôf te stimmen. Mear ynformaasje: https://www.liander.nI/-/media/files/ energietransitie/liander-brochure-mogelijke-oplossingentransportschaarste-versie-juli-2023.pdf
Covergisting
Vergisting van dierlijke mest samen met andere organische afval- of reststoffen. Kan op verschillend schaalniveau plaatsvinden, van boerderijniveau tot grote industriële vergisters. Als restproduct blijft digestaat (het natte eindproduct) over.
Desintraal enerzjysysteem
In enerzjysysteem wêrby’t opwek en produksje fanút meardere lytsere lokaasjes transportearre wurdt nei enerzjyfregers yn de streekrjochte omjouwing.
Enerzjymienskip
Enerzjyhub
In groep boargers dy ‘t mei-inoar har enerzjy regelet. Mear ynformaasje: https://topsectorenergie.nl/nl/kennisbank/ kennisdossier-enerzjykollektiven/ In lokaal ôfbeakene enerzjysysteem dat ferbûn is mei it iepenbiere enerzjynet. Yn in enerzjyhub wurde enerzjyfraach en -oanbod fan gas, waarmte en elektrisiteit lokaal opinoar ôfstimd. It stribjen binnen in enerzjyhub is om de lokale produksje en de enerzjyfraach safolle mooglik tagelyk plakfine te litten. Dêrtroch wurdt it iepenbiere net sa minimaal mooglik belêste en kin safolle mooglik lokale enerzjy útwiksele wurde sûnder ôfhinklikheid fan de eksterne enerzjymerk. In enerzjyhub kin in soad foarmen oannimme, yn grutte en organisaasje.
Enerzjyneutraal
FRYSKE ENERZJYFISY
Likefolle enerzjy brûke as duorsum produsearre wurdt.
57
Enerzjymienskip
In groep fan boargers dy’t yn ’e mande harren enerzjy regelje. Mear ynformaasje: https://topsectorenergie.nl/nl/kennisbank/ kennisdossier-energiecollectieven/Enerzjysysteem De ferbining tusken fraach en oanbod, ofwol opwek en produksje en gebrûk, transport en opslach fan ûnderskate enerzjyfoarmen. Boarne: https://www.rvo.nl/onderwerpen/ energiesysteem/nieuw-energiesysteem
Enerzjytransysje
De oergong fan it gebrûk fan fossile enerzjy nei enerzjy út wernijbere boarnen. Boarne: https://www.cbs.nl/nl-nl/ economie/industrie-en-energie/energietransitie
EMS
Enerzjy Management Systeem: software om enerzjyferbrûk en enerzjyproduksje fan in gebou of yndustriële ynstallaasje sekuer te mjitten en te analysearjen.
FET
Fryske Enerzjytafel: https://frieseenergietafel.nl/
Fossile enerzjy
Enerzjy dy’t opwekt of produsearre wurdt út fossile boarnen lykas stienkoal, ierdoalje of ierdgas. De ferbrâning fan fossile brânstoffen bringt útstjit fan CO2 -gas mei, dat in fersterke broeikaseffect feroarsaket, wat wer soarget foar in opwaarming fan de ierde.
Fossylfrij
Net gebrûkmeitsjend fan fossile enerzjy.
Fryske Enerzjytafel
Netwurk fan alle oerheden, maatskiplike organisaasjes, netbehearders en gearwurkjende boargers yn Fryslân. Boarne: https://frieseenergietafel.nl/
Gearwurkingsdokumint
https://frieseenergietafel.nl/files/fet-samenwerkingsdocument. pdf
Geotermy
It gebrûk fan waarmte út de djippe ûndergrûn fanôf 500 meter en djipper foar it ferwaarmjen fan huzen, gebouwen, kassen en lichte yndustry, ek wol ierdwaarmte neamd. Boarne: https:// www.nplw.nl/technieken/warmtebronnen/geothermie/default. aspx
GOVI
Gemeentlike Omjouwingsfyzje
Grien gas
Wernijber biogas dat opwurdearre is oant deselde kwaliteit as ierdgas, sadat it levere wurde kin oan it ierdgasnet.
58
Fryske Enerzjytafel
Wernijbere enerzjy
Enerzjy dy’t ôfkomstich is fan natuerlike boarnen dy’t op koarte termyn kontinu oanfolle wurde, lykas wyn, wetter, sinne, boaiem, lucht en biomassa. Fossile enerzjy en kearnenerzjy falle dêr net ûnder, om’t dy boarnen net oanfolle wurde. Boarne: https://www.cbs.nl/nl-nl/faq/spedfiek/wat-is-hernieuwbareenergie
Ympekt elektrisiteitsnet
De effekten op it elektrisiteitsnet as gefolch fan tanimmende fraach en oanbod fan elektrisiteit. De fraach nimt ta, om’t in soad enerzjyfregers (bedriuwen, wenten, mobiliteit) elektrifisearje sille. It oanbod nimt ta, om’t lokaal hieltiten mear duorsume opwek organisearre wurdt (sinne op dak, sinne op lân, wyn, en mear fan soks). Dy ûntjouwings kinne opstopping (kongestje) op it net feroarsaakje. Mear ynformaasje: https:// vng.nl/sites/default/files/2023-07/infographic-impact-van-dewarmtetransitie-1.pdfKo-fergêsting Fergêsting fan dierlike dong mei oare organyske ôffal- of reststoffen. Kin op ferskillend skaalnivo plakfine, fan buorkerijnivo oant grutte yndustriële fergêsters. As restprodukt bliuwt digestaat (it wiete einprodukt) oer.
Klimaatdoelen
De doelen út it Klimaatakkoart (2019). Dat akkoart is de Nederlânske ynfolling fan it Klimaatakkoart fan Parys út 2015. Dêr ha 195 lannen, ynklusyf Nederlân, yn ôfpraat om yn 2050 de stiging fan de trochsneed wrâldtemperatuer te beheinen ta rom ûnder de 2 graad Celsius, as it kin 1,5 graad Celsius. Neffens it Klimaatakkoart moat yn 2030 de útstjit yn Nederlân neffens 1990 49% leger wêze. Yntusken is dy doelstelling ferhege oant 55% (Klimaatplan). No wurdt tocht oan fierder opheegjen fan dy doelstelling. Yn 2050 moat 90% fan de CO2-útstjit werombrocht wêze. Boarne: https://www.klimaatakkoord.nl/
Klimaatneutraal
Alle aktiviteiten troch de minske ha gjin effekten op it klimaat.
Klimaatneutraal
In enerzjysysteem dat gjin ynfloed hat op it klimaat. Om
enerzjysysteem
klimaatneutraal te wêzen, moat it enerzjysysteem oergean op wernijbere (duorsume) enerzjyfoarmen, lykas griene elektrisiteit, gassen, waarmte en ferfiersbrânstoffen.
Liedende prinsipes
Fûstregels dy’t, yn dit gefal, rjochting jouwe oan de ynrjochting fan it enerzjysysteem fan de takomst.
FRYSKE ENERZJYFISY
59
Mono(dong)fergêster
It fergêsten fan dong al of net op eigen bedriuw om waarmte en biogas te leverjen.
Netkongestje
Tekoart oan transportkapasiteit, meastal op it elektrisiteitsnet, mar somtiden ek op it gasnet.
Netkongestjemanagement
It better benutten fan it enerzjysysteem troch fraach en oanbod yn tiid en hoemannichte mear opinoar ôf te stimmen. Mear ynformaasje: https://www.liander.nI/-/media/files/ energietransitie/liander-brochure-mogelijke-oplossingentransportschaarste-versie-juli-2023.pdf
NPE
Nasjonaal Plan Enerzjysysteem is de kabinetsfyzje foar it Enerzjysysteem oant 2050. Dat is fêststeld yn 2023 en wurdt alle fiif jierren wersjoen. Nasjonaal plan Enerzjysysteem
Unôfhinklik
Unôfhinklik fan fossile brânstoffen betsjut dat de mienskip enerzjy brûkt (of brûke kin) sûnder dat dêr fossile brânstoffen foar ynset binne. Mei ‘fierhinne ûnôfhinklik fan enerzjy dy’t fan bûten de provinsje Fryslân komt’ wurdt bedoeld dat, yn hoemannichte, yn de provinsje safolle mooglik likefolle opwekt wurdt as der fraach is. Praktysk sjoen sille wol elektroanen en gasmolekulen de provinsjegrins passearje.
Untwikkelpaden
Rûtes dêr’t it enerzjysysteem him lâns ûntjaan kin nei in duorsum enerzjysysteem fan de takomst. Se binne net ‘ôf’ mar jouwe rjochting neffens de hjoeddeistige ynsjoggen. Geandewei de reis nei 2050 kinne se, by nije ynsjoggen en ûntjouwings, bysteld wurde. Boarne: Nasjonaal plan Enerzjysysteem
OVEF
Koöperaasje lepenbiere Ferljochting E Enerzjy Fryslân
PCES
Provinsjale oanpak Kluster Enerzjy en Strategy, yn Fryslân benammen Kluster 6: fiedingsmiddelsyndustry, keramyk en papier- en kartonyndustry.
PEH
Programma Enerzjyhaadstruktuer, it programma fan de Ryksoerheid dat sjen lit hokker nasjonale enerzjy-ynfrastruktuer oft nedich is rjochting 2050. https://www.rvo.nl/onderwerpen/ bureau-energieprojecten/lopende-projecten/peh Programma Energiehoofdstructuur, het programma van de Rijksoverheid dat laat zien welke nationale energieinfrastructuur nodig is richting 2050. https://www.rvo.nl/ onderwerpen/bureau-energieprojecten/lopende-projecten/peh
60
Fryske Enerzjytafel
pMIEK
It Provinsjaal Mearjierreprogramma Ynfrastruktuer en Klimaat. Yn dit programma, dat om it jier fernijd wurdt, stiet hoe’t tawurke wurdt nei it enerzjysysteem fan de takomst. It jout ûnder oaren oan yn hokker folchoarder oft oanpassings, lykas nije of fergrutte elektrisiteitsstasjons, realisearre wurde. Yn Fryslân wurdt it programma ûntwikkele troch de gearwurkjende partijen binnen de Fryske Enerzjytafel en fêststeld troch Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân. De regionale netbehearders (Liander, Stedin) nimme de projekten út it pMIEK mei prioriteit op yn harren ynvestearringsplannen. Dy wurde hieltiten foar konsultaasje oanbean oan ‘stakeholders’. Yn 2025 is it pMIEK 2.0, dat basearre wurdt op de Enerzjyfyzje, ree. https://www.ipo.nl/nieuws/iedere-provincie-een-pMIEK-1-0/
POVI
Provinsjale Omjouwingsfyzje
RWZI
Rioelwettersuveringsynstallaasje
SPUK-jilden
Spesifike Utkearing, bygelyks foar nasjonaal isolaasjeprogramma, nasjonaal programma lokale waarmte en ferduorsuming bedriuweterreinen.
Takomstbyld
It byld fan de ynrjochting fan it enerzjysysteem dat de partijen fan de Fryske Enerzjytafel foar eagen ha foar de takomst (2050). Dat is in enerzjysysteem dat ûnôfhinklik is fan fossile brânstoffen en dêr’t it enerzjyferlet yn Fryslân duorsum yn opwekt of produsearre wurdt.
TEA
Termyske enerzjy (waarmte) út ôffalwetter.
TEO
Termyske enerzjy (waarmte) út oerflaktewetter.
TWh
Terawattoere, ienheid foar elektryske enerzjy. It jierliks elekritisiteitsferbrûk yn Nederlân hinget om de 120 TWh hinne.
WEQ
Wenningekwivalint. Ienheid fan waarmtefraach brûkt yn it ûntwerpen fan waarmtenetten.
WKK
Waarmtekrêftkeppeling: produsearret sawol elektrisiteit (krêft) as waarmte út ien brânstof (bygelyks ierdgas of biogas). Hjir komt ek CO2 by frij.
FRYSKE ENERZJYFISY
61
TAHEAKKE 4: KENNISDOCUMINT Dizze taheakke is digitaal beskikber op de website fan de Fryske Enerzjytafel. In fysyk eksimplaar kinne jo opfreegje by it emailadres fan de Fryske Enerzjytafel: fet@leeuwarden.nl.
62
Fryske Enerzjytafel
TAHEAKKE 5: FOARBYLDEN FAN AKSJES YN DE UTFIERINGSAGINDA De boarging en útfiering fan de Enerzjyfyzje wurdt neier konkreatisearre yn in mienskiplike útfieringsaginda, dy’t yn 2024-2025 opsteld wurdt troch de organisaasjes fan de Fryske Enerzjytafel. Dat is in aktualisaasje fan it notiidske FET-útfieringsprogramma. In inisjeel (net folslein) oersjoch fan foarbylden fan aksjes foar elts liedend prinsipe dy’t opnaam wurde kinne yn de útfieringsaginda, stiet yn dizze taheakke V. Ek fine jo dit oersjoch op de website fan de FET: https://frieseenergietafel.nl/files/20240412-overzicht-pilot--en-voorbeeldprojecten. pdf. Fryslân stimulearret enerzjy foar en troch de mienskip. ^ Op 1 jannewaris 2024 is it Frysk Enerzjyhûs úteinset, dat dit jier neier ynrjochte wurdt. It Enerzjyhûs stimulearret inisjativen en kennisdieling yn lokale mienskippen. De dielnimmers fan de FET rjochtsje yn 2024 it Frysk Enerzjyhûs fierder yn. ^ De dielnimmers fan de FET wurkje yn 2024 in mienskiplike Fryske definysje út foar lokale enerzjymienskippen. ^ De dielnimmers fan de FET ferkenne mei-inoar hoe’t belied it oparbeidzjen binnen enerzjymienskippen stimulearje en behinderings fuortnimme kin (û.o. finansiering of juridyske (ûn)mooglikheden). ^ De dielnimmers fan de FET ferkenne mei-inoar hoe’t lokale waarmtemienskippen in sukses wurde kinne.
^ Yn Fryslân wurde yn 2024 op syn minst twa enerzjymienskippen oprjochte. Fryslân set maksimaal yn op enerzjybesparring. De beskikberens fan enerzjy is net altiten fanselssprekkend. ^ De dielnimmers fan de FET ferkenne in mienskiplik besparringsdoel. ^ De dielnimmers fan de FET stelle in mienskiplik plan fan oanpak enerzjybesparring op mei dêryn besteande en nije programma’s, projekten en aktiviteiten. Dat plan wurdt opnaam yn de útfieringsaginda dy’t nei oanlieding fan dizze Enerzjyfyzje opsteld wurdt. ^ De dielnimmers fan de FET ferkenne mei it bedriuwslibben hoe’t bedriuwen besparje kinne, hoe’t se safolle mooglik harren eigen enerzjy produsearje kinne en hoe’t sy sa goed mooglik bydrage kinne oan in balansearre en fleksibel enerzjysysteem. ^ De dielnimmers fan de FET ferkenne hoe’t sy mei belied of ynset enerzjyneutrale bedriuwen stimulearje kinne.
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
63
Alle duorsume boarnen binne nedich. Neist lytsskalige produksje fan enerzjy is ek grutskalige produksje nedich. De Fryske gemeenten stelle waarmteprogramma’s op (earder: Transysjefyzje Waarmte). ^ De provinsje en gemeenten ûndersykje de mooglikheid fan it pleatsen fan guon gruttere fergêsters yn Fryslân. De lokaasjekarren dêrta wurde ôfwoegen yn de Omjouwingsfyzje Fryslân. ^ De provinsje nimt yn 2025 yn it pMIEK 2.0 in ûndersyksprojekt op oer de ombou fan de enerzjysintrale yn Burgum yn in wetterstofsintrale. ^ De dielnimmers fan de FET hâlde sicht op mooglik ynnovative techniken dy’t bydrage kinne oan it Fryske enerzjysysteem. Ynnovaasje wurdt in pylder ûnder de mienskiplike útfieringsaginda. Fryslân past produksje en opslach fan duorsume enerzjy sa goed mooglik yn, yn it lânskip en yn it enerzjysysteem. ^ De provinsje ûndersiket yn 2025 fia de Omjouwingsfyzje Fryslân wêr’t grutskalige opwek en opslach fan duorsume elektrisiteit klustere wurde kin. De Enerzjyfyzje (mei de ûnderlizzende prinsipes) is dêrta in wichtige boustien. ^ De provinsje en de F4-gemeenten ferkenne yn 2024-2025 de mooglikheden foar it deunby bringen fan enerzjyoanbod by enerzjyfraach op basis fan it ûndersyk Haalbaarheid en aanvaardbaarheid van Energiehubs in Fryslân troch FREON en de provinsje. Nei oanlieding dêrfan wurdt ek in (tal) ûndersyksprojekt(en) yn it pMIEK 2.0 en/of 3.0 opnaam.
Fryslân fersterket de fleksibiliteit fan it enerzjysysteem. ^ De dielnimmers fan de FET stelle in opslachstrategy op as boustien foar de Omjouwingsfyzje Fryslân. ^ De provinsje en de F4-gemeenten ferkenne yn 2024 de mooglikheden foar it deunby bringen fan enerzjyoanbod by enerzjyfraach op basis fan it ûndersyk Haalbaarheid en aanvaardbaarheid van Energiehubs in Fryslân troch FREON en de provinsje. Nei oanlieding dêrfan wurdt ek in (tal) ûndersyksprojekt(en) yn it pMIEK 2.0 en/of 3.0 opnaam.
64
Fryske Enerzjytafel
KONSEPT FRYSKE ENERZJYFISY
65
Friese Energietafel VERBINDEN I VERGROENEN I VERSNELLEN