CConstaterende datSudwest Fryslan
Koppel je AI →
Document · PDF

Bijlage 2c - Schriftelijke vragen FNP - antwoorden

Raadsvergadering 28 januari 2021, gemeente Sudwest FryslanBij agendapunt: Wizigingsnota faaiplan bestimmingsplan bûtengebiet SWF753 woorden

Open het PDF bij iBabs ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

SKRIFTELIKE FRAGEN (kêst 35 RvO) Fan

:

Sicco Rypma, FNP

Datum fan yntsjinjen

:

Moandei 14 maaie 2018

Oan (kar)

:

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders

Ûnderwerp

: beskerming kultuerhistoarysk lânskipselemint

Wize fan beäntwurding

:

Datum tuskentiids antwurd (as it fan tapassing is)

:

Datum beantwurding

:

 Skriftlik (binnen 30 dagen)

Taljochting: De FNP is ferûntrêst oer it (opnij) ferdwinen fan beskermde kultuerhistoaryske lânskipseleminten. Earder wie dat it gefal mei It Werp by Folsgeare (2010), no mei De Papenlaan ûnder Kimswert.

Situaasje It ieuwenâlde Tsjerkepaad de Papenlaan is koartlyn (sjoch foto’s side 2) foar in grut part út it lânskip ferdwûn. De Papenlaan rint fan de trijesprong Dijksterbuursterleane mei de Tolheksleane ûnder Kimswert, troch nei de Kimswerderleane. De Papenlaan is de eardere ferbining tusken de kleasters Vinea Domini op it Strân ûnder Surch en Almenum te Harns en wurdt ek brûkt as kuierroute. Situaasje, sjoch op side 2, boarne Googlemaps. Belied gemeente SWF Sitaat út Uitgangspuntennotitie Buitengebied Súdwest-Fryslân. Side 42, 43. Cultuurhistorische (landschaps)waarden. Cultuurhistorische (landschaps) waarden kunnen worden omschreven als landschappelijke structuren c.q. elementen of bebouwingsvormen die getuigen van de (ontwikkelings)geschiedenis van het menselijk gebruik van het gebied. Vanaf 1 januari 2012 is het wettelijk verplicht cultuurhistorie in het bestemmingsplan op te nemen. Dat betekent concreet dat de gemeente rekening moet gaan houden met de aanwezige cultuurhistorische waarden. De in het plangebied voorkomende behoudenswaardige cultuurhistorische waarden worden beschermd door een dubbelbestemming of aanduiding waar specifieke regels voor gelden.

Belied Provinsje In 2014 is voor landschap en cultuurhistorie de thematische structuurvisie Grutsk op ’e Romte vastgesteld. Hierin worden landschappelijke en cultuurhistorische structuren van provinciaal belang in samenhang geanalyseerd en gewaardeerd en van een richtinggevend advies voorzien. Ook andere overheden zoals gemeenten en Wetterskip moeten op basis van een procesvereiste in de Verordening Romte, rekening houden met de waarden van Grutsk voor zover hun plannen ruimtelijk relevant zijn. Voor archeologische waarden moet rekening worden gehouden met de FAMKE (staat voor Friese Archeologische Monumentenkaart Extra). Ynformaasje Foto’s fertelle net alles, der is oanbearn om op lokaasje taljochting te jaan. Foar in ôfspraak binne kontaktgegevens by de FNP bekend. 1

Lânskipselemint Papeleane

Hjoeddeiske situtaasje

2

It kolleezje wurdt fersocht de folgjende fragen te beantwurdzjen: 1.

Is it kolleezje op ‘e hichte fan boppesteande situaasje? Antwurd: Ja, wy binne op ‘e hichte fan de boppesteande situaasje. Yn it ferline is in part fan it trasee demd en in part bestiet noch. It part dat demd is, is al rom foardat it nije bestimmingsplan Bûtengebied fêststeld is, demd. Yn it âlde bestimmingsplan wie dit noch mooglik.

2.

Wat is kultuerhistoarysk sjoen de status fan de Papenlaan ûnder Kimsert? Antwurd: Kultuerhistoarysk is de Papenlaan fan wearde. By it opstellen fan it kultuerhistoarysk rapport ‘Historisch-geografische inventarisatie en waardering buitengebied gemeente SudwestFryslan’ binne dit soarte fan dykjes en sleattepatroanen oanwizen as tige âld en kultuerhistoarysk fan hege wearde. Foar it demjen fan soksoarte dykjes en sleattepatroanen dy’t binnen dit bestimmingsplan falle, moat earst een fergunning oanfrege wurde. Tsjintwurdig kinne dit soarte fan sleattepatroanen net samar mear demd wurde.

3.

En komt De Papenlaan foar yn Grutsk op ‘e Romte en of FAMKE? Antwurd: It leantsje stiet op de Cultuurhistorische Kaart Fryslân by it thema “Oude paden, nieuwe wegen”. Dizze kaart makket yntegraal ûnderdiel ut fan Grutske op ‘e Romte en ek de FAMKE foarmet in ûnderdiel fan dizze kultuerhistoaryske kaart. Mei it kultuerhistoarysk rapport ‘Historischgeografische inventarisatie en waardering buitengebied gemeente Sudwest-Fryslan’ is der ek in wudearring jûn oan soksoarte dykjes en sleattepatroanen.

4.

Hokker maatregels nimt it kolleezje yn dit en oare gefallen as in kultuerhistoarysk lânskipselemint sûnder tastimming kapot makke wurdt? Antwurd: Om't it dempen fan soksoarte sleattepatroanen tastien wie binnen it âlde bestimmingsplan, is it net mooglik om de eigner te twingen om it âlde sleattepatroan wer werom te bringen. De gemeente hat foar de takomst foar it westlik part fan de gemeente al maatregels nommen troch it fêststellen fan it bestimmingsplan Bûtengebied. Foar it eastlike part fan de gemeente ûntbrekt der lykwols noch in deeglike paragraaf kultuerhistoarje. De gemeente is fan doel dit bestimmingsplan te aktualisearjen en dêrby kwa maatregels oan te sluten by it bestimmingsplan Bûtengebied sa as dat koartlyn fêststeld is. De tariedingen foar dit aktualisearjen binne al begûn. Dit jier silder in stúdzje útfierd wurde nei parten fan 'e gemeente dy't noch net ûndersocht binne, troch it opstellen fan in Lânskipsbiografy. Dit docht de gemeente Súdwest-Fryslân yn gearwurking mei de gemeente De Fryske Marren, it besikerssintrum Mar en Klif en de provinsje Fryslân.

Tuskenantwurd (as it fan tapassing is):

3

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij iBabs is leidend. Bron: https://api.notubiz.nl/document/9597748/1